PLEATSEN YN EASTDONGERADIEL

 

 

Bewenne troch leden fan de Fryske Maatskippij

fan Lânbou

 

Utjûn by gelegenheid fan it 100 jier bestean

fan de ôfdieling

"Eastdongeradiel - Skiermuontseach"

1889 - 1989

 

R. Tolsma

 

Wurkgroep besteande út:

K. de Graaf

J. Heeringa

D. de Jager

E. Smits

D. Zwart

 

Foto's fan de pleatsen: H. Sterk

 

Aldere foto's: Kolleksje D. Zwart

Bewenners

 

 

 

 


 

YNHALD.

 

 

 

1. Wurd foarôf

 

2. Ferantwurding

 

3. Ynlieding

 

4. Pleatsen yn Ealsum

Pleatsen yn Eanjum

Pleatsen yn Easternijtsjerk

Pleatsen yn Eastrum

Pleatsen yn Ie

Pleatsen yn Ingwierrum

Pleatsen yn Jouswier

Pleatsen yn Mitselwier

Pleatsen yn Moarre

Pleatsen yn Nes (D)

Pleatsen yn Nijwewier

Pleats yn Peazens

 

5. Bylagen:

A. Boelguod Luitema sate, 1582

B. Boedelbeskriuwing Lyts Eernsma, 1792

C. Taksaasje fan fee Unia sate, 1852

D. Untjouwing hierprizen Ida van Tiara sate

E. Ferhâlding kij-boulân yn de 18de ieu

F. Hierkontrakt Grut Muontsehûs, 1556

G. Hierkontrakt Ida van Tiara sate, 1805

H. Bestek foar it bouwen fan in skuorre, 1779

I. Famyljerelaasjes by boere-slachten

J. Untstean fan de ôfdieling Eastdongeradiel-

Skiermuontseach fan de Fryske Mij, 1885-1889

 

6. Literatuer en rieplachte argiven

 

 

 

 


 

WURD FOAROF.

 

 

 

Doe't hûndert jier lyn guon boeren de ôfdieling East-

dongeradiel-Skiermuontseach fan de Fryske Maatskippij fan

Lânbou oprjochten, hat de wrâld der gâns oars útsjoen.

Dochs hawwe op de hoarnlegers, wêr't wy hjoeddedei buork-

je, ek doe boerehúshâldings wenne en libbe.

 

 

It wie doe krisis:de tachtiger jierren fan'e foarige ieu.

Ek yn dizze tachtiger jierren is it net maklik om boer te

wêzen en te bliuwen. It tal boeren is gâns lytser wurden.

Op hoefolle pleatsen as der oer hûndert jier noch buorke

wurde sil, wit nimmen.

Dit hat foar it bestjoer de reden west om in pleatseboek

gearstalle te litten: in tiidsbyld fan 1989.

 

 

In "sneupersploech" (Feriening fan Argyfûndersikers, nea-

me se har) hat alle foarwurk dien.

De hear H. Sterk fan Mitselwier hat de foto's makke.

It bestjoer tanket al dizze minsken foar it protte wurk.

Mar de measte tank giet út nei Reinder Tolsma fan Easter-

nijtsjerk. Hy hat alles sammele, oardere en de tekst oan

it papier tabetroud.

 

 

Wy hoopje dat dit boek mei nocht lêzen wurde sil.

 

 

 

It Bestjoer:

 

A. Oosterhof, foarsitter

P. Jensma, skriuwer/ponghâlder

A. Boomsma, twade skriuwer

W.H. Bakker

P. Meindersma

 

 

 


 

FERANTWURDING.

 

 

 

It is al hast trije jier lyn dat foarsitter Oosterhof en

ûnderskreaune by-inoar yn de auto sieten en troch it gea

fan Eastdongeradiel rieden. It praat kaam op pleatsen en

har skiednis en de foarsitter brocht op it aljemint dat

de ôfdieling Eastdongeradiel-Skiermuontseach fan de

Fryske Maatskippij fan Lânbou oer in jier as wat 100 jier

bestien hie.

Hy sei dat it yn Grinslân by sokke gelegenheden wenst wie

en skriuw in pleatseboek en fielde der in protte foar om

dat ek foar dizze ôfdieling te dwaan. Hy frege doe at ûn-

derskreaune ek ien wist dy't soks dwaan woe. Dat wie net

sa maklik fansels, mar yn datselde jier kaam der in fer-

iening fan argyfûndersikers yn Dokkum ta stân.

Underskreaune krige in sit yn it bestjoer en goaide dêr

in baltsje op. Der wie in fiiftal leden fan de klup dat

wol meiwurkje woe en in jier nei it petear yn de auto

prate it bestjoer fan de ôfdieling mei it bestjoer fan de

argyfûndersikers. It soe mar oangean. Alle leden fan de

ôfdieling fan de Fryske Mij waarden oanskreaun om meiwur-

king en gegevens en it wurk sette útein.De pleatsen waar-

den ûnder de leden fan de wurkgroep ferdield en ûnder-

skreaune soe it by-inoar brochte materiaal oanfulle mei

gegevens út eardere tiid en de einredaksje dwaan.

 

Nei twa jier wurk leit it einresultaat foar jo en past it

ús om tank te bringen oan al dyjingen dy't holpen ha by

it tastânkommen fan dit boek.

Yn it foarste plak bringe wy tank oan al dy boeren dy't

har meiwurking joegen as har om gegevens frege waard.

De argivaris fan it Streekarchivariaat yn Dokkum en syn

persoaniel, altiten ree om te helpen en net allinne mei

it oansjouwen fan boeken, mar ek mei it oantugen fan ge-

gevens dy't hja ûnder eagen krigen en dy't foar ús fan

belang wêze koene.

De fotograaf de hear H. Sterk foar syn moaie foto's, de

minsken op it Administratyf Sintrum yn Mitselwier foar de

meiwurking en de minsken yn de doarpen dy't it konsept op

flaters trochsjoen ha.

In bysûnder wurd fan tank jildt foarsitter Oosterhof foar

it byinoar swyljen fan de jongste gegevens en it troch-

sjen fan it hiele manuskript.

De gearstallers hoopje mei harren wurk de bewenners fan

de pleatsen in deugd te dwaan, no't hja lêze kinne fan it

hoe en wat fan harren pleats. Mar hja hoopje ek dat oare

minsken mei nocht dit boek lêze sille as hja troch it gea

fan de Dongeradielen geane en graach wat witte wolle fan

de moaie pleatsen dy't er yn dizze kontreien lizze.

 

 

R.Tolsma

 

 


 

YNLIEDING.

 

 

 

As men de skiednis fan 58 pleatsen beskriuwe moat, sil it

net oars kinne as men moat gauris itselde ferhaal fertel-

le. Ommers, hoewol't hast elke pleats wol wat eigens

trochmakke hat yn de rin fan de tiid, ha de measte pleat-

sen ek dingen mienskiplik. Om no net altiten itselde op-

skriuwe te hoegen, is dizze ynlieding skreaun.

By it lêzen sil opfalle dat de tekst almeast foarôfgien

wurdt troch in jiertal. Dat is dien om it wat oersichtlik

te hâlden en jin yn steat te stellen om gau efkes wat nei

te sjen. Dat it gauris deselde jiertallen binne hat ek

syn reden. It binne de jiertallen fan de boarnen dy't

brûkt binne en wa't net thús is yn dizze matearje wurdt

oanret om it ûndersteande earst troch te nimmen. De boar-

nen dy't it meast brûkt binne, wurde hjir ien foar ien

besprutsen.

 

1511. It register fan oanbring. Dizze list jout de eig-

ners en bewenners fan belestingplichtige huzen en lân

en de skatte hierwearde fan it guod. Ynsteld troch de

Saksen om as grûnslach te tsjinjen foar in grûnbeles-

ting.Foar de measte pleatsen is dit de âldste boarne.

1542. Benefisiaalboeken. Om't er wol gauris betizing wie

oer it lânbesit en oare ynkomsten fan de tsjerke, de

pastoar, de vicaris en de prebende, hat Karel V befel

jûn om listen op te meitsjen fan grutte, neistlizzers

en jierlikse opbringst fan it tsjerkeguod.

1580. Register fan Geastlike Ynkomsten yn Eastergoa. Mei

de Reformaasje yn 1580, wêrby't it ferbean waard om

Roomsk te wêzen, ha de Steaten fan Fryslân alle besit

fan de tsjerken opskriuwe litten om er foar te soarg-

jen dat dat yn hannen kaam fan de minsken fan de nije

religy.

1640. Stimkohier. Yn it skiere ferline hiene de besitters

fan stimdragende pleatsen it rjocht om te stimmen yn

doarps-, tsjerke- en gritenijsaken. Dat kaam om't hja

ek de belesting betellen. Dy kohieren waarden, om be-

tizing en misbrûk tsjin te gean, troch de Steaten yn

1640 en 1698 yn druk útjûn. Dêrnei waarden de stim-

en floreenkohieren om de tsien jier fernijd: fan 1708

oant 1858. It kohier fan 1858 is tige wichtich om't

dêryn ek de kadastrale nûmers byskreaun binne. Sa kin

men de eigners en bewenners fan in pleats weromfine

oant yn 1640 ta, om't it floreennûmer altiten gelyk

bleau, ek al waard de pleats yn stikken ferkocht.

Minsken dy't wat yn de polityk te sizzen ha woene,gie

it by it opkeapjen fan stimdragende pleatsen meast om

de stim, it lân waard gauris ferkocht. As men fan in

doarp de helte plus ien fan de stimdragende pleatsen

yn hannen hie, wie men de baas. Yn Jouswier hie men

oan fjouwer pleatsen genôch, yn Eanjum moast men hast

tritich stimdragende pleatsen ha. Yn de doarpen waard

by mearderheid fan stimdragende pleatsen beslist, yn

de gritenij gie dat mei de mearderheid fan doarpen en

dat betsjutte dat men de mearderheid yn sân doarpen

fan Eastdongeradiel ha moast. No wiene der yn de hie-

le gritenij 321 stimmen, mar as men allinne yn de

lytse doarpen pleatsen yn hannen krije koe, hie men

oan 58 stimdragende pleatsen genôch. As men dat net

allinne rêde koe, woene famyljeleden noch wolris hel-

pe en oars moast er jild op tafel komme om stimmen te

keapjen, jild dat men gau genôch werom fertsjinje koe

as men ienris grytman wie om't dan allerhande baan-

tsjes (dy't goed fertsjinnen) binnen it berik kamen.

1714. Reëelkohier. De kohieren fan de "reëele goedschat-

ting", yn 1711 ynfierd as in oarlochsbelesting, waar-

den elk jier byholden en joegen de eigners, hierders

en de hierwearde fan pleatsen, los lân en huzen oan.

Se waarden better byholden as de floreenkohieren en

litte de echte wearde better sjen. Wie it by de flo-

reenkohieren sa dat er altiten likefolle stimdragende

pleatsen yn in doarp bleaunen, yn de reëelkohieren

komme ek nije huzen en pleatsen foar.

Yn Westdongeradiel is it earste reëelkohier fan 1713.

1760. Speciekohier.Dit kohier jout "de vijf speciën" oan,

fiif ferskillende belestingen:

a. It skoarstienjild ( FL. 3,- de skoarstien) moast be-

telle wurde fan elke skoarstien dy't de huzing ryk

wie. In fjoerharne telde foar de helte.

b. It haadjild. Wa't mear as 600 gûne oan fermogen

hie, moast haadjild betelje, wa't minder as 600 cg

besiet, koe mei healhaadjild ta. It moast betelle

wurde fan elk ynwenjend persoan boppe de 12 jier.

c. Hoarnjild. Fan elke ko fan trije jier en âlder wie

men hoarnjild ferskuldige, jongere kij joegen de

helte, wylst oksen en bollen frij wiene. It opjaan

fan it tal kij kin men moai it ferrin fan it be-

slach fee fan in pleats oan sjen.

d. It middel op de ynsiedde lannen. Alle pûnsmjitten

lân dy't ta de ikker- as túnbou brûkt waarden,

moasten ek opjûn wurde.

e. It hynstejild. Ek foar elk hynder moast belesting

betelle wurde (op foalen nei).

De speciekohieren begjinne yn Eastdongeradiel yn 1760

en einigje yn 1805. Yn Westdongeradiel rinne se fan

1748 oant 1805.

1832. Kadaster. Hoewol't men fan 1820 ôf al dwaande wie

mei it opmjitten fan perselen lân en huzen, begjint

it kadaster offisjeel yn 1832 te rinnen. De kadastra-

le lêgers jouwe de eigners en de grutte fan de perse-

len oan. Ek oare gegevens kin men fine: "slooping",

nij- en herbou, ferkeap, fererving, skieding, skin-

king, bestimming, stifting ensfh. Spitich is dat it

krekte jier net oanjûn wurdt. Der stiet "dienstjaar

1895", mar de prakryk hat útwiisd dat it dan ek wol

yn 1892, 1893 as yn 1894 bard wêze kin!

1869. Befolkingsregisters. Yn Eastdongeradiel wiene der

folkstellings yn 1829 en 1839 en kamen de earste be-

folkingsregisters yn 1849 en 1859. Pas nei 1869 binne

se goed te brûken om't dan oanjûn wurdt wa't de folg-

jende bewenner fan it perseel wurdt. De befolkingsre-

gisters yn Westdongeradiel begjinne al yn 1840, mar

dy binne allinne alfabetysk en jouwe nea de opfolger

yn de bewenning.

 

Noch in pear saken dy't in ferklearring foarôf freegje,

binne:

It jild. De âldste boarnen jouwe it jild dat in pleats

oan hier opbringe moast (as de keappriis)oan yn goud-

gûnen. In goudgûne (floreen-florijn) wie in (rekken)-

gûne fan 28 stuorren, dus FL. 1,40. Letter krige men de

carolusgûne fan 20 stuorren, sa't dy no eins noch yn

gebrûk is. Yn de tekst wurde de ôfkoartings ggûne as

gg en cgûne as cg brûkt.

Kleasters. Yn East- en Westdongeradiel hiene de kleasters

Sion (Nijewier), Weert (Moarre), Klaarkamp (Rinsuma-

geast) en de Abdij fan Dokkum in protte lânbesit. Sa

wiene fan de 19 stimdragende pleatsen fan Nijewier 18

yn hannen fan it kleaster Sion. Yn de argiven fan de

kleasters binne noch wol wat gegevens oer kleaster-

pleatsen fûn. As yn 1580 de Reformaasje yn Fryslân

plakfynt, giet al it kleasterbesit oer yn hannen fan

de Steaten fan Fryslân. Der wurdt in "ontvanger der

Kloostergoederen" beneamd dy't registers oanleit.

Der binne registers bewarre bleaun fan 1593, 1606 en

1618. Nei dy tiid begjinne de Steaten stadichoan dat

kleasterguod te ferkeapjen om oan sinten te kommen

foar it beteljen fan de hege oarlochslesten. Yn 1624,

1639 en 1640 fine ferkeapen plak, wylst yn 1644 de

lêste pleatsen ferkocht wurde.

It niaerrjocht. Yn de Germaanske tiid wie it lân fan in

doarp it eigendom fan de famylje as de buorren dy't

yn dat doarp wennen; it lân koe dan ek net ferkocht

wurde. Doe't dat letter al koe, holden de buorren en

de famylje it rjocht fan earste keap. It te ferkeap-

jen lân moast ôfkundige wurde en as in neistlizzer as

in famyljelid der belang by hie, koe hy de keap oer-

nimme foar deselde priis. Hy lei der dan it "niaer"

op. It sprekwurd "earne it near op lizze", fynt yn

dit âlde Fryske rjocht syn ûntstean.

It joech gauris in protte argewaasje en kreauwerij en

benammen as it om stimdragende pleatsen gie en mear-

der minsken belang hiene, waarden der gauris rjocht-

saken om fierd.

Lân en huzing. Foar 1700 wie it yn it algemien sa dat de

boer hierder wie fan it lân,mar eigner fan de huzing.

As de hiertiid om wie, wie de lâneigner ferplichte om

de huzing tsjin taksaasje oer te nimmen (de nije boer

koe dat ek dwaan fansels). Doe't om 1700 de tiden wat

minder waarden, kaam it foar dat in protte hierders

de hier net mear opbringe koene en fan de pleats ôf

giene. De lâneigners namen de huzing op taksaasje oer

mar om't der safolle huzings oernaam wurde moasten,

wiene guon needsake om lân te ferkeapjen om oan jild

te kommen. Dan kaam it foar dat de opbringst fan de

ferkeap fan de lannen dy't by in pleats hearden, min-

der wie as de taksaasjepriis fan de huzing. Guon lân-

eigners moasten dan har fermogen oansprekke en rekken

oan leger wâl. Dêr kaam by dat hja ek neat hiene oan

in huzing sûnder lân dat hja diene de huzing ek mar

fuort. Sa kamen lân en huzing gauris yn ien hân en de

eigners lieten yn it hierkontrakt opnimme dat de nije

hierder de huzing op taksaasje fan de lâneigner keap-

je moast en dat hy dat jild nei ôfrin fan de hiertiid

wer werom krige "op verbeteringe ofte verslimmeringe"

(wat de huzing mear as minder wurdich wie, waard dan

ferrekkene). Letter feroare dat ek wer en wie de hu-

zing meast by de hierpriis ynbegrepen, soks wie foar

1800 by de measte pleatsen al it gefal.

 

 

 

 

 

 

 

 

 


 

1. BEWENNERS: P. Jensma

A. Jensma-Bakker

ADRES: Mockemawei 26

WENPLAK: Ealsum

PLEATSNAMME: Bloemendal, Clein Mockema, Stienstra

FLOREENNUMER: 6

GRUTTE YN 1640: 68 pm

GRUTTE YN 1988: 160 pm

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: 1982, bedriuwsgebou 1979

EIGNER: Huzing: Bruorren G. en P. Jensma

Measte lân: Erven Wito Stoel

 

 

Yn 1979 waard op in nij stee, efkes bûten Ealsum, in nije

pleats boud. It waard in grutte rinstâl en twa jier let-

ter waard dêr in kreaze wente nêst boud. Op dizze pleats

buorket de famylje Jensma no, mar hja hiene foarhinne in

pleats dy't yn it doarp Ealsum sels stie. Dat wie de twa-

de pleats oan de linkerhân as men fan Mitselwier komt. Dy

pleats stiet wol op in hiel âld stee en hat mear skiednis

te fertellen as it nije bedriuw.

1640. Op hiel âlde kaarten stiet dizze pleats al oanjûn

as in stimdragende pleats en sels de namme stiet der by:

Bloemendal. By de Ealsumers stiet de pleats ek wol bekend

ûnder de namme Clein Mockema. Sa op it earste gesicht ge-

nôch oanknopingspunten ta skiednisskriuwing. Dat falt

lykwols goed ôf as de stimkohieren rieplachte wurde: gjin

Bloemendal as Lyts Mockema te bekennen. Ek it lêste flo-

reenkohier wêr't de kadastrale nûmers yn steane, bringt

gjin oplossing: A 493, it nûmer fan de pleats yn 1832,

komt net yn it kohier foar.

Dan wurdt it muoilik om fierder werom te kommen, mar in

tinkstien yn de pleats sels (by de foardoar) jout wat

hâldfêst: "Jong-Heer Cornelis Michael/ de With/ heeft van

dit Gebouw/ de eerste steen geleid/ Den 7den Junij 1757/

Herbouwd in 1911". Yn it floreenkohier fan 1857 komt

yndied in Captein J. de With foar as eigner fan pleatsen

yn Ealsum. It binne der sels twa: de nûmers 4 en 6. Nûmer

4 is de pleats yn de bocht fan de wei nêst Bloemendal en

dan moat nûmer 6 wol Bloemendal wêze.

It earste Stimkohier, fan 1640, jout oan dit nûmer 6 ek

noch wer in oare namme: Stienstra. Sa hat bliken dien dat

dizze pleats wol trije nammen hân hat: Bloemendal, Clein

Mockema en Stienstra. De namme Bloemendal kin fansels wol

te meitsjen hân ha mei it grut tal blommen dat yn de tu-

nen fan de pleats stie, mar wierskynliker mei wat oars.

Tusken it âlde stee fan de Mockema Stins, efkes fierder

it doarp yn (de greften binne noch te sjen) en Bloemendal

hat ienris in grut bosk stien dat yn 1800 noch yn wêzen

wie. Faaks hat ek ienris it stee fan Bloemendal ta dit

bosk heard, de namme Bloemendal soe hjir noch fan tsjûgje

kinne. Clein Mockema, de twade namme, ferwiist dan nei it

echte Mockema en fierder sille der dan foar 1640 ek noch

Stinstra's op dizze pleats wenne ha. Dat is hiel goed

mooglik want ek yn de buorskip Ealsum-Sybrandahûs is in

Stinstra sate.

Sioerd Siolles widdo is de earst bekende bewenner fan dit

stee. Hja hierde yn 1640 in 68 pm lân fan Ork van Doyem.

Dat is alles wat der foar 1700 bekend is fan Bloemdal.

1714. De famylje Van Burmania is nei 1700 de besitter fan

de pleats en der heart yn dy jierren in 52 pm lân by.

Sipke Sijmens hiert, krekt as syn heit Sijmen Gomers foar

him, de pleats tsjin in hier fan 150 gûne yn it jier fan

de Van Burmania's. De gebouwen wurde yn dy tiid skat op

in wearde fan 1000 ggûne en dat is de lege kant it neist.

Dêrmei is ek ferklearre dat in fjirtich jier letter nij-

bou plakfine moast.

1757. As de famylje Van Burmania yn 1735 de niisneamde

pleats yn de bocht fan de wei keapet, begjint der wat te

feroarjen. Op dy pleats wie doe Douwe Pytters boer en yn

1744 wurdt hy boer op beide pleatsen fan de Van Burmania-

famylje. It hat eigenskip oan te nimmen dat de gebouwen

fan Bloemendal doe net mear brûkt waarden en dat Douwe op

de pleats yn de bocht wenjen bleaun is. Douwe hie doe

aardich wat lân ûnder syn behear: 53 pm en 64 pm.

Yn 1757 geane de beide pleatsen yn oare hannen oer : Cap-

tein Jan de With wurdt de nije eigner. Syn soan Cornelis

Michael leit yn dat selde jier noch de earste stien foar

de nijbou fan Bloemendal (de lege taksaasjepriis en it

troch ien boer brûken fan twa pleatsen wiisde al op it yn

minne steat ferkearjen fan de gebouwen). Douwe Pytters

skynt goed mei syn nije lânhearre opsjitte te kinnen want

hy buorket tenei op de nije pleats. Hy jout elk jier 337

gûne foar de 56 pm lân dy't by de pleats hearre.

Nijsgjirrich is noch hoe't "...De Heer Jan de With,

Capteyn ter Zee, coper van twee zates en los land te Aal-

sum..." de keappriis betelje moat. Hy betellet de 11.614

gûne yn twa terminen, mar net oan Van Burmania sels, doe

grytman fan Ljouwerteradiel, mar oan de ferskate skuld-

easkers fan dizze man! Se steane allegear neamd, mei de

bedragen dy't se ha moatte en om hokker reden har dat

jild takomt.

1780. Soan Pytter Douwes buorket nei syn heit op Bloemen-

dal foar in jierlikse hierpriis fan 383 gûne. It is yn de

tiid fan de feepest en oan it beslach fee fan Pytter is

krekt nei te gean wat er doe op syn bedriuw geande wie.

Hie hy yn 1769 noch 20 kij, in jier letter wie dat tal

sakke ta 13 en in pear jier letter sels ta 7 kij. Yn de-

selde snuorje rint it tal pûnsmjitten boulân dy't hy yn

gebrûk hat omheech fan 14 pm yn 1769 nei 59 pm yn 1773.

It is dúdlik wat hy dien hat: troch de feestjerte twongen

hat hy greide skuord en dêr boulân fan makke. Letter sta-

bilisearret him dat wer wat, mar it tal kij bliuwt leger

en it tal pûnsmjitten boulân heger as foar de feestjerte.

It taheakke grafykje ferdúdlikt dat. It tal hynders rint

ek omheech as der mear boulân komt: fan 6 ta 9 stiks. Ut

dit alles docht bliken dat Pytter de risiko's fan syn be-

driuw wat mear ferspraat hat.

1800. Lieuwe Pytters, de tredde boer op Bloemendal út syn

famylje, moat it mei wat minder lân dwaan. Yn de tachti-

ger jierren fan de 18de ieu is der in skieding kaam tus-

ken it lân en it hoarnleger: it lân waard ferkocht en it

hoarnleger (en dus de stim!) bleau yn hannen fan De With.

By de pleats bliuwt mar 31 pm lân en as Lieuwe krekt foar

1800 it hoarnleger fan Bloemendal oerkeapet, is der noch

mar 10 pm fan de âlde pleats oer. Hy brûkt sels in 44 pm

lân en de hierwearde dêrfan wurdt skat op 425 gûne.

1818. Nei de Frânske tiid komt de famylje Banga yn it be-

sit fan Bloemendal. Earst de bruorren Lieuwe, Sake en Jan

(fan Siemon Banga) en letter harren erfgenamten. As de

registers fan famyljenammen fan 1811 der op neislein wur-

de, docht bliken dat it hjir om deselde famylje giet om't

Lieuwe Pytters, de bewenner fan foar 1800, dan as

famyljenamme "Banga" kiest. De famylje Banga is dus net

allinne eigner, mar ek brûker fan it gehiel.

1879. De lêste Banga dy't as eigner fan dizze pleats te

boek stiet, is Siemon Sakes Banga. Hy ferkeapet de pleats

oan de famylje Bierma. Watze en letter Johannes Idses

Bierma hâlde de pleats oant 1931 ta yn besit. Hja ferbou-

we de pleats yn 1885 earst ris en yn 1911 wurdt oergien

ta it alhiel opnij opbouwen fan de pleats. It lytse tink-

stientsje by de foardoar bewarret it oantinken hjir oan.

Hja bebuorkje de pleats net sels en de befolkingsboeken

jouwe de folgjende bewenners:

1880 Piebe Zadelaar

1895 Jacob Sapes Dijkstra

1896 Cornelis Jensma

1896 Jan Elzinga

1932 Gosse Jensma

1954 Klaas Jensma

1979 Gosse Jensma

De Bierma's dogge de pleats yn 1931 oer oan Wito Stoel.

1931. Wito Stoel hat lykwols noch net de jierren (syn

heit Wytze ferstoar doe't Wito noch mar krekt berne wie)

en syn mem Cornelia Olie wurdt fruchtgebrûkster foar it

libben. Hja trout foar de twadde kear mei dûmny Hoek fan

Hilversum. Nijsgjirrich is dat Stoel yn de begjinjierren

fan de radio fan berop "radiospreker" wie.

1981. Nei't de famylje Stoel fyftich jier Bloemendal yn

eigendom hân hie, kaam Boele Terpstra yn it besit fan de

pleats, dy't doe lykwols al gjin greidpleats mear wie. De

famylje Jensma, sûnt de tritiger jierren al bewenner fan

Bloemendal, hie yn 1979 in nij bedriuw bûten it doarp del

sette litten. Klaas Jensma, en nei him syn soan Gosse,

wiene de lêste boeren op Bloemendal en doe't by it nije

bedriuw bûten it doarp in wente boud waard, kaam de oare

soan, Piet Jensma, hjir te wenjen.

 

 


 

2. BEWENNERS C.J. Overdevest

G.S. Overdevest-Van der Slot

ADRES: Hantumerwei 65

WENPLAK: Ealsum

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1988: 75 pm

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Foarein 1922, bedriuwsgebou 1972

EIGNER: Huzing: C.J. Overdevest

Lân : P. Brouwer (erfpacht)

 

 

It karakteristike hûs dat by dit boerebedriuw heart, hat

net folle Frysk eigens. It hat mear it oansjen fan in

foarnaam hearehûs. Dy foarein is dan ek net sa botte âld,

it waard yn de tweintiger jierren fan dizze ieu boud. Ek

fierder is der net folle âlds oan dit gebou, útsein it

âlde skuorke dan.

1862. Dat klopt ek wol as de âlde kohieren der op nei-

slein wurde. Oant 1862 ta hat dit stee altiten greide

west. It hearde ûnder de losse lannen fan Ealsum. Pieter

Siemens Hiemstra wie om 1850 hinne de eigner fan dizze

grûn. Yn 1859 ruile hy dit stikje lân mei Antje Reinders

Douma, widdo fan Klaas Klaver. Dizze Antje Bouma lit yn

1862 in lyts spultsje delsette foar harsels en de bern.

It moat in hiel lyts spultsje west ha; yn de stâl wie mar

plak foar 14 kij. Fan dit lytse spultsje is hjoeddedei

allinne noch it skuorke oerbleaun (Der is lykwols in

mooglikheid dat dit skuorke om 1900 hinne boud is, doe't

der in protte oan de gebouwen feroare is).

1888. As widdo Antje Bouma yn 1888 komt te ferstjerren,

nimme har fjouwer bern it bedriuw oer. Uilke Klazes Kla-

ver en syn suster Klaaske buorke dan op it pleatske.Yn it

earstoan stiet Uilke as keapman oanskreaun, mar letter is

dat gernier wurden. It skynt hurd mei him efterút te gean

want yn 1905 giet hy fan it spul ôf en wurdt op in leef-

tyd fan 63 jier kostgonger yn in hûs yn it doarp Ealsum.

Uilke is ek al lang net mear mei-eigner fan de pleats;dat

wiene sûnt 1893 Freerk en Klaaske dy't yn 1895 it bedriuw

wer oan Pieter Sijmens Hiemstra ferkeapje, de man fan

wa't it stik lân wie wêr't dit bedriuw op boud waard.Dêr-

nei ha der oant 1922 ta hierders wenne.

1922. Neidat ek noch Jilles Toornstra en Folkert Kiestra,

keaplu út Dokkum, yn it besit west ha fan dit bedriuw en

Anne Koopmans der brûker fan wie, kaam yn 1922 wer in

eigner/bewenner op dit pleatske. Dat wie Johannes Andries

Brouwer. Hy lit de foarein fan it âlde spultsje ôfbrekke

en bout de foarein sa't dy der no noch stiet.

Yn dy tiid wie der mar in 20 pm lân by dit bedriuw. Troch

de famylje Brouwer waard er doe lân bykocht fan de âlde

Brunia's pleats dy't alearen oan de oare kant fan de Pea-

zens stien hat. Nei 1922 hat dit bedriuw lang yn de

famylje Brouwer west: Johannes die it bedriuw oer oan syn

soannen Andries en Piet Brouwer, wêrfan't Piet buorke.

