PLEATSEN YN
EASTDONGERADIEL
Bewenne troch leden fan de Fryske
Maatskippij
fan Lānbou
Utjūn by gelegenheid fan it 100
jier bestean
fan de ōfdieling
"Eastdongeradiel -
Skiermuontseach"
1889 - 1989
R. Tolsma
Wurkgroep besteande śt:
K. de Graaf
J. Heeringa
D. de Jager
E. Smits
D. Zwart
Foto's fan de pleatsen: H. Sterk
Aldere foto's: Kolleksje D. Zwart
Bewenners
YNHALD.
1. Wurd foarōf
2. Ferantwurding
3. Ynlieding
4. Pleatsen yn Ealsum
Pleatsen yn Eanjum
Pleatsen yn Easternijtsjerk
Pleatsen yn Eastrum
Pleatsen yn Ie
Pleatsen yn Ingwierrum
Pleatsen yn Jouswier
Pleatsen yn Mitselwier
Pleatsen yn Moarre
Pleatsen yn Nes (D)
Pleatsen yn Nijwewier
Pleats yn Peazens
5. Bylagen:
A. Boelguod Luitema sate, 1582
B. Boedelbeskriuwing Lyts Eernsma, 1792
C. Taksaasje fan fee Unia sate, 1852
D. Untjouwing hierprizen Ida van Tiara
sate
E. Ferhālding kij-boulān yn de 18de ieu
F. Hierkontrakt Grut Muontsehūs, 1556
G. Hierkontrakt Ida van Tiara sate, 1805
H. Bestek foar it bouwen fan in skuorre,
1779
I. Famyljerelaasjes by boere-slachten
J. Untstean fan de ōfdieling
Eastdongeradiel-
Skiermuontseach fan de Fryske Mij,
1885-1889
6. Literatuer en rieplachte argiven
WURD FOAROF.
Doe't hūndert jier lyn guon boeren
de ōfdieling East-
dongeradiel-Skiermuontseach fan de Fryske
Maatskippij fan
Lānbou oprjochten, hat de wrāld der gāns
oars śtsjoen.
Dochs hawwe op de hoarnlegers, wźr't wy
hjoeddedei buork-
je, ek doe boerehśshāldings wenne en libbe.
It wie doe krisis:de tachtiger jierren
fan'e foarige ieu.
Ek yn dizze tachtiger jierren is it net
maklik om boer te
wźzen en te bliuwen. It tal boeren is gāns
lytser wurden.
Op hoefolle pleatsen as der oer hūndert
jier noch buorke
wurde sil, wit nimmen.
Dit
hat foar it bestjoer de reden west om in
pleatseboek
gearstalle te litten: in tiidsbyld fan
1989.
In "sneupersploech" (Feriening
fan Argyfūndersikers, nea-
me se har) hat alle foarwurk dien.
De hear H. Sterk fan Mitselwier hat de foto's
makke.
It bestjoer tanket al dizze minsken foar it
protte wurk.
Mar de measte tank giet śt nei Reinder
Tolsma fan Easter-
nijtsjerk. Hy hat alles sammele, oardere en
de tekst oan
it papier tabetroud.
Wy hoopje dat dit boek mei nocht lźzen
wurde sil.
It Bestjoer:
A. Oosterhof,
foarsitter
P. Jensma,
skriuwer/ponghālder
A. Boomsma,
twade skriuwer
W.H. Bakker
P. Meindersma
FERANTWURDING.
It is al hast trije jier lyn dat foarsitter
Oosterhof en
ūnderskreaune by-inoar yn de auto sieten en
troch it gea
fan Eastdongeradiel rieden. It praat kaam
op pleatsen en
har skiednis en de foarsitter brocht op
it aljemint dat
de ōfdieling Eastdongeradiel-Skiermuontseach fan
de
Fryske Maatskippij fan Lānbou oer in jier
as wat 100 jier
bestien hie.
Hy sei dat it yn Grinslān by sokke
gelegenheden wenst wie
en skriuw in pleatseboek en fielde der in
protte foar om
dat ek foar dizze ōfdieling te dwaan. Hy
frege doe at ūn-
derskreaune ek ien wist dy't soks dwaan
woe. Dat wie net
sa maklik fansels, mar yn datselde jier
kaam der in fer-
iening fan argyfūndersikers yn Dokkum ta stān.
Underskreaune krige in sit yn it bestjoer
en goaide dźr
in baltsje op. Der wie in fiiftal leden fan
de klup
dat
wol meiwurkje woe en in jier nei it petear
yn de auto
prate it bestjoer fan de ōfdieling mei it
bestjoer fan de
argyfūndersikers. It soe mar oangean. Alle
leden fan de
ōfdieling fan de Fryske Mij waarden
oanskreaun om meiwur-
king en gegevens en it wurk sette śtein.De
pleatsen waar-
den ūnder de leden fan de wurkgroep ferdield
en ūnder-
skreaune soe it by-inoar brochte
materiaal oanfulle mei
gegevens śt eardere tiid en de einredaksje
dwaan.
Nei twa jier wurk leit it einresultaat foar
jo en past it
śs om tank te bringen oan al dyjingen dy't
holpen ha by
it tastānkommen fan dit boek.
Yn it foarste plak bringe wy tank oan al
dy boeren dy't
har meiwurking joegen as har om gegevens
frege waard.
De argivaris fan it Streekarchivariaat yn
Dokkum en syn
persoaniel, altiten ree om te helpen en
net allinne mei
it oansjouwen fan boeken, mar ek mei it
oantugen fan ge-
gevens dy't hja ūnder eagen krigen en
dy't foar śs fan
belang wźze koene.
De fotograaf de hear H. Sterk foar syn
moaie foto's, de
minsken op it Administratyf Sintrum yn
Mitselwier foar de
meiwurking en de minsken yn de doarpen dy't
it konsept op
flaters trochsjoen ha.
In bysūnder wurd fan tank jildt foarsitter
Oosterhof foar
it byinoar swyljen fan de jongste gegevens
en it
troch-
sjen fan it hiele manuskript.
De gearstallers hoopje mei harren wurk
de bewenners fan
de pleatsen in deugd te dwaan, no't hja lźze
kinne fan it
hoe en wat fan harren pleats. Mar hja
hoopje ek dat oare
minsken mei nocht dit boek lźze sille as
hja troch it gea
fan de Dongeradielen geane en graach wat
witte wolle fan
de moaie pleatsen dy't er yn dizze
kontreien lizze.
R.Tolsma
YNLIEDING.