Hyhat ek de rinstâl by it bedriuw sette litte.

1988. Doe't Piet Brouwer ophold mei buorkjen,kaam de hear

C.J. Overdevest út it Nijmeegse wei om it bedriuw oan de

Hantumerwei 65 wer fuort te setten.

Bewenners:

1862 Antje Reinders Bouma, widdo Klaver

1888 Uitze Klazes Klaver

1905 Jacob van der Meulen

1907 Harmen Wiegersma

1914 Minne Dirks Poortinga

1916 Anne Jans Koopmans

1919 ?

1922 Johannes Andries Brouwer

1968 Piet Brouwer

1988 Cornelis Overdevest

 


 

3. BEWENNERS: M.S. Terpstra

A. Terpstra-Tilkema

ADRES: Dokkumerwei 2

WENPLAK: Ealsum

PLEATSNAMME: Balstienpleats

FLOREENNUMER: 15

GRUTTE YN 1640: 541/2 pm

GRUTTE YN 1988: 43 HA

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: Kop-hals-romp 1862

EIGNER: K.H. Harkema te Enschede

 

 

Dizze pleats wurdt wol de Balstienpleats neamd. Wêr't

dizze namme krekt weikomt, is net mear bekend, mar it soe

wolris te meitsjen ha kinne mei de grutte balstiennen

dy't noch altiten by de homeie fan dizze pleats lizze. Yn

it ferline stie de pleats hiel oars bekend.

1511. Om it jier 1500 hinne wenne der in Sybren to Sand-

wegh op dizze pleats, alteast op de pleats dy't hjir doe

stie. Dy "Sandwegh" wêr't dizze pleats oan lei, stiet no

bekend as de Dokkumerwei. Men koe (en kin noch) op twa

manieren fan Dokkum nei Mitselwier komme: oer de Sybran-

dawei(hiel lang de haadwei) en oer de "Sandwegh". Oan de

Sybrandawei stiene (en steane) meardere pleatsen, mar oan

de Sânwei leine doe mar twa pleatsen. Op de grutste fan

dy twa wenne de niisneamde Sybren to Sanweij. Hy hie 63

pm lân yn gebrûk en moat dêr 22 gûne oan hier foar betel-

je, hast 3 pm foar 1 gûne! Sybren is net de eigner fan de

pleats; in Sypt Hanije hat mei 58 pm fierwei it grutste

part yn hannen. Trije lytsere eigners, wêrûnder de tsjer-

ke fan Ealsum, meitsje de 63 pm lân fol, dy't doe by de

pleats hearden.

1579. Neffens in belestingregister fan 1579 moat yn dy

tiid in Olphert to Sanweij op dizze pleats wenne ha, mar

botte wis is dat net. Hy kin ommers ek op de lytse pleats

oan de Sânwei wenne ha.

1640. Nei dizze earste gegevens út de 16de ieu duorret it

in hiel skoft foar't de pleats "to Sandwegh" wer neamd

wurdt.Yn it Stimkohier fan 1640 stiet Schelto van Paffen-

raed (út namme fan syn frou) as eigner oanjûn fan de sate

"Op de Santwegh". Van Paffenraed wie Papist stiet der ek

noch by. Dat wie wichtich yn dy tiid om't Roomsken (hja

waarden papisten neamd) net stimme mochten. Lyk as yn de

taljochting al sein is, wie it besit fan in stimdragende

pleats foar 1800 wichtich om't men dan in stim hie yn de

doarps- en gritenijsaken. De eigners fan stimdragende

pleatsen koene skoalmasters en dûmny's kieze en bepale

wa't wichtige baantsjes krigen yn de gritenij. Hoe mear

pleatsen, dus stimmen, immen hie, hoe mear sa'n ien te

sizzen hie. Om't Roomsken net stimme mochten (hja wiene

nei 1580 fan de ferkearde religy), waard dat wol efkes

oantekene yn de kohieren!

Brûker fan de pleats yn dizze jierren wie in Jan Sytses,

mear is der net bekend.

1714. Nei 1700 komme der wat mear gegevens beskikber. Sa

keapet krekt nei 1700 Ids Jans, hy wenne op Sjoarda yn

Easternijtsjerk, de pleats. Hy ferhiert de pleats oan de

Sânwei foar in 200 gûne yn it jier oan Pytter Gabes. De

lannen binne allinne fan Ids Jans, de huzing is fan

Pytter-boer. De wearde fan de huzing wurdt skat op 2000

ggûne, in aardich kaptaal yn dy tiid. Neitiid rint de

hierpriis omheech ta 300 gûne en bliuwt dêrnei sa'n 50

jier gelyk, ek al komme der oare hierders op de pleats.

Sawat allegearre bliuwe se in jier as sân buorkjen op de

de Sânwei, wylst noch altiten de soannen fan Ids Jans,Jan

en Johannes Ides, it eigendom fan de pleats hâlde.

1774. Tjerk Harmens wurdt yn 1774 de nije eigner en dan

komme der mear feroarings. De hierpriis giet omheech nei

430 gûne en de hierder, Pytter Willems, hat ek mei de

nedige swierrichheden te krijen. Sa wurdt syn beslach fee

behoarlik úttinne troch de feepest dy't yn dizze jierren

wer opspilet. Hie Pytter yn 1770 noch 14 kij, in jier

letter binne dat noch mar 9 mear. Om dochs troch de tiid

te kommen hat Pytter in part fan syn greide skuord en

brûkt dat dan as boulân. De 5 hynders dy't ta dit bedriuw

hearre, sille doe ek mear wurk krigen ha. Nei de tiid fan

de feepest hat er wer 14 kij en brûkt er wer 32 pm bou-

lân; dit sil foar syn bedriuw wol de bêste ferhâlding

west ha. As Pytter Willems komt te ferstjerren en syn

frou de saak bestjoere moat, rint it tal kij wer werom.

Ek as de soan Sipke Pytters de pleats yn 1780 oernimt,

binne der mar 8 kij mear.

1780. Yn Sipke syn tiid is der dan ek wat feroare. Tjerk

Harmens is noch wol de eigner fan it hoarnleger (en dêr-

mei fan de stim dy't op dit hoarnleger lei),mar it measte

lân hat er ferkocht.Der wurde wol in stik as seis eigners

fan stikken lân by dizze pleats neamd. It is dan dúdlik

dat Sipke Pytters ek minder lân ta syn beskikking krige,

om't de measte nije eigners sels harren stikken lân brûke

moasten. Oan it weromrinnen fan syn bedriuw te sjen, hat

hy ek net los lân byhierre kinnen.

1800. De hierpriis fan Johannes Roelofs, opfolger fan

Sipke Pytters, is oprûn ta 400 gûne. Hy hat wer wat mear

lân yn gebrûk, in 69 pm, en kin dêr in 6 kij en 5 hynders

op ûnderhâlde. Nei 1800 nimt de famylje Miedema it hoarn-

leger en it measte lân fan dizze pleats oer fan de widdo

fan Tjerk Harmens.

1862. De earste Miedema, Marten Franzes, komt yn 1826 yn

it besit fan de pleats. Hy is ek de earste eigner dy't de

pleats sels brûkt. Syn soan, Hendricus Martens, lit yn

1862 in nije pleats bouwe. Op de tinkstien yn de efter-

muorre is dit fêstlein: "Den 8 Junij 1862 is aan/ dit

gebouw den eersten steen/ gelegd door mijn zoon/ Marten

oud negen jaar/ H. Miedema".

Neffens de gelearden is doe de hiele pleats opnij opboud

al binne der yn de foarein stikken muorre te finen dy't

alhiel opmitsele binne fan âlde Friezen. Dy soene dan fan

de âlde pleats wêze kinne.

De Miedema's, nei 1879 wer in Marten, ha noch oant 1905

ta eigner/bewenner fan de Balstienpleats west. Dan komt

de pleats troch fererving oan in Taetske Douma dy't troud

wie mei Jacob Harkema fan Grins. Sa komt de pleats yn it

besit fan de Harkema's. Yn 1946 keapet Harmanus Jacob

Harkema, nôthanneler fan Grins, alles oer en hjoeddedei

is syn soan K.H. Harkema fan Enschede de eigner.

1905. As de Miedema's de pleats ferlitte, komt de earste

Terpstra hjir te buorkjen: Jabik Terpstra. Hy hat in jier

as 28 op de Balstienpleats buorke en doe sels in pleats

sette litten neffens Amearikaansk model. Dizze pleats

stiet krekt foar Dokkum en wurdt gauris de "Amearikaanske

pleats" neamd. De broer fan Jabik, Boele, waard doe boer

op de pleats en dy syn neiteam hat dêrnei altiten op de

pleats "oan de Sânwei" taholden.

Bewenners:

1879 Marten Miedema

1905 Jabik Terpstra

1933 Boele Terpstra

1945 Rienk Terpstra

1968 Meile Terpstra

 

 


 

4. BEWENNERS: J. de Boer

G. de Boer-Zijlstra

ADRES: Ezonbuorren 5

WENPLAK: Eanjum

PLEATSNAMME: Guozzepôle

FLOREENNUMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1988: 60 HA

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Kop-hals-romp 1767

EIGNER: Bruorren Jan en Auke de Boer

 

 

Hiel lang hat er op it stee fan de Guozzepôle, neamd nei

de oan de oare kant fan de seedyk lizzende Grutte en Lyt-

se Guozzepolder, gjin sprake west fan bebouwing. Noch

gjin mûne en noch gjin pleats, as men soe tinke moatte

oan it legindaryske Esonstêd dat hjir earne oan de oare

kant fan de seedyk lein ha soe (de strjitnamme Ezon-

buorren hâldt hjir it omtinken noch oan fêst).

1767. Dat feroaret lykwols as Marten Aedsges nei Iesumsyl

komt. Marten kaam fan Aldwâld wêr't syn âldelju ek in

pleats hiene. As hy trout mei Lysbeth Douwes fan Beinte-

mahûs ûnder Westergeast, doart hy it aventoer wol oan fan

in nije pleats foar de Guozzepolders oer. Hy lit sels in

pleats sette en om't bekend is dat hy net in ryk man wie,

sil hy de measte sinten wol liend ha moatte. Hy hoecht yn

alle gefallen de earste jierren gjin haadjild te betel-

jen. It measte lân, der hearde wol in 100 pm lân by de

nije pleats, hierde Marten Aedsges fan de Dykskontribúsje

Eastdongeradiel, eigner fan it measte lân yn de Guozze-

polders (ek wol it "Vogelland" neamd). "De Dyxcontributie

de Gansepolder met huis vrij van Reëel tot den jaare

1800", sa wurdt de nije pleats yn de kohieren omskreaun.

It betsjut dat oant 1800 ta gjin belesting oer de hier

betelle hoegde te wurden. Itselde kaam ek foar doe't de

Eanjumer en Ingwierrumer polders fan in swiere seedyk

foarsjoen waarden.

Hy begjint mei 6 kij en ien hynder, mar in pear jier let-

ter hat er him foargoed fêstige mei 6 kij, 6 hynders en

30 pm boulân yn gebrûk. Dan kriget hy te meitsjen mei na-

toerrampen. Hjoeddedei hat in boer dêr it measte net mear

mei te krijen troch allerhande bestridingsmiddels en sa

mar yn it ferline wie in boer omraak ôfhinklik fan de na-

toer. Troch de feepest rint syn beslach fee werom nei 2

kij en 2 rierren mar noch grutter ramp is de trochbraak

fan de seedyk fan de Guozzepolder. De hiele polder strûp-

te der ûnder en it is dien mei it boulân: yn 1771 is noch

mar 13 pm geskikt as boulân. It sil net de lêste kear wê-

ze dat de boer op'e Guozzepôle lêst hat fan it seewetter

yn de polder. Sa streamde yn 1825 en 1836 bygelyks "...de

hooge vloed aanhoudend en met kracht landinwaarts in..."

Yn 1772 liket alles wer yn oarder, al falt de skommeling

yn it tal kij wol tige op. Faaks hat er noch mear lêst

hân fan de feepest. It liket Marten Aedsges net sa te be-

fallen op de Guozzepôle want hy sjocht om him hinne om in

oare pleats. Yn 1771 keapet er De Vor yn Ingwierrum foar

21.000 cgûne, mar Hans van Wyckel en Douwe Clases lizze

dêr it "niaer" op en Marten moat fan de keap ôfsjen. Yn

1774 slagget it him dan dochs om op in pleats yn Kollumer

lân te kommen. Dêr, mar mear noch yn Grinslân wêr't syn

folgjende pleats stie en wêr't syn neiteam, de Teen-

stra's, grut wurden is, hat er bekendheid krigen as in

foaroanman ûnder de boeren. Syn skriuwboekje wêr't hy

alles yn notearre wat syn buorkerij oangie, is bewarre

bleaun en okkerjiers yn boekfoarm útjûn.

1805. De opfolgers fan Marten Aedsges skine har wat mear

op boulân talein te hawwen. Harmen Martens (1774), Bote

Sybes(1780) en mear noch Pytter Arjens Tamsma(1800) krije

hieltiten mear pûnsmjit boulân yn gebrûk. Tamsma hat al

56 pm boulân by de pleats en 12 kij op stâl wylst sân

hynders it lânwurk dwaan moatte. De hierpriis fan de

pleats mei 117 pm lân is oprûn ta 964 gûne.

1858. Martinus Aukes Wierda hat yn de foarige ieu in hiel

skoft de hierboer op de Guozzepôle west. Hy komt al foar

yn 1858 en syn widdo Saakje Oenzes Straatsma hat nei syn

dea yn 1896 noch oant 1901 ta op de pleats wenne. Om 1850

hinne is ek it wettermûntsje, tichteby de pleats, delset.

Dy mûne moast it wetter om de pleats hinne wat yn betwang

hâlde, mar dy taak hat it gemaal op Iesumsyl al lang oer-

naam. Yn de tiid dat Wierda hjir wenne, is der hiel wat

oan de huzing feroare. De skuorre waard fergrutte en de

hiele "kop" fan it gebou waard fan de sydkant ferpleatst

nei de foarkant sa't no noch it gefal is. Ek de tsjerne

krige in oar plak: fan de skuorre nei it eardere plak fan

de foarhuzing. Dat barde yn 1868, in hûndert jier nei't

de pleats op dit plak delset is. Fan dy âlde pleats is

dus eins allinne mar in part fan de skuorre oerbleaun, de

hiele foarhuzing is ferpleatst en feroare.

1901. Fanút Driezum wei kaam op 12 maaie 1901 Jacob de

Boer nei de Guozzepôle. Mei Jacob kaam de famylje De Boer

op dizze pleats, in famylje dy't oant no ta noch altiten

op de Guozzepôle wennet. Jacob de Boer hat noch meimakke

dat der yn 1914 in nij lytshûs set is, boud fan de stien

dy't frijkaam doe't it âlde opsichtershûs fan Iesumsyl ôf

brutsen waard om plak te meitsjen foar in nijenien. Sawol

de Guozzepôle as it opsichtershûs wiene ommers yn hannen

fan de Kontribûzje Seediken Eastdongeradiel.

1981. Nei't de pleats fan de Dykskontribúsje Eastdongera-

diel oergien wie nei Eastergoa's Seediken en dêrnei wer

nei it wetterskip "Fryslân", kaam de famylje De Boer be-

gjin 1981 yn it besit fan de Guozzepôle.

Bewenners:

1858 Martinus Aukes Wierda

1896 Saakje Oenzes Straatsma (widdo Wierda)

1901 Jacob R. de Boer

1931 Minze, Roelof en Frouke de Boer

1955 Frouke de Boer allinne

1964 Jan en Auke de Boer

 

 

 


 

5. BEWENNERS: J. Boersma

R. Boersma-Van der Wal

ADRES: Sylsterwei 6

WENPLAK: Eanjum

PLEATSNAMME: Nittema

FLOREENNUMER: 18

GRUTTE YN 1640: 63 pm

GRUTTE YN 1988: 40 HA

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: Kop-hals-romp 1890, efterein 1947

EIGNER: Moeder Wiersma Leen te Eanjum

 

 

De earste pleats bûten Eanjum oan de linkerkant fan de

wei nei Iesumsyl ta is Nittema sate. Dizze kop-hals-romp

pleats leit prachtich ferskûle yn in mantel fan hege

beammen. Nittema is yn it ferline wol gauris ferwiksele

mei Eysinga sate, ek oan de Sylsterwei, mar fan dizze

âlde pleats is allinne noch in wente op in terpke oer-

bleaun, efkes tichter by Eanjum.

1511. It begjin fan Nittema sate koe wolris lizze yn de 7

pm lân dy't in Ede Niethema yn 1511 yn besit hie. Dat lân

waard brûkt troch Rypka to Taert. No leit de buorskip

Teard sawat tsjinoer de foarein fan Nittema op in terp,

dat soks is hiel goed mooglik. Ede Niethema komt fierder

net foar, mar Rypka wurdt yn 1543 nochris neamd: "Rypke

guedt toe Taert" moat in jierlikse rinte oan de tsjerke

jaan en der wurdt praat oer in stik lân dat as neistliz-

zer "de Rypke fen" hat.

1640.It duorret oant 1640 foar't Nittema wer ris neamd

wurdt. Yn it Stimkohier fan dat jier wurdt Juffer Ebel

van Meekma eignerske neamd fan Nitma, dan 63 pm grut. It

hat eigenskip dat Ebel van Meekma deselde is as Ebel van

Meckema dy't ûnder Jouswier foarkomt en út de famylje fan

de Ernsma's stamt (sjoch nr.48). Hierboer is yn alle ge-

fallen Jan Pytters.

1714. De hierboer op Nittema moat yn 1714 foar de 63 pm

lân en nochris 28 pm fan in pleats op Stiem, dy't hy ek

fan de famylje Van Burmania hiert, elk jier in 200 gûne

hier jaan. De buorkerij sels is fan de hierder en wurdt

dan op 1800 cgûne skat, alteast foar dy sinten moatte de

Van Burmania's de buorkerij oernimme as de hierder fan de

pleats ôfgiet. Nei de famylje Van Burmania komme op Nit-

tema dochs wer eigen boeren te wenjen. Dat is wol apart

want meast bleaune sokke pleatsen, as se ienris yn hannen

fan grutgrûnbesitters wiene, hiele skoften yn it besit

fan adelike famyljes. It gie harren dan om de stim dy't

op it hoarnleger lei; it lân by de pleats waard wol gau-

ris ferkocht om oan sinten te kommen. By Nittema bart dit

lykwols noch net: de widdo fan Jan Reytses en in Syds

Oebeles nimme elk foar de helte de pleats oer. Syds buor-

ket op de pleats en de widdo fan Jan Reytses wennet op

Eysinga sate, tichteby.

1748. Syds Oebeles skynt wat yn de lytse loege kaam te

wêzen want hy rekket fan de pleats ôf as eigner/bewenner,

om tsien jier letter wer werom te kommen as hierder. Yn

dy tusken lizzende jierren buorkje Taeke en Bauke Jans op

Nittema, mar hja hâlde it ek net fol en moatte de boel

ferkeapje oan de siktaris fan Eastdongeradiel, de hear

Petrus Bergsma. Dizze kin mei rjocht grutgrûnbesitter

neamd wurde: syn namme (en dy fan syn soan Wilhelmus)

komt by ferskate pleatsen as eigner foar. De soan fan

Bauke Jans , in Jan Baukes, hat noch wol wat lân fan

Nittema yn besit en hy wurdt letter ek de hierder fan de

pleats.

1760. Jan Baukes nimt yn 1760 de pleats wer oer fan Syds

Oebeles dy't nei Teard giet. De hierpriis bedraacht dan

278 gûne foar it yn haadsaak as greidpleats brûkte be-

driuw : 10 kij en 4 hynders en in 25 pm bestimd ta boulân

As Jan Baukes yn 1770 komt te ferstjerren, wurdt der

boelguod holden op Nittema. It wurdt in wat frjemd jier

om't de nije hierder, Lieuwe Folkerts fan Ljussens, mar 7

pm lân ynsiedde hat as boulân. Wêr't hy de 9 hynders dat

jier foar brûkt hat, wurdt net dúdlik. Yn 1771 is alles

wer gewoan en hat Lieuwe wer 31 pm boulân yn gebrûk en ha

de 9 hynders wer genôch wurk.

1805. Reitse Uilkes komt yn 1778 as hierder op Nittema.

Hy hâldt it in moai skoft fol en it skynt goed te gean

want ek al moat hy elk jier foar de 94 pm lân dy't by de

pleats hearre in 1188 gûne oan hier jaan, dochs slagget

syn soan der yn om de pleats yn eigendom te krijen. Dizze

Jacob Reitses krijt syn kâns as de famylje Bergsma har

grûnbesit ferkeapet om't de stimmen nei de Frânske Tiid

dochs neat mear wurdich wiene. Jacob Reitses nimt yn 1811

as famyljenamme "Reitsma" oan, it sil wol dúdlik wêze

wêrom! Dochter Martha Reitsma is de lêste fan de famylje

dy't de pleats yn besit hat en nei har komme de famyljes

Wiersma en Beintema elk foar de helte yn it besit fan

Nittema.

1890. Albert Douwes Beintema en Anne Klazes Wiersma litte

yn 1890 in nije pleats bouwe, in pleats wêr't de Beinte-

ma's op buorkje.

Bewenners:

1880 Douwe Alberts Beintema

1904 Jan Berends Hannema

1909 Douwe Alberts Beintema

1916 Gerrit Stallinga

1941 Bokke Boersma

1970 Jan Boersma

Om't de Wiersma's besibbe wiene oan de Meinsma's en Han-

nema's fan Nes (sjoch nr. 53) wennen op dizze pleats om

1900 hinne ek Hannema's. It besit waard lykwols letter

ûnderbrocht yn it "Moeder Wiersma Leen". Fan dit lien

kinne stúdzjebeurzen en sa betelle wurde foar bern waans

famylje net by steat is om sels de stúdzjekosten te dra-

gen. Nittema is oant hjoeddedei ta yn it besit fan dit

Lien.

1948. De lêste heale ieu hat er in lid fan de Boersma-

famylje op de pleats wenne. Bokke Boersma hat meimeitsje

moatten dat yn 1947 by in grutte brân de pleats foar in

grut part ôfbaarnd is. De oarsaak fan de brân wie hea-

broei en ek al hiene de manlju de hiele dei dwaande west

om it hea te splitten, dochs fleach de boel noch yn'e

brân. Allinne de "kop" bleau stean, wylst de "hals" en de

"romp" alhielendal wer opboud wurde moasten. Sûnt 1970

buorket syn soan Jan Boersma op Nittema.

6. BEWENNERS: L.K. van Dijk

F. van Dijk-Veltman

ADRES: Healbeamswei 12

WENPLAK: Eanjum

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMER: 21

GRUTTE YN 1640: 46 pm

GRUTTE YN 1988: 34 HA

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: Kop-hals-romp 1806

EIGNER: L.K. van Dijk

 

 

Yn de Floreenkohieren stiet dizze pleats altiten fermeld

as lizzende "Op Stiem" en "In het Vogellandt". Hoewol't

der leafst fiif pleatsen op Stiem leine, wie dizze pleats

de iennichste mei de fermelding In het Vogelland. Hjir

sil it bûtendyks lân mei bedoeld wêze efter dizze pleats.

De Guozzepolder bygelyks waard ek wol Vogelland neamd.

Op âlde kaarten en yn guon boeken wurdt dizze pleats noch

wolris betize mei it âlde Jeppema. Dit moat in fersin wê-

ze want Jeppema lei tusken dizze pleats en Eanjum yn (it

heechje dat fan Jepma oerbleau, is noch wol yn it lân te

sjen).

1640. Mooglik hat dizze pleats yn it skiere ferline it

eigendom west fan it kleaster Weert ûnder Moarre. In re-

gister fan it kleasterguod út 1640 seit nammentlik fan de

pleats fan Freerck Clasen, grut 46 pm, dat dy ôfkomstich

wie fan it kleaster Weert. It Stimkohier fan itselde jier

lit sjen dat dizze Freerck Clasen buorke op dizze pleats

op Stiem en yndied 46 pm lân hie. Hjir moat dus deselde

pleats mei bedoeld wêze en dan hat Freerck dizze âlde

kleasterpleats fan de Steaten fan Fryslân oerkocht.

In foargonger fan Freerck wie Dirck Johannes dy't yn 1618

as hierboer op de pleats siet. Yn 1592 wurdt Tijaerdt

Roeleffs neamd. Hy moat foar elk fan de 46 pm dy't hy yn

gebrûk hat, 12 stuorren betelje en de Steaten bepale dat

hy yn 1593 in ferheging tastean moat ta 14 stuorren foar

elke pûnsmjit.

Dit lân fan kleaster Weert soe weromgean kinne op de 130

pm dy't Popke Monick yn 1511 fan it kleaster hiert. Ek in

pear lytse stikjes yn ferskate oare pleatsen binne dan

fan Weert. Folslein wissichheid is net te krijen al soe

de pleats "Monnikhuis" ûnder Iesumsyl (dizze pleats is

wat der oerbleau fan Popke Monick syn pleats) in oanwi-

zing jaan kinne: dy pleats leit net sa fier ôf.

1714. Ek dizze pleats rekket nei 1700 yn hannen fan de

famylje Bergsma. It measte lân wurdt dan oan oare eigners

trochferkocht en sa moat hierboer Johannes Alberts syn

hier oan seis ferskillende lânhearren betelje. Meiinoar

is hy 292 gûne kwyt foar de 50 pm lân dy't by de pleats

hearre.

1760. Pytter Pytters kin mei de helte minder ta: 155 gû-

ne. Hy hat 8 kij op de pleats en 4 hynders. Syn boulân

makket dat jier 33 pm út en dat is jierren lang wakker

gelyk. De measte hierboeren buorkje mar in tsiental jier-

ren op de pleats en meitsje dan wer plak foar in oar. Wat

krekt de reden west hat, is net mear út te finen mar it

soe best ris te meitsjen ha kinne mei in te hege hier-

priis dy't mear wie as de pleats opbringe koe.

1805. Dat feroaret om 1800 hinne. As Claes Jacobs yn 1805

fan de pleats giet, komt Yme Uilkes nei Stiem. Hy lit yn

1806 in nije pleats bouwe en syn soan mei de earste stien

lizze: "1806/ Den 17 april/ heeft Uilke Ymes/ den eersten

steen/ gelegt aan dit gebouw", stiet op de stien yn de

foargevel.

As Yme Uilkes yn 1811 in famyljenamme kieze moat, is syn

kar wol dúdlik: Stiemsma! Sa'n fyftich jier hat de famyl-

je Stiemsma doe noch op dizze pleats buorke foar't de Van

Eysinga's it eigendom oernaam ha.

Doe kaam der ek wer in hierboer op de pleats en ferskyn-

den der wer yndruk meitsjende nammen ûnder de lânhearren,

lykas Baron Mr. Wilco Julius van Welderen Rengers. Dizze

hat yn 1904 de boel nochris fernijd. Nei de soan Johan

Edzart kaam de pleats yn hannen fan in bernsbern: Aletta

Catharina.

Bewenners:

1805 Uilke Ymes Stiemsma

1818 Yme Uilkes Stiemsma

1828 Wikjen Stiemsma

1858 Doede Jacobs van Eizinga

1880 Thomas Gerrits Bouma (gie nei Amearika)

1881 Jacob Holwerda

1886 Emme Reinders Fokkema

1891 Douwe Johannes Leegstra

1892 Pieter Otto's de Vries

1902 Bote Atzes Koudenburg

Fetje Botes Koudenburg kaam nei de dea fan har heit op de

pleats (1912). Fetsje wie troud mei Minne Lieuwes van

Dijk en sa kaam de earste boer mei de namme Van Dijk op

Stiem terjochte, in famylje dy't oant hjoeddedei ta hjir

buorket.

Yn 1954 kaam Lieuwe Klazes van Dijk (in omkesizzer fan

Minne Lieuwes)op de pleats en hy hat dizze âlde pleats op

Stiem yn 1976 oerkocht fan de famylje Van Welderen

Rengers.

 

 

 

 

 


 

7. BEWENNER: R. Ganzinga

ADRES: Alddyk 4

WENPLAK: Eanjum

PLEATSNAMME: Rodmersma

FLOREENNUMER: 32

GRUTTE YN 1640: 44 pm

GRUTTE YN 1988: 36 HA

YN GEBRUK AS: Mingd bedriuw

HUZING: Kop-hals-romp 1877

EIGNER: Old Burger Weeshuis te Ljouwert

 

 

It Old Burger Weeshuis yn Ljouwert hat troch de jierren

hinne twa pleatsen yn besit hân yn Eanjum. De iene,

Luitema sate, is yn 1935 ferkocht wurden, mar de oare,

Rodmersma sate, is noch altiten yn it besit fan it Ljou-

werter Weeshûs. Ek de famylje Ganzinga is al mear as hûn-

dert jier lang bewenner fan dizze pleats oan de âlde

seedyk, in pleats dy't nei it oanlizzen fan de Eanjumer-

en Ljussemer polder te berikken is troch in weingat yn de

seedyk. Foarhinne rûn der in paad troch de lannen nei

Eanjum.

1511. De earste gegevens oangeande Rodmersma komme foar

yn it register fan oanbring. In Sywert Rodmers is dan

boer op in pleats fan 28 pm lân binnen de dyk en 9 pm bû-

ten de dyk. Hy is sels mar eigner fan 4 pm en Wilke Hol-

lingen (Holdinga) en Smelger Houwerden ha de oare 33 pm

yn besit. Sywert syn pleats wurdt skat op in hierwearde

fan 13 1/2 ggûne, dat is sawat 1 ggûne op 3 pm lân.

1542. Yn it Benefisiaalboek komt Rodmersma sate net foar,

mar dochs is der in lytse oanwizing foar it bestean fan

de pleats yn te finen. By de tsjerkelannen stiet namment-

lik: "Item, die Patroon een pondemate feenlandts, leggen-

de by Onghast, te Raudmersweg..." Mei dizze Raudmersweg

sil de Popereed bedoeld wêze dy't ek op âlde kaarten noch

wol te sjen is. Hjoeddedei is dy reed net mear yn wêzen

en giet alle ferkear oer de wei efter de âlde seedyk.