As men de skiednis fan 58 pleatsen
beskriuwe moat, sil it
net oars kinne as men moat gauris itselde
ferhaal fertel-
le. Ommers, hoewol't hast elke
pleats wol wat eigens
trochmakke hat yn de rin fan de tiid, ha de
measte pleat-
sen ek dingen mienskiplik. Om no net
altiten itselde op-
skriuwe te hoegen, is dizze ynlieding
skreaun.
By it lźzen sil opfalle dat de tekst almeast
foarōfgien
wurdt troch in jiertal. Dat is dien om it
wat oersichtlik
te hālden en jin yn steat te stellen om gau
efkes wat nei
te sjen. Dat it gauris deselde
jiertallen binne hat ek
syn reden. It binne de jiertallen fan
de boarnen dy't
brūkt binne en wa't net thśs is yn
dizze matearje wurdt
oanret om it ūndersteande earst troch te
nimmen. De boar-
nen dy't it meast brūkt binne, wurde
hjir ien
foar ien
besprutsen.
1511. It register fan oanbring. Dizze list
jout de
eig-
ners en bewenners fan
belestingplichtige huzen en lān
en de skatte hierwearde fan it guod.
Ynsteld troch de
Saksen om as grūnslach te tsjinjen foar
in grūnbeles-
ting.Foar de measte pleatsen is dit de āldste
boarne.
1542. Benefisiaalboeken. Om't er wol gauris
betizing wie
oer it lānbesit en oare ynkomsten fan
de tsjerke, de
pastoar, de vicaris en de prebende, hat
Karel V befel
jūn om listen op te meitsjen fan
grutte, neistlizzers
en jierlikse opbringst fan it
tsjerkeguod.
1580. Register fan Geastlike Ynkomsten yn
Eastergoa. Mei
de Reformaasje yn 1580, wźrby't it
ferbean waard om
Roomsk te wźzen, ha de Steaten fan
Fryslān alle besit
fan de tsjerken opskriuwe litten om er
foar te soarg-
jen dat dat yn hannen kaam fan de
minsken fan de nije
religy.
1640. Stimkohier. Yn it skiere ferline
hiene de besitters
fan stimdragende pleatsen it rjocht om
te stimmen yn
doarps-, tsjerke- en gritenijsaken. Dat
kaam om't hja
ek de belesting betellen. Dy kohieren
waarden, om be-
tizing en misbrūk tsjin te gean, troch de Steaten yn
1640 en 1698 yn druk śtjūn. Dźrnei
waarden de stim-
en floreenkohieren om de tsien jier
fernijd: fan 1708
oant 1858. It kohier fan 1858 is
tige wichtich om't
dźryn ek de kadastrale nūmers byskreaun
binne. Sa kin
men de eigners en bewenners fan in pleats
weromfine
oant yn 1640 ta, om't it floreennūmer altiten
gelyk
bleau, ek al waard de pleats yn stikken
ferkocht.
Minsken dy't wat yn de polityk te
sizzen ha woene,gie
it by it opkeapjen fan stimdragende
pleatsen meast om
de stim, it lān waard gauris ferkocht.
As men fan in
doarp de helte plus ien fan de
stimdragende pleatsen
yn hannen hie, wie men de baas. Yn
Jouswier hie men
oan fjouwer pleatsen genōch, yn Eanjum
moast men hast
tritich stimdragende pleatsen ha. Yn de
doarpen waard
by mearderheid fan stimdragende
pleatsen beslist, yn
de gritenij gie dat mei de mearderheid
fan doarpen en
dat betsjutte dat men de mearderheid
yn sān
doarpen
fan Eastdongeradiel ha moast. No wiene
der yn de hie-
le gritenij 321 stimmen, mar as men
allinne yn de
lytse doarpen pleatsen yn hannen krije
koe, hie
men
oan 58 stimdragende pleatsen genōch. As
men dat
net
allinne rźde koe, woene famyljeleden
noch wolris hel-
pe en oars moast er jild op tafel komme
om stimmen te
keapjen, jild dat men gau genōch werom
fertsjinje koe
as men ienris grytman wie om't dan allerhande
baan-
tsjes (dy't goed fertsjinnen) binnen it
berik kamen.
1714. Reėelkohier. De kohieren fan de
"reėele goedschat-
ting", yn 1711 ynfierd as in
oarlochsbelesting, waar-
den elk jier byholden en joegen de
eigners, hierders
en de hierwearde fan pleatsen, los lān
en huzen oan.
Se waarden better byholden as de floreenkohieren en
litte de echte wearde better sjen. Wie
it by de flo-
reenkohieren sa dat er altiten
likefolle stimdragende
pleatsen yn
in doarp bleaunen, yn de reėelkohieren
komme ek nije huzen en pleatsen foar.
Yn Westdongeradiel is it earste reėelkohier
fan 1713.
1760. Speciekohier.Dit kohier jout "de
vijf speciėn" oan,
fiif ferskillende belestingen:
a. It skoarstienjild ( FL. 3,- de
skoarstien) moast be-
telle wurde fan elke skoarstien dy't
de huzing ryk
wie. In fjoerharne telde foar de
helte.
b. It haadjild. Wa't mear as 600 gūne
oan fermogen
hie, moast haadjild betelje, wa't
minder as 600 cg
besiet, koe mei healhaadjild ta. It
moast betelle
wurde fan elk ynwenjend persoan
boppe de 12 jier.
c. Hoarnjild. Fan elke ko fan trije
jier en ālder wie
men hoarnjild ferskuldige, jongere
kij joegen de
helte, wylst oksen en bollen frij
wiene. It opjaan
fan it tal kij kin men moai it
ferrin fan it be-
slach fee fan in pleats oan sjen.
d. It middel op de ynsiedde lannen.
Alle pūnsmjitten
lān dy't ta de ikker- as
tśnbou brūkt waarden,
moasten ek opjūn wurde.
e. It hynstejild. Ek foar elk hynder
moast belesting
betelle wurde (op foalen nei).
De speciekohieren begjinne yn
Eastdongeradiel yn 1760
en einigje yn 1805. Yn Westdongeradiel
rinne se
fan
1748 oant 1805.
1832. Kadaster. Hoewol't men fan 1820 ōf
al dwaande wie
mei it opmjitten fan perselen lān
en huzen, begjint
it kadaster offisjeel yn 1832 te rinnen.