Yn dizze opjefte út 1542 falt ek noch op dat er doe noch

in finne oan dizze wei lei, wylst tsjintwurdich allinne

mar mear boulân te bekennen is. Wêr't it ek neamde

"Onghast" lein hat, is net mear te efterheljen.

1640. In hûndert jier letter wennet Jacob Douwes op de

pleats. Hy is ek wer hierboer op dizze pleats dy't dan 44

pm grut is. Eigner is Jonkhear Julius Unia van Mokkema.

Fan him stiet fermeld dat er "Papist" wie, wat ynhold dat

er net stimme mocht ek al hie er dizze stimdragende

pleats yn syn besit. Yn dy tiid mochten Roomsken

(Papisten) net stimme.

1662. De famylje Unia, yn de persoan fan "Vrou Allegonda

van Unia", troud mei Jonkhear Ulbe van Sixma "kapitein

over een Compagnie soldaten te voet, verblijf houdende te

Embden", ferkeapet yn maart 1662 de pleats, dy't noch al-

titen bewenne waard troch Jacob Douwes en 45 pm grut wie,

oan de Weesfâden fan Ljouwert. Ut de keapakte docht bli-

ken dat út de opbringst fan de pleats jierliks 4 cgûne

"eeuwige renthe" betelle wurde moast oan de stêd Ljou-

wert. Wêr't dizze rinte weikaam, wurdt net dúdlik, mar

oant 1805 ta hat dizze rinte alle jierren wer betelle

wurde moatten (en faaks noch wol langer).

De priis dy't foar de pleats betelle wurde moat, is 4590

ggûne (102 gg de pûnsmjit). De Weesfâden ha de sinten net

en moatte foarearst in skuldbekentenis tekenje.

1760. Nei de hierders Wieger Pytters, Freerck Jeppes, Ids

Uilkes en Claas Rinderts (hast allegear in jier as tsien

hierder) komt der in famylje dy't wat langer op Rodmersma

buorket. Yn 1748 komt nammentlik in Uilke Jans foar en yn

1758 Jacob Uilkes. Dizze Jacob Uilkes hat yn 1760 7 kij

op stâl, brûkt 7 hynders foar it lânwurk en hat noch 86

pm boulân yn gebrûk. Hoewol't hy op Rodmersma wennet,

brûkt hy syn measte lân fan oare eigners as de Wees-

fâden. It skynt mar goed te gean mei Jacob Uilkes want

tsien jier letter hat er leafst 122 pm boulân yn gebrûk

en hat er 18 hynders op de pleats. Dit grutte oantal hyn-

ders liket te grut te wêzen om allinne mar brûkt te wur-

den foar it lânwurk; mooglik hat Jacob Uilkes ek oan de

hynstefokkerij dien.

1805. De Dijkstra's brûke om 1800 hinne Rodmersma. Foar

de 42 pm dy't de pleats dan grut is, moat Folkert Jans

Dijkstra (hat hy yn 1811 dy famyljenamme keazen fanwege

de âlde seedyk?) oan de Weesfâden elk jier 507 gûne oan

hier jaan. Hy hâldt 11 kij op syn bedriuw, hat 73 1/2 pm bou

yn gebrûk en 12 hynders op stâl. It is dúdlik dat ek Fol-

kert Jans wer lân fan meardere eigners hiere moat om syn

bedriuw draaiende te hâlden.

1858. Nei Geert J. Eisinga komt yn 1858 as brûker fan

Rodmersma sate foar: Folkert Jans Postma. Postma wie ek

al hierder fan Luitema sate, de oare pleats fan de Ljou-

werter Weesfâden yn Eanjum (sjoch nr. 10). Hy brûkt dus

de beide pleatsen mar hoe't hy dat krekt hân hat, om't de

pleatsen nochal fier útinoar lizze, is net mear te efter-

heljen. Faaks hie hy wol in setboer (as in soan) op ien

fan de pleatsen.

At it no oan Folkert Jans Postma lei as oan de gebouwen

sels, mar krekt neidat hy fan de pleatsen rekke, waarden

dêr nije gebouwen set: yn 1866 in nij Luitema en yn 1877

in nij Rodmersma.

1877. Op Rodmersma wenne doe al in Ganzinga as hierboer

want op de tekening fan de nijbou dy't bewarre bleaun is,

stiet as bewenner oanjûn: U.S. Ganzinga. It is in teke-

ning fan in moaie kop-hals-romp pleats mei plak foar 22

kij yn it bûthús en 10 kij yn it lytshûs. Der steane ek

noch trije gollen op de tekening.

Bewenners:

1818 Folkert Jans Dijkstra

1828 Geert Jans Eisinga

1877 Uilke Sieverts Ganzinga

1917 Sievert Ganzinga

1943 Willem Ganzinga

1973 Roel Ganzinga

Hjoeddedei wennet Roel Ganzinga noch altiten op de pleats

mei syn mem, in pleats dy't ek noch altiten as mingd be-

driuw brûkt wurdt. In 13 Ha wurdt brûkt as greide en de

rest as boulân.

 

 

 

8. BEWENNERS: K. Hiddema

J. Hiddema-Wiersma

ADRES: Healbeamswei 6

WENPLAK: Eanjum

PLEATSNAMME: Junia, Abbewier

FLOREENNUMER: 9

GRUTTE YN 1640: 60 pm

GRUTTE YN 1988: 69 HA

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: Stjelp 1885

EIGNER: K. Hiddema

 

 

Hoewol't Junia sate op in hichte leit, in soarte fan

terpke, en dus op in hiel âld wenstee stean moat, is it

net slagge om fierder yn de skiednis fan dizze pleats

werom te kommen as 1640. Mei in bytsje goede wil soe it

"Jumgana" dat yn 1542 foarkomt noch foar Junia trochgean

kinne, mar dat is net wis. It iennichste dat yn 1511 op

Junia slaan kin is de pleats fan Take Stestra, dy't sawol

60 pm lân hat as 18 floreen belesting betelje moat, wat

ek foar Junia yn 1640 jildt. Dat is dus in mooglikheid,

mar om't ûnder de eigners fan de pleats fan Take Stestra,

it kleaster Weert, de pastoar en de tsjerke fan Eanjum en

Kempa Roper, net ien namme foarkomt dy't op Junia liket,

is ek hjir gjin wissichheid te krijen.

1640. Gabe Wygers Botma is yn it Stimkohier fan 1640 de

eigner fan Junia sate. Gabe Botma wenne yn Moarre op

Botma State en hy hie noch trije pleatsen ûnder Eanjum yn

besit. Dan wie hy ek noch dykgreve fan Eastdongeradiel,

in wichtich baantsje yn in tiid dat de seediken noch net

sa sterk wiene.

Op Junia wenne doe Idske Rommertsma as hierboer. Hier-

boeren hawwe der in protte west op dizze pleats. Pas nei

1934 sil de earste eigner/bewenner op de pleats ferskine.

1714. Minne Wytses hat krekt nei 1700 sa'n tritich jier

boer west op Junia. Hy moast foar de 53 pm dy't de pleats

doe grut wie 268 cgûne oan hier jaan. It hûs wie tak-

searre op 2500 cgûne, in grut bedrach yn dy tiid. Hy hie,

om de pleats wer foar sân jier hiere te meien, in jier

ekstra hier betelje moatten. Dat "geschenck", lyk as dat

neamd waard, kaam in hiele protte foar. Yn dit gefal koe

Minne it bedrach oer de sân jier útstrike.

1760. It falt op hoe trou as de hierders oan dizze pleats

binne. Sawol Minne Wytses, Anne Tomas, Rindert Clases as

Klaas R. van der Ploeg ha in tritichtal jierren as mear

boer west op Junia. It skynt dat hja goede lânhearren

hiene yn de famylje Van Burmania. Leden fan dizze yn-

floedrike famylje ha de hiele 18de ieu yn it besit west

fan Junia en pas om 1835 hinne ha hja de pleats troch-

ferkocht oan Jonkhear Edzard Tjarda van Starkenborgh Sta-

chouwer, boargemaster fan Wehe yn Grinslân. Rindert Cla-

ses moast as hierboer yn 1760 elk jier 382 gûne jaan. Hy

koe dêrfoar in achttal kij op stâl sette, 7 hynders brûke

foar it lânwurk en nochris 70 pm ynsiedzje as boulân. Hy

hat dus nêst Junia noch mear lân hiere moatten.

1789. In ynfintaris, opmakke by it ferstjerren fan Gemme

Onuphrius van Burmania, jout wat ynsjoch yn de wearde fan

Junia krekt foar 1800. De akte seit: " Junia 44 pm nu

110, met hornlegers Autha en Jouwdema ", in skatte wearde

fan 8393 gûne. Ek út dizze akte docht wer bliken dat net

allinne lân fan Junia by de pleats brûkt waard mar dat de

Van Burmania's út oare pleatsen, ek yn harren besit, lân

brocht hiene ûnder Junia.

1805. Klaas Rinderts (syn heit hie hjir foar him buorke)

hat noch wer mear lân by de pleats yn gebrûk. Hy brûkt

116 pm as boulân. Hy hat dan ek wat mear hynders nedich

foar it wurk (9 hynders) en moat mear kij hâlde foar de

nedige dong (10 kij). Yn in tiid sûnder keunstdong wiene

de kij yn dizze kontreien benammen bedoeld foar de dong

dy't hja opsmieten. Allinne wikselbou en it braaklizzen

fan lân wiene oare manieren om it lân fruchtber te hâlden

Klaas Rinderts (hy neamt him letter Van der Ploeg) moat

ek gâns mear hier betelje as syn heit: 1128 gûne yn it

jier. Hy moat ek stean foar it ûnderhâld fan de pleats.

Dat betsjut dat de pleats net mear, sa as om om 1700 hin-

ne, it besit wie fan de hierboer, mar de lâneigner no ek

de pleats sels, yn eigendom hie.

1885. Jonkhear Alidius Warmoldus Lambertus Tjarda van

Starkenborgh Stachouwer lit yn 1885 in nije pleats del

sette. It hiele perseel wêr't de pleats op stie, waard

fergrutte fan 1340 oant 3810 kante meter. Alde ferhalen

wolle ha dat de pleats doe krekt oars om set is: yn stee

fan de foarein nei de wei kaam de foarein no mei it út-

sjoch de lannen oer. De kadasterkaart fan 1832 jout foar

Junia in kop-hals-romp pleats oan. De Stachauwers wiene

belangrike minsken yn de stêd Grins. De bouwer fan de

nije pleats wie notaris en syn soan waard boargemaster

fan de stêd Grins.

1925. Hy ferkocht de pleats oan in oare boargemaster, of

leaver, oan de heit fan in boargemaster: Engbert Lieuwes

Sijtsma. Soan Sijds Sijtsma wie fan 1901 oant 1934 boar-

gemaster fan Eastdongeradiel.

Bewenners:

1858 Pieter Douwes Dijkstra

1859 Douwe Pieters Dijkstra

1895 Popke Minzes Bakker

1907 Minze Popkes Bakker

1920 Kornelis de Boer

1934 Sjoukje de Vries (widdo Terpstra)

1951 Wytze Terpstra

1969 Kornelis Hiddema

Yn dit rychje bewenners sit ek de earste eigner/bewenner

fan Junia. Dat wie Kornelis Hiddema, de earste yn in tiid

rek fan sa'n 350 jier, dy't as boer ek it eigendom fan de

pleats hie. Foar him hie Kornelis Vogel Junia oerkocht

fan de erfgenamten fan Engbert Sijtsma. By de ferkeap fan

de pleats ûnder lieding fan notaris Aleva út Eanjum wurdt

de pleats beskreaun as: "Een bijzonder hechte, sterke en

uitstekend onderhouden, in 1885 nieuw gebouwde Stelphui-

zinge met bijschuur, wagenhuis, stookhok, gierkolk van 90

m3, hovinge, hornleger en erf, "Abbewier" genaamd..." Dit

is de earste kear dat yn'e papieren de twadde namme fan

de pleats foarkomt. Kornelis Vogel en syn soan Halbe ha

in 35 jier lang de pleats yn eigendom hân foar't hja dy

oerdroegen oan de SBL. De bewenner fan hjoeddedei, Korne-

lis Hiddema, hat doe de pleats wer fan de SBL oankocht.

 

 

 

 


 

9. BEWENNERS: J. Hoogland

K.S. Hoogland-Botma

ADRES: Skânserwei 2

WENPLAK: Eanjum

PLEATSNAMME: Nij Wobma, Lyts Wobma

FLOREENNUMER: 54

GRUTTE YN 1640: 70 pm

GRUTTE YN 1988: 33 HA

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: Kop-hals-romp 1820, efterein 1921

EIGNER: Verenigde Stichtingen Van Dooren-Blanken-

heym-Van Lede te Rotterdam

 

 

Der binne twa pleatsen mei de namme Wobbema yn it doarps-

gebiet fan Eanjum: Grut Wobbema en Lyts Wobbema (ek wol

Nij Wobbema). Om't dizze beide pleatsen ticht byinoar oan

de âlde seedyk lizze, leit it yn'e reden om te tinken dat

hja ienris ien pleats foarme ha. Dat moat dan al foar

1640 west ha want dan is der al in twadieling. It ferhaal

giet dat der rûzje west hat yn de famylje dy't it feriene

Wobbema yn besit hie en dat der doe in twadde pleats, Nij

Wobbema, byboud is. It kin ek samar in ferhaaltsje wêze;

it is yn alle gefallen net mear nei te gean.

1511. Gabbe Wobbema en syn suster Ael Wobbema komme foar

yn 1511 as al it grûnbesit fan Fryslân optekene wurdt.

Ael wennet yn in hierhûs mar har broer buorket op in hie-

le grutte pleats: 65 pm lân bûten de dyk en 62 pm binnen-

dykslân en noch 8 pm "op ter Bant". Hy is sels eigner fan

24 pm yn dizze pleats, syn suster Ael hat nochris 11 pm,

mar it grutste part is fan Sywck Kamminga en Sippa

Heemstra. Dizze pleats wurdt oanslein foar 36 ggûne, dat

makket sawat 4 pm foar 1 ggûne. Neist dizze pleats ha

broer en sus tegearre noch 33 pm lân yn in pleats fan

Syole ter Herne (Sjolle fan Oostmahorn?). Ut al dizze be-

sittings fan Gabbe en Ael soene dan de beide Wobbema's

fan hjoeddedei ûntstien wêze.

1542. De "Wobma vuijterdycken" (bûtendykslân) wurde neamd

yn 1542 en de eigner fan Wobbema moat elk jier 20 stuor-

ren rinte jaan oan de vicaris (de twadde pryster) en 16

stuorren oan de prebende (in soarte fan lien).

1580. Willem Wobma sit yn 1580 op de pleats mar it is net

dúdlik at hy famylje is fan de Wobbema's fan 1511 as dat

hy de hierder is dy't neamd wurdt nei de pleats. Yn alle

gefallen moatte de 16 stuorkes oan de tsjerke noch wol

betelle wurde.

1610. In hiel âld hierkontrakt dat fan Wobbema bewarre

is, lit foar it earst de twadieling sjen. Yn dat hierkon-

trakt wurdt praat fan Wobbema te Eanjum mei in grutte fan

70 pm lân, wat krekt de grutte fan Nij Wobbema yn 1640

is. Der moat lykwols by sein wurde dat Grut Wobbema yn

1640 ek 70 pm grut is. Dat betsjut dat yn 1610 al sprake

is fan de twadieling oars hie it in pleats wêze moatten

fan 140 pm. Om út te meitsjen hokker Wobbema hjir bedoeld

wurdt, kin sjoen wurde nei de ferhierder Watse van

Ockinga. Yn 1640 is Douwe van Ockinga as besitter oanjûn

en hy sil de soan van Watse west ha. Watse van Ockinga is

troud mei in Saepck van Burmania en dat wiist der op dat

it âlde ferhaal fan de rûzje yn de famylje ek noch wolris

wier wêze kin, om't Grut Wobma yn 1640 yn hannen is fan

Rienk van Burmania!

Hierders fan Wobbema binne Jan Oedts en syn frou Ments

Bockeszdochter. Hja kinne de 70 pm fan de pleats hiere

foar 136 ggûne yn it jier yn twa terminen te beteljen.

Der wurdt net in bepaalde tiid ôfpraat dat hja de pleats

hiere meie, mar dat sil wêze "...van Jaer tot Jaer soo

lange ons beiden contrahenten aen wederseijden gelieven

zall..." Hja meie net greide ta bou skuorre en der wurdt

noch ôfpraat dat as Jan en Ments fan de pleats ôfgean, de

ferhierders 500 ggûne jaan sille foar de gebouwen dy't

dus eigendom binne fan de hierders.

1640. Sa as hjir boppe al neamd, wie Douwe van Ockinga yn

it Stimkohier fan 1640 de eigner fan Nij Wobma wylst Ger-

rit Tjibbes de 70 pm lân doe bebuorke.

1714. De famylje Heerma is yn de earste helte fan de 18de

ieu de eigner fan Nij Wobma. Hja kinne elk jier 160 ggûne

barre fan Folkert Dirx (ek op nr. 11 komt hy foar). De

wearde fan de gebouwen wurdt dan skat op 2500 ggûne. Dat

is hiel wat mear as hûndert jier earder en dat soe wize

kinne yn de rjochting fan nijbou yn dy snuorje. Nei

Folkert Dirx komt syn broer Meint Dirx op de pleats en ek

Minse Dirxs koe wolris fan dy selde famylje wêze.

1758. Minse Dirks hat te krijen mei in nije lânhearre as

yn 1758 de Freulin lidmaat Lou‚ fan Snits it 5/6 part fan

de pleats oerkeapet fan Jonkhear Willem Hendrik van Vos.

Minse hat dan noch sân hierjierren te goede foar 155

cgûne yn't jier. De Freulin moat as keappris 9000 cgûne

deltelle en dat betsjut dat hiel Nij Wobma yn dy jierren

10.800 gûne wurdich west hat.

It beslach fee fan Minse bestiet út 6 kij en 6 hynders en

hy brûkt noch 55 pm as boulân. Op dit bedriuw ha nea fol-

le kij west want ek letter wurde nea mear as seis kij yn

de kohieren optekene.

1805. Sake Botma hiert yn de Frânske Tiid de pleats fan

Johannes Casparus Bergsma en moat 840 gûne op it kleed

lizze. Ek hy hat mar 4 kij en 3 rierren, 5 hynders foar

it lânwurk wylst ek it tal pûnsmjit boulân wer lytser is:

43 1/2. Dat betsjut in efterútgong fergelike mei syn foar-

gongers.

1818. Nei 1800 komt der wer in Wobma op de pleats. Doe't

Kornelis Reitses yn 1811 in famyljenamme kieze moast, sil

hy syn pleatsnamme wol yn gedachten hân ha: Kornelis

Reitses Wobma. Om't hy ek Grut Wobma yn besit hie, wiene

doe de beide Wobbema's wer feriene. De dochter fan Korne-

lis, in Hieke Kornelis, nimt letter Nij Wobma oer. Hja is

troud mei Kornelis Idses van Eisinga en dizze Van Eisinga

famylje hat oant 1961 ta op dizze pleats buorke, al moat

der by sein wurde dat der gauris oantrouden op wennen.

Bewenners:

1859 Ids Kornelis van Eisinga

1887 Sijke Engberts Botma (widdo Van Eisinga)

1893 Pieter Jacobs Botma

1926 Hille Pieters Botma

1963 Johannes Hoogland

Dat Pieter Jacobs Botma om 1900 hinne op de pleats buork-

je koe, kaam om't hy troud wie mei de dochter fan de eig-

ner: Cornelia Idses van Eisinga. Hja hie de pleats fan

har heit urven.

1921. Pieter Botma hat meimakke dat de efterein fan syn

pleats by in grutte brân, feroarsake troch heabroei, al-

hiel ferinnewearre waard. "Van de inhoud van het achter-

ste gedeelte kon niets worden gered", seit de Dockumer

Krante. De foarein, neffens in jiertalanker fan 1820, koe

bewarre bliuwe mar der moast in hiele nije efterein boud

wurde. De saak waard goed oanpakt want neffens it

kadaster waard de pleats twa kear sa grut: fan 132 gûne

yn de belesting oer de beboude oerflakte nei mar leafst

267 gûne!

1961. Nei Pieter Botma wurdt syn dochter Eelkje Botma,

troud mei Albert Rienks, de eignerske fan de pleats. Al

yn 1966 ferkeapje hja de pleats wer troch oan de "Stich-

ting Maria Catharina van Dooren's Vrouwengesticht van

Weldadigheid" yn Rotterdam. Dan is der al in nije boer op

dizze pleats yn de persoan fan Johannes Hoogland, dy't

sûnt 1963 op Nij Wobma buorket.

 

 

 

 

 


 

10. BEWENNERS: A. Witteveen

H. Witteveen-Hiddema

ADRES: Skânserwei 10

WENPLAK: Eanjum

PLEATSNAMME: Luitema

FLOREENNUMER: 40

GRUTTE YN 1640: 100 pm

GRUTTE YN 1988: 37 HA

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: Kop-hals-romp 1866

EIGNER: Nationale Nederlanden NV

 

 

Mear as trijehûndert jier lang hat de skiednis fan dizze

pleats ferbûn west mei de skiednis fan it Old Burger

Weeshuis yn Ljouwert. Fan it testamint fan Peter Hesop yn

1609 ôf, oant de ferkeap yn 1935 oan de famylje Hiddema

ta, hat de lânhearre altiten deselde west.

1511. Yn it register fan oanbring komt Luitema sate foar

it earst foar. In Tiepka Lyoetema is dan de brûker fan 19

pm lân bûtendyks- en 19 pm binnendykslân.Ek brûkt hy noch

6 pm "op den bant". Syn hiele pleats is skat op in hier-

wearde fan goed 18 ggûne. Hy is sels mar eigner fan 12 pm

wylst Wilke Hollingen (Holdinga) mear as de helte yn han-

nen hat. Ek de styfbern fan Tyepka ha noch in 9 1/2 pm yn

besit, mar dat bleau yn de famylje.

1542. Tritich jier letter sit Tyepka noch op de pleats en

brûkt hy ek lân fan de tsjerke fan Eanjum: "...drie

jerden up vuijterdycken, in Slyck in Luytmafen..." Dat

lei dus bûtendyks en sil net sa bêst west ha, om't praat

wurdt fan "in Slyck". Hy hoecht ek mar 11 1/2 stoer oan hier

te jaan.

It kin wêze dat in eardere bewenner fan Luitema sate hjir

efkes om de hoeke sjocht. De pastoar jout nammentlik op

dat dizze trije jerden ôfkomstich binne fan Rynthie

Luottema, Heer Hiddo Camminga en Fecko Melcke zoon en

"...becleympt in Lyottema landen..." lizze. De trije

neamde mannen soene dus dit lân oan de tsjerke skonken ha

en dan soe dy Rynthie Lyottema al foar 1511 op de pleats

wenne moatten ha.

1580. Jan Liottema is de folgjende bewenner dy't bekend

is. Hy moat ek 12 stuorren oan de tsjerke en 13 stuorren

oan de prebende jaan. Wichtiger is dat hy yn 1582 komt te

ferstjerren en dat syn widdo Jouck Haye dochter de boel

dan op'e buorden bringt. Yn dat boelguod wurde tsien kij

ferkocht foar prizen tusken de 11 en 20 ggûne. De kleur

fan de measte kij is read en bleek; der is mar ien swarte

ko by! In swarte inter bolle bringt 5 ggûne op en fan de

trije hynders bringt in "bruijn voele merye" it measte

op: 20 daalders (sjoch fierder bylage A).

1609. "Noch legatere ende bespreecke Ick testator het

weeshuijs binnen deeser steede Leeuwarden seeckere mijne

Saete Landts met alle sijne gerechticheden ende toebehoo-

ren geleegen Inden dorpe Aenium In Dongerdeel Luetema Sa-

te genaemt by Epe Jans zn gebruijckt wordende..." Dit

lytse stikje út it testamint fan Peter Hesop, datearre 9

maart 1609, hat fan grutte ynfloed west op Luitema sate.

De Weesfâden koene beskikke oer de opbringst fan dizze

grutte pleats fan 100 pm, mar hja moasten dêr tsjinoer

seis "schamele weeskes" yn it weeshûs opnimme. Wezen út

de famylje fan Peter Hesop hiene dêrby foarrang. De fa-

mylje fan Hesop hat noch besocht om de pleats te behâlden

mar dy rjochtsaak waard yn 1613 troch de Weesfâden wûn:

de fâden krije it besit fan Luitema en de famylje sil yn

it ferfolch de seis wezen oanwize dy't neffens de winsk

fan Peter Hesop ûnderholden wurde moatte.

1662. It âldste hierkontrakt fan Luitema sate dat bewarre

bleaun is, is fan 1662. Folkert Dircks, al yn 1640 hier-

der fan de pleats, is ferstoarn, soan Cornelis Folkerts

ek al, mar de erfgenamten wolle de pleats wol graach oan-

hâlde foar de famylje: Nittert Cornelis doe de nije hier-

der wurde moatte. Dêrom moat der wer in nij hierkontrakt

opmakke wurde en dat betsjutte hiel wat, teminsten wat it

jild oangiet.

Yn't foarste plak sil de sate opnij opmetten wurde en

moat de nije hierder foar elk pûnsmjit 2 ggûne oan hier

jaan. Hy mei twa kear sân jier op de pleats buorkje, mar

dan moat hy wol, nei de earste sân jier, in jier ekstra

hier jaan. Fierder moat hy as "propijn" ek nochris 1200

ggûne op it kleed lizze. Dit "propijn" betsjut safolle as

in geskink om 14 jier op de pleats buorkje te meien. Dy

propijn wie yn dit gefal dus 12 ggûne de pûnsmjit.

As Nittert Cornelis yn maaie 1663 as nije hierder op de

pleats komt, docht bliken dat hy 1000 ggûne as propijn en

182 ggûne as hier betellet. Dat it bedrach no minder is,

komt omdat by it opmjitten bliken die dat de pleats mar

91 pm grut wie en net 100. Dit sil ferklearre wurde kinne

troch it weifallen fan in part fan it bûtendykslân (faaks

by in trochbraak fan de kaaidyk).

1728. De famylje fan Nittert Cornelis bliuwt al mar oan

as hierder fan de pleats fan de Weesfâden en yn it argyf

komme tal fan gegevens foar. Sa wurdt de wearde fan de

gebouwen fan Luitema, eigendom fan de hierder, yn 1684

skat op 2500 ggûne wat foar dy tiid in heech bedrach is.

Noch nijsgjirriger is lykwols it ferslach fan in taksaas-

je út 1728. Claas Rinnerts, troud mei in dochter fan

Dirck Cornelis (wer deselde famylje) lit de pleats tak-

searje; hy moat de gebouwen ommers oerkeapje. Hy komt ta

it folgjende rychje:

 

T binnenhuis met de voorgevel en de achtergevel

mitsgaders de stins 1029 - 14 - 0

De schuir en de puiskoken (koken wêr't ek 1259 - 13 - 0

tsjerne waard)

De hovinge naa de eerste plantingh 76 - 5 - 0

T paalwerk tot de oude dijk voor 1/3 171 - 1 - 12

T paalwerk van de poldersdijk voor 1/5 74 - 6 - 0

T aardwerck van de nieuwe dijk voor 1/5 200 - 0 - 0

 

In pear dingen oan dizze taksaasje falle tige op. Sa

wurdt der praat fan in stins, yn de midsieuwen in stien-

nen gebou, bedoeld om jin better ferdigenje te kinnen

tsjin de oanfallen fan in fijân. Sa'n stins wie eins hast

altiten yn hannen fan eallju. Soe Luitema dan ek sa'n

"State" west ha?

Dan wurdt it stik dyk dat troch de bewenners fan Luitema

Sate ûnderholden wurde moat (hiel lang ha de grûnbesit-

ters sels de seediken opmeitsje moatten: hoe mear grûn

hoe mear roeden seedyk!), ek ta it besit fan de pleats

rekkene. Eins is dat ek wol te begripen want der moast

gauris oan de diken wurke wurde. As alle besittings op-

teld wurde, komt men foar de pleats sels ta 2280 ggûne en

foar de diken ta 1885 ggûne. Dat betsjut dat de wearde

fan de seediken dy't ta dizze pleats hearden, hast like

grut wie as de wearde fan de pleats sels! Wêrom't yn de

taksaasje praat wurdt oer tredde en fyfde parten fan de

dyk, is net rjocht dúdlik mar der kin tocht wurde oan it

tal erfgenamten.

1760. De soan fan Claas Rinnerts, Dirck Clases, is yn it

midden fan de 18de ieu boer op Luitema sate. Hy hat 4 kij

en ien rier op stâl, brûkt 68 pm lân om syn fruchten op

te ferbouwen en hat 6 hynders foar it swiere wurk.

1805. Jelle Luitjens is, nei 160 jier, de earste bewenner

fan Luitema dy't net út famylje komt fan Folkert Dirks.

Jelle hat wat mear fee op it bedriuw: 8 kij en 4 rierren.

Hy hiert net allinne de 95 pm fan it Weeshûs, wêr't hy

jierliks 478 gûne foar jaan moat, mar hy hiert noch mear

lân fan oare eigners. Sa kriget hy nêst de greide dy't hy

nedich hat foar syn 12 kij en 10 hynders, nochris 101 pm

boulân ta syn beskikking. It is dúdlik dat de Frânske

tiid foar de boer op Luitema sate in opgeande tiid wie.

1866. De Weesfâden komme ta it beslút dat er in nije hu-

zing set wurde moast op Luitema. De hierder, al sûnt 1818

Thomas Jans Postma, sil der wol tige wiis mei west ha,

krekt as syn opfolgers.

Bewenners:

1880 Eeltje Harmens Jansma

1882 Pieter Klazes Dijkstra (gie 1884 nei Amearika)

1884 Pieter Berends Klazinga

1889 Haije Ypes Viersen

1926 Douwe Haijes Viersen

1934 Abe Lieuwes Hiddema

1963 Anne Witteveen

Nei 350 jier yn it besit west te hawwen fan Luitema, fer-

keapje de Weesfâden yn 1934 de pleats oan Lieuwe Oeges

Hiddema fan Holwert. (By de provisjonele ferkeap waard de

huzing op FL. 4071 ynset en de hiele pleats fan 33 HA kaam

op'e buorden foar FL. 55.816,-). Abe Lieuwes Hiddema wurdt

de nije bewenner fan Luitema. De famylje Hiddema docht de

pleats yn 1956 al wer oer oan de fersekeringsmaatskippij

Nationale Nederlanden.

De hear A. Witteveen hat syn skoanheit yn 1963 opfolge as

boer fan Luitema sate.

 

 

 

 


 

11. BEWENNERS: G. van der Zee

L. van der Zee-Zondervan

ADRES: Bantswei 3

WENPLAK: Eanjum

PLEATSNAMME: Adson, Oud Fenne Sate

FLOREENNUMER: 55

GRUTTE YN 1640: 106 pm

GRUTTE YN 1988: 40 HA

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: 1988

EIGNER: AEGON Fersekeringsmaatskippij

 

 

In grutte brân op 11 novimber 1987 makke in ein oan ien

fan de steatlikste pleatsen yn dizze kontreien: Adson

sate. Yn stee fan dizze echte Fryske pleats stiet der no

in modern bedriuwsgebou mei in kreaze wente.

It is eins wat frjemd gien mei de namme Adson. Hjoeddedei

stiet de pleats bekend as Adson (ek wol Adsen) , mar eins

is dat in ferskriuwing fan it wurd Adfen. Yn âld skrift

liket de "f" in protte op de "s" en sa sil dat ûntstien

wêze. Adfen is dan wer itselde as Ald Fen en dan wurdt de

betsjutting fan de namme dúdlik: pleats by/mei de âlde

finne. In finne is in stik greide dat net brûkt wurdt om

gers fan te heljen, mar wêr't de kij yn rinne, meast

tichteby de pleats.

1511. Jelmer biden olden fen (ek wol "in den olde fen")

sil de earste bewenner west ha dy't bekend bleaun is. Hy

wie sûnder mis in ryk man want hy buorket net allinne op

in pleats fan 109 pm, mar hy hat ek noch lânbesit yn oare

pleatsen: 9 pm lân yn Fokkema en 48 pm yn Rypkema.

Fan syn eigen pleats leit 60 pm lân binnen en 47 pm bûten

de seedyk. Ek hat er noch 2 pm op de Bant yn gebrûk.

Jelle is eigner fan sawat de helte fan syn pleats, 50 pm.

Sywert Aebingen hat noch wat mear yn besit en de Abt fan

Dokkum, Sippa Jennama en Barnt wever ha ek noch in pear

pûnsmit yn hannen. De pleats bringt jierliks goed 33

ggûne op en dat is dan sawat 3 1/2 pm foar 1 ggûne.

1640. Nei 1511 ferdwynt dizze pleats in hiel skoft yn de

mist, pas yn it Stimkohier fan 1640 komt de Oud Fenne

Saete wer wat nei foaren. Eigner is dan de baas fan Ropta

State yn Mitselwier: Jonkhear Carel van Sternsee. Van

Sternsee wie Papist en mocht dus net de stim fan dizze

sate brûke. De pleats is 106 pm grut en wurdt bebuorke

troch Tjeerd Uilkes.

1714. Reitse Bantman, in tapaslike namme foar immen dy't

sa tichteby de Bant wenne, is nei de ieuwiksel hierboer

op Adson. Hy moat 500 gûne oan hier jaan oan syn lân-

hearren Jonkhear Uijterwyck en Jonkhear Johan de Wolff

(dizze lêste wenne ek op Ropta). De eallju sloegen doe

foar master op en dat is sa bleau oant 1800 ta. De huzing

wie fan Reitse sels en hie in skatte wearde fan leafst

3000 ggûne, de heechste yn hiel Eanjum.

1760. Paulus Popes hoecht safolle net te beteljen; syn

254 gûne is hast de helte fan de 500 fan Reitse Bantman.

De ferklearring fan dit weromrinnen fan de hierpriis koe

wolris lizze yn it oanlizzen fan Eanjumer- en Ljussemer

polder. De besitters fan grûn yn dy polder ha doe de

Steaten fan Fryslân frege om ferleging fan belesting.

Paulus buorket mei 8 kij en 8 hynders en brûkt 80 pm fan

syn lân foar bou. De widdo fan Paulus hat it muoilik yn

de tiid fan de feestjerte (1770). Hja hâldt noch mar 3

kij oer en ek it folgjende jier binne der mar 4 kij mear.

As gefolch fan de feestjerte nimt it tal pûnsmjit boulân

ta: 88 pm yn 1771. It tal hynders op de pleats giet om-

heech nei 12 stiks.

1805. As nei de feepest de saak wer wat normaal wurdt,

sjocht men dat de situaasje op Adson wer sawat gelyk wur-

den is as foar dy tiid. Cornelis Reitses, dy't foar 1550

gûne yn it jier op de pleats buorket, hat wer 7 kij en 8

hynders en brûkt 75 pm as boulân. Dizze ferhâlding tus-

ken fee en boulân sil foar Adson it bêste west ha.

Nei 1800 wurdt it de tiid fan de Botma's op Adson sate.

Earst is Grietje Harmens Botma eignerske en is Ype Eng-

berts Botma de bewenner, mar sa om 1840 hinne is alles

fan Ype Botma. De neiteam fan dizze Ype Botma sil mear as

hûndert jier Adson sate yn besit hâlde. Pas yn 1947 wurdt

de pleats oerdien oan de "Groot Noord-Hollansche van

1845". De AGO en no de AEGON wurde de opfolgers as eig-

ners.

Bewenners:

1849 Ype Engberts Botma

1891 Jan Ypes Botma

1909 Jan Jans Botma

1918 Sieds Binnema (troud mei Jantje Botma)

1936 Folkert van der Zee

1969 Gerlof van der Zee

Neffens in tinkstien dy't yn de muorre fan de ôfbaarnde

pleats siet, is der yn 1878 in nije pleats boud. Spitich

genôch is dy stien by de brân ek ferlern gien. It kadas-

ter jout oan dat de nije pleats doe folle grutter wurden

is as de pleats dy't der stie: de belesting oer de bebou-

de oerflakte waard hast fjouwer kear sa grut!

1960. Nei de Botma's hat, sûnt de tritiger jierren, de

famylje Van der Zee op dizze pleats buorke. De earste Van

der Zee, Folkert Gerlofs, hat in protte dien oan de fee-

fokkerij. Hy hie in twatal bisten meinaam fan syn heite'

beslach en is dêr mei oan it fokken set. Dat hat, nei

meardere tsjinslaggen, resultearre yn de kampioensbolle

Jelsumer Gerard Wouter 3, dy't yn 1960 útroppen waard ta

kampioen fan hiel Fryslân.

Hie heit, nêst de ierdappels, in protte niget oan de

feefokkerij, soan Gerlof van der Zee hat him in protte

dwaande holden mei it oansetten fan nije ierdappelrassen.

Nei't de kij yn 1976 fuortdien wiene, koe hy him al hie-

lendal ynsette foar it kweken en selektearjen fan nije

ierdappelrassen. De grutte brân hat hjir gjin goed oan

dien, al kin sein wurde dat de helte fan it plantguod al

by in broer yn Grinslân wie,dat alhiel ferlern is it wurk

net.

 

 


 

HIERPRIZEN EN SEEDIKEN YN EANJUM.

 

Yn Eanjum docht him in frjemd ferskynsel foar mei de

hierprizen yn de 18de ieu. Is it yn alle oare doarpen sa

dat de hierprizen stadichoan omheech rinne, yn Eanjum

giet it krekt de oare kant út!

Omtrint 1754 rinne de hierprizen neffens it Reëelkohier

hiel bot werom: fan 450 nei 322 gûne, fan 450 ta 254 gûne

ensfh. Yn 1756 is it sa slim dat fan de hierpriis fan

Adson, yn 1750 wie dy 450 gûne, noch mar 45 gûne oer-

bleaun is! Pas nei 1770 rinne de hierprizen wer omheech

krekt as yn de oare doarpen ek it gefal is.

De ferklearring moat socht wurde yn in fersyk fan Eanju-

mer lâneigners oan Deputearre Steaten fan Fryslân om de

Floreenbelesting oer in perioade fan 20 jier net betelje

te hoegen. Dat soe dan allinne jilde moatte foar it lân

yn de Eanjumer polder: "...houdende omstandige aanwij-

zinge van de overgrote kosten die ten behoudenis der pol-

derdijken moeten werden gedaan en de onmogelijkheid van

deselve in den haren te vinden..." Hja fersykje om in be-

drach as stipe yn iens, as it net hoege te beteljen fan

de floreenbelesting foar 20 jier "gelijk voormaal". Hja

ha soks dus al earder oanfrege. It fersyk wurdt tastien.

Mooglik ha de eigners de boeren ek wat ûntsjoen mei de

hierprizen. It kin ek wêze dat de boeren oan de diken

wurke ha en dêrom minder hier hoegden te jaan. Ommers,

sûnder de help fan de boeren soe de polder der wer ûnder-

strûpe en dan hiene de eigners ek gjin lân mear!

 

Oersjoch:

1750 1752 1754 1768

 

Junia hier: 450 322 291

Nittema 370 278 278

Stiem 260 171 89

Nij Wobma 148 137 176

Adson 450 254 45

 

 

 

 

 


 

12. BEWENNERS: J.F. Botma

A. Botma-Norder

ADRES: Langgrousterwei 61

WENPLAK: Easternijtsjerk

PLEATSNAMME: Van Tiara State, Heemstra

FLOREENNUMER: 29

GRUTTE YN 1640: 80 pm

GRUTTE YN 1988: 136 pm

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: Stjelp 1913

EIGNER: Diakonije Ned. Herf. Gem. te Frjentsjer

(Huzing en it measte lân)

 

 

De namme fan dizze pleats, Van Tiara State, is mei rjocht

en reden in jier as wat lyn op de homeie fan dizze pleats

slein. Ommers, it testamint fan Ibella Ida van Tiara hat

fan grutte ynfloed west op de skiednis fan dizze pleats.

Yn 1689 makke hja in testamint wêrby't hja "...de wesen

tot Franequer gealimenteert wordende in het Stads

Weeshuys..." al har besittings tamakke. Nêst in 4000 gûne

oan sinten en wat huzen yn Frjentsjer waard ek "een saete

lands tot Nieukerk in Oostdongeradeel" oan de wezen yn

Frjentsjer skonken. De Weesfâden mochten sels witte

hoe't hja mei de sinten omgiene mar fan de pleats sei hja

"...als willende deselve altoos voor de weeskinderen in

het voorschreven huis onderholden wordende, sal worden

bewaert..." De pleats mocht (en mei) dus net ferkocht

wurde.

1511. Neffens it register fan oanbring is Beynthie Heest-

ma yn 1511 de eigner fan dizze pleats. Mooglik is dat

"Heestma" ek in ferskriuwing fan "Heemstra" want neitiid

binne de Heemstra's eigners fan dizze pleats. Alef Het-

tesz wurdt opjûn as brûker fan de 68 pm dy't by de pleats

hearre, foar in hier fan 16 ggûne yn it jier.

1640. Mear as hûndert jier ferdwynt de pleats no yn it

tsjuster foar't it Stimkohier (1640) wer foar wat ljocht

soarget. Ittie van Heemstra wurdt as eigner neamd en dêr

sil Ydt van Heemstra mei bedoeld wurde. Ydt is troud mei

in Johannes van Tiara en tegearre ha se ien dochter:

Ibella Ida van Tiara. As har mem yn 1650 begroeven wurdt

yn de tsjerke fan Kimswert is Ibella de iennichste erfge-

namt.

Hierboer op Heemstra sate wie Wilke Sippes en de grutte

fan de pleats is yntusken oprûn ta 80 pm.

1694. As yn jannewaris 1694 Ibella Ida van Tiara komt te

ferstjerren, ferskynt Heemstra sate yn de boeken fan de

diakonije fan Frjentsjer. Om't hast alles bewarre bleaun

is, komme der dêrnei in protte gegevens beskikber oar de

skiednis fan de pleats. Sa stiet beskreaun dat de hier-

der, Pytter Martens, yn't jier 223 gûne oan hier betelje

moat en om't it yn dy tiid wenst wie dat de hierder de

huzing sels yn besit hie, moat de wearde fan de huzing

skat wurde. De wearde wurdt dan fêststeld op 1500 ggûne.

1749. As yn Fryslân nije belestingkohieren opmakke wurde

yn 1749 stiet der by Marten Pyters, hierboer op Heemstra

en soan fan Pytter Martens, "een tamelijk welgesteld

boer". Dat soe der op wize kinne dat it wol buorkje woe

op de pleats fan de Frjentsjerter Weesfâden.

1760. De speciekohieren litte sjen hoe't der op dizze

pleats buorke wurdt. Sawat de helte fan it lân wurdt foar

bou brûkt en op de oare helte weidzje 7 kij en 6 hynders.

Dit bliuwt lange jierren frijwol gelyk mar tsjin 1800 oan

begjint it tal kij op te rinnen nei 10 stiks en komme der

8 hynders op it bedriuw. Dy hynders ha genôch wurk om't

it tal pûnsmjit boulân dan sa'n 60 wurden is. Claas Jans

hat dan ek it lân fan de pleats nêst Heemstra yn gebrûk,

foar in part is dat ek syn eigendom.

1808. Dat it net allinne foar de boeren in opgeande tiid

is, mar ek foar de lâneigners dy't hegere hieren freegje

kinne, wurdt dúdlik út it earste hierkontrakt dat fan

Heemstra sate bewarre bleaun is (1808). Klaas Jans Heem-

stra, hy sil syn namme ôflaat ha fan Heemstra sate, moat

foar de 84 pm dy't by de pleats hearre, dan 1029 gûne

betelje. Dat wie hiel wat mear as de 300 gûne dy't sawat

de hiele 18de ieu betelle wurde moast.

Yn it kontrakt steane noch in pear nijsgjirrige dingen.

Sa jildt it nije kontrakt foar 10 jier en moat Klaas yn

de hjerst fan it lêste jier 14 pm braak lizze litte en de

oare lannen "in stoppel en herfstvalligen laten liggen".

Fierder mei hy net fan bou wer greide meitsje as oarsom

sûnder tastimming fan de Weesfâden, moat hy alle dong

dy't syn pleats opsmyt oer it lân bringe en mei hy dêr

neat fan ferkeapje. In algemiene bepaling seit noch: "Dat

de huurder verpligt is de landen naar zijn beste vermogen

te cultiveren, dezelve te beslatten, begreppelen, beaard-

rijden gelijk een eerlijk Meijer schuldig is te doen"

(sjoch bylage G).

1826. Syn opfolger as hierder, Klaas Sijmons Kloostra,

liket it net sa goed te dwaan as boer. Yn it earstoan

giet it noch wol en bringt hy de hier wol op, mar sawat

om 1822 hinne komt de hier ûnregelmjittich yn Frjentsjer,

op it lêst stiet it sels alhiel stil. Yn 1826 bringe de

boargen fan Kloostra de hier nei de Weesfâden: Kloostra

sels hat it faaks oerjûn en de boargen kinne der mar foar

opdraaie. Hy hat ek net sa goed foar de huzing soarge

want Pieter Arjens Kingma krijt 500 gûne koarting

"vanwege mindere waarde der huizinge en schuure".

1855. Dat de gebouwen der min foarstiene, blykt wol as

der yn 1855 in nije pleats boud wurde moat. It kostet de

Weesfâden in protte sinten: "31 Jan 1855 - Aan J. Helder

als aannemer van het bouwen van de plaats te Nijkerk de

somma van FL. 3400,-" en hja liene sinten "...tot afdoening

eener schuld veroorzaakt door het Bouwen eener Nieuwe

Stelphuizing op de plaats te Nijkerk, door K. Venema be-

woond..."

Meiinoar hat dizze nijbou de Weesfâden FL. 6402,46 1/2 koste.

1913. In sechtich jier letter wie der al wer nijbou

nedich en doe is de pleats set dy't der no noch stiet. In

tinkstien oan de foargevel seit: "Hilda Ida/ Van Tjara

State/ in 1913 vernieuwd onder/ bewind van de voogden/

van het Diaconie Weeshuis/ der Ned. Herv. Gem. te

Franeker/ B.J. Roze. J. Petraeus/ R.L. Wynia. N.

Nammensma " Op it dakkapeltsje stiet it jier 1913 ek noch

oanjûn.

Yn 1961 is der nochris foar in FL. 32.000,- ferboud.De wen-

keamer waard doe nei it westen ferpleatst, der waard in

ierdappelberging yn'e golle makke en de feestâlen waarden

ynkoarte. Doe is it bedriuw ek alhiel oergien op bou. De

bygebouwen op it hiem binne allegear fan nei 1961.

1920. De Weesfâden klage der oer dat troch de nijbou fan

"Ida van Tiara State" in protte skulden makke binne. Se

treffe it dat der wer opgeande tiden komme en dat se nei

Wallinga, dy't FL. 3050,- yn it jier joech, nei 1923 mar

leafst FL. 5150,- barre kinne fan de nije hierder Rienks.

Se reitsje de skulden wer kwyt en kinne ferbetterings

oanbringe. Yn de tritiger jierren is it lykwols wer mis.

Troch de minne tiden kin Rienks de hier net mear opbringe

en krijt hy 20% koarting. De hier rint sels werom ta in

FL. 2000,- (sjoch bylage D).

Troch de argiven fan de Weesfâden fan Frjentsjer is it

mooglik om in folslein oersjoch te jaan fan de hierders

fan Heemstra sate:

1640 Wilke Sippes

1694 Pyter Martens

1741 Marten Pytters

1760 Pytter Hendriks widdo

1761 Wytse Pytters

1763 Claas Jans (Heemstra)

1818 Klaas Simons Kloostra

1827 Pieter Arjens Kingma

1837 Fetse Jacobs Elzinga

1854 Klaas Venema

1861 Anne Lieuwes Westra

1912 Willem Franzes Kienstra

1922 Pieter Rienk Rienks

1959 Hidde Norder

1982 Jaap Botma

Dat net alle hierders like goed mei de pleats omgiene,

docht bliken út in brief dy't de Weesfâden oan in boer

stjoere. Hja ha op besite west en binne oer bepaalde per-

selen bêst tefreden, mar "...Dit kunnen wij nog niet

zeggen van de percelen aardappels achter in de plaats;

evenmin van de bieten die om het koolzaad gezaaid zijn.

Het kweekgras "groede" zal U deze zomer daar nog veel

last kunnen bezorgen..."

 

 

 

 

 

 


 

13. BEWENNER: A. Meirink-Veenland

ADRES: Langgrousterwei 57

WENPLAK: Easternijtsjerk

PLEATSNAMME: Foalsum

FLOREENNUMER: 9

GRUTTE YN 1640: 84 pm

GRUTTE YN 1988: 90 HA

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: Kop-hals-romp 1868

EIGNER: Huzing: A. Meirink-Veenland

Lân: Yn erfpacht fan it B.B.L.

 

 

Op de nije loads, dy't in pear jier lyn nêst dizze pleats

boud is, hat de eigner "Foalsum Sate" sette litten. Dizze

namme hat de pleats fan âlds net hân. Der hat hjir wol in

pleats mei de namme Foalsum stien, mar dat wie yn de lan-

nen efter dizze pleats. It stee fan dizze pleats hat yn

it ferline meast "Op de Grouw" hiten. It wurd "grou" is

ôflaat fan "groeie" en betsjut yn dit gefal dat hjir yn

it fiere ferline lân oanslibbe (oangroeid) is. Dat moat

bard wêze nei't de earste diken hjir oanlein binne. Dy

earste dyk moat efter de pleats lein ha; it âlde reedsje

nei Ljussens soe hjir in oerbliuwsel fan wêze. Yn 1738

stiet yn de kohieren dat de pleats "de lange grouwen" as

neistlizzer hat en sa hyt de wei dêr't de pleats oan-

leit noch altiten: Langgrousterwei.

1511. It kleaster Betlehem is de earst bekende eigner fan

dizze pleats. Dit wie in frouljuskleaster, stifte troch

Mariëngaarde fan Hallum. It kleaster hat lein wêr't no it

bekende Bartlehiem leit. Yn de namme fan dit plak is it

eardere "Betlehem" noch wol werom te finen.

De pleats wie doe 101 pm grut en "Jelle by den Wech ende

Melle op de fen" wiene de hierders. Hja joegen net botte

hier: in kwartsje de pûnsmjit. Foar de measte boeren yn

Nijtsjerk wie dat hast twa kear safolle!.

1592. Dat der echt twa hierders wiene, wurdt dúdlik as yn

1592 bliken docht dat de pleats yn twaën gien is: Dirck

Jans hiert no de 71 pm fan "Op de Grouw" foar in gûne de

pûnsmjit en Bartholomeus Wopkes hiert 34 pm foar deselde

priis. As neigien wurdt wêr't de lannen fan it kleaster

Betlehem krekt lein ha, is dit yn twaën brekken fan de

pleats wol te ferklearjen. Oan de Langgrousterwei lizze

71 pm en oan de oare kant fan it doarp lizze de 34 pm oan

de Mûnewei. Sa besjoen liket it der sels op dat der alti-

ten al twa pleatsen fan it kleaster Betlehem west ha.

1639. Nei Jan Aetzes (1606) en Ruyrdt Joukes (1618) komt

Schelte Taeckes op dizze pleats. It skynt him as hierboer

fan kleasterlân goed te gean want as de Steaten fan

Fryslân yn 1639 de pleats Op de Grouw ferkeapje, wurdt hy

fan hierder, eigner fan dizze pleats. Hy moat der wol

4361 ggûne foar deltelle mar hy wurdt sels baas en dat

kinne yn Nijtsjerk him net folle neisizze: mar ien op de

seis boeren is ek eigner fan de pleats. Der moat bysein

wurde dat it sels buorkjen fan de eigner wol in kenmerk

is fan dizze pleats.

Nei Schelte Taeckes komt syn soan Johannes Scheltes op de

pleats en dy docht krekt nei 1700 de pleats oer oan Ids

Jans. Dizze Ids Jans wie in hiele grutte boer want hy hie

ek Sjoarda yn besit. Dizze beide pleatsen oan de

Langgrousterwei wiene doe meiinoar hast 200 pm grut

(sjoch foar him ek nr. 3).

1714. Nei 1700 komme der wat mear gegevens beskikber oer

de wearde fan dizze pleats. Der hearde doe in 100 pm lân

by en de hierwearde waard skat op 500 gûne jiers. Dit

moast wol skat wurde om't Ids Jans de pleats sels yn ge-

brûk hie.

1775. Nei de soannen fan Ids Jans, Jan en Johannes Idses,

komt der in oare famylje Op de Grouw te wenjen. Roelof

Arjens wurdt de nije eigner en de wearde fan de pleats is

omheech gien nei 620 gûne jiers. Roelof keapet der noch

wat lân by en om 1800 hinne heart der al in 115 pm lân by

de pleats mei in jierlikse hierwearde fan 1243 gûne.

Yn de 18de ieu is de pleats in mingd bedriuw sa as wenst

yn dy tiid. Sawat de helte wurdt brûkt as boulân en op de

oare helte rinne de 10 kij en 7 hynders dy't it beslach

fee útmeitsje.

1811. As yn de tiid fan Napoleon elk in famyljenamme oan-

nimme moat, neamt Harmen Roelofs, dan boer op de Grouwe,

him "De Lange". Dat kin fansels west ha om't er sa lang

wie, mar wierskynliker is dat er tocht hat oan "De Lange

Grouwe"!

Nei de dea fan Harmen Roelofs de Lange, hy hie allinne

mar dochters, stode de pleats útinoar en waard Grietje

Pieters Booitsma troch fererving de nije eignerske fan de

huzing en it measte lân . Doe't har earste man, Meindert

Gerrits van Eizinga stoar, waard der in ynfintaris fan de

pleats makke. De wearde fan de huzing, it hiem en it hôf

waard fêststeld op 7000 gûne wylst it replik guod hast

3000 gûne wurdich wie. De "levende have" bestie út: "vijf

paarden FL. 445, elf zwartbonte melke en varekoeijen FL. 648,

vijf zwartbonte jongbeesten FL. 106, twee zwartbonte

kalveren FL. 10, vier varkens FL. 42 en vier lammeren FL. 10 ".

1866. De pleats moat yn dizze tiid tige min west ha en de

nije eigner Pieter Meinderts van Eizenga, soan út it ear-

ste houlik fan Grietje Booitsma, lit in hiele nije pleats

sette. Syn dochterke mei op har twadde jierdei de earste

stien lizze: " Anno 1866/ den 28 maart is door/ Jantje

Pieters/ van Eizinga/ op haar tweede verjaardag/ den

eersten steen aan/ dit gebouw gelegd". De pleats kaam op

itselde plak te stean, waard krekt as syn foargonger wer

in kop-hals-romp pleats, allinne folle grutter.

Bewenners:

1828 Harmen Roelofs de Lang

1839 Meindert Gerrits van Eizinga

1842 Grietje Pieters Booitsma (widdo Van Eizinga)

1843 Anne Abrahams Blom (twadde houlik fan Grietje)

1866 Pieter Meinderts van Eizinga

1885 Livius Sevenster

1892 Imius Livius Sevenster

1900 Sybe Imius Sevenster

1910 Ulbe Wijngaarden

1910 Livius Sevenster

1927 Willem Livius Sevenster

1941 Cornelis Jans Slim

1947 Jan Livius Slim

1966 Wessel Dijkstra

1968 Auke Meirink

1987 Anneke Meirink-Veenland

Foardat de famylje Sevenster op dizze pleats komt, hat

der noch in jier in arbeider op de pleats wenne. Dat wie

Pieter Kornelis Dijkstra dy't mei de grutfaam Jacoba

Geerts Vellema yn 1884 in jier lang op de pleats húsman-

net. Ek yn 1890 en 1891 steane hja tegearre as haad-

bewenners oanjûn. Fierder hat der altiten in lid fan de

famylje Sevenster as fan de oan har besibbe famylje Slim

op dizze pleats wenne.

1966. Bartel Meirink, bewenner fan Holdinga State ûnder

Ie, wurdt yn 1966 eigner fan dizze pleats. De earste twa

jier wurdt de pleats dan noch bewenne troch in arbeider,

mar dan komt soan Auke Meirink nei de Langgrousterwei.

Der komt dan wat langer wat mear lân by dizze pleats en

men kin wol sizze dat "Foalsum Sate" op't heden de grut-

ste pleats fan Easternijtsjerk is. De 70 HA lân wurde al-

hiel brûkt as boulân.

 

 

 


 

14. BEWENNER: D. Terpstra-Visser

ADRES: Berchhuzen 7

WENPLAK: Easternijtsjerk

PLEATSNAMME: Berghuistra, Paesenswal

FLOREENNUMER: 26

GRUTTE YN 1640: 36 pm

GRUTTE YN 1988: 40 HA

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Foarein 1962, bedriuwsgebou 1981

EIGNER: Huzing: D. Terpstra-Visser

Lân: AEGON (yn erfpacht)

 

 

De skiednis fan dizze pleats is de lêste jierren behear-

ske troch grutte brannen. Yn 1962 wie it sa slim dat de

hiele pleats ôfbaarnde en alle 26 kij yn it fjoer omka-

men. Troch dy brân kaam der in ein oan in monumintale

kop-hals-romp pleats. By de brân yn 1981 koe de foarein

bewarre bliuwe (der wie yn 1962 wer in kop-hals-romp

boud) mar der moast in hiel nij bedriuwsgebou set wurde.

Om't de kij dit kear yn it lân rûnen, koene dy oan it

fjoer ûntkomme.Beide kearen hie de brânwar in protte lêst

fan nijsgjirrige minsken dy't op de brân ôfkamen en de

trochgong op it smelle dearinnende dykje behinderen.

1511. As earst bekende bewenner fan dizze pleats kin Dowe

to Berc Huijsen beskôge wurde. Yn it register fan it lân-

besit fan dy tiid stiet hy notearre mei 22 pm lân. Eigner

fan dat lân wie it kleaster Sion yn Nijewier. Yn de argi-

ven fan dat kleaster komt dizze pleats noch in pear kear

foar en ek de registers fan de kleasterlannen nei 1580

leverje wat gegevens op.

1560. Sa siet neffens it âldste rekkenboek fan Sion yn it

jier 1560 in Sijmon Roelefs as hierder op de pleats. Foar

de 22 pm lân fan it kleaster moast hy 14 ggûne betelje en

noch "twe foer torffs". Hy moast dus in part fan syn hier

yn natura opbringe: twa weinen fol turf. Hy sil dy turf

wol út de Dokkumer Wâlden helje moatten ha.

1580. As de Steaten fan Fryslân yn 1580, as hja it eigen-

dom fan it kleasterguod oernimme, listen meitsje fan de

hierders fan Sion, docht bliken dat Sijmon Roelofs noch

altiten op dizze pleats buorket. Syn buorman Frans Wopkes

"to berchhuisen" komt ek op de list foar. Frans brûkt 14

pm lân fan it kleaster en dat is nijsgjirrich om't yn de

folgjende opjefte, fan 1592, de nije hierder Taecke Sip-

kes 36 pm lân yn gebrûk hat fan it kleasterguod. Dat moat

hast wol de 22 pm fan Sijmon en de 14 pm fan Frans west

ha. Yn letter tiid hat der altiten 36 pm by dizze pleats

west, al ha de measte hierboeren der noch mear lân by yn

hier krigen.

1618. Goffe Johannes komt yn 1618 foar mei in hierpriis

fan ien ggûne foar elke pûnsmjit dy't er brûkt. Syn nei-

team hat oant 1760 ta dizze pleats brûkt.Earst as hierder

en nei 1640 as de Steaten fan Fryslân, om oan sinten te

kommen foar de striid tsjin Spanje, de kleasterlannen

ferkeapje, as eigner fan dizze pleats. Nei 1700 giet de

famylje nei Dokkum te wenjen en ferhiere se de pleats. Yn

dy tiid moat Pieter Tjeerds as hier foar de 41 pm dy't by

de pleats hearre, 237 gûne betelje. Dat is hast seis kear

safolle as in ieu earder!

1749. Foar de hierboeren op de Pasenswal sil it faaks net

in fetpot west ha. Hja bliuwe meast net langer as tsien

jier op de pleats en fan Jan Pytters wurdt yn 1749 sein:

"een gering boer".

1760. Dat feroaret as de pleats kocht wurdt troch Anthony

D'Arnaud, de grytman fan Eastdongeradiel. Hy keapet de

pleats fan de bern fan Gerlof Johannes Stinstra foar in

priis fan 10.000 cgûne. Douwe Minses wie doe de hierder

mar al yn 1761 komt Tjerk Opts op Pasenswal telâne. Hy is

hjir boer bleaun oant yn 1797 as hy in rinteniershûs bou-

we lit op Trijehuzen ûnder Nijtsjerk.