De kadastra-
le lźgers jouwe de eigners en de grutte
fan de perse-
len oan. Ek oare gegevens kin men fine:
"slooping",
nij- en herbou, ferkeap,
fererving, skieding, skin-
king, bestimming, stifting ensfh. Spitich is dat it
krekte jier net oanjūn wurdt. Der stiet
"dienstjaar
1895", mar de prakryk hat śtwiisd
dat it dan ek wol
yn 1892, 1893 as yn 1894 bard wźze kin!
1869. Befolkingsregisters. Yn
Eastdongeradiel wiene der
folkstellings yn 1829 en 1839 en kamen
de earste be-
folkingsregisters yn 1849 en 1859. Pas
nei 1869 binne
se goed te brūken om't dan oanjūn wurdt
wa't de folg-
jende bewenner fan it perseel wurdt. De
befolkingsre-
gisters yn Westdongeradiel begjinne al
yn 1840,
mar
dy binne allinne alfabetysk en jouwe
nea de opfolger
yn de bewenning.
Noch in pear saken dy't in
ferklearring foarōf freegje,
binne:
It jild.
De āldste boarnen jouwe it jild dat
in pleats
oan hier opbringe moast (as de
keappriis)oan yn goud-
gūnen. In goudgūne (floreen-florijn)
wie in (rekken)-
gūne fan 28 stuorren, dus FL. 1,40. Letter krige men de
carolusgūne fan 20 stuorren, sa't dy no
eins noch yn
gebrūk is. Yn de tekst wurde de ōfkoartings
ggūne as
gg en cgūne as cg brūkt.
Kleasters. Yn East- en Westdongeradiel
hiene de kleasters
Sion (Nijewier), Weert (Moarre),
Klaarkamp (Rinsuma-
geast) en de Abdij fan Dokkum in protte
lānbesit. Sa
wiene fan de 19 stimdragende pleatsen
fan Nijewier 18
yn hannen fan it kleaster Sion. Yn de
argiven fan de
kleasters binne noch wol wat
gegevens oer kleaster-
pleatsen fūn. As yn 1580 de Reformaasje
yn Fryslān
plakfynt, giet al it kleasterbesit oer
yn hannen fan
de Steaten fan Fryslān. Der wurdt
in "ontvanger der
Kloostergoederen" beneamd dy't
registers oanleit.
Der binne registers bewarre bleaun fan
1593, 1606 en
1618. Nei dy tiid begjinne de Steaten
stadichoan dat
kleasterguod te ferkeapjen om oan sinten
te kommen
foar it beteljen fan de hege
oarlochslesten. Yn 1624,
1639 en 1640 fine ferkeapen plak,
wylst yn
1644 de
lźste pleatsen ferkocht wurde.
It niaerrjocht. Yn de Germaanske tiid wie
it lān fan in
doarp it eigendom fan de famylje as
de buorren dy't
yn dat doarp wennen; it lān koe dan
ek net
ferkocht
wurde. Doe't dat letter al koe, holden
de buorren en
de famylje it rjocht fan earste keap.
It te ferkeap-
jen lān moast ōfkundige wurde en as in
neistlizzer as
in famyljelid der belang by hie, koe hy
de keap oer-
nimme foar deselde priis. Hy lei der
dan it
"niaer"
op. It sprekwurd "earne it near
op lizze", fynt
yn
dit ālde Fryske rjocht syn ūntstean.
It joech gauris in protte argewaasje en
kreauwerij en
benammen as it om stimdragende pleatsen
gie en mear-
der minsken belang hiene, waarden der
gauris rjocht-
saken om fierd.
Lān en huzing. Foar 1700 wie it yn it
algemien sa dat de
boer hierder wie fan it lān,mar eigner
fan de huzing.
As de hiertiid om wie, wie de lāneigner
ferplichte om
de huzing tsjin taksaasje oer te nimmen
(de nije boer
koe dat ek dwaan fansels). Doe't om
1700 de tiden wat
minder waarden, kaam it foar dat
in protte hierders
de hier net mear opbringe koene en fan
de pleats ōf
giene. De lāneigners namen de huzing op
taksaasje oer
mar om't der safolle huzings
oernaam wurde moasten,
wiene guon needsake om lān te
ferkeapjen om oan jild
te kommen. Dan kaam it foar dat de
opbringst fan de
ferkeap fan de lannen dy't by in pleats
hearden, min-
der wie as de taksaasjepriis fan de
huzing. Guon lān-
eigners moasten dan har fermogen
oansprekke en rekken
oan leger wāl. Dźr kaam by dat hja ek
neat hiene oan
in huzing sūnder lān dat hja diene de
huzing ek mar
fuort. Sa kamen lān en huzing gauris yn
ien hān en de
eigners lieten yn it hierkontrakt
opnimme dat de nije
hierder de huzing op taksaasje fan de lāneigner
keap-
je moast en dat hy dat jild nei ōfrin
fan de hiertiid
wer werom krige "op verbeteringe
ofte verslimmeringe"
(wat de huzing mear as minder wurdich
wie, waard dan
ferrekkene). Letter feroare dat ek wer
en wie de hu-
zing meast by de hierpriis ynbegrepen,
soks wie foar
1800 by de measte pleatsen al it gefal.
1. BEWENNERS: P. Jensma
A. Jensma-Bakker
ADRES: Mockemawei 26
WENPLAK: Ealsum
PLEATSNAMME: Bloemendal, Clein Mockema, Stienstra
FLOREENNUMER: 6
GRUTTE YN 1640: 68 pm
GRUTTE YN 1988: 160 pm
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: 1982, bedriuwsgebou 1979
EIGNER: Huzing: Bruorren G. en P. Jensma
Measte lān: Erven Wito
Stoel
Yn 1979 waard op in nij stee, efkes būten
Ealsum, in nije
pleats boud. It waard in grutte rinstāl en
twa jier let-
ter waard dźr in kreaze wente nźst boud. Op
dizze pleats
buorket de famylje Jensma no, mar hja hiene
foarhinne in
pleats dy't yn it doarp Ealsum sels stie.
Dat wie de twa-
de pleats oan de linkerhān as men fan
Mitselwier komt. Dy
pleats stiet wol op in hiel āld stee en hat
mear skiednis
te fertellen as it nije bedriuw.
1640. Op hiel ālde kaarten stiet dizze
pleats al oanjūn
as in stimdragende pleats en sels de namme
stiet der by:
Bloemendal. By de Ealsumers stiet de pleats
ek wol bekend
ūnder de namme Clein Mockema. Sa op it
earste gesicht ge-
nōch oanknopingspunten ta
skiednisskriuwing. Dat falt
lykwols goed ōf as de stimkohieren
rieplachte wurde: gjin
Bloemendal as Lyts Mockema te bekennen. Ek
it lźste flo-
reenkohier wźr't de kadastrale nūmers
yn steane, bringt
gjin oplossing: A 493, it nūmer fan de pleats
yn 1832,
komt net yn it kohier foar.