Tjerk liket it mar goed te dwaan op Pasenswal. Hy begjint

mei 5 kij en 3 hynders en in besiedde oerflakte fan in 28

pm, mar yn de rin fan de jierren wit hy dat út te wreid-

zjen ta in stik as 9 kij. Dan komt lykwols de grutte

klap: yn 1770 hat hy noch mar ien ko mear! Om't dat jier

bekend stiet as it jier dat de feepest yn Fryslân leafst

97.756 kij de dea koste hat, sil ek it beslach fee fan

Tjerk Opts doe wol oantaast wêze.

 

Tjerk moat wer opnij begjinne mar it liket der op dat hy

him wat mear taleit op it ynsiedzjen fan boulân: yn 1795

hat hy op de 55 pm dy't dan by de pleats hearre 5 kij en

5 hynders rinnen en brûkt hy noch 34 pm as boulân. De

hier is yntusken oprûn ta in 400 gûne.

1810. Dy hier moat al dy tiid opbrocht wurde oan minsken

dy't dizze pleats kocht ha om de stim dy't oan de pleats

ferbûn is: Anthony D'Arnaud (1760), Johannes Casparus

Bergsma (1791) en Age Looxma (1810). As nei de Frânske

tiid de stimmen neat mear wurdich binne, ferkeapje de

measte lâneigners dy't pleatsen kochten fanwege de stim

dy't der oan ferbûn wiene, harren pleatsen,mar de famylje

Looxma hâldt dizze pleats yn besit:

1810 Age Looxma

1838 Theodorus Maria Looxma

1878 Catharina Theresia Looxma (troud mei Van Welderen

Rengers)

1912 Lânbou-ûndernimming "Stania" te Ljouwert

1925 Anna van Harinxcma thoe Slooten (troud mei Daniël

van Welderen Rengers)

1937 Hector Baardt van Sminia

1952 Wilco Julius van Baardt van Sminia

1952 Groot Noordhollandsche van 1845 (letter de AEGON)

As de skiednis fan dizze pleats oersjoen wurdt, wurdt wol

dúdlik dat op Pasenswal altiten hierboeren buorke ha. Wie

it de eigners foar 1800 om de politike macht fan de stim

te dwaan, nei dy tiid waard it mear in jildbelizzing. Oer

it algemien kin steld wurde dat de measte boeren op dizze

pleats der net folle muoite mei hân ha sille, om't hja

hast allegear lang op de pleats bliuwe.

Bewenners:

1849 Kornelis Ypes Botma

1869 Wopke Ypes Botma

1879 Johannes Johannes Hoogland

1880 Jentje Johannes Hoogland

1886 Jacob Eelkes Holwerda

1905 Livius Imius Sevenster

1920 Imius Sevenster

1934 Fokke Ates Noordenbos

1942 Jacobus Martinus Noordenbos

1980 Boele Terpstra

1982 Djoke Terpstra-Visser

De famylje Sevenster komt ek foar op nr 13 wêr't nei har

de oan har besibbe famylje Slim de pleats oernimt, wylst

op dizze pleats Fokke Noordenbos komt dy't troud wie mei

in dochter fan Sevenster.

Oer de skiednis fan de huzing is oars neat bekend as dat

er yn 1880 en 1920 grutte ferbouwings plakfûn ha. Oer de

brannen is al ien en oar meidield.

Dizze pleats wurdt yn 1640 al "Pasumwal" neamd, in namme

dy't maklik te ferklearjen is om't de pleats sawat tsjin

de rivier de Peazens oanboud is en de lannen oan beide

kanten fan dit wetter lizze. De oare kant fan dit wetter

is te berikken oer it "Nammenset", in namme dy't komt fan

Nammen Willems, hierder fan de oare pleats op Berchhuzen.

De twade namme "Berghuistra" stiet op de kaart fan Eekhof

út 1855 en is ek hiel tapaslik om't fan de earste boeren

dy't hjir buorken, al sein waard dat hja "to Berchuysen"

wennen.

 

 


 

15. BEWENNER: A. de Boer

ADRES: Mellemawei 4

WENPLAK: Eastrum

PLEATSNAMME: Tadema

FLOREENNUMER: 12

GRUTTE YN 1640: 15 pm

GRUTTE YN 1988: 39 HA

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Kop-hals-romp 1962, efterein 1975

EIGNER: Meindert Douma Leen

 

 

By in grutte brân op 19 oktober 1975 waard it bedriuws-

gebou fan Tadema sate alhiel fan de flammen ferneatige.

De foarein koe bewarre bliuwe, mar de hurde wyn sloech de

flammen ek oer op de pleats dy't tichteby stiet, Douma

sate. Fan dizze pleats gie de foarein yn flammen op. Sa

hie it fjoer taslein op in hiel âld stee.

1511. Al yn it register fan oanbring wurdt in bedriuw fan

Hessel Tadema neamd. Hessel sil de namme-jouwer fan dizze

pleats wol west ha. Hy wie hierboer op in grutte pleats

fan de Heemstra's, Take en Menke, fan 119 1/2 pm grut. Goed

45 goudgûnen moast hy oan hier betelje; dat betsjut in 3

ggûne de pm. Hessel hie 25 pm lân fan syn pleats yn eigen

besit, wylst de pastoar fan Eastrum jierliks noch njog-

gen stuorkes rinte barre koe.

1542. Dizze selde rinte komt ek foar yn it Benefisiaal-

boek fan 1542 by de ynkomsten fan de pastoar fan Eastrum:

"In den eersten, een arents gulden rente, ofte een ponde-

maet, vuyt Syvert Heemstra ende Johannes Heemstra zaeten

toe Oestrum over die tille..." Dit sil deselde pleats wol

west ha want de Heemstra's wurde wer neamd. Nijsgjirrich

is ek dat hjir foar it earst de namme Tilbuorren om de

hoeke komt,"it buorrentsje by de tille". It joech de pas-

toar lykwols neat dat dizze rinte op papier stie want de

rinte waard "hem nogtans geweyghert' en de pastoar hie it

al "vyff ofte ses jaeren nyet van en (...) gehadt".

Net sa lang nei dizze tiid ha de Heemstra's de pleats

stikje foar stikje ferkocht. Sa is der in oantekening yn

de rintmasterrekkens dat yn 1561 Jan Cornelis en syn frou

Bauck Bonga in fjirde part fan Tadema kocht ha fan Johan-

nes Heemstra foar 800 ggûne. It tal pûnsmjitten wurdt net

neamd, mar dit koe wolris it begjin west ha fan it útin-

oar fallen fan Tadema.

1640. Hûndert jier letter is der in protte feroare. Gerck

Sypts is no de eigner en brûker fan Tadema, mar der is

net folle lân mear by: mar 15 pm. Gerck is lykwols ek de

eigner/bewenner fan sate nûmer 11 mei in grutte fan 50 pm

en hie sa genôch lân om fan te libjen. Fan de widdo fan

Gerck Sypts, in Ebeltje Reijfs, leit der in grêfstien yn

de tsjerke; hja stoar yn 1676.

It liket der op dat de grutte pleats fan de Heemstra's

nei 1511 yn twaën splitst is . Omdat Tadema en Douma eins

beide op itselde hoarnleger lizze, tusken deselde grêft,

leit it yn'e reden te tinken dat dizze beide pleatsen

ienris de grutte pleats fan de Heemstra's út 1511 foarme

ha. De namme Tadema is altiten bestean bleaun, mar Douma

hat syn namme pas yn de lêste ieu krige; ek dat is in re-

den temear om soks oan te nimmen (sjoch ek nr. 16).

1714. Egle Minnes is no boer op Tadema mar hy is de eig-

ner net. De widdo fan dr. Stania is eignerske en hja kin

elk jier 274 gûne barre fan Egle foar de 78 pm dy't dan

by de pleats hearre. Har man, dokter Wiegerus Stania, sil

de pleats kocht ha fan Gerck Sypts (as syn widdo) want hy

wie neffens in âld tsjerkeboek fan 1679 oant 1692 tsjerk-

fâd fan Eastrum en bewenner fan Tadema.

In pear jier nei 1714 sil Anne Cornelis de pleats keapje,

wêr't hy dan sels op buorkjen giet. Oant 1742 ta bliuwt

hy eigner en dan bemuoit it grutkapitaal him wer mei

Tadema sate.

1742. Grytman Van Burmania en siktaris Bergsma krije yn

dat jier tegearre it eigendom fan de pleats, wylst de fa-

mylje Bergsma nei 1760 allinne it eigendom kriget. Dizze

famylje sil oant 1838 ta yn it besit fan Tadema bliuwe.

1760. Jan Pytters, de doarpsrjochter fan Eastrum, is de

earste boer op Tadema sate wêrfan 't wat bekend is oer de

bedriuwsfiering. Hy hiert de 78 pm foar in 300 gûne yn it

jier fan Bergsma en kin 14 kij en 4 hynders op stâl hâlde

Hy hat ek noch 26 pm lân yn gebrûk as boulân.

Syn opfolger, Yde Ydes fan Stiens, hat net in maklike

tiid hân op Tadema. It giet yn it begjin foar wûnder mei

him: yn 1770 hie hy in 19 kij op stâl. Doe kaam de fee-

pest him oer't mad. Yn 1771 wie syn beslach fee weromrûn

nei 4 kij! Yn 1773 giet hy fan de pleats en ferhuzet nei

Sybrandahûs. Jan Abrahams dy't dan komt, liket him mear

op boulân ta te lizzen. De 16 pm boulân fan Yde wurde by

him yn 1776 al 86 pm en hy hat ek wer 11 kij op stâl. En

dochs rint it ek mei him ferkeard ôf. Hy moat syn arbei-

ders dien jaan en leit in ferklearring ôf oan de ûntfan-

ger fan de gemeente dat syn fermogen ûnder de 600 gûne

sakke is en hy dêrom tenei allinne mar mear heal-haadjild

betelje kin. Yn 1784 is it hielendal mei him dien: de hu-

zing wurdt ôfbrutsen.

Claes Sybrens fan Eanjum hat de pleats wer opbouwe litten

en sil tsien jier op Tadema buorkje.

1794. Dat froulju yn dy tiid net lang widdo bliuwe koene,

lit de widdo fan Bote Pytters sjen. As har man kom te

ferstjerren, buorket hja earst troch mei de arbeider, mar

twa jier letter troud hja mei him (Pytter Foekes). Hja

brûke de 78 pm fan Tadema en noch 12 pm los lân foar in

hierpriis fan 904 gûne; 11 kij, 4 hynders en 21 pm bou is

harren bedriuw grut.

1838. De earste kadastrale kaart fan 1832 jout foar Tade-

ma in kop-hals-romp pleats oan. Dat moat dan de pleats

wêze sa't dy yn 1784 wer opboud is. Dy pleats hat lykwols

net sa lang stien want de nije eigner, Minne Douwes Mel-

lema, lit yn 1838 in nij gebou delsette mei in dwers

foarhûs. Neffens de skoalmaster fan Eastrum (1858) moat

by it ôfbrekken noch wat fûn wêze fan de Tadema Stins. It

soe in stins west ha mei greften en in poarte "...waarvan

de overblijfselen als ringmuren en steenen pijp in 1838

zijn uitgegraven..." Hy jout ek op dat de bewenners fan

de pleats elk jier noch 8 ggûne rinte oan de tsjerke jaan

moatte. At dat deselde rinte wie as út 1511 dan hat dat

wol lang in lang libben hân!

Minne Douwes Mellema brûkt de pleats sels en mei him komt

Tadema sate yn hannen fan de Mellema-famylje, yn dy jier-

ren ôfgryslik ryk. Alle trije de pleatsen op Tilbuorren

wiene fan dizze famylje (sjoch ek nr. 18).

Ype Minnes Mellema is de lêste fan dit slachte en hy lit

de trije pleatsen nei oan syn omkesizzers Meindert, Douwe

en Minne Douma. Ek dizze trije minsken litte gjin bern

nei en as de lêste, Meindert, yn 1957 komt te ferstjerren

wurde Tadema en Douma ûnderbrocht yn it "Meindert Douma

Leen". Dit lien is bedoeld om bern út net sokke rike âl-

ders dochs studearje litte te kinnen.

Bewenners:

1873 Jan Engberts van der Heide

1904 Reinder Spriensma

1914 Gerrit Jensma

1949 Auke A. de Boer (troud mei Ieke Jensma)

1984 Andries de Boer

Yn de jierren 1962-1963 waard de hiele pleats fernijd en

in wite tinkstien by de foardoar fertelt: "Foar stúdzje-

stipe by it Douma lien/ Waerd "Tadema" fiks ûnder hannen

naem/ forgreate en fornijd op it âlde st‚/ Kaem der rom

plak foar minske en f‚/ 1962-1963".

Spitigernôch hat dit gebou it net lang útholden want de

brân wêr't de beskriuwing mei begûn, hat de efterein fer-

woastge. Ek by de nijbou fan de efterein heart in tink-

stien: "Nei brân mei skea en skeel/ Bleau Fryske bou

be-hâlden/ Hjir geane gear yn geef geheel/ It nije en it

âlde/ 19-10-1975 en 15-5-1977".

En it mei sein wurde, sa't Tadema sate der hjoeddedei

hinneleit, in bytsje op in hichte, mei greften en beammen

hat it yndied it oansjen fan in âlde Fryske pleats.

 

 


 

16. BEWENNERS: T. Boersma

R. Boersma-Lont

ADRES: Mellemawei 6

WENPLAK: Eastrum

PLEATSNAMME: Douma

FLOREENNUMER: 3

GRUTTE YN 1640: 50 pm

GRUTTE YN 1988: 135 pm

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Kop-hals-romp 1865

EIGNER: Meindert Douma Leen

 

 

Ek dizze twadde pleats op Tilbuorren is it eigendom fan

it Meindert Douma Lien. Fanâlds hie de pleats gjin namme,

mar om't der jierren oanien Douma's op dizze pleats buor-

ke ha, sil de pleats wol de namme Douma State krigen ha.

1511. Mooglik hat yn it begjin fan de 16de ieu in sekere

Bauke op dit stee wenne. Hy hie trije lânhearren: Sywck

to Dresum (22 pm), Tyed Donije (11 pm) en Wiger Sijtsma

(11 pm). Bauke moast foar dizze 44 pm elk jier 14 ggûne

oan hier jaan.

1640. Mear wissichheid jout it Stimkohier fan 1640. Der

is dan 50 pm lân by de pleats, dy't oanslein wurdt foar

15 florenen. Eigner is de grytman Douwe van Aylva, dy't

noch twa pleatsen yn Eastrum yn eigendom hie. De hierder

is Harke Minnes.

1714. Nei 1700 hat de siktaris fan Eastdongeradiel, Van

Bosman, dizze pleats yn besit en nei syn dea syn widdo.

Hierder is yn 1714 Jan Jacobs dy't elk jier 132 gûne jaan

moat foar de 50 pm lân dy't hy bebuorket.

1758. Yn dit jier sil der wol in grut opskuor yn Eastrum

west ha: Frou Anna Dodonea van Burmania, frou fan de nije

grytman Anthony D'Arnaud, keapet yn ien kear seis stimmen

op yn Eastrum. Dêrmei wurdt hja (foar har man fansels) yn

ien kear de baas yn dit doarp: hja hat de measte stimmen

yn hannen. Dizze seis pleatsen plus noch twa ûnder Ie,

ien yn Eanjum en ien yn Ljussens kostje har it kapitale

bedrach fan in 90.000 cgûne! Fansels is der strideraasje

en wolle guon der it near op lizze, mar yn 1759 stiet de

grytman wol as eigner oanjûn; hy moat dus de rjochtsaken

dy't hjir oer spilen, wûn ha.

Nanne Bodes is de brûker fan de pleats en jout elk jier

in 160 gûne oan hier. Hy skynt in lyts boerke west te

hawwen want yn de belesting wurdt hy oanslein foar heal

haadjild en dat betsjut dat hy minder dan 600 gûne oan

fermogen hân hat. De 6 kij en 2 hynders dy't hy op stâl

hat, tsjutte dêr ek al op. Hy brûkt ek noch 21 pm boulân.

Nei Nanne Bodes komt Douwe Sybrens op dizze pleats. Douwe

sil in machtich man wurde yn Eastrum want de Mellema's

stamme fan him ôf. Yn dizze selde tiid buorket syn heit

op Mellema State en hy sil syn heit dêr yn 1798 opfolgje.

Douwe hiert by dizze pleats noch 28 pm los lân en moat de

famylje D'Arnaud dêrfoar 453 gûne betelje. It bedriuw sil

troch him ek fierder útwreide wurde want hy hat al 11 kij

en 7 hynders en brûkt 32 pm as bou. It skynt in tûke boer

west te hawwen.

1798. De famylje Bergsma is om 1800 hinne yn it besit fan

dizze pleats en dat sil duorje oant hja yn 1838 de pleats

fan de hân dogge. Floris Jurjens is brûker fan de 78 pm

dy't de pleats yn dy jierren grut is. De hier is yntusken

omraak omheech gien en bedraacht al hast 900 gûne. Florus

syn beslach fee en it tal pûnsmjit boulân dat hy brûkt is

sawat like grut as syn foargonger. Krekt nei 1800 hat er

noch in Klaas Buwalda op dizze pleats buorke.

1832. It kadasterkaartsje fan 1832 jout noch gjin pleats

op dit stee. Wol stiet op it stikje lân tusken Tadema en

Douma in lytser bedriuw. Dat moat de foargonger fan Douma

west ha. Eekhof jout oan dit lytse spultsje yn 1855 de

namme "Heemstra", mar dat moat in fersin wêze. Foar de

namme Heemstra komme yn Eastrum twa pleatsen yn oanmer-

king: Mellema state, om't dat oant 1790 ta yn it besit

west hat fan leden fan de famylje Heemstra, en Tadema

sate, om't dy pleats yn de 16de ieu Heemstra's as besit-

ters hân hat.

De kaart fan Eekhof lit ek sjen dat yn 1855 it stee fan

Douma noch leech wie. De kaart fan Schotanus (1708) hat

trije gebouwen: Tadema, dan in stimleaze pleats, en noch

in pleats op it stee fan Douma.

De konklúzje kin wêze dat stim 3 (no Douma) earst op it

stikje lân tusken de beide pleatsen stien hat en dat yn

1865 it stee fan Douma pas beboud wurden is. Sawol Douma

as Tadema lizze wol op ien hoarnleger, tusken de selde

grêft en mei deselde beamsingel. Dat soe wize kinne op de

ferûnderstelling dat Tadema en Douma yn 1511 de grutte

pleats fan de bruorren Heemstra foarme ha.

1838. Minne Douwes Mellema (soan fan de niisneamde Douwe

Sybrens) is yn it besit kaam fan de pleats en makket in

hierkontrakt op foar Jan Botes de Vries en syn frou Maai-

ke Keimpes van der Kooi. Hja moatte jierliks tûzen gûne

opbringe foar lân en pleats.

De Mellema's ha Douma sate noch jierren lang yn eigendom

hân oant de lêste Mellema fan dit slachte, in Ype, troch

syn dea yn 1896, de boel oerdroegen hat oan syn omkesiz-

zers, de trije bruorren Douma.

1857. Dy famylje Douma wenne al fan 1857 ôf op de pleats

en de earste wie Rienk Minnes Douma. Syn heit wie troud

mei Eelkje Mellema en sa rekken dizze famyljes oan inoar

besibbe. Rienk kaam fan Hantumhuzen mei syn frou dy't al

rillegau ferstoar. Rienk troude wer en krige trije soan-

nen:Meindert, Douwe en Minne.Yn 1865 waard de nije Douma-

pleats boud op it stee wêr't de pleats noch stiet en de

muorre-ankers yn de eftergevel tsjûgje hjir fan.

1928. Nei de dea fan syn âldelju wennet Meindert Douma op

de pleats. Hy is net troud en yn 1928 giet hy mei syn

húshâldster nei Ljouwert te wenjen. As hy yn 1957 komt te

ferstjerren, wurdt by testamint it "Meindert Douma Leen"

oprjochte.

Bewenners:

1928 Halbe Vogel

1934 Wiebe Keimpes de Vries

1956 Keimpe Wiebes de Vries

1958 Lieuwe Boersma (troud mei in dochter fan Keimpe)

1982 Tjisse Boersma

By de brân yn 1975 dy't de efterein fan Tadema ferneatige

hat de foarein fan Douma ek yn brân stien, mar mei in

protte wetterskea en it wer opnij opsetten fan it dak, is

men der fan ôf kommen.

Op de rinstâl efter de pleats stiet noch de folgjende sin

op in tinkstien: "Op dizze groun/ Fan't lien har tabi-

troud/ Hat it Boersma's folk/ Dit greate bûthús boud/

1974/ Bistjûr Meindert Doumalien/ Brûkers Lieuwe Boersma

en soannen".

 


 

17. BEWENNERS: W.K. Dijkstra

B.H. Dijkstra-Kooistra

ADRES: Terplaan 9

WENPLAK: Eastrum

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMER: 16

GRUTTE YN 1640: 33 pm

GRUTTE YN 1988: 108 pm

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Kop-hals-romp

EIGNER: W. Dijkstra

 

 

Op de noardeastlike râne fan de âlde Eastrumer terp (in

part fan dizze terp tusken de pleats en it doarp is ôf-

groeven) stiet dizze âlde kop-hals-romp pleats. It krekte

boujier is net bekend, allinne in ferbou yn 1919 en de

oanbou fan in Hollânske stâl binne jiertallen fan bekend.

Moai wis dat de bou fan dizze huzing al foar it begjin

fan it kadaster plakfûn hat want de earste kadastrale

kaart fan 1832 lit op dit plak al in kop-hals-romp pleats

sjen.

1511. It hat eigenskip dat yn Peter Ysbrantz de earste

bewenner fan dit stee, dy't bekend bleaun is, sjoen wurde

moat. Hy wie hierboer foar Bauck Jaerla fan de Jaerla-

famylje dy't mear lân ûnder Eastrum hie. Hja sille wol

besibbe west ha oan de bekende Jaarla's fan Wetsens. It

wie net in grutte pleats;der hearde mar in 371/2 pm lân by.

Peter moast dêr 131/2 gûne yn it jier foar opbringe, dat is

sawat 1 gûne foar 3 pm lân. De pryster en de tsjerke fan

Eastrum hiene noch in 4 pm yn dizze pleats.

1640. In hûndert jier letter is de pleats noch wer lytser

wurden, noch mar 33 pm, wylst de grutte fan de pleats nei

1700 mar 27 pm mear bedraacht. De bewenners wiene dan ek

twongen om mear lân te hieren, woene hja it wat rommer

ha. Yn 1640 buorke Pytter Eglis hjir en de pleats wie doe

it eigendom fan de widdo fan Bouwe Gaukes. Oan de namme

te sjen sille sy en har man wol Eastrumers west ha en

wennen hja sels earst op de pleats. It sil in hiel skoft

duorje foar't der wer Eastrumers yn it besit komme fan

dit spul.

1714. Nei 1700 rekket de pleats yn hannen fan Cornelius

van Bosman, siktaris fan Eastdongeradiel. Hy hie in

protte ynfloed yn de gritenij troch stimme-besit en nei

him syn frou faaks noch mear. Dizze Jaike van Bosman, hja

kaam út de famylje Van Wyckel, troude nei de dea fan har

earste man mei in Vegelin van Claerbergen. Jaike hie yn

it jier 1728 bygelyks 10 stimdragende pleatsen yn Eastrum

yn har besit en omdat Eastrum 18 stimmen hie, wie Jaike

de baas yn Eastrum. Hja koe beslisse oer wa't skoalmaster

as dûmny waard en hie in stim yn gritenysaken.

Sipke Sijmens hierde yn 1714 de pleats fan 27 pm foar in

hier fan 150 gûne. De huzing fan Sipke waard skat op in

wearde fan 1000 ggûne dat it sil net sa'n grutte pleats

west ha. Dat de pleats hieltiten lytser waard, kaam ek

om't frou Van Bosman ek Bolta sate yn har besit hie.

Bolta lei doe noch op'e terp tichteby dizze lytse pleats

en sa sil der wol stikken lân oergien wêze nei it grutte-

re Bolta ta. Doe't de Eastrumer terp yn 1886 ôfgroeven

wurde soe, waard de huzing fan Bolta ôfbrutsen en in

eintsje bûten it doarp wer opboud. Bolta wie doe in sa-

neamde "Rengers-pleats" (famylje Van Welderen Rengers).

1760. Yn it midden fan de 18de ieu hearde der noch mar 16

pm lân by de pleats en buorke Jan Clases hjir. Foar in

hierpriis fan 60 gûne hâldt hy 3 kij en brûkt noch 2 pm

as boulân. Hynders hie er net dat dy sil wol er wol fan

in oar brûkt ha. Anthony D'Arnaud is eigner want ek dizze

pleats wie yn de keap besletten fan 1758 doe't de gryt-

man (fia syn frou) yn ien kear seis pleatsen yn Eastrum

opkocht foar 90.000 gûne. De hiele pleats levere D'Arnaud

yn 1780 in 81 gûne yn it jier oan hier op.

1800 Gerben Ynzes brûkt no wer wat mear lân by de pleats.

Op 30 pm lân hâldt hy 5 kij en 3 hynders en 13 pm wurdt

brûkt as boulân. De hier is oprûn ta 356 gûne. Nije eig-

ners binne de bruorren Philippus en Minne Jans.

Yn de Frânske tiid komt Pieter Dantuma yn it besit fan de

pleats en nei him syn frou Atje Tietes. Sy wenje ek sels

op de pleats en dat is foar it earst sûnt 200 jier dat de

eigner ek op de pleats wennet. Yn 1842 ferkeapet Atsje de

pleats wer troch oan de famylje Boersma: earst Taede en

letter Tjiske Sjoerds Boersma wurde eigner.

De pleats giet no gauris yn oare hannen oer en ek ferska-

te minsken ha de pleats bewenne:

Eigners: Bewenners:

1880 Douwe P. Zijlstra 1880 Bienze Boersma

Minne M. Douma 1882 Jan A. Bangma

1883 Durk Sijtsma

1885 Wytze R. de Swart

1886 Arjen Jeltema

1887 Jacob Tj.de Braak

1890 Anne van der Hoek

1893 Oeds van der Heide

1895 Sjoerd D. Zijlstra

1908 Jacob E. Krol

1910 Douwe K. Leystra 1911 Jan L. de Hoop

Tietje M. Douma 1912 Roelof Lettinga

1914 Klaas Westra

1915 Sake Banga

1920 Tietje M. Douma 1919 Wopke Meindertsma

Hijltsje Gerbrandy 1922 Pier Cnossen

1930 Eelke v.d. Zwaag 1930 Pieter Zuidema

1933 Eelke van der Zwaag

1945 Antje van der Wagen

1953 Klaas W. Dijkstra 1948 Klaas W. Dijkstra

A. en E. Meindertsma

1977 Willem K. Dijkstra 1973 Willem K. Dijkstra

Ut de lange rige fan bewenners (en dan kinne der ek noch

wolris guon fergetten wêze) is te sjen dat de measten it

net lang op dizze pleats útholden ha. Hja steane ek meast

te boek as arbeider. Dat soe der op wize kinne dat dizze

pleats in tiidlang yn gebrûk west hat as arbeidershûs. De

ferbou fan 1919 soe dan bedoeld west ha om de pleats wer

yn bedriuw nimme te kinnen, want pas om 1920 hinne komt

der wat mear fêstichheid.

Nei't de terp fan Eastrum ôfgroeven wie, stie de pleats

sa ticht by de râne dat der mar twa meter grûn mear foar

hûs lei en dan in djippe ôfgrûn. Klaas Dijkstra hat dat

letter opheegje litten. De Hollânske stâl dy't hy en syn

soan boud ha, is ek alhiel út de ôfgroeven terp wei op-

boud: in fûnamint fan wol seis meter wie it gefolch!

 

 


 

18. BEWENNERS: M.A. Wienia

W. Wienia-Ros

ADRES: Mellemawei 1

WENPLAK: Eastrum

PLEATSNAMME: Mellema

FLOREENNUMER: 10

GRUTTE YN 1640: 120 pm

GRUTTE YN 1988: 78 HA

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: 1963

EIGNER: Huzing: Famylje Wienia

Lân: Famylje Wienia en de Av‚ro

 

 

Noard fan Eastrum leit in nije pleats op in eigen stins-

terpke. It is in âld stee wêr't foarhinne it slot Mellema

stien hat. By in brân yn 1963 waard de pleats alhiel fer-

neatige en de nije huzing hat in folle moderner oansjen

krige as de âlde (echte Fryske) kop-hals-romp pleats yn

it ferline hie. De wei derhinne hyt "Mellemawei" en dat

is net foar neat om't sawol de "âlde" as de "nije" Melle-

ma's hjir in protte besit hiene.

1423. Fan de earste Mellema, in Syrick, wurdt skreaun dat

hy "eeheer" yn Dongeradiel wie(in soarte fan rjochter) en

yn 1426 is hy grytman fan de gemeente. Hy is in wichtich

man yn dy tiid want syn namme komt yn ferskate âlde oar-

konden foar. Sa is hy ôffurdige fan de Eastrumer syl by

it Pagstra Sylvest (1449) en tekent hy ek in oerienkomst

oer de jiermerken yn Eastergoa(1453).It falt dêrby op dat

hy oer in eigen segel beskikke kin.

1511. Poppe Mellema wie yn de Saksyske tiid de grutste

grûnbesitter fan Eastrum. Hy hie sels 1651/2 pm lân yn ge-

brûk en nochris 20 pm "flioeslant". In part fan syn lân

hie hy dat jier wer trochferhierd foar 22 ggûne. Flioes-

land rûn hast alle winters ûnder wetter, dat dat lân sil

wol by it Mellema-marke lein ha dat yn letter tiid droech

lein is.

Poppe Mellema is ek foar it grutste part eigner; allinne

de Abt fan Dokkum en Amke Jaerla hiene elk in 17 pm fan

syn lân yn eigendom.Al dit lân fan Poppe waard skat op in

jierlikse hierwearde fan 59 ggûne, noch gjin trije gûne

de pûnsmjit.

Ek ferhierde hy noch 20 pm oan "lywe in den buren" wêr 't

hy 7 ggûne foar barre koe. Fierder hie hy besittings yn

oare doarpen yn Eastdongeradiel; sa wurdt hy bygelyks yn

Moarre neamd as eigner fan 14 pm lân.