Dan wurdt it muoilik om fierder werom te
kommen, mar in
tinkstien yn de pleats sels (by de
foardoar) jout wat
hāldfźst: "Jong-Heer Cornelis Michael/
de With/ heeft van
dit Gebouw/ de eerste steen geleid/ Den
7den Junij 1757/
Herbouwd in 1911". Yn it
floreenkohier fan 1857
komt
yndied in Captein J. de With foar as eigner
fan pleatsen
yn Ealsum. It binne der sels twa: de nūmers
4 en 6. Nūmer
4 is de pleats yn de bocht fan de wei nźst
Bloemendal en
dan moat nūmer 6 wol Bloemendal wźze.
It earste Stimkohier, fan 1640, jout oan
dit nūmer 6 ek
noch wer in oare namme: Stienstra. Sa hat
bliken dien dat
dizze pleats wol trije nammen hān hat:
Bloemendal, Clein
Mockema en Stienstra. De namme Bloemendal
kin fansels wol
te meitsjen hān ha mei it grut tal blommen
dat yn de tu-
nen fan de pleats stie, mar wierskynliker
mei wat
oars.
Tusken it ālde stee fan de Mockema
Stins, efkes fierder
it doarp yn (de greften binne noch te sjen)
en Bloemendal
hat ienris in grut bosk stien dat yn 1800
noch yn
wźzen
wie. Faaks hat ek ienris it stee fan Bloemendal
ta dit
bosk heard, de namme Bloemendal soe hjir
noch fan tsjūgje
kinne. Clein Mockema, de twade namme,
ferwiist dan nei it
echte Mockema en fierder sille der dan foar
1640 ek noch
Stinstra's op dizze pleats wenne ha. Dat
is hiel goed
mooglik want ek yn de buorskip
Ealsum-Sybrandahūs is in
Stinstra sate.
Sioerd Siolles widdo is de earst bekende
bewenner fan dit
stee. Hja hierde yn 1640 in 68 pm lān fan
Ork van Doyem.
Dat is alles wat der foar 1700 bekend is
fan Bloemdal.
1714. De famylje Van Burmania is nei 1700
de besitter fan
de pleats en der heart yn dy jierren
in 52
pm lān by.
Sipke Sijmens hiert, krekt as syn heit
Sijmen Gomers foar
him, de pleats tsjin in hier fan 150 gūne
yn it jier fan
de Van Burmania's. De gebouwen wurde yn dy
tiid skat op
in wearde fan 1000 ggūne en dat is de lege
kant it neist.
Dźrmei is ek ferklearre dat in fjirtich
jier letter nij-
bou plakfine moast.
1757. As de famylje Van Burmania yn 1735
de niisneamde
pleats yn de bocht fan de wei keapet,
begjint der wat te
feroarjen. Op dy pleats wie doe Douwe
Pytters boer en yn
1744 wurdt hy boer op beide pleatsen fan de
Van Burmania-
famylje. It hat eigenskip oan te nimmen
dat de
gebouwen
fan Bloemendal doe net mear brūkt waarden
en dat Douwe op
de pleats yn de bocht wenjen bleaun is.
Douwe hie doe
aardich wat lān ūnder syn behear: 53 pm en
64 pm.
Yn 1757 geane de beide pleatsen yn oare
hannen oer : Cap-
tein Jan de With wurdt de nije eigner. Syn
soan Cornelis
Michael leit yn dat selde jier noch de
earste stien foar
de nijbou fan Bloemendal (de lege taksaasjepriis en it
troch ien boer brūken fan twa pleatsen
wiisde al op it yn
minne steat ferkearjen fan de gebouwen).
Douwe Pytters
skynt goed mei syn nije lānhearre opsjitte
te kinnen want
hy buorket tenei op de nije pleats. Hy jout
elk jier 337
gūne foar de 56 pm lān dy't by de pleats
hearre.
Nijsgjirrich is noch hoe't
"...De Heer Jan
de With,
Capteyn ter Zee, coper van twee zates en
los land te Aal-
sum..." de keappriis betelje moat. Hy
betellet de 11.614
gūne yn twa terminen, mar net oan Van
Burmania sels, doe
grytman fan Ljouwerteradiel, mar oan
de ferskate skuld-
easkers fan dizze man! Se steane allegear
neamd, mei de
bedragen dy't se ha moatte en om hokker
reden har dat
jild takomt.
1780. Soan Pytter Douwes buorket nei syn
heit op Bloemen-
dal foar in jierlikse hierpriis fan 383
gūne. It is yn de
tiid fan de feepest en oan it beslach fee
fan Pytter is
krekt nei te gean wat er doe op syn
bedriuw geande wie.
Hie hy yn 1769 noch 20 kij, in jier
letter wie dat
tal
sakke ta 13 en in pear jier letter sels ta
7 kij. Yn de-
selde snuorje rint it tal pūnsmjitten
boulān dy't hy yn
gebrūk hat omheech fan 14 pm yn 1769 nei 59
pm yn
1773.
It is dśdlik wat hy dien hat: troch de
feestjerte twongen
hat hy greide skuord en dźr boulān fan
makke. Letter sta-
bilisearret him dat wer wat, mar it tal kij
bliuwt leger
en it tal pūnsmjitten boulān heger as foar
de feestjerte.
It taheakke grafykje ferdśdlikt dat. It tal
hynders rint
ek omheech as der mear boulān komt: fan 6
ta 9 stiks. Ut
dit alles docht bliken dat Pytter de
risiko's fan syn be-
driuw wat mear ferspraat hat.
1800. Lieuwe Pytters, de tredde boer op
Bloemendal śt syn
famylje, moat it mei wat minder lān dwaan.
Yn de tachti-
ger jierren fan de 18de ieu is der in
skieding kaam tus-
ken it lān en it hoarnleger: it lān waard
ferkocht en it
hoarnleger (en dus de stim!) bleau yn hannen
fan De With.
By de pleats bliuwt mar 31 pm lān en as
Lieuwe krekt foar
1800 it hoarnleger fan Bloemendal
oerkeapet, is der noch
mar 10 pm fan de ālde pleats oer. Hy brūkt
sels in 44 pm
lān en de hierwearde dźrfan wurdt skat op
425 gūne.