Poppe stiet wol hieltiten te boek as in Mellema, mar hy

wie eins in Remmertsma. Syn mem moat de lêste út it âlde

Mellema-laach west ha en om't Poppe dochs de Mellemastate

oerurven hie en oars de namme Mellema ferlern gean soe,

hat hy as efternamme Mellema oannaam. Krekt as de echte

Mellema's waard ek hy ta grytman beneamd. Dat barde yn

1517 troch kening Karel V. Hy sil yn 1524 stoarn wêze

want doe waard syn opfolger beneamd.

Hoewol't Poppe Mellema sân bern hie, hat allinne dochter

Luts Mellema foar neiteam soarge. Hja troude mei Hessel

van Feitsma en doe kaam de state yn hannen fan de famylje

Feitsma. De soannen Ofke en Jelger van Feitsma wiene oant

harren dea ta, Ofke stoar yn 1612 en Jelger yn 1620, eig-

ners fan de state.

1582. At se ek op Mellema wenne ha, is net dúdlik, mar de

slotpleats wurdt yn alle gefallen ferhierd oan Gerbrandt

Harkes dy't yn 1579 Gerbe Mellema neamd wurdt. Dat sil

wol kaam wêze om't er op Mellema wenne want yn 1580 stiet

by Gerbrant Harkesz, "in Mellema state", skreaun.

Gerbrandt Harkesz is yn 1582 ferstoarn en de twadde man

fan syn frou Tiets Saskers lit in ynfintaris opmeitsje

fan alles wat er doe op Mellema oan fee omrûn:

"23 melckekoijen ende drie gelde koijen, drie enter rie-

ren ofte vaersen, een enter bolle, drie calvers, twe olde

trekend moerpeerd, twe enter merijes met den suichvoele,

vijff olde schaepen ende 12 lammers, drie mestelverckens

ende zeven winterverckens".

It liket net sa'n grut oantal, dy 26 kij, mar it is it

heechste tal kij, dat (yn dy tiid) op ien fan de pleatsen

yn dit boek oanwêzich wie.

Nei Jelger Feitsma giet Mellema ferskate kearen yn oare

hannen oer:

1620 Haye Eelckema

1640 Gerbrandt Hayesz Eelckema

1641 Johannes Hayesz Eelckema

1645 Marten Hania van Eelckema

1651 Catharina van Scheltinga

Haye Eelckema moat sels wer op Mellema buorke ha neffens

it Stimkohier fan 1640. Syn soannen en harren omke Marten

Hania erve Mellema state, foardat it guod oergiet nei de

Van Scheltinga's. Johannes van Scheltinga erft nammentlik

fan Johannes Eelckema en sa komt Catharina van Scheltinga

(dochter fan Johannes van Scheltinga) yn it besit fan de

Eastrumer State.

Hja is troud mei Schelte van Heemstra en de Heemstra's ha

de lêste eigners west fan it slot sa as dat yn 1723 troch

Stellingwerf tekene wurdt: "Heemstra onder Oostrum, be-

hoort Feye van Heemstra", skriuwt hy der ûnder.

1714. Schelte van Heemstra, sels wenne hy yn Boalsert,

ferhierde de state yn dit jier oan Sippe Jans dy't foar

de 120 pm lân in jierlikse hier fan 350 gûne jaan moast.

Sippe sil wol op de slotpleats wenne ha. It slot sels sil

yn 1735 troch Feije van Heemstra ôfbrutsen wurde, dy't it

boumateriaal brûkt om Heemstra State yn Oentsjerk mei te

ferbouwen en te fergrutsjen. De poarte moat noch in skoft

stean bleaun wêze.

Doe't yn 1856 op it hoarnleger groeven waard, kaam ûnder

oaren in kelder foar it ljocht mei in grutte fan 11 by 6

meter en in djipte fan 1.50 meter. Ek in stik ringmuorre

en in stiennen piip fan it poartegebou waarden fûn. Ek yn

yn 1882 by it graven fan in sleuf foar in rioelbuis waard

in wichtige fynst dien: in gouden geuzepenning fan om-

trint 1567.

1748. Mei Sybren Douwes komt der in famylje op Mellema te

lâne dy't jierrenlang tahâlde sil op dizze pleats, earst

as hierder en letter as besitter. As yn 1811 famyljenam-

men keazen wurde moatte, leit it foar de hân dat hja dan

"Mellema" as fan oannimme. Doe wie it foar it earst sûnt

de 16de ieu dat der wer Mellema's op it âld stee wennen.

1760. Sybren moast 470 gûne oan hier jaan foar de 120 pm

lân by de pleats en hie dêrfoar 8 kij en 6 hynders yn syn

stâl. In 60 pm lân waard brûkt foar bou. It tal kij rint

stadichoan omheech oant Sybren yn 1769 al 15 kij op stâl

hat. De feepest fan 1770 gie ek net oan syn pleats foarby

want yn dat jier jout hy mar 4 kij mear op foar de beles-

ting. Hy hat dan 8 hynders en brûkt 87 pm as boulân: ek

hy leit mear klam op it boulân! Yn 1773 is de saak wer

stabilisearre mei 16 kij en 75 pm boulân.

1790. It moat Sybren fierder foar de wyn gien wêze want

syn beslach fee bliuwt no jierren oanien sawat gelyk. As

hy yn 1788 fan syn snoarske in bedrach fan 4000 gûne erft

liket it foar him tiid om it bedriuw mar oan te keapjen.

Dat docht hy yn 1790 as hy Mellema "...mitsgaders met een

zwaanejagt, gestoelte in de Kerk, grafkelder en graaven

op't Kerkhof..." keapet fan Jonkhear Schelte van Heem-

tra, boargemaster fan Boalsert foar in priis fan 20202

cgûne, in grut bedrach yn dy tiid. Sybren is no de grutte

man yn Eastrum en yn syn hearebank en syn neiteam sil dat

jierrenlang bliuwe.

1797. Itselde jier dat soan Douwe Sybrens de pleats oer-

nimt, wurde de gebouwen ôfbrutsen. Fan dizze gebouwen

seit de skoalmaster yn 1858: "In 1672 werd bij het slot

eene boereschuur aangebouwd - ter vervanging van een hooi

berg. Deeze schuur met afzonderlijk staande stalling en

woonhuizing, afkomstig van de Heeren huizinge is in den

Jaare 1812 afgebroken en alstoen vervangen door eene

nieuwe schuur en woonhuizing..." Yn de tiid dat der gjin

pleats stie op dit stee (1797-1812) hat Douwe Sybrens op

in pleats ûnder Ie wenne. De nije kop-hals-romp pleats,

mei yn ien fan de bûtenmuorren in sânstiennen liuwe-kop,

stie boppe de slotgrêft fan de âlde state. Yn de gong

hong noch it âlde wapen fan de Mellema's (de heale earn

en de ikenbeam). As de lêste fan dizze famylje yn 1956

fan de pleats giet, wurdt dit wapen ek wei.

De hierwearde fan Mellema is om 1800 hinne oprûn ta 1118

gûne. De pleats is dan 140 pm grut om't noch mear lân

oankocht waard troch Sybren Douwes. Heit en soan ha yn dy

tiid op syn meast 27 kij op stâl stean, 10 hynders yn ge-

brûk en 65 pm boulân.

1818. Nei de Frânske tiid buorket Minne Douwes Mellema op

dizze pleats. Hy is assessor (in soarte fan wethâlder)

fan de gemeente en yn de koarte tiid dat der in gemeente

Eanjum west hat, wie hy dêr maire (boargemaster) fan. Syn

namme komt sa ek op alle akten foar wêrby't minsken in

famyljenamme oannaam ha. De Mellema's wiene ek tige war-

ber op it wetterskipsgebiet. Hja sieten yn it polderbe-

stjoer en Douwe Minnes Mellema wie ien fan de foaroan-

mannen dy't der foar soarge ha dat it Jouswierster Mar yn

it midden fan de foarige ieu droech lein waard. Douwe wie

yn 1854 ek lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy

wie de driuwende krêft efter it plan om in daam te lizzen

fan it Amelân nei de fêste wâl. It doel wie om it oan-

slibjen fan it Waad te befoarderjen. De daam waard ek

oanlein mar is letter by in stoarm ferneatige.

Minne hie trije bern: Ype, Douwe en Antje. Dizze trije

bern erve nei syn dea alle trije pleatsen op Tiltsje-

buorren dy't hy en syn heit yn de rin fan de tiid oan-

kocht ha: Mellema, Tadema en Douma. By de taksaasje yn

1849 wurde dizze pleatsen yn de ynfintaris skat op in

wearde fan fl. 100.800,-.

Ype Mellema buorket op Mellema state en hy wurdt ôfgrys-

lik ryk. Fan him giet it ferhaal dat hy safolle gouden

tsientsjes hie, dat hy se hast net telle koe. At hy dat

alris besocht dan die hy dat by kopfollen.Hy telde gewoan

it tal koppen dat hy oan'e râne ta mei gouden tsientsjes

fulle koe! Om't er bang wie dat syn jild stellen wurde

soe, liet er yn it lêst fan syn libben in jongkeardel by

him op de pleats sliepe, dy't sinten fan him liend hie.

Dizze Klaas Gaasterland hoegde gjin rinte te beteljen at

hy mar by Ype op'e pleats sliepe woe. Klaas wie noch mar

krekt troud dat hy sil dat net altiten moai fûn ha!

1896. Ype Mellema bliuwt frijfeint en as hy yn 1896 op 84

jierrige leeftyd komt te ferstjerren, lit hy alles nei

oan syn trije omke-sizzers Meindert, Douwe en Minne Douma

(sjoch ek nr. 15 en 16). Nei 1880 buorke Rienk Meinderts

Douma al mei syn soan Minne op Mellema; de âld man sil it

wurk wol net mear dwaan kinnen ha. Rienk komt yn 1896 ek

te ferstjerren en dan wurdt Minne Rienks Douma boer op

Mellema en ek hy is net troud. Hy hat mear as 70 jier op

Mellema wenne as hy yn 1953 op dizze pleats stjert. Syn

húshâldster, Doetje van der Lei, erft de pleats en mei

har broer Johannes bebuorket hja oant 1956 ta noch op it

âlde Mellema. Albert Siebrens Wienia wurdt dan de nije

bewenner.

1963. In grutte brân, oarsaak heabroei, leit de hiele ef-

terein fan Mellema yn'e jiske en ek de foarein hat hiel

wat skea. Lokkich wiene de kij yn it lân en koene trije

fan de fjouwer bollen út'e brân rêden wurde. De foarein

wurdt ek ôfbrutsen en der komt in hiele nije huzing op it

terpke te stean.

Yntusken is it eigendom oergien nei it Co”peratief Verze-

keringfonds yn Ljouwert, al hat dat net sa lang duorre.

Yn 1982 komt de maatskip Albert Siebrens en Meine Alberts

Wienia yn it besit fan de pleats wêr't de Wienia's al fan

1956 ôf op buorke ha.

Bewenners:

1869 Ype Minnes Mellema

1896 Minne Rienks Douma

1953 Doetje en Johannes van der Lei

1956 Albert Siebrens Wienia

1988 Meine Alberts Wienia

 

 


 

19. BEWENNERS: M.J. Boersma

R.B. Boersma-Meindersma

ADRES: Humaldawei 8

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1989: 70 HA

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: 1922

EIGNER: Maatskip M.J. en R.R. Boersma

 

 

It perseel wêr't de huzing op boud is, hiet yn it ferli-

ne "de koarte bún", in namme dy't net sa maklik te fer-

klearjen is, al kin tocht wurde oan in ôfkoarting fan "de

koarte bunder". Folle ljocht smyt dat net op de saak om't

yn dizze omkriten eins nea bunders brûkt waarden; it lân

waard altiten oanjûn yn pûnsmjitten. Yn alle gefallen hat

dit perseel jierrenlang yn hannen west fan de Meindersma-

famylje. No is dat net sa ferwûnderlik want dizze famylje

hie yn it ferline in protte besit yn Ie en omkriten. Dit

perseel hearde offisjeel by Bonia sate.

1922. Antje Eelkes Meindersma keapet dit perseel yn 1922

fan Yttje Gerrits Moltmaker, widdo fan Douwe Fetses Mein-

dersma. Hja lit hjir in hûs bouwe, mar hja wennet dêr yn

it earstoan net yn. Har suster Tietje, widdo fan Douwe

Johannes Beintema, is de earste bewenner fan dit nije hûs

oan de râne fan Ie. Tietje nimt yn 1924 it hûs ek yn ei-

gendom oer. It ferhaal giet dat by de bou fan dit hûs wat

oars boud is as op de tekening stie. De souder soe folle

heger kaam wêze as de bedoeling. It gefolch wie in hiele

hege souder ûnder yn de keamer en op de sliepkeamers eins

in te lege fliering.

Yn 1926 komt Antje Meindersma dan dochs yn dit hûs te

wenjen en tegearre hâlde de beide susters hjir jierren-

lang ta. Krekt nei de oarloch, doe't der krapte wie yn

huzen, hat master Luinenberg fan de CVO skoalle yn Ie in

pear jier yn in part fan dit hûs wenne.

1950. Reinder Jacobs Boersma keapet yn dit jier dit hûs

en mei him kriget it in nije bstimming. Hy brûkt dizze

wente by in boupleats en lit dêrta yn 1957 efter op it

hiem in skuorre bouwe (yn 1986 sil der wer in loads by-

boud wurde). De famylje Boersma hat sûnt 1951 op dit stee

wenne en hjoeddedei wennet Melis Boersma hjir. Mei soan

Reinder foarmet hy in maatskip dy't dit bedriuw draaiende

hâldt. Hja brûke sûnt koart ek de huzing en it lân fan

Wiarda sate oan de Fjellingsreed en dêrtroch kin dizze

maatskip beskikke oer in 70 HA boulân.

Boersma stiet al sûnt jierren bekend as "de tulpe-boer".

Hy hat lang sawat de lêste west dy't noch mei tulpen oan

de slach bleau, mar de lêste tiid kriget hy wer wat nei-

folging. Dit bedriuw hat in pear stikken lân yn gebrûk

mei nijsgjirrige nammen:

De koarte bún - it wenstee

De Blauhúster - stik lân tsjinoer it âlde stee fan Blau-

hûs of Eernsma (sjoch nr. 45)

De earn - in earn is in fûgel(adelaar), mar it soe

ek ferwize kinne nei Eernsma

Tsjinoer Holdinga- Holdinga wie ek in âlde state op Mid-

huzen

De Goudberch - dit sil wol in goed stik lân wêze mei in

hege opbringst, al wurdt it ek wolris

(sarkastysk) brûkt foar min lân

It oargellân - in stik lân dat yn 1806 oan de tsjerke

skonken is ta it ûnderhâld fan it oargel

Foar harsels sprekke noch "it dobbe-lân" en "by de skiif-

sjittersbult".

Bewenners:

1922 Tietje Meindersma, widdo Douwe Johannes Beintema

1926 Antje Meindersma (wenne der by yn)

1951 Reinder Boersma

1978 Melis Jan Boersma

 

 

 


 

20. BEWENNERS: A. Dam en soannen

ADRES: Sânewei 1

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1989: 27 pm

YN GEBRUK AS: Leanbedriuw en boupleats

HUZING: Stjelp 1870

EIGNER: Huzing: A. Dam

Lân: Meardere eigners

 

 

Oan it begjin fan de Sânewei, in smelle lânwei fan Ie nei

Eastrum, op de hoeke fan de Humaldawei, leit it bedriuw

fan Alle Dam. In leanbedriuw makket it grutste part út

mar dochs is der altiten noch 27 pm bou by dit bedriuw.

1870. It perseel lân wêr't dit bedriuw op boud is, hat

fan âlds altiten by Mockema heard. Yn 1822 keapet Gosse

Jans Jilderda dit perseel boulân. Hy buorket sels op

Kennema sate oan de Foarwei yn Ie. Nei syn dea wurde syn

frou en de bern eigners en yn 1870 syn bernsbern Gosse en

Detje Jans Jilderda . It perseel wurdt dan opdield yn in

stik boulân en in stik wêr't in hûs op boud wurdt, it

eigentlike gebou sa't dat der no noch stiet. Detje Jans

Jilderda wurdt nei in skieding mei har broer eignerske

fan dit pleatske en hja lit yn 1878 noch in skuorke by it

gehiel bouwe. Hja trout mei Koenraad Link en tegearre

buorkje hja hjir oant 1886.

1890. Neidat Symen Renzes Tilstra yn 1886 it eigendom

oernaam hat, lit hy yn 1890 it hûs opsplitse yn twaën: de

eigentlike pleats sa't men dy hjoeddedei fan foaren noch

sjen kin, en in lyts oanbousel, "it lúsjefersdoaske" sa't

dat wol neamd waard. Dit lúsjefersdoaske bestie út in

keamer mei bedsteden, in pear stâlen en in skuorke. Dit

tige lytse húske bestiet noch altiten en is no it lytshûs

(ek wol trekkerhok) dat oan de kant fan de Humaldawei

stiet. Oant 1950 ta ha der altiten minsken yn wenne. De

lêste bewenner wie Sietse Kempenaar wa's hiele húshâlding

yn dit lytse,winters tige kâlde,krûpyntsje tahâlde moast.

Bewenners fan it lúsjefersdoaske:

1889 Sybe Berends Wouda

1891 Tjerk Douwes Douma

1892 Hendrik Dijkstra

1914 Gerben Jans Wouda

1934 Anne Klaver

1938 Wealtje Dijkstra

1940 Meindert van Assen

1941 Anne Sloot

1942 Klaas Ypma

1843 Hendrik Dijkstra

1945 Klaas Haaijema

1946-1949 Sytze Kempenaar

De measte bewenners steane te boek as "dagloner" as "ar-

beider", faaks ha se wol op de pleats wurke.

1909. Nei 1909 geane it lúsjefersdoaske en de pleats elk

in kant út. De pleats wurdt kocht troch Bote Jans de

Vries dy't gernier wurdt op dizze pleats. Hy lit noch wat

bybouwe en syn soan Durk Botes ferkeapet yn 1936 de boel

oan de famylje Dam, in famylje dy't hjir noch altiten

wennet. Ek Jan Dam stiet as gernier te boek.

It lúsjefersdoaske waard ferkocht oan Wieger Jans Hoek-

stra, timmerfeint yn Ie. Hy hat net lang eigner west want

yn 1915 is Berend Sipkes Wouda al besitter fan dit lytse

húske. As Berend Wouda yn 1929 komt te ferstjerren wurdt

syn frou eignerske fan it lúsjefersdoaske en nei har de

dochter Elisabeth Wouda, widdo fan Mame Banga. Elisabeth

wie "winkelierse te Ee". De famylje Douma hat hjir nea

wenne mar altiten hierders yn dit húske hân. Yn 1950 komt

it hiele pân wer yn ien hân as Jan Dam ek it lúsjefers-

doaske keapet. It ferliest no syn funksje as wenhûs en as

de famylje Kempenaar dit húske ferlit, wurdt it yn gebrûk

naam as lytshûs.

1967. Alle Dam nimt yn 1967 it bedriuw fan syn heit oer.

Oant hjoeddedei ta buorket hy hjir no. De haadsaak fan

syn bedriuw is it leanbedriuw mar dêrnêst spilet ek de

ikkerbou net swak by. Ien fan de perselen lân dy't hy yn

gebrûk hat,it earste perseel bûten Ie as men nei Ingwier-

rum rydt (flak efter it âlde fuotbalfjild), hat de nijs-

gjirrige namme "Brânburch",ek wol Brandenburg. It ferhaal

giet dat hjir eartiids in protte fee ferbaarnd is en doe

bedobbe. It moat fee west ha dat troch miltfjoer oantaast

wie.

Bewenners fan de pleats:

1869 Trijntje Gerbens Dijkstra, widdo Jan Jilderda

1877 Koenraad Link, troud mei Detje Jans Jilderda

1886 Symen Renzes Tibstra

1909 Bote Jans de Vries

? Durk Botes de Vries

1936 Jan Dam

1967 Alle Dam

 

 


 

21. BEWENNERS: W. Dijkstra

A. Dijkstra-Lub

ADRES: Hoitensreed 3

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: Koaipleats

FLOREENNUMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1989: 52 HA

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Kop-hals-romp 1853

EIGNER: Huzing: W. Dijkstra

Measte lân: W. Dijkstra

 

 

Op de râne fan de Iester Kolken, tsjin de Súr Ie oan,leit

de "Van Asperen Koai" mei tichteby de koaipleats, bewenne

troch de famylje W. Dijkstra. Sûnt de oarlochsjierren is

de koai net mear brûkt foar it fangen fan fûgels.

De oanlizzer fan de koai hat wol witten wat er die; in

koai moai tichteby de Lauwerssee en yn de Kolken, in ge-

gebiet dat yn it ferline hjerstmis, as de trekfûgels wer

diz' kant útkamen, meast ûnder wetter stie en dêrmei in

ideaal plakje foarme foar de wetterfûgels.Dyselde oanliz-

zer fan de koai hat it lykwols de skiednisskriuwer net

maklik makke om't de koai op it doarpsgebiet fan trije

doarpen leit!

Nearne yn de floreen- en reëelkohieren komt in koai foar

ûnder Ie. Der wurde lykwols yn de tsjerkeboeken wol koai-

kers ûnder Ie neamd.De oplossing waard fûn yn it Quotisa-

tiekohier fan 1749; Johannes Haijes wurdt dêryn "koyker"

fan Ie neamd, mar is yn it reëelkohier net ûnder Ie, mar

ûnder Ingwierrum te finen.

It wurdt wat dúdliker as de earste kadasterkaart fan 1832

fergelike wurdt mei it floreenkohier fan 1858. Der lizze

sa'n tsien stikken lân om de koai hinne dy't ûnder Ie

thúshearre, mar ek in fiiftal dat ûnder Ingwierrum heart.

Twa stikken lân wurde noch oanslein ûnder Eanjum; de koai

leit dus mei rjocht op it grinsgebiet fan trije doarpen.

Frjemd is ek dat de koai mei twa stikken lân ûnder Ing-

wierrum heart, mar dat de bewenner fan it koaihûs yn de

boeken ûnder Ie beskreaun wurdt.

1700. De earste besitter fan it stik lân wêr't de koai yn

letter tiid op oanlein waard, is in Taecama. Hy ferhierde

dy 8 pm oan Teede Sioerds. Yn 1714 is dûmny Theodorus

Crans eigner wurden, dy't Minne Lubberts foar 40 gûne yn

it jier as hierder hat. Tsien jier letter brûkt Folkert

Jans dizze stikken lân en hy krijt de helte yn eigendom.

1738. As Johannes Hayes as brûker op dizze 8 pm lân komt,

begjint der wat te feroarjen want yn 1744 stiet yn it ko-

hier:"Huis, Kooij en 8 pm land". Dit is de earste fermel-

ding fan de einekoai en it leit foar de hân te tinken dat

doe de koai oanlein is, ek al om't de kaart fan Schotanus

út 1698 noch gjin koai oanjout. It is net alhiel wis dat

de koai yn 1743/4 oanlein is om't yn dy tiid de kohieren

net altiten sekuer byholden waarden. Fan Johannes Hayes

is yn alle gefallen bekend dat hy in koaiker wie. Der is

noch in reden om oan te nimmen dat de koai doe oanlein

is, om't de hierpriis ynienen fan 40 nei 140 gûne omheech

giet, ek al is der dan 10 pm mear lân by.

1760. Albert Douwes, bysitter fan de gemeente, wenjend yn

Mitselwier, is noch altiten mei de bern fan Folkert Jans

eigner fan de einekoai ûnder Ie. Yntusken is Harke Jacobs

as koaiker op it koaihûs telâne kaam. Hy is ek boer want

der is noch in 43 pm lân by de koai. Harke hat 5 kij en

in hynder op stâl en hat 2 pm ynsiedde as boulân. Mear

kij ha der de hiele 18de ieu net op de koaipleats west.

As Harke Jacobs yn 1766 komt te ferstjerren, bliuwt syn

widdo Minke Pytters noch in tal jierren op de koaipleats

wenjen mei har bern oant hja fan it gerjocht sein wurdt

dat hja "...Petrij en Maij 1787 in vrijdom (...) de hui-

singe en hovinge met de landerijen ende kooij, die de

denuntieerde van de denuntianten in bruikma heeft..."

ferlitte moat. Wêrom't soks fia it gerjocht moast, is net

dúdlik. Yn alle gefallen sil no tsien jier lang Boele

Tijmens (letter neamt er him Kooistra) de koaipleats be-

wenje.

1805. Om 1800 hinne is it frijwat ûnrêstich op de koai yn

de Kolken. Earst ruilje Boele Tijmens en Gerrit Foppes

fan koai: Boele nei de koai ûnder Eanjum en Foppe nei de

koai ûnder Ie. Dat liket in hiel ein, mar dizze koaien

lizze net mear as hûndert meter fan inoar ôf! Trije jier

letter giet Gerrit Foppes nei in (weiwurden) koai ûnder

Ingwierrum en komt earst Geert Jacobs en letter Claas Ja-

cobs op de koai ûnder Ie. De hierpriis fan de einekoai en

29 pm lân is oprûn ta 232 gûne, in hierpriis dy't betelle

wurde moat oan Tjepke Wierds,Minne Alberts Douma en Jacob

Sjolles. Dizze trijekaart hat ek de koai ûnder Moarre en

de weiwurden koai ûnder Ingwierrum yn besit, dat dêr kin

it hieltiten feroarjen fan koaiker ek wol yn sitte.Tjepke

Wierds fan Nijtsjerk stiet te boek as keapman, dat faaks

hat hy foar de ferkeap soarge fan de fûgels dy't yn dizze

trije koaien fongen waarden.

1827.Yn oktober 1827 komt "Eene huizinge schuur en Vogel-

kooi" op de buorden. It liket in erfeniskwestje te wêzen

want der wurde tsientallen minsken neamd dy't in stikje

yn eigendom ha, as fâd binne oer minderjierrige bern dy't

ek meipartsje moatte. Kornelis en Hartman Dirks Hartmans,

boeren ûnder Nes en Wierum, nimme de koai en koaipleats

en njoggen perselen lân oer foar in keappriis fan FL. 2362.

Ien fan de betingsten by dizze ferkeap is:"...De koper

van de huizinge en Vogelkooij zal de Vogels op tauxatie

moeten overnemen..." Mei dizze fûgels wurdt "it veerspil"

bedoeld, de einen dy't by de koai hearre en nedich binne

om de wylde einen yn de koai te lokjen. Dizze fûgels wur-

de ek wol "de flecht" neamd.

Yn de tiid fan de bruorren Hartmans wurde Kornelis Jelte-

ma, Jacob Hoekstra en Sjoerd Bijker as koaikers neamd.

1841. Mei Popke van Asperen, poelier yn Ljouwert, komt in

famylje yn it besit fan de koai dy't dat krekt in ieu

lang bliuwe sil. As poeliers hiene hja fansels ek belang

by it goed yn bedriuw bliuwen fan de einekoai. Yn de ear-

ste jierren dat Popke van Asperen de koai yn besit hat,is

Meindert Fokkes Kooistra de boer en koaiker op de pleats

mar dat feroaret as soan Jan van Asperen yn 1853 trouwe

sil mei Grietje Sijtsma fan Ie.

1853. Yn dat jier wurdt der nammentlik in nije pleats op

it stee fan de koaipleats boud; it is dúdlik dat Popke

van Asperen syn soan in goed hûs ta ha wol. De koaipleats

wurdt dan ek hast twa kear sa grut as (it koaihûs) foar-

hinne. In tinkstien yn de muorre seit: "Op den 26-5-1853

heeft Grietje Sijtsma oud 20 jaar den eersten steen aan

dit gebouw gelegd". As Jan en Grietje yn augustus trouwe,

wennet foar it earst yn de skiednis fan de koai de eigner

yn de koaipleats.

1870. Jan van Asperen stiet yn Ie bekend as in wat eksin-

tryk man, in tûke boer moat hy ek net west ha. Hy ferwik-

selt yn 1870 de koaipleats yn Ie mei in pleats yn Wargea.

Hy bliuwt wol eigner, mar de nije koaiker wurdt Cornelis

Hedzers Castelein, dy't út in famylje stamt wêryn't al

sûnt 1537 koaikers foarkomme. Yn syn earste jier slagget

Castelein der yn om yn de moannen augustus oant en mei

febrewaris (dat is de fangsttiid fan dizze koai) sawat

alle dagen in tsiental einen te fangen en dat telt oan yn

sa'n lange perioade. As de prizen goed binne, yn guon

jierren tusken de 75 sint en in gûne, kin de hier fan de

pleats wol út de fangst fan de koai betelle wurde.

Bewenners:

1853 Jan van Asperen

1870 Cornelis Hedzers Castelein

1892 Ruurd Cornelis Castelein

1905 Rinske Melles Castelein (skoansuster)

1912 Melle Arends Castelein

1934 Anne Arends Castelein

1946 Kornelis Thomas Boersma

1976 Thomas Kornelis Boersma

1980 Willem Andries Dijkstra

Ruurd Cornelis Castelein wie net troud en dêrom nimt syn

skoansuster(hja wie ek syn nicht) Rinske Melles Castelein

en de bern de koaipleats oer. Nei har dea yn 1911 waard

har soan Melle Arends Castelein de koaiker en hy hat op

de koai goede jierren makke. Hy hie in flecht fan sa'n

2000 einen yn de koai en hie elk foarjier mear as 150 ei-

nekuorren yn de koaibosk hingjen. Hy slagget der geregeld

wei yn om de hier fan de koaipleats te beteljen út de op-

bringst fan de koai, in hier dy't noch altiten betelle

wurde moat oan de famylje Van Asperen fan Ljouwert. Elk

jier op 12 maaie komt Van Asperen persoanlik nei Ie om de

hier op te heljen. Melle hie dan de lange Goudse pipen al

klearlizzen yn de pronkkeamer. Lânhearre en pachter koene

dan ûnder it geniet fan in piip gegevens útwikselje oer

it waar, it fûgeljen , it buorkjen en oer de prizen dy't

de fûgels opbrochten. Dat hat Popke van Asperen noch oant

op hege leeftyd dien.

Broer Anne Arends Castelein sil de lêste koaiker op de

Iester einekoai wêze. Yn 1943 hâldt hy der mei op,al wen-

net hy noch in pear jier op de koaipleats. De koai sels

is troch de lêste Van Asperen, wer in Popke, yn 1942 by

syn dea fermakke oan It Fryske Gea. Dizze natoerbesker-

mingsorganisaasje krige doe trije koaien fan Popke Van

Asperen: "de drie Eendenkooien behoorende tot mijne Kooi-

plaatsen onder Suawoude, onder Ee en onder Anjum". It is

wol spitich dat ien fan de betingsten wie dat er net mear

yn de koaien fongen wurde mocht.

It falt jin op dat eins nearne in namme foar de koai jûn

wurdt. Om't de Van Asperens sa'n grutte rol spile ha, soe

as namme "de Van Asperen Koai" net misstean. Yn 1858 komt

in stik lân foar dat "achter Harkemakooi" leit. Yndied is

dat de namme fan it stik lân efter dizze koai. Faaks kin

hjir tocht wurde oan Harke Jacobs as nammejouwer. In feit

is dat dizze namme net bestean bleaun is.

Kornelis Boersma is de earste bewenner fan de koaipleats

dy't eins neat mear út te stean hat mei de koai sels, om

't It Fryske Gea de koai alhiel yn eigen behear hat. De

famylje Boersma buorket hjir oant yn 1980 as Willem

Dijkstra de pleats yn eigendom oernimt. De huzing is eins

noch krekt gelyk as doe't dy yn 1853 set is op in pear

wizigings yn de foarein nei. Sa is de molkenkeamer yn de

"hals" der net mear en is de giele fjûrharne, yn deselde

styl, ferpleatst nei in oar plak.

 


 

22. BEWENNERS: L.J. Grijpstra

A. Grijpstra-De Boer

ADRES: Omgong 7

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: Unia

FLOREENNUMER: 31

GRUTTE YN 1640: 85 pm

GRUTTE YN 1989: 20 HA

YN GEBRUK AS: Mingd bedriuw

HUZING: Kop-hals-romp 1815

EIGNER: Huzing: L.J. Grijpstra

Lân: Meardere eigners

 

 

Yn it doarp Ie binne twa pleatsen mei de namme Unia. Hja

steane ek noch sawat skean foarinoar oer oan beide kanten

fan de trochgeande wei yn Ie. De âldste pleats stiet op

de terp mei de efterein nei de wei ta en hat yn moaie

krolletters "Unia Zathe" en it jiertal 1815 op dy muorre

stean. Beide pleatsen ha te meitsjen mei de Meindersma-

famylje dy't hjir hast 200 jier taholden hat.

1640. Om't de pleats yn it register fan oanbring fan 1511

net werom te finen is (hy moat der wol west ha, sjoen de

hege lizzing op de doarpsterp) binne de earst beskikbere

gegevens pas fan 1640 yn it Stimkohier. Doe wiene der twa

eigners: "Juffrou Sytsma van Hallum voor de eene helfte

(papist) en Huibert Fransen tot Campen voor de andere

helfte". Brûker fan de 85 pm by de pleats wie doe Claas

Jelles. Mear gegevens binne der foar 1700 eins net al kin

konstatearre wurde dat yn it lêst fan de 17de ieu in part

fan it lân by Unia wei rekket want yn de floreenkohieren

hat dizze pleats letter altiten mar 45 pm lân mear. Faaks

sil ien fan de beide eigners fan 1640 it lân ferkocht ha

bûten de hierder fan de rest fan de pleats om en is dat

lân doe by de losse lannen fersille.

1714. Yn de kohieren is nearne in namme foar de pleats te

finen dy't dochs altiten as Unia bekend stien hat. Dy

namme sil ôfkomstich wêze fan Jonkhear Julius Jelto van

Unia dy't nei 1700 in fjirtich jier lang eigner west hat.

Der is in mooglikheid dat al earder Unia's op dit stee

wenne ha want om 1500 hinne troude in Teth van Unia fan

Ie, mei Poppe Obbema , boer en hearskip fan Obbema state

op it Ald terp ûnder Ie.

Take Clasen wie yn 1714 de brûker fan de 45 pm lân fan

Unia wêr't noch 29 pm fan Bonia byfoege wie. Hy moast elk

jier 310 gûne opbringe foar it gehiel. Hast alle hierders

bleaune mar in jier as sân op de pleats en giene dan wer

earne oars hinne. Yn 1728 hat Jonkhear Unia de pleats

sels publyk ferhiere litten. Dat hat duorre oant 1734 ta;

elk jier kaam de siktaris fan de gemeente nei Ie om Unia

yn it publyk te ferhieren oan dyjinge dy't er it measte

foar deltelle woe.

1735. Nei dizze wat minnige tiid foar de pleats komt der

in grutte feroaring ta stân. Earst keapet de famylje Van

Burmania de pleats mar yn 1740 ferkeapje hja it hoarn-

leger oan siktaris Bergsma en hâlde sels de helte fan it

lân yn besit. Mei de nije eigner Bergsma, syn famylje hat

pas nei 1800 it hoarnleger (en dêrmei de stim) ferkocht,

komt ek in nije hierder op de pleats: Sytse Johannes. Mei

him komt in famylje op Unia dy't in grutte rol spile hat

yn de skiednis fan dizze pleats, mar net allinne yn dizze

pleats mar ek yn in protte oare pleatsen yn Ie. Doarps-

en tsjerkesaken, ja sels gritenijsaken hie dizze famylje

in stim yn.

1760. Yn it lêste jier dat Sytse Johannes op Unia buorke,

hie hy 13 kij en 5 hynders op stâl en bebuorke hy 33 pm

boulân. Hy hie sa foar en nei sels ek al 54 pm lân kocht

dy't hy by de pleats brûkte. De hierwearde waard skat op

307 gûne. It jier dêrop is soan Johannes Sytses de baas

op Unia sate. Hy is troud mei Eelkjen Reinders en dy

skynt út in rike famylje te stammen want al rillegau erft

hja in moai protte sinten: 1500 gûne, twa huzen, 27 pm

lân en nochris 3900 oan obligaasjes. Johannes sil in tûke

boer west ha want yn 1780 hat hy al 115 pm lân yn gebrûk

by Unia; dat lân hie hy út oare pleatsen oankocht of as

los lân. Syn beslach fee rint dan ek stadichoan op en yn

1790 hat hy al 21 kij en 8 hynders op de pleats en brûkt

hy 51 pm foar bou. As yn 1791 in ein oan syn libben komt,

lit hy in grut bedriuw efter op de râne fan de terp. Fan

syn eigendommen wurdt in ynfintaris opmakke dy't as ein-

sifer fl. 62.213,- hat, in geweldich kaptaal yn dy jierren.

De pleats mei 174 1/2 pm lân (wêrûnder 47 pm fan syn frou

Eelkjen Reinders) stiet op 15.000 gûne, "...de graanen op

de solder leggende en in de schuur sittende 2236 gulden,

de levendige haave, huismanne Reeuw en beslag op 3083..."

De widdo fan Johannes Sytses bliuwt net lang allinne en

trout mei Eelke Wiggers, letter neamt er him Meindersma,

dy't wierskynlik net út it boere-libben ôfkomstich wie:

syn heit en broer wiene bakker. It bedriuw wreidet him

lykwols almaroan út en krekt foar 1800 is der safolle lân

by Unia dat der in twadde bedriuw fan stifte wurde kin.

Eelke Wiggers lit oan de wei nei Tibben in grutte pleats

bouwe, krekt bûten it doarp (Tibsterwei 1-3). In tink-

stien yn de gevel fermeldt: "In den Jaare 18 hondert men/

Vier Laagen Douwe en Fetse/ Eelkes Den eersten Steen

Alhier" en yn de top stiet it jiertal 1796. In pear jier

lyn is de efterein fan dizze pleats ôfbaarnd. It ferhaal

giet dat de stien fan de pleats ôfkomstich wie fan in

ôfbrutsen pleats út it Bild (de stien en it oare materi-

aal soe op weinen nei Ie tabrocht wêze, wylst oan de byn-

ten wie noch te sjen wie dat dy earder brûkt wiene). Dat

de bouwers fan dizze pleats ryk west ha, koe men sjen oan

de tegeltsjes yn dizze pleats dy't sels op de bedstee-

doarren en yn de keamer fan de tsjinstfaam sieten! Eelke

Wiggers hat yntusken al in 218 pm lân by dizze nije

pleats yn gebrûk mei in skatte hierwearde fan fl. 2022,-.

De âlde pleats wurdt ferhierd oan Ype Ruurds dy't 3 kij

hat, folge fan Jan Gerrits dy't 6 kij op stâl hat. Dêr-

troch is it wol dúdlik dat de âlde pleats yn ferfal is en

troch wat gernierkes brûkt wurdt. As de jonges Fetse en

Douwe grutter wurde, moatte hja elk ek op in pleats fan-

sels en sa sil it kaam wêze dat yn 1815 in nije pleats

boud wurdt op it âlde stee fan Unia op de terp. De efter-

ein kaam nei de wei en krige moaie pilasters, krekt as de

pleats oan de Tibsterwei, de foarein kaam oan de Omgong

om de tsjerke. Nei heite' dea komt Douwe Eelkes Meinder-

sma op Unia, wylst Fetse op de pleats oan de Tibsterwei

bliuwt. It lânoankeapjen, mar ek it ervjen gie troch want

de beide jonges krije yn letter tiid net alline fan

harren twadde mem, Eelkjen Reinders en har famylje,

besittings, mar ek fan harren earste mem, in Fetje Douwes

Vlieg, de nedige sinten (bygelyks 7800 gûne doe't omke

stoar). Al mei al kamen der hieltiten mear sinten yn

dizze famylje en as heit Eelke Wiggers yn 1821 komt te

ferstjerren, ervje de soannen elk in pleats mei sa'n 30

stikken lân mei in skatte wearde fan fl. 35.000,- elk en

dêrnêst nochris in fl. 44.000 oan sinten en obligaasjes.

Hja holden 12.000 gûne ûnferdield wêrby't ek noch parten

sieten fan fiskersskippen yn Peazens. As men sokke grutte

bedragen yn it besit fan dizze mannen wit, dan is it wol

te begripen dat hja mear en mear pleatsen yn it besit

krigen (op syn heechst moatte de Meindersma's 8 pleatsen

yn Ie hân ha). De Meindersma's binne yn dit boek dan ek

noch te finen op de nûmers 19, 24, 25, 28 en 29, mar der

wiene noch wol mear pleatsen en stikken lân dy't hja yn

besit hiene. Gjin wûnder dat by de measte pleatsen net

mear it lân is dat dêr by âlds by hearde: der waard wol

gauris wiksele, want, sa as in bewenner fan Ie my ris

skreau: " 't Was toch alles Meindersma".

Troch harren besittings krigen hja ek in stim yn tsjerke-

en doarpssaken (de kolleksje Meindersma yn it argyf tsjû-

get dêrfan) en sa kin men op in stien yn de pastorijmuor-

re lêze: "Twee Eelkes hebben hier den eersten steen

gelegd, de stam van Meindersma mogt beiden 't aanzien

geven. Maak op den levensweg O Heer hun paden regt en

schenk dees kerk gemeente een u getrouwen knecht die haar

bestendig sticht door voorbeeld leer en leven. 1834". Dat

mear as de helte fan de tekst op dizze stien oer de twa

Eelkes giet, jout te tinken.

1883. As by it ferstjerren fan Douwe Eelkes Meindersma in

ynfintaris opmakke wurdt fan Unia sate docht bliken dat

er dan twa pleatsen binne; "de oude plaats" en "de nieu-

we plaats" wurde se neamd. Dy nije pleats is de pleats

oan de oare kant fan de wei, in pleats dy't sûnt 1965 ek

as namme "Unia Sate" draacht (net alhiel terjochte). It

measte fee is oerbrocht nei de nije pleats: "twee vare

koeijen (fl. 470) acht vette koeijen (fl. 1965) een kalfrier

(fl. 190) drie gelde koeijen (fl. 510) acht hokkelingen(fl.690)

vijf paarden (fl. 1240) en veertien kippen en een haan(fl.10)

..." wurdt der oan fee neamd. Op de âlde pleats bliuwe

ien ko, seis rierren en twa kokeallen. De prizen wêr't it

replik guod op skat wurdt, binne net te fergelykjen mei

hjoeddedei. Sa steane der yn it weinhûs in kapwein foar

fl. 250, in sjeas foar fl. 75, in twapersoans weintsje foar

fl.100 en in belslide mei alles der op en der oan foar fl.30!

De hiele 19de ieu bliuwe de Meindersma's yn it besit fan

Unia en pas yn it begjin fan dizze ieu komt mei Meindert

Eelkes Meindersma de lêste fan dizze famylje op de

pleats. Sels hat hy oant 1918 ta noch op Unia wenne.

1927. De grutte feroaring komt yn 1927. Unia sate wurdt

ferkocht en falt yn twa parten útien: Teake Visser keapet

de skuorre, de hals en de helte fan de kop en Meindert de

Haan kriget de oare helte fan de kop as wente. Bewenners

fan de helte fan de kop:

1900 Meindert Eelkes Meindersma (simmerwente)

1918 Jan Krol

1924 Widdo Wouda

1927 Meindert de Haan

1935 Roel Miedema

1955 Hendrik Grijpstra

1960 Jan Grijpstra

Mei de famylje Grijpstra komme hjir wer minsken te wenjen

dy't de pleats sels ek yn hannen ha. Wie yn 1927 it berop

fan Teake Visser (de keaper fan de efterein) noch reid-

dekker en brûkte Jan Krol,molkrider, it lytshús noch foar

syn molkauto, yn 1928 komt der wer in boer op Unia.

1928. Jan Grijpstra set it boerebedriuw op dit stee wer

fuort. Yn it earstoan stiet hy noch te boek as "voerman"

mar letter wurdt hy gernier. Syn famylje hat sûnt dy tiid

altiten op de pleats buorke dy't hja yn 1932 yn eigendom

krigen. Yn 1960 hat Jan Grijpstra de oare helte fan de

kop ek noch kocht en sûnt besit de famylje de hiele

pleats.

Lubbert en Hendrik ha earst tegearre it bedriuw fan har

heit oernaam, mar letter is Hendrik nei Ingwierrum rekke

(sjoch nr. 35). Dit bedriuw draait noch altiten mei sawol

fee as mei boulân.

Bewenners fan de pleats:

1900 Meindert Eelkes Meindersma

1927 Teake Visser

1927 Sietse Meijer

1928 Jan Grijpstra

1960 Lubbert Grijpstra

 

 

 


 

24. BEWENNERS: J. Hansma

Y. Hiemstra

ADRES: Humaldawei 39

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMER: 8

GRUTTE YN 1640: 40 pm

GRUTTE YN 1989: 24 pm

YN GEBRUK AS: Boupleats

HUZING: Kop-hals-romp 1841

EIGNER: Y. Hansma-Hiemstra

 

 

De pleatsen fan Jaap Hansma en Piet Meindersma op Grut

Midhuzen ûnder Ie (nrs. 24 en 25) ha beide op it âlde

hoarnleger fan Mockema stien as dêr ticht tsjin oan. Tus-

ken dizze twa pleatsen en dy fan Zijlstra yn, is it plak

noch te sjen wêr't Mockema yn it ferline stien hat.

De âlde Mockema stins is fuort nei 1700 ôfbrutsen en de

pleats dy't der doe noch stie, moast it yn 1849 oerjaan.

De fierdere skiednis fan Mockema stiet ûnder nr. 25 be-

skreaun om't dy pleats de namme Mockema oerkrigen hat. De

eardere bewenners fan de pleats fan Hansma ha fansels it-

selde meimakke as de stinsbewenners, yn safier as it om

oarloch en gewelt gie.

1640. Omdat dizze pleats yn 1511 net werom te finen is,as

it moast de pleats fan "Taka by Mockema Huijs" wêze mei

50 pm lân foar in hierwearde fan 18 ggûne, binne de ear-

ste gegevens fan 1640. Eigners binne dan Jonkhear Gerrolt

van Feitsma foar de iene helte en Juffer Popma en har

broer Hessel Popma tegearre foar de oare helte. Dy skie-

ding fan de pleats yn twa helten wat de eigners oangiet,

hat hiel lang duorre: oant 1768 ta. De pleats wie yn de

17de ieu 40 pm grut en in Beern Minnes wurdt opjûn as

brûker.

1714. Krekt foar 1700 kriget Gerryt Botma fan Moarre de

helte fan dizze pleats yn eigendom en syn famylje sil

oant 1788 ta as eigner te boek stean; earst Gerryt, dan

Jantie en as lêste Nanne Botma. De oare helte komt yn

hannen fan de widdo Verrucci en de widdo Steenhuijsen

(hja sille erfgenamten west ha fan broer es suster Popma)

Hierder fan de pleats is nei 1700 Bouwe Wytses. Hy hat

lange jierren op de pleats buorke en nei him syn widdo ek

noch in skoftsje. Foar de 40 pm lân fan de pleats moast hy

elk jier 80 gûne jaan, krekt 2 gûne de pûnsmjit. De

huzing waard taksearre op 600 ggûne en dat is bepaald in

lyts bedrach foar dy tiid, dat de huzing sil of lyts, of

yn ferfal west ha.

1760. Neidat Nanne Botma sels noch in pear jier op dizze

pleats buorke hie, kaam der wer in hierder dy't jierren

oanien hjir bleau. Dat wie Tjeerd Ydes dy't, krekt as syn

foargonger Bouwe Wytses, ek sate nr.11 bebuorke (sjoch

nr.25). Hoewol't Tjeerd op beide pleatsen as hierder oan-

jûn wurdt, wenne hy sels op nr.11 en op dizze pleats in

Lieuwe Luitjens, faaks in arbeider of lyts gernier dy't

ek op de oare pleats fan Tjeerd meihelpe moast. Lieuwe

hie teminsten mar 5 kij en 2 hynders en brûkte mar 1 pm

as boulân.

Tjeerd moat foar beide pleatsen mei hast 130 pm lân elk

jier 450 gûne oan Nanne Botma jaan.

As Sjoerd Jelles yn 1765 op de pleats komt, begjint der

stadichoan wat te feroarjen. Sjoerd bout syn beslach fee

út ta in 9 kij, mar brûkt ek hieltiten mear boulân. Hy

begjint mei 9 pm en dat rint op ta in 30 pm yn 1780.

Sjoerd jout yn dat jier al 400 gûne oan hier foar de 54

pm dy't hy dan by de pleats hiert.

1785. Jacob Rengers is de folgjende bewenner en hy moat

hast wol famylje west ha fan Sjoerd Jelles; se neame har

letter teminsten beide Boersma. Jacob giet op deselde

foet fierder as syn foargonger en hat krekt foar 1800 al

in 44 pm boulân ta syn foldwaan. Hy hiert noch mear lân

by de pleats dy't dan al 65 pm grut is. De hier moat be-

telle wurde oan Dr. Tjepke Osinga dy't de hiele pleats

oerkocht hie fan de Botma's. Dat hat lykwols net sa lang

duorre want nei de Frânske tiid keapet Jacob Rengers de

pleats oer en dan hat foar it earst yn de skiednis fan

dizze pleats de brûker ek it eigendom yn hannen.

1828. Fetse Eelkes Meindersma wurdt de nije besitter fan

floreennûmer 8. Fetse is dwaande om hiel Grut Midhuzen op

te keapjen:dizze nûmer 8, nûmer 11 (sjoch hjirnei), nûmer

10 (Zijlstra oan de wei), nûmer 12 (it âlde Mockema) en

nûmer 37 (de Vlugt). Al mei al hat hy sa'n 278 pm lân yn

besit, dy't hy ferdielt oer trije pleatsen. De Vlugt komt

yn 1840 mei al it lân by dizze pleats, de Vlugt dy't doe

it eigendom wie fan Jelle Sjoerds Boersma (soan fan de

Sjoerd Jelles dy't fan 1765-1785 op dizze pleats buorke

hie). De Vlugt stie in eintsje it lân yn efter dizze

pleats en hat noch lang tsjinne as arbeiderswente. Der

wennen twa húshâldings yn en yn 1960 is de boel ôfbrut-

sen. It wie in kop-hals-romp pleats dy't op in terp stie.

Dizze terp kin de namme ek oan de pleats jûn ha, want yn

tiden fan heech wetter koe it fee dêr op jage wurde en sa

flechtsje foar it wetter: de flecht-vlugt! It hiem moat

dus in saneamde "vluchtterp" west ha.

In pear lânnammen bewarje it oantinken oan de Vlugt:

De lytse Vlugt, De grutte Vlugt, De grutte fjouwer efter

de Vlugt en soksoarte nammen.

1841. As Fetse Eelkes Meindersma de Vlugt oerkocht hat,

lit hy de âlde pleats nûmer 8 ôfbrekke en set dêrfoar yn

it plak in nije kop-hals-romp pleats, sa't dy hjoeddedei

noch te sjen is. Dizze nije pleats kaam tichter by de wei

as syn foargonger (sjoch kaartsje). Yn de efterhúsmuorre

kaam it jiertalanker 1841 en yn de foargevel in tinkstien

mei de folgjende tekst: "Den 3 April 1841 werd door

Pieter/en Douwe Fetses Meindersma/de eerste steen gelegd/

De tijd vergrijst het licht verdwijnt/ Bewoon dit huis

als vreemdeling". Boppe op de pleats kaam sa as wenst in

ûleboerd, mar dat waard net mei swannen mar mei twa

hynders fersierd. Hjoeddedei is noch in protte bewarre

bleaun fan it gebou sa't dat yn 1841 delset is. De âlde

tegeltsjes yn blau en wyt en mei bibelske foarstellings

en weesbern, mei spinnekopmûntsjes en oksekoppen binne

noch te sjen. De lange gong hat noch houten poartsjes

wylst in "lykdoar" mei de foarstelling fan in libbensbeam

yn it boppeljocht, it oantinken fêst hâldt oan âlde tiden

doe't it byleauwe woe dat de deade troch in aparte doar

it hûs útdroegen wurde moast. Sa'n aparte doar moast

tefoaren komme dat de geast fan de ferstoarne de

bewenners nei syn dea noch pleagje soe. Dy ferstoarne koe

ommers allinne de gewoane doar, de lykdoar waard oars net

brûkt as foar it útdragen fan in lykkist.

It bûthús, mei noch stiennen drinkpotten foar de hynders,

it terskhús mei de typearjende terskhúsfinsters, meitsje

it karakteristike fan dizze pleats folslein.

De bewenner fan dizze nije pleats waard Tjalling Jans

Alberda, troud mei Eelkje Fetses Meindersma. Syn heit

wenne op in pleats ûnder Ingwierrum (sjoch nr.42), mar hy

folge syn heit net op en nimt de nije pleats fan syn

skoanheit op Midhuzen foar kar! Sûnt dy tiid hat de fa-

mylje Alberda op dizze pleats taholden.

Bewenners:

1841 Tjalling Jans Alberda

1880 Fetse Tjallings Alberda

1918 Jan van Kuiken

1923 Jan Tjallings Alberda

1952 Sipke Hiemstra

1988 Jaap Hansma

Al dy tiid ha de Alberda's eigners/bewenners fan de

pleats west, allinne om 1920 hinne hat Jan van Kuiken in

pear jier as hierder op de pleats buorke. Foar't yn 1923

Jan Tjallings Alberda op de pleats kaam, is de komuorre

der útbrutsen en in eintsje nei bûten set. Sa kaam der

romte om fan it bûthús mei ien rige stâlen, twa rigen mei

stâlen te meitsjen(der mocht perfoarst neat fan de skuor-

re ôf!)

1952. As Sipke Hiemstra op de pleats komt, is it noch al-

titen in mingd bedriuw mei sa'n 35 HA lân wêrfan 't sawat

de helte foar it fee en de oare helte as boulân brûkt

wurdt. Yn 1960 is de keuken wat oanpast mei in grut rút.

Oant yn 1968 ta ha der altiten noch houten blinen foar de

ruten sitten. Doe waard ek in glêzen poaterhok oan it

lytshús boud. Sûnt 1983 wurdt al it lân brûkt as boulân.

Oant 1987 ta wie der in 120 pm lân by de pleats mar dy is

doe "útinoar stood" sa't dat dan neamd wurdt en der bleau

noch mar 24 pm lân mear by de huzing. Jaap Hansma buorket

tsjintwurdich tegearre mei syn broer Ale, dy't ek wat lân

op Tibben hat.

 

 

 

 

 


 

25. BEWENNERS: P. Meindersma

M.M. Meindersma-Graafsma

ADRES: Humaldawei 35

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: Mockema State

FLOREENNUMER: 11

GRUTTE YN 1640: 88 pm

GRUTTE YN 1989: 48 HA

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Kop-hals-romp 1907

EIGNER: Huzing: Maatskip T. en P. Meindersma

Measte lân: Nationale Nederlanden

 

 

De buorskip Grut Midhuzen , tusken Ie en Jouswier, hat yn

it ferline romrofte staten en stinzen in plak jûn. Tige

bekend binne Holdinga State , wêr't in pear jier lyn de

efterein fan opbaarnd is en Eernsma State dat krekt op it

grûngebiet fan Jouswier leit, mar de bekendste fan alle-

gear wie de Mockema State. No is de Mockema stins yn it

foarige al ôfbrutsen, mar it plak wêr't de stins stien

hat, is noch wol werom te finen: it stikje lân tusken de

trije pleatsen yn, dy't hjir op dit stee boud binne. De

efterste fan de trije wennet hjoeddedei Piet Meindersma

op.

It krekte ferrin fan de skiednis fan dizze pleats is net

mear nei te gean om't yn it begjin fan de foarige ieu de

Meindersma's de nûmers 8, 11 en 12 fan it floreenkohier

yn besit hiene dy't doe troch Fetse Meindersma en syn twa

skoansoannen, Tjalling Jans Alberda en Berend Willems

Terpstra, brûkt waarden. De lannen fan de ferskate nûmers

binne doe troch inoar helle,om't se dochs yn ien hân wie-

ne: wat it bêste by in pleats paste, waard by dy pleats

dien. Fan dy trije pleatsen binne der twa oerbleaun: de

pleatsen fan P. Meindersma en J. Hansma. De pleats fan

P. Meindersma kaam foaral út 11 en 12 (12 = Mockema) en

omdat nûmer 12 ferdwûn is en nûmer 11 ek op it Mockema

hoarnleger boud is, hat Jan Tjallings Alberda yn dizze

ieu de pleats de namme "Mockema State" jûn.

1470. De earste Mockema, wêr't fan bekend is dat er hjir

wenne, wie Taecke Mockema en dat moat al foar 1470 west

ha. Syn widdo troude letter mei Taecke van Helbada dy't

him doe ek "Mockema" neamde. Dizze Taecke Mockema hat

faaks yn 1511 noch libbe,want dan komt yn it register fan

oanbring in "Taka van Mockema" foar.

1500. De soannen fan Taecke Mockema, Popcke, Tjaerdt en

Gerbrandt, komme yn ferset tsjin de Saksers at dy krekt

foar 1500 Fryslân yn besit nimme wolle. Hja geane op de

flecht bûten Fryslân, mar stjoere 12 mannen nei harren

stins ûnder Ie om fan dêrút de Saksers te bestrunen. Hja

sizze ta dat se de mannen helpe sille as de Saksers har

oanfalle wolle. Dy Saksers komme lykwols te witten dat op

de Mockema stins wer tsjinstanders wenje en stjoere in

leger om Mockema oan te fallen. Hoewol "...dat huys

sterck was ende dick van mueren..." kinne de mannen de

stins net hâlde, benammen net as der swierder geskut yn-

set wurdt. Der komt ek net help opdagen en as op in nacht

seis fan de mannen noch flechtsje kinne, wachtet de oare

seis in skriklike dea op it Sjaerdemahûs yn Frjentsjer.

De bruorren binne ûntkaam, mar yn 1512 wurdt Gerbrandt

dochs ûnthalzge en rekket Tjaerdt nei Grinslân wêr't ek

Popcke ferbliuwt. Pas at de Saksers it lân út binne, kin-

ne hja werom nei de Mockema stins. Dy stins wie troch de

Saksers nei de striid mei de grûn gelyk makke mar wurdt

wer opboud.

1511. Popcke Mockema wurdt yn it register fan oanbring de

eigner neamd fan de Mockema State, doe 96 pm grut. Popcke

sels wenne op de stins en de slotpleats waard hierd troch

"Grote Minne" foar in hierpriis fan 33 ggûne. Popcke

stiet noch by mear pleatsen as eigner fermeld en by ien

dêrfan stiet "...Taka by Mockema Huijs..." Dy pleats moat

dus tichteby Mockema stien ha en is faaks werom te finen

as de pleats fan J. Hansma (sjoch nr. 24). Dat de Mocke-

ma's in grutte ynfloed hiene yn Ie mar eins yn de hiele

gemeente,ja sels yn hiel Fryslân, docht bliken út it feit

dat heit Taecke en syn trije soannen alle fjouwer behear-

den ta de 40 minsken dy't it heechste ynkommen út grûn-

besit yn Fryslân hiene: Take 169 ggûne, Gerbrandt 172,

Popcke 162 en Tjaerdt 149 ggûne! Dy ynfloed ferklearret

ek it grytmanskip fan Tjaerd yn 1494 (hy wenne meast yn

Dokkum) en dat fan Popcke dy't yn 1515 beneamd waard ta

Geldersk grytman. Om't de Geldersken it ferlieze moasten

doe't Karel V hjir de baas waard, hat hy net lang grytman

west.

1579. Popcke hat oan syn dea yn 1554 ta op de opnij

opboude stins wenne; syn frou Tietcke van Sjoerda hat him

trije jier oerlibbe. Yn in register fan 1579 wurdt Taecke

Mockema besitter fan de stins neamd, wylst Kempa Mockema

faaks de slotpleats brûkt ha sil (ek hy sil him wol neamd

ha nei de pleats dy't hy bebuorke). Yn alle gefallen kri-

get in broer, Sieds van Mockema, letter de State.

1640. Jonkhear Sicco van Grovestins is yn it Stimkohier

fan 1640 de eigner fan de State, tegearre mei de bern fan

Jonkhear Idzart van Burmania. Pytter Annes brûkt de 84 pm

dy't dan by de State hearre. Fan 1688 ôf brûkt Jacob Mac-

kes de State en hy sil yn 1700 de nije eigner wurde fan

"...seeckere Sathe en Landen met 't oud stins en stathe

Mockema genaemt..." Hy keapet alles foar in priis fan

7476 ggûne fan Ernst Mockema van Haringsma toe Sloten

dy't oan him hâlde wol "...'t gestoelte in de kercke der

Stadt Doccum, Mockema gestoelte genaemt..."