1818. Nei de Frānske tiid komt de famylje
Banga yn it be-
sit fan Bloemendal. Earst de bruorren
Lieuwe, Sake en Jan
(fan Siemon Banga) en letter harren erfgenamten.
As de
registers fan famyljenammen fan 1811 der op
neislein wur-
de, docht bliken dat it hjir om deselde
famylje giet om't
Lieuwe
Pytters, de bewenner
fan foar 1800,
dan as
famyljenamme "Banga" kiest. De
famylje Banga is dus net
allinne eigner, mar ek brūker fan it
gehiel.
1879. De lźste Banga dy't as eigner fan
dizze pleats te
boek stiet, is Siemon Sakes Banga. Hy
ferkeapet de pleats
oan de famylje Bierma. Watze en
letter Johannes Idses
Bierma hālde de pleats oant 1931 ta yn
besit. Hja ferbou-
we de pleats yn 1885 earst ris en yn
1911 wurdt oergien
ta it alhiel opnij opbouwen fan de pleats.
It lytse tink-
stientsje by de foardoar bewarret it
oantinken hjir oan.
Hja bebuorkje de pleats net sels en de
befolkingsboeken
jouwe de folgjende bewenners:
1880
Piebe Zadelaar
1895
Jacob Sapes Dijkstra
1896
Cornelis Jensma
1896
Jan Elzinga
1932
Gosse Jensma
1954
Klaas Jensma
1979
Gosse Jensma
De Bierma's dogge de pleats yn 1931 oer
oan Wito
Stoel.
1931. Wito Stoel hat lykwols noch net
de jierren (syn
heit Wytze ferstoar doe't Wito noch mar
krekt berne wie)
en syn mem Cornelia Olie wurdt
fruchtgebrūkster foar it
libben. Hja trout foar de twadde kear mei
dūmny Hoek fan
Hilversum. Nijsgjirrich is dat Stoel yn
de begjinjierren
fan de radio fan berop
"radiospreker" wie.
1981. Nei't de famylje Stoel fyftich
jier Bloemendal yn
eigendom hān hie, kaam Boele Terpstra yn it
besit fan de
pleats, dy't doe lykwols al gjin
greidpleats mear wie. De
famylje Jensma, sūnt de tritiger jierren al
bewenner fan
Bloemendal, hie yn 1979 in nij bedriuw
būten it doarp del
sette litten. Klaas Jensma, en nei him syn
soan Gosse,
wiene de lźste boeren op Bloemendal en
doe't by it nije
bedriuw būten it doarp in wente boud waard,
kaam de oare
soan, Piet Jensma, hjir te wenjen.
2. BEWENNERS C.J. Overdevest
G.S. Overdevest-Van der
Slot
ADRES: Hantumerwei 65
WENPLAK: Ealsum
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1988: 75 pm
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Foarein 1922, bedriuwsgebou 1972
EIGNER:
Huzing: C.J. Overdevest
Lān : P. Brouwer (erfpacht)
It karakteristike hūs dat by dit
boerebedriuw heart, hat
net folle Frysk eigens. It hat mear it
oansjen fan in
foarnaam hearehūs. Dy foarein is dan ek net
sa botte āld,
it waard yn de tweintiger jierren fan dizze
ieu boud. Ek
fierder is der net folle ālds oan dit gebou,
śtsein it
ālde skuorke dan.
1862. Dat klopt ek wol as de ālde
kohieren der op
nei-
slein wurde. Oant 1862 ta hat dit stee
altiten greide
west. It hearde ūnder de losse lannen fan
Ealsum. Pieter
Siemens Hiemstra wie om 1850 hinne de eigner
fan dizze
grūn. Yn 1859 ruile hy dit stikje lān mei
Antje Reinders
Douma, widdo fan Klaas Klaver. Dizze Antje
Bouma lit yn
1862 in lyts spultsje delsette foar harsels
en de
bern.
It moat in hiel lyts spultsje west ha; yn
de stāl wie mar
plak foar 14 kij. Fan dit lytse spultsje
is hjoeddedei
allinne noch it skuorke oerbleaun
(Der is lykwols
in
mooglikheid dat dit skuorke om 1900 hinne
boud is, doe't
der in protte oan de gebouwen feroare is).
1888. As widdo Antje Bouma yn 1888
komt te
ferstjerren,
nimme har fjouwer bern it bedriuw oer.
Uilke Klazes Kla-
ver en syn suster Klaaske buorke dan op it
pleatske.Yn it
earstoan stiet Uilke as keapman oanskreaun,
mar letter is
dat gernier wurden. It skynt hurd mei him
efterśt te gean
want yn 1905 giet hy fan it spul ōf en
wurdt op in leef-
tyd fan 63 jier kostgonger yn in hūs yn it
doarp Ealsum.
Uilke is ek al lang net mear mei-eigner fan
de pleats;dat
wiene sūnt 1893 Freerk en Klaaske dy't yn
1895 it bedriuw
wer oan Pieter Sijmens Hiemstra ferkeapje,
de man fan
wa't it stik lān wie wźr't dit bedriuw op
boud waard.Dźr-
nei ha der oant 1922 ta hierders wenne.
1922. Neidat ek noch Jilles Toornstra en
Folkert Kiestra,
keaplu śt Dokkum, yn it besit west ha fan
dit bedriuw en
Anne Koopmans der brūker fan wie,
kaam yn 1922 wer in
eigner/bewenner op dit pleatske. Dat wie
Johannes Andries
Brouwer. Hy lit de foarein fan it ālde
spultsje ōfbrekke
en bout de foarein sa't dy der no noch
stiet.
Yn dy tiid wie der mar in 20 pm lān by dit
bedriuw. Troch
de famylje Brouwer waard er doe lān bykocht
fan de
ālde
Brunia's pleats dy't alearen oan de oare
kant fan de Pea-
zens stien hat. Nei 1922 hat
dit bedriuw lang
yn de
famylje Brouwer west: Johannes die it
bedriuw oer oan syn
soannen Andries en Piet Brouwer, wźrfan't
Piet buorke.
Hyhat ek de rinstāl by it bedriuw sette
litte.
1988. Doe't Piet Brouwer ophold mei
buorkjen,kaam de hear
C.J. Overdevest śt it Nijmeegse wei om it bedriuw oan de
Hantumerwei 65 wer fuort te setten.