De "oud stins" wurdt dan al rillegau ôfbrutsen en yn 1849

ferdwynt ek de pleats dy't op it âlde stee fan Mockema

stie. In jier as wat lyn binne der op it plak fan it âlde

Mockema noch âlde Friezen (grouwe stiennen), stiennen kû-

gels en knibbelskiven fan minsken fûn(soene dy noch foch-

ten ha tsjin de bewenners fan Mockema?) . Ek stikjes glês

fan de âld stins út omtrint 1580, en tal fan potskerven

út it tiidrek fan 800-1900 kamen doe wer foar it ljocht.

Wie de skiednis fan Mockema hjirmei ôfrûn,de skiednis fan

de pleats dy't ek op it hoarnleger stie, giet oant hjoed-

dedei ta troch.

Yn 1640 hierde Dirk Tierx dy pleats,88 pm grut,fan desel-

eigners as fan de State.

1714. Gerryt Botma fan Moarre hat it eigendom krigen en

hy lit Bouwe Wytses de pleats bebuorkje. Bouwe jout elk

jier 250 oan hier en de huzing is yn dy tiid 2200 ggûne

wurdich wat in behoarlike priis útmakket.De famylje Botma

hat oant 1788 ta dizze pleats yn besit hân en hja moatte

goede lânhearren west ha want de measte boeren hâlde it

lang fol op dizze pleats: Bouwe Wytses en syn widdo in

tritich jier en Tjeerd Ydes noch langer(sjoch ek nr. 24).

1760. Tjeerd Ydes en syn foargonger brûke by dizze pleats

ek sate nûmer 8 en kinne sa oer hast 130 pm lân beskikke.

Tjeerd brûkt syn lân foar it grutste part as boulân (70

pm) en hat in beslach fee fan 7 kij en 6 hynders. Troch

de feestjerte fan 1770 rint it tal kij werom, mar dat

wurdt net, sa as by de measte pleatsen, wer goedmakke yn

letter tiid. Dat komt om't Tjeerd en syn opfolgers tenei

allinne mar mear beskikke kinne oer dizze pleats mei't de

Botma's yn 1778 earst pleats 8 ferkeapje en in pear jier

letter ek dizze pleats yn oare hannen oergean litte.

Foar in lyts tal jierren wurdt boargemaster L.R. Sinia

fan Dokkum de eigner en hy lit Hendrik Ages foar 590 gûne

yn it jier de pleats bewenje. Hendrik Ages makket bêste

jierren op dizze pleats want stadichoan rint it tal kij

omheech fan 6 ta 11 stiks en it tal pûnsmjit boulân fan

35 ta 50 pm.

1795.Dêr komt in ein oan as Claas Lolkes, letter neamt er

him Venema,de pleats oerkeapet.Hy hat lykwols mar de hel-

te mear yn besit en moat in 27 pm lân oan Eelke Wiggers

litte, dy't him letter Meindersma neamt.Sa komt de earste

eigner mei de namme Meindersma oan lân út dizze pleats en

dat is sa bleaun oant no ta.

Claas Lolkes moat der wat los lân byhiere om libje te

kinnen.Dat sil him wol slagge wêze want pas nei 1818 fer-

keapet hy de hiele pleats oan de Meindersma's. Syn soan

Gerben Klazes Venema wennet letter op floreennûmer 10

(sjoch kaartsje). Troch de opgeande tiden wurdt de helte

fan dizze pleats op likefolle opbringst skat as 20 jier

earder de hiele pleats!

1828. Eelke Wiggers Meindersma en nei him syn soannen

Douwe en Fetse ha nei de Frânske tiid de hiele pleats yn

hannen krigen (sjoch ek nr. 22). Wylst Douwe Eelkes op

Unia wenne, kaam Fetse Eelkes op dizze pleats telâne.

Eigners/Bewenners:

1828 Fetse Eelkes Meindersma

1847 Berend Willems Terpstra troud mei Teatske

Meindersma

1875 Willem Berends Terpstra

1908 Fetse Pieters Meindersma

1922 Pieter Fetses Meindersma

1952 Taekle Pieters Meindersma

1985 Pieter Taekles Meindersma

Doe't de famylje Terpstra de pleats yn eigendom hie,

waard de pleats fan 1896-1908 ferhierd oan de widdo

Zijlstra en har soan Jacob Douwes, mar fierders hat de

pleats altiten troch de eigners bewenne west.

1907. "Ee. 20 Febr. Van de gewone ongevalletjes, die de

storm Dinsdagnacht veroorzaakt heeft, hebben we hier ons

gewone aandeel gehad. Erg heeft de wind het echter

gemaakt bij de boerenhuizinge bewoond door de wed.

Zijlstra te Midhuizen, eigen aan den heer F.P. Meindersma

te Engwierum. Het dak van huis en schuur is weggeslagen,

de achtergevel van de schuur ingestort. Binnenshuis zijn

vele balken verplaatst, gescheurd, sommige lijken geheel

verwrongen, zelfs de muren zijn eenige ct. meters verzet.

Een groot gedeelte van het graan, dat op zolder zat, is

weggewaaid." Sa beskriuwt de Dockumer krante it resultaat

fan de wynhoas yn 1907 dy't alhiel nijbou needsaaklik

makke. De flier, guon muorren en bynten koene wer brûkt

wurde, mar fierder waard alles fernijd; ek de foarein

krige doe syn wat deftich uterlik. In gevelstien fertelt:

"De eerste steen gelegd/ door P. Fetses Meindersma/ 31

Julij 1907".

Yn de fyftiger jierren hearde der sa'n 85 pm lân by de

pleats, sawol bou as greide en waarden in 22 kij molken.

Sûnt 1979 is der in ein kaam oan it gebrûk fan boulân en

wurde alle 48 HA lân brûkt foar de 65 melkkij.

 

 

 

 


 

 

26. BEWENNERS: J. Pafforaad

P. Pafforaad-Talsma

ADRES: Tibsterwei 11

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1989: 60 pm

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Stjelp 1926

EIGNER: F. Pafforaad

 

 

Op de krusing fan de Tibsterwei mei de Fjellingsreed en

oan de râne fan de Kolken leit de pleats fan Jelle Paffo-

raad. De huzing leit der noch krekt sa hinne as doe't

pake Jelle Pafforaad dy yn 1926 sette litten hat.

1926. Jelle Pafforaad sr. wenne yn in hiel lyts spultsje

op de Tibster terp doe't hy de stap naam om in gruttere

pleats sette te litten. De bruorren Booijenga fan

Mitselwier krigen de opdracht om in bestek (foar FL. 350,-)

te meitsjen en hja berekkenen de kosten op FL. 10.600,-. It

gie oan, de timmerlju koene har gong mar gean en Jelle

Pafforaad sr. krige in nij spul krekt bûten Tibben. Yn it

bestek stie wat in bysûndere betingst: "...Indien het dek

van riet uit het Grootdiep of poelen uit den omtrek ge-

maakt mag worden, dan wordt het ‚‚n honderd vijftig lager

aangeboden..." Dat tsjut op it winnen fan reid út it

Dokkumerdjip, mar wiist ek op it bestean fan alderhande

puollen yn de Kolken yn dy tiid. De namme fan it stik lân

wêr't de pleats op boud is, sprekt hjir faaks ek fan: De

Biesjager. Yn dizze namme soe in ferwizing sitte kinne

nei de biezen dy't hjir foarhinne by de rûs stiene.(oare

betsjuttings fan bysjager binne grapmakker en helper fan

it gerjocht).

It lân dat Pafforaad brûkte, wie los lân út de Kolken. It

lân yn de Kolken hearde net by in bepaalde pleats, mar is

yn de kohieren beskreaun ûnder de losse lannen. Sa ek de

biesjager. Pafforaad kocht it yn 1921 fan de famylje

Andringa de Kempenaer, in famylje dy't it troch fererving

út de famylje Alberda van Ekenstein krigen hie.

Pafforaad sr. koe tige goed opsjitte mei de âlde (Abe)

Meindersma en dat koene net safolle minsken him neisizze.

Hy koe dan ek altiten wol lân fan Meindersma hiere en dat

hiene syn heit en pake yn de foarige ieu ek al dien.By de

jacht wurken hja ek wol tegearre.

1934. As soan Folkert Pafforaad de pleats oernimt, stiet

hy te boek as feehâlder en lânbouwer. Hy hie 45 pm lân yn

gebrûk en in part dêrfan lei op de Tibster terp en wie

gaadlik foar boulân. Mei de ruilferkaveling is op dit lân

in foech boskje oanlein.

Yn de tiid dat Folkert op de pleats buorke, is der trije

kear ferboud om wat mear romte te krijen, mar dat hat

gjin ôfbreuk dien oan de bûtenkant fan de huzing. Neffens

de âlde boutekening soe der allinne in rútsje yn de

skuorre bykaam wêze. Fan binnen is der yn de rin fan de

tiid wol it ien en oare feroare om te foldwaan oan de

meardere easken dy't yn dizze tiid steld wurde oan de be-

wenberens fan in pleats.

1975. Jelle Pafforaad jr. is de tredde yn de famylje dy't

op dit stee buorket. Mei troch de ruilferkaveling hat hy

no sa'n 60 pm lân yn gebrûk dat alhiel brûkt wurdt foar

it fee. Wiene der yn it ferline in 35 kij,troch de super-

heffing is dat weromrûn ta in 25 stiks. In bysûnderheid

is dat hy stadichoan oergien is op reabûnt fee. In keppel

fan sa'n 60 skiep en wat fetweiders fulje it beslach fee

oan.

Dat guon lânnammen it lang úthâlde kinne, wurdt hjir wer

ris dúdlik. Yn de papieren fan de famylje Meindersma út

it begjin fan de foarige ieu wurdt de namme fan in stik

lân as "ourememm-acht" beskreaun. Dizze wat ûndúdlike

namme wurdt bekender yn in keapakte út 1918 wêrby't Jelle

Pafforaad sr. in stik lân keapet mei de namme "oarememme-

acht"! (De acht fan beppe, soe men no sizze).

Bewenners:

1926 Jelle Pafforaad

1934 Folkert Pafforaad

1975 Jelle Pafforaad

 

 

 

 


 

27. BEWENNERS: J. Rotteveel

J. Rotteveel-Lauter

ADRES: Skieppereed 25

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1989: 13 HA

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: 1973

EIGNER: J. Rotteveel

 

 

Op it uterste puntsje fan it doarpsgebiet fan Ie, in goe-

de hûndert meter fan Eastrum ôf, leit de pleats fan Jan

Rotteveel. De wente liket maklik te datearjen troch de

jiertalankers yn de foargevel, dy't it jiertal "1816"

foarmje, mar dat is lykwols net sa. Dy jiertalankers bin-

ne ôfkomstich fan in âld spul yn Eastrum wêr't de famylje

Rotteveel earst wenne hat. Doe't dy pleats, bekend as "it

pleatske fan Koene", ôfbaarnd is, hat de famylje Rotte-

veel de jiertalankers fan de efterhúsmuorre meinaam nei

harren nije wente op dit stee. Ek fan de oare gebouwen op

it hiem is net maklik te sizzen yn hokker tiid dy boud

binne; der steane ek leafst trije skuorren op it hiem!

1832. Yn de âlde kohieren is dit stee net werom te finen,

dat de earste gegevens binne fan 1832 as it kadaster be-

gjint. Eigner is dan Theunis Lolles Hoekstra, arbeider út

Ie. De hiele 19de ieu ha der Hoekstra's op dit stee wenne

en as de froulike Hoekstra's meirekkene wurde sels oant

nei de oarloch ta!

1872. Sa om 1872 hinne moat, tsjin it earste hûs oan,noch

in wente boud wêze, troch in broer fan Theunis Lolles. Yn

de befolkingsregisters stiet dat Lolle Theunis Hoekstra

yn it earste hûs wennet en dat Taeke Lolles Hoekstra mei

syn frou it twadde hûs bewennet. As dizze Taeke yn 1890

ferstoarn is, bliuwt syn widdo Baukje Sjoordema noch in

jier as tsien yn dit hûs wenjen, mar dêrnei stiet yn it

befolkingsregister "afgebroken" wylst it kadaster it hat

oer "stichting en slooping". Dat sil wol betsjutte dat it

hûs net mear bewenne , mar by it bedriuw brûkt waard (dat

sil dan de skuorre yn it uterste puntsje fan it hiem

wêze).

1896. Roelof Andries Dijkstra, "gardenier", kaam yn maaie

fan it jier 1896 fan Aldwâld nei dit stee. Hy wie troud

mei Rixtje Hoekstra, dochter fan Lolle Theunis Hoekstra.

It liket der op dat de âld man net goed mear foar himsels

soargje koe (hy wie doe ek al 82 jier) en dat syn bern by

him yn komme te wenjen om it bedriuw waar te nimmen.As hy

yn 1899 komt te ferstjerren, wurdt skoansoan Roelof Dijk-

stra de nije bewenner fan dit stee. Yn 1906 keapet hy fan

Baukje Sjoordema ek it twadde hûs wylst Baukje dêrnei by

him yn komt te wenjen.De namme fan de âlde Lolle Hoekstra

wurdt noch bewarre yn de namme fan it stik lân tichteby

de pleats: De Lolle' Fjouwer.

1926. Roelof bout yn 1926 noch in skuorre op it hiem en

dan steane der al trije skuorren: ien pleatske wêr't de

húshâlding yn wennet en twa skuorren dy't foar it bedriuw

brûkt wurde. Jierrenlang hâldt Roel Dijkstra op dit stee

ta,oant syn soan Taeke Roelofs yn 1963 it bedriuw fan him

oernimt. Taeke wennet lykwols mar ien jier as eigner op

de pleats want al yn 1964 nimt Jan Dijkstra de boel oer.

1973. Op 22 september 1973 komt in nije bewenner op dizze

pleats: Jan Rotteveel. Hy wenne yn it doarp Eastrum mar

troch de boppe al neamde brân moast hy in oar plak ha. Hy

hat earst noch in jier yn Ie wenne mar doe koe hy yn it

ramt fan de ruilferkaveling hjir komme. Hy hat in nije

huzing set en doe de âlde muorankers, dy't hy bewarre hie

fan syn eardere pleats mar oan de nije huzing befêstige.

It pleatske wie yn dy tiid yn eigendom oergien nei Hans

Joseph Roberz, keapman út Castrop-Rauxel yn West Dútslân.

Rotteveel hat yn 1980 it bedriuw oernaam en hy buorket op

it momint mei in 35 kij op sa'n 13 HA greide.

Bewenners:

1832 Theunis Lolles Hoekstra

1839 Lolle Theunis Hoekstra

1896 Roelof Andries Dijkstra

1963 Taeke Roelofs Dijkstra

1964 Jan Dijkstra

1973 Jan Rotteveel

 

 

 

 

 


 

28. BEWENNERS: W.G. Terpstra

B. Terpstra-Anema

ADRES: Humaldawei 28

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1989: 60 HA

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Kop-hals-romp 1856

EIGNER: Huzing: W.G. Terpstra

Lân: Fam. Stoop en W.G. Terpstra elk

in 30 HA

 

 

Oan de wei fan Mitselwier nei Ie, efkes foarby Midhuzen,

leit oan de rjochterkant dizze pleats. Hoewol't de pleats

it foarkommen hat fan in âlde Fryske pleats fan it kop-

hals-romp model, is dit net in âld stee. Yn 'e midden fan

de foarige ieu is foar it earst op dit plak boud wurden

en yn de sântiger jierren fan dizze ieu hat de pleats de

foarm krigen dy't men hjoeddedei noch sjen kin.

1856. It stik lân wêr't dizze pleats op boud is, hat ear-

tiids altiten by Mockema State heard. Doe't Mockema út-

inoar stood is, kaam dit stik lân, sa as safolle lân yn

de omkriten fan Ie, yn hannen fan de famylje Meindersma.

Fetse Eelkes Meindersma wie op'e helte fan de foarige ieu

de eigner fan Mockema en hy liet yn 1856 op dit stik lân

in pleats bouwe foar syn soan Eelke Fetses. Yn it argyf

fan de famylje Meindersma is de oerienkomst noch te finen

dy't sluten waard mei Hendrik Pieters Keuning, de timmer-

man fan Ie: "...dat H.P. Keuning voormeld het bouwen van

eene schuur en woning met de leverantie van alle daartoe

benoodigde matrialen te Ee zal verrigten, overeenkomstig

het daarvan bekende bestek..." De kosten fan dizze nijbou

wiene FL. 6420,- en soene yn trije terminen betelle wurde

(¬ part as de spanten stiene, ¬ as alles ûnderdak wie en

de rest in moanne nei de oplevering).

In tinkstien yn de efterhúsmuorre (eins net mear te lêzen

mar troch de foarige bewenners op in stikje papier set),

tsjûget op in echte Meindersma-manier fan it lizzen fan

de earste stien:"De eerste steen gelegd door/ Fetze Tjal-

lings Alberda 12 jaar oud/ Fetze Eelkes Meindersma 6 jaar

oud/ in den jare 1856 den ...../ De tijd rolt als een

bergstroom voort/ Maar eeuwig blijft des Heeren woord".

1899. Doe't de âlde Fetse Eelkes Meindersma stoar, waard

Eelke Fetses eigner fan de pleats, wêr't hy fan it begjin

yn 1856 ôf, al bewenner fan west hie. Dat hat net sa lang

duorre om't hy sels ek al rillegau stoar,dat doe naam syn

widdo Trijntje Sijtsma mei de âldste soan Fetse Eelkes it

bedriuw oer. Yn 1906, doe't mem ek stoar, waarden Antje

en Fetse Eelkes Meindersma elk foar de helte eigner.

Fetse bleau op de pleats wenjen oant 1926 ta. Fetse bleau

frijfeint en doe't hy yn 1930 stoar, kaam de pleats troch

fererving yn hannen fan de famylje Stoop: Johan Stoop,

dokter yn Utert, Francois, skipsboukundige yn Maasslús,

en Sied, dûmny yn Taiz‚ yn Frankryk. Dat hat duorre oant

yn 1983 ta.

1926.As Fetse Eelkes Meindersma yn 1926 de pleats ferlit,

komt Goffe Wytses Terpstra fan Ternaard nei dizze pleats.

Sûnt dy tiid hat de famylje Terpstra altiten op dizze

pleats buorke.Doe't Goffe Wytses yn 1954 ophold, hat soan

Wytse Goffes de pleats oernaam. Hy hat yn 1963 de foarein

ferboud.Yn 1983 is it eigendom fan de pleats ek yn hannen

oergien fan de Terpstra's. Troch bybou fan silo's en in

rinstâl yn 1966 en 1976 hat de pleats it hjoeddeiske oan-

sjen krigen.

Bewenners:

1856 Eelke Fetses Meindersma

1899 Trijntje Siedses Sijtsma, widdo Meindersma

1904 Fetse Eelkes Meindersma

1926 Goffe Wytses Terpstra

1954 Wytse Goffes Terpstra

Der wurdt grute dat dizze pleats ûntstien wêze soe út it

âlde Haaima, dat krekt efter dizze pleats,wat mear it lân

yn, noch as in heechje werom te finen is en soks is hiel

wol mooglik. Doe't dizze pleats boud waard, wie Haaima al

ôfbrutsen en it lân, ek yn hannen fan de Meindersma's,

waard by de nije pleats brûkt. In perseel lân, no yn ge-

brûk by Terpstra, "it Haaima hússtee" hâldt hjir it oan-

tinken oan fêst. De lannen efter Haaima út, ek yn hannen

fan de Meindersma's,stiene eartiids bekend ûnder de namme

fan "Koose' lannen". Dy "Koos" wie ek in Meindersma, dat

sadwaande.

 

 

 

 

 


 

29. BEWENNERS: P. Venema

B. Venema-Bol

ADRES: Tibsterwei 6

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: Papenhússtee

FLOREENNUMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1989: 45 pm

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Stjelp 1925

EIGNER: Huzing: P. Venema

Measte lân: P. Venema

 

 

"It Papenhússtee", sa waard it stik lân wol neamd, wêr't

yn de tweintiger jierren dizze pleats op boud waard.Ek de

pleats sels waard yn letter tiid wol sa neamd, al is dat

wat yn it ferjitboek rekke. It stik lân kaam yn 1920 oan

Abe Sybenga, âld-boargemaster fan Eastdongeradiel. Hy hie

it kocht fan de Meindersma's dy't it al mear as hûndert

jier yn besit hiene. No wie Sybenga ek troud mei in lid

fan de Meindersma-famylje dat fier fuort rekke dit per-

seel net.

1925. Sybenga ferkeapet yn 1925 twa stikjes grûn fan dit

perseel oan Geert van der Zweep en Lieuwe Ferwerda. Dizze

beide mannen bouwe elk op har eigen stikje in nije huzing

Van der Zweep boude it hûs oan de Tibsterwei 6; hy wurdt

yn de stikken hieltiten gernier neamd. It wie mar in lyts

spultsje mei in pear kij en in 12 pm lân yn gebrûk. Dat

lân kaam hast allegear fan de yn 1796 boude pleats oan de

Tibsterwei 1-3 (sjoch nr. 22). Doe't dy pleats yn 1925

útinoar stode, koene dit pleatske en dy fan Meinsma oan

de oare kant fan de Iester feart, boud wurde. Fan in part

fan dat lân koene dizze beide gerniersspultsjes yn stân

holden wurde.

1942. Soan Albert van der Zweep nimt yn de oarloch it

spultsje fan syn heit oer. It bliuwt in gerniersbedriuw.

Sa om 1950 hinne hat Van der Zweep in stik by de huzing

oanboud.

1961. Doe't Albert van der Zweep yn maaie 1961 nei Moarm-

wâld teach, kaam Pieter Venema as boer op dit bedriuw. Hy

hat it beslach fee útwreide fan de 8 kij doe yn 1961, ta

in 30 kij no. Yn it begjin wie der ek noch in hoekje bou

by. Venema buorket no op sawat 45 pm lân, sawol eigen as

hierd lân. It bedriuw is troch de tiid hinne altiten lyts

bleaun, al hat dat ek syn eigen sjarme.

In nijsgjirrige lânnamme is noch "de bear", flak foar de

pleats oer en de Papenhússtee is al neamd. Fan beide nam-

men is gjin betsjutting bekend, hoewol't in "bear" wol in

skuldeasker wêze kin en docht it papenhússtee jin tinken

oan it hússtee fan de Papen (= Roomsken). Mar dat is spe-

kulearjen en net mei wissichheid oan te jaan.

Bewenners:

1925 Geert van der Zweep

1942 Albert van der Zweep

1961 Pieter Venema

 


 

30. BEWENNERS: M. Wiersma

A. Wiersma-Krol

ADRES: Stienfeksterwei 57

WENPLAK: Ie

PLEATSNAMME: -

FLOREENNUMER: -

GRUTTE YN 1640: -

GRUTTE YN 1989: 100 pm

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: -

EIGNER: M. Wiersma

 

 

Op dit stee hat al in pear hûndert jier in hûs (as mear-

dere huzen) stien; de kaart fan Schotanus út 1698 jout al

bebouwing oan. Gegevens út letter tiid litte sjen dat der

doe gjin boerebedriuw yn wie,mar dat soks pas nei de oar-

loch it gefal west hat.

1714. As earst bekende eigner fan in hûs op dit stee kin

Jacob Sioerds beskôge wurde. Hy wenne hjir sels en de

hierwearde waard skat op 14 gûne. In jier letter ferhiert

hy de wente oan Claes Jans en kin dêrfoar dan 19 gûne

barre. It hûs krijt gauris oare eigners en bewenners oant

yn 1765 Syds Tjerks it eigendom oernimt. Hy is ek de ear-

ste dy't mei buorkjen begjint; in stik as trije kij meit-

sje syn beslach fee út. Yn it jier dat Syds ferstjert,

stiet yn de boeken:"Syds Tjerks weduwe gehuwd aan Doye

Willems" Dizze Doye Willems en syn neiteam sille hiel

lang it eigendom fan dit hûs hâlde al wenje hja hjir net

altiten.Sa giet Doye yn 1798 nei in hûs yn Ie en ferhiert

hy de wente oan Jitse Pytters. Hy hiert sels it hûs wêr't

Jitse earst yn wenne.

1800. Om 1800 hinne ferhiert Doye Willems it foar 40 gûne

yn it jier (in hege hier foar dy tiid om't it by de

measte huzen wol mei 20 gûne ophold) oan Wopke Pyters.

Doye Willems hiert sels noch altiten in hûs yn de buorren

fan Ie. As hy yn 1811 in famyljenamme kieze moat, wurdt

dat de wol wat bysûndere namme "Ruisch". Syn soan Willem

Ruisch nimt nei him de saak oer en it kadaster fan 1832

docht te witten dat dizze Ruisch de nûmers B 223, in hûs

en hiem, en B 224, in tún, yn besit hat.

1866. Willem ferkeapet in stik fan dy tún oan Pieter Ger-

bens Dijkstra dy't in hûs op dizze tún bouwe lit.Sa stea-

ne der no twa huzen op dit stee, of eins trije want deun

tsjin de âlde seedyk, sawat op it jaachpaad, stie ek noch

in hiel lyts húske wêr't krekt twa minsken yn wenje koene

1883. De famylje Ruisch bleau noch in oantal jierren eig-

ner fan it earste hûs, dat net botte grut west hat, want

de belesting oer de beboude oerflakte wie mar 15 gûne en

nei in fergrutting wurdt by de ferkeap yn 1883 oan Jacob

Dijkstra in belesting fan 40 gûne oanjûn. De Dijkstra's

dogge it hûs yn 1891 troch in fererving oer oan Jan Jacob

Douma, keapman yn Ie.

1902. Dizze Jan Douma keapet ek it hûs dat op de eardere

tún boud wie wer oan en om 1913 hinne moat it ta ien wen-

te wurden wêze om't dan gjin bewenners mear fûn wurde:

1880 Johannes Durks Hoekstra (gie 1882 nei Amearike)

1882 Klaas Willems Ruisch

1899 Renske Gerbens Venema, widdo Ruisch

1900 Durk Eelzes Visser

1904 Durk Jans Dijkstra

? Rindert Nicolaas Monsma

1910 Fokke Jippes Koesema

Neffens it kadaster is pas yn 1942 troch "sloping en ver-

eniging" ien gehiel fan de huzen makke. Doe sil it earste

hûs sloopt wêze en it hûs op de tún sil doe útwreide wêze

lyk as de kadastrale tekening fan dy tiid sjen lit. Jan

Douma libbe doe al net mear (hy hat lange jierren yn dit

hûs stil libbe) en Reinder Douma hat, krekt foardat hy de

boel ferkocht oan Doede Miedema, alles ferbouwe litten.

1943. Doede Miedema wie brêgewipper op it Stienfek en hy

wenne dus krekt oan de oare kant fan it Dokkumerdjip. Hy

ferhiert it hûs oan Marten Knol en dy begjint yn 1946 mei

in buorkerij mei wat kealtsjes en in pear bargen. Hy hie

de diken yn hier om syn fee op te weidzjen en gers fan te

winnen. Hy wreidet de saak stadichoan wat út en yn 1956

hat hy al in 63 pm lân yn hier, sawol diken as los lân.

Hy boude yn 1957 ek it earste hok dat plak joech oan in

13 kij.It kadaster neamt soks "verbouw en verandering van

bestemming". Troch útwreiding fan it beslach fee moat der

wer romte komme en yn 1963 wurdt in hok fan it stien-

fabryk út Eastrum oantúgd om in plakje te krijen op it

hiem. Yn 1966 hellet Krol sels it hok fan de dwinger fan

Ingwierrum yn syn hiele hear en fear op om oan it groei-

end ferlet fan romte te foldwaan. Dit keunststikje wurdt

útfierd troch de bekende "alleskinner" op dit mêd: Freark

Zoodsma fan Iesumsyl. De grutte fan de bebouwing is troch

al dizze feroarings fan de 40 út 1883, de 78 fan 1957 ta

in 123 yn 1966 wurden! It beslach fee makket dan sa'n 30

stiks kij út.

1972. Marten Knol foarmet yn 1972 in maatskip mei Marten

Wiersma,syn skoansoan, mar dat hat net sa lang duorre: yn

1975 giet Marten Wiersma allinne fierder. Hy hat yn 1980

de grutte rinstâl bouwe litten en doe krige hy plak foar

de 80 kij dy't hjoeddedei it bedriuw útmeitsje.

In lânnamme dy't noch it oantinken oan de âlde seediken

yn him draacht, is "it saadzen".

Bewenners:

1869 Gerrit Willems Ruisch

1875 Elisabeth Paulus Buwalda, widdo Ruisch

1880 Pieter Gerbens Dijkstra

1889 Gerrit Tiemersma

1900 Jelle Eeltjes Jansma

1901 Saakje Oenes Straatsma (sjoch ek nr. 4)

1914 Jan Jacobs Douma

1929 Reinder Douma

? Albert Alberda

1945 Marten Knol

1972 Marten Wiersma

 

 

 


 

31. BEWENNER: J.J. Beintema

ADRES: Tsjerkepaad 4

WENPLAK: Ingwierrum

PLEATSNAMME: Donia

FLOREENNUMER: 22

GRUTTE YN 1640: 110 pm

GRUTTE YN 1989: 11 HA

YN GEBRUK AS: Greidpleats

HUZING: Kop-hals-romp 1883

EIGNER: Huzing: J.J. Beintema

Lân: Famylje Beintema

 

 

De skiednis fan dizze pleats falt eins yn twa stikken út-

ien; dêr is yn it foarste plak de skiednis fan de stins

Donia, no it âld Heech, en dan is der de skiednis fan de

opfolger fan dy stins, Donia sate, de pleats dy't oant no

ta ûnder dy namme bekend stiet.

De skiednis fan de âlde Donia State is foar it grutste

part yn it tsjuster fan de ieuwen ferdwûn. It bliuwt by

ferhalen út âlde kroniken. Sa moat der yn 1422 in Botte

Doedinga, in fetkeaper ealman, yn Ingwierrum wenne ha,

mear is fan him net bekend. Syn opfolgers, Bennert en

Botte Donia, bestiet in hiel ferhaal fan. Hja soene it

opnaam ha tsjin de rjochters fan Eastergoa. It wie yn de

tiid fan de Skieringers en Fetkeapers, dat soks kaam wol