Bewenners:
1862
Antje Reinders Bouma, widdo Klaver
1888
Uitze Klazes Klaver
1905
Jacob van der Meulen
1907
Harmen Wiegersma
1914
Minne Dirks Poortinga
1916
Anne Jans Koopmans
1919
?
1922
Johannes Andries Brouwer
1968
Piet Brouwer
1988
Cornelis Overdevest
3.
BEWENNERS: M.S. Terpstra
A. Terpstra-Tilkema
ADRES: Dokkumerwei 2
WENPLAK: Ealsum
PLEATSNAMME: Balstienpleats
FLOREENNUMER: 15
GRUTTE YN 1640: 541/2 pm
GRUTTE YN 1988: 43 HA
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: Kop-hals-romp 1862
EIGNER: K.H. Harkema te Enschede
Dizze pleats wurdt wol de
Balstienpleats neamd. Wźr't
dizze namme krekt weikomt, is net mear
bekend, mar it soe
wolris te meitsjen ha kinne mei
de grutte balstiennen
dy't noch altiten by de homeie fan dizze
pleats lizze. Yn
it ferline stie de pleats hiel oars bekend.
1511. Om it jier 1500 hinne wenne der in
Sybren to Sand-
wegh op dizze pleats, alteast op de pleats
dy't hjir doe
stie. Dy "Sandwegh" wźr't dizze
pleats oan lei, stiet no
bekend as de Dokkumerwei. Men koe (en
kin noch) op twa
manieren fan Dokkum nei Mitselwier komme:
oer de Sybran-
dawei(hiel lang de haadwei) en oer de
"Sandwegh". Oan de
Sybrandawei stiene (en steane) meardere
pleatsen, mar oan
de Sānwei leine doe mar twa pleatsen. Op
de grutste fan
dy twa wenne de niisneamde Sybren to
Sanweij. Hy hie 63
pm lān yn gebrūk en moat dźr 22 gūne oan
hier foar betel-
je, hast 3 pm foar 1 gūne! Sybren is net de
eigner fan de
pleats; in Sypt Hanije hat mei 58 pm
fierwei it grutste
part yn hannen. Trije lytsere eigners,
wźrūnder de tsjer-
ke fan Ealsum, meitsje de 63 pm lān fol,
dy't doe by de
pleats hearden.
1579. Neffens in belestingregister fan
1579 moat yn dy
tiid in Olphert to Sanweij op dizze pleats
wenne ha, mar
botte wis is dat net. Hy kin ommers ek op
de lytse pleats
oan de Sānwei wenne ha.
1640. Nei dizze earste gegevens śt de 16de
ieu duorret it
in hiel skoft foar't de pleats
"to Sandwegh" wer
neamd
wurdt.Yn it Stimkohier fan 1640 stiet
Schelto van Paffen-
raed (śt namme fan syn frou) as eigner
oanjūn fan de sate
"Op de Santwegh". Van Paffenraed
wie Papist stiet der ek
noch by. Dat wie wichtich yn dy tiid
om't Roomsken (hja
waarden papisten neamd) net stimme mochten.
Lyk as yn de
taljochting al sein is, wie it besit fan
in stimdragende
pleats foar 1800 wichtich om't men dan in
stim hie yn de
doarps- en gritenijsaken. De
eigners fan stimdragende
pleatsen koene skoalmasters en dūmny's kieze
en bepale
wa't wichtige baantsjes krigen yn de gritenij. Hoe
mear
pleatsen, dus stimmen, immen hie, hoe
mear sa'n ien te
sizzen hie. Om't Roomsken net stimme mochten
(hja wiene
nei 1580 fan de ferkearde religy),
waard dat wol
efkes
oantekene yn de kohieren!
Brūker fan de pleats yn dizze jierren wie
in Jan Sytses,
mear is der net bekend.
1714. Nei 1700 komme der wat mear gegevens
beskikber. Sa
keapet krekt nei 1700 Ids Jans, hy
wenne op
Sjoarda yn
Easternijtsjerk, de pleats. Hy ferhiert de
pleats oan de
Sānwei foar in 200 gūne yn it jier oan
Pytter Gabes. De
lannen binne allinne fan Ids
Jans, de huzing
is fan
Pytter-boer. De wearde fan de huzing wurdt
skat op
2000
ggūne, in aardich kaptaal yn dy tiid.
Neitiid rint de
hierpriis omheech ta 300 gūne en
bliuwt dźrnei sa'n
50
jier gelyk, ek al komme der oare hierders
op de
pleats.
Sawat allegearre bliuwe se in jier as sān
buorkjen op de
de Sānwei, wylst noch altiten de soannen
fan Ids Jans,Jan
en Johannes Ides, it eigendom fan de pleats
hālde.
1774. Tjerk Harmens wurdt yn 1774 de nije
eigner en dan
komme der mear feroarings. De hierpriis
giet omheech nei
430 gūne en de hierder, Pytter
Willems, hat ek
mei de
nedige swierrichheden te krijen. Sa wurdt
syn beslach fee
behoarlik śttinne troch de feepest dy't yn
dizze jierren
wer opspilet. Hie Pytter yn 1770 noch 14
kij, in jier
letter binne dat noch mar 9 mear. Om dochs
troch de tiid
te kommen hat Pytter in part fan syn
greide skuord en
brūkt dat dan as boulān. De 5 hynders dy't
ta dit bedriuw
hearre, sille doe ek mear wurk krigen ha.
Nei de tiid fan
de feepest hat er wer 14 kij en brūkt er
wer 32 pm bou-
lān; dit sil foar syn bedriuw wol
de bźste ferhālding
west ha. As Pytter Willems komt te
ferstjerren en syn
frou de saak bestjoere moat, rint it tal
kij wer
werom.
Ek as de soan Sipke Pytters de pleats yn
1780 oernimt,
binne der mar 8 kij mear.
1780. Yn Sipke syn tiid is der dan ek wat
feroare. Tjerk
Harmens is noch wol de eigner fan it
hoarnleger (en dźr-
mei fan de stim dy't op dit hoarnleger
lei),mar it measte
lān hat er ferkocht.Der wurde wol in stik
as seis eigners
fan stikken lān by dizze pleats neamd. It
is dan
dśdlik
dat Sipke Pytters ek minder lān ta syn
beskikking krige,
om't de measte nije eigners sels harren
stikken lān brūke
moasten. Oan it weromrinnen fan syn bedriuw
te sjen, hat
hy ek net los lān byhierre kinnen.
1800. De hierpriis fan Johannes
Roelofs, opfolger fan
Sipke Pytters, is oprūn ta 400 gūne. Hy hat
wer wat mear
lān yn gebrūk, in 69 pm, en kin dźr in 6
kij en 5 hynders
op ūnderhālde. Nei 1800 nimt de famylje
Miedema it hoarn-
leger en it measte lān fan dizze pleats oer
fan de widdo
fan Tjerk Harmens.
1862. De earste Miedema, Marten Franzes,
komt yn 1826 yn
it besit fan de pleats. Hy is ek de earste
eigner dy't de
pleats sels brūkt. Syn soan, Hendricus Martens,
lit yn
1862 in nije pleats bouwe. Op de tinkstien
yn de
efter-
muorre is dit fźstlein: "Den 8
Junij 1862 is
aan/ dit
gebouw den eersten steen/ gelegd door
mijn zoon/ Marten
oud negen jaar/ H. Miedema".
Neffens de gelearden is doe de hiele pleats
opnij opboud
al binne der yn de foarein stikken muorre
te finen
dy't
alhiel opmitsele binne fan ālde Friezen. Dy
soene dan fan
de ālde pleats wźze kinne.
De Miedema's, nei 1879 wer in Marten, ha
noch oant 1905
ta eigner/bewenner fan de Balstienpleats
west. Dan komt
de pleats troch fererving oan in Taetske
Douma dy't troud
wie mei Jacob Harkema fan Grins. Sa komt de
pleats yn it
besit fan de Harkema's. Yn 1946
keapet Harmanus Jacob
Harkema, nōthanneler fan Grins, alles
oer en
hjoeddedei
is syn soan K.H. Harkema fan Enschede de
eigner.
1905. As de Miedema's de pleats ferlitte,
komt de earste
Terpstra hjir te buorkjen: Jabik Terpstra.
Hy hat in jier
as 28 op de Balstienpleats buorke en doe
sels in
pleats
sette litten neffens Amearikaansk
model. Dizze pleats
stiet krekt foar Dokkum en wurdt gauris de
"Amearikaanske
pleats" neamd. De broer fan Jabik,
Boele, waard doe boer
op de pleats en dy syn neiteam hat dźrnei
altiten op de
pleats "oan de Sānwei" taholden.
Bewenners:
1879
Marten Miedema
1905
Jabik Terpstra
1933
Boele Terpstra
1945
Rienk Terpstra
1968
Meile Terpstra
4. BEWENNERS: J. de Boer
G. de Boer-Zijlstra
ADRES: Ezonbuorren 5
WENPLAK: Eanjum
PLEATSNAMME: Guozzepōle
FLOREENNUMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1988: 60 HA
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Kop-hals-romp 1767
EIGNER: Bruorren Jan en Auke de Boer
Hiel lang hat er op it stee fan de
Guozzepōle, neamd nei
de oan de oare kant fan de seedyk lizzende
Grutte en Lyt-
se Guozzepolder, gjin sprake west
fan bebouwing. Noch
gjin mūne en noch gjin pleats, as men soe
tinke moatte
oan it legindaryske Esonstźd dat hjir earne
oan de
oare
kant fan de seedyk lein ha
soe (de strjitnamme
Ezon-
buorren hāldt hjir it omtinken noch oan
fźst).
1767. Dat feroaret lykwols as Marten
Aedsges nei Iesumsyl
komt. Marten kaam fan Aldwāld wźr't syn
āldelju ek in
pleats hiene. As hy trout mei Lysbeth
Douwes fan Beinte-
mahūs ūnder Westergeast, doart hy it
aventoer wol oan fan
in nije pleats foar de Guozzepolders oer.
Hy lit sels in
pleats sette en om't bekend is dat hy net
in ryk man wie,
sil hy de measte sinten wol liend ha
moatte. Hy hoecht yn
alle gefallen de earste jierren gjin
haadjild te betel-
jen. It measte lān, der hearde wol in 100
pm lān
by de
nije pleats, hierde Marten Aedsges fan de
Dykskontribśsje
Eastdongeradiel, eigner fan it measte lān
yn de
Guozze-
polders (ek wol it "Vogelland"
neamd). "De Dyxcontributie
de Gansepolder met huis vrij van Reėel tot
den jaare
1800", sa wurdt de nije pleats yn de
kohieren omskreaun.
It betsjut dat oant 1800 ta gjin belesting
oer de hier
betelle hoegde te wurden. Itselde kaam ek
foar doe't de
Eanjumer en Ingwierrumer polders fan
in swiere seedyk
foarsjoen waarden.
Hy begjint mei 6 kij en ien hynder, mar in
pear jier let-
ter hat er him foargoed fźstige mei 6 kij,
6 hynders en
30 pm boulān yn gebrūk. Dan kriget hy te
meitsjen mei na-
toerrampen. Hjoeddedei hat in boer dźr it
measte net mear
mei te krijen troch allerhande
bestridingsmiddels en sa
mar yn it ferline wie in boer omraak
ōfhinklik fan de na-
toer. Troch de feepest rint syn beslach fee
werom nei 2
kij en 2 rierren mar noch grutter ramp
is de
trochbraak
fan de seedyk fan de Guozzepolder. De hiele
polder strūp-
te der ūnder en it is dien mei it boulān:
yn 1771 is noch
mar 13 pm geskikt as boulān. It sil net de
lźste kear wź-
ze dat de boer op'e Guozzepōle lźst hat fan
it seewetter
yn de polder. Sa streamde yn 1825 en 1836
bygelyks "...de
hooge vloed aanhoudend en met kracht
landinwaarts in..."
Yn 1772 liket alles wer yn oarder, al falt
de skommeling
yn it tal kij wol tige op. Faaks hat
er noch
mear lźst
hān fan de feepest. It liket Marten Aedsges
net sa te be-
fallen op de Guozzepōle want hy sjocht om
him hinne om in
oare pleats. Yn 1771 keapet er De Vor yn
Ingwierrum foar
21.000 cgūne, mar Hans van Wyckel en
Douwe Clases lizze
dźr it "niaer" op en Marten moat
fan de keap ōfsjen. Yn
1774 slagget it him dan dochs om op in
pleats yn Kollumer
lān te kommen. Dźr, mar mear noch yn
Grinslān wźr't syn
folgjende pleats stie en wźr't
syn neiteam, de
Teen-
stra's, grut wurden is, hat er
bekendheid krigen as in
foaroanman ūnder de boeren. Syn
skriuwboekje wźr't hy
alles yn notearre wat syn buorkerij oangie,
is bewarre
bleaun en okkerjiers yn boekfoarm śtjūn.
1805. De opfolgers fan Marten Aedsges skine
har wat mear
op boulān talein te hawwen. Harmen
Martens (1774), Bote
Sybes(1780) en mear noch Pytter Arjens
Tamsma(1800) krije
hieltiten mear pūnsmjit boulān yn gebrūk.
Tamsma hat al
56 pm boulān by de pleats en 12 kij op
stāl wylst sān
hynders it lānwurk dwaan moatte.
De hierpriis fan de
pleats mei 117 pm lān is oprūn ta 964 gūne.
1858. Martinus Aukes Wierda hat yn de
foarige ieu in hiel
skoft de hierboer op de Guozzepōle west. Hy
komt al foar
yn 1858 en syn widdo Saakje Oenzes
Straatsma hat nei syn
dea yn 1896 noch oant 1901 ta op de pleats
wenne. Om 1850
hinne is ek it wettermūntsje, tichteby de
pleats, delset.
Dy mūne moast it wetter om de pleats hinne
wat yn betwang
hālde, mar dy taak hat it gemaal op
Iesumsyl al lang oer-
naam. Yn de tiid dat Wierda hjir wenne, is
der hiel
wat
oan de huzing feroare. De skuorre waard
fergrutte en de
hiele "kop" fan it gebou waard
fan de sydkant ferpleatst
nei de foarkant sa't no noch it gefal is.
Ek de
tsjerne
krige in oar plak: fan de skuorre nei it
eardere plak fan
de foarhuzing. Dat barde yn 1868, in
hūndert jier nei't
de pleats op dit plak delset is. Fan
dy ālde
pleats is
dus eins allinne mar in part fan de skuorre
oerbleaun, de
hiele foarhuzing is ferpleatst en feroare.
1901. Fanśt Driezum wei kaam op 12
maaie 1901 Jacob
de
Boer nei de Guozzepōle. Mei Jacob kaam de
famylje De Boer
op dizze pleats, in famylje dy't oant no
ta noch altiten
op de Guozzepōle wennet. Jacob de Boer hat
noch meimakke
dat der yn 1914 in nij lytshūs set is, boud
fan de stien
dy't frijkaam doe't it ālde opsichtershūs
fan Iesumsyl ōf
brutsen waard om plak te meitsjen foar in
nijenien. Sawol
de Guozzepōle as it opsichtershūs wiene
ommers yn hannen
fan de Kontribūzje Seediken
Eastdongeradiel.
1981. Nei't de pleats fan de
Dykskontribśsje Eastdongera-
diel oergien wie nei Eastergoa's Seediken
en dźrnei wer
nei it wetterskip "Fryslān", kaam
de famylje De Boer be-
gjin 1981 yn it besit fan de Guozzepōle.
Bewenners:
1858
Martinus Aukes Wierda
1896
Saakje Oenzes Straatsma (widdo Wierda)
1901
Jacob R. de Boer
1931
Minze, Roelof en Frouke de Boer
1955
Frouke de Boer allinne
1964
Jan en Auke de Boer
5.
BEWENNERS: J. Boersma
R. Boersma-Van der Wal
ADRES: Sylsterwei 6
WENPLAK: Eanjum
PLEATSNAMME: Nittema
FLOREENNUMER: 18
GRUTTE YN 1640: 63 pm
GRUTTE YN 1988: 40 HA
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: Kop-hals-romp 1890, efterein 1947
EIGNER: Moeder Wiersma Leen te Eanjum
De earste pleats būten Eanjum oan de linkerkant
fan de
wei nei Iesumsyl ta is Nittema sate.
Dizze kop-hals-romp
pleats leit prachtich ferskūle yn
in mantel fan
hege
beammen. Nittema is yn it ferline wol gauris
ferwiksele
mei Eysinga sate, ek oan de Sylsterwei,
mar fan dizze
ālde pleats is allinne noch in wente
op in
terpke oer-
bleaun, efkes tichter by Eanjum.
1511. It begjin fan Nittema sate koe wolris
lizze yn de 7
pm lān dy't in Ede Niethema yn 1511 yn
besit hie. Dat lān
waard brūkt troch Rypka to Taert. No
leit de buorskip
Teard sawat tsjinoer de foarein fan Nittema
op in
terp,
dat soks is hiel goed mooglik. Ede Niethema
komt fierder
net foar, mar Rypka wurdt yn 1543
nochris neamd: "Rypke
guedt toe Taert" moat in jierlikse
rinte oan de tsjerke
jaan en der wurdt praat oer in stik lān dat
as neistliz-
zer "de Rypke fen" hat.
1640.It duorret oant 1640 foar't
Nittema wer ris
neamd
wurdt. Yn it Stimkohier fan dat jier wurdt
Juffer Ebel
van Meekma eignerske neamd fan Nitma, dan
63 pm grut. It
hat eigenskip dat Ebel van Meekma deselde
is as Ebel van
Meckema dy't ūnder Jouswier foarkomt en śt
de famylje fan
de Ernsma's stamt (sjoch nr.48). Hierboer
is yn alle ge-
fallen Jan Pytters.
1714. De hierboer op Nittema moat yn 1714
foar de 63 pm
lān en nochris 28 pm fan in pleats op
Stiem, dy't hy ek
fan de famylje Van Burmania hiert, elk jier
in 200
gūne
hier jaan. De buorkerij sels is fan de
hierder en wurdt
dan op 1800 cgūne skat, alteast foar dy
sinten moatte de
Van Burmania's de buorkerij oernimme as de
hierder fan de
pleats ōfgiet. Nei de famylje Van Burmania
komme op Nit-
tema dochs wer eigen boeren te wenjen. Dat
is wol
apart
want meast bleaune sokke pleatsen, as se
ienris yn hannen
fan grutgrūnbesitters wiene, hiele
skoften yn it
besit
fan adelike famyljes. It gie harren dan om
de stim
dy't
op it hoarnleger lei; it lān by de pleats
waard wol gau-
ris ferkocht om oan sinten te kommen. By
Nittema bart dit
lykwols noch net: de widdo fan Jan Reytses
en in Syds
Oebeles nimme elk foar de helte de pleats
oer. Syds buor-
ket op de pleats en de widdo fan Jan Reytses
wennet op
Eysinga sate, tichteby.
1748. Syds Oebeles skynt wat yn de
lytse loege kaam
te
wźzen want hy rekket fan de pleats ōf as
eigner/bewenner,
om tsien jier letter wer werom te kommen
as hierder. Yn
dy tusken lizzende jierren buorkje Taeke en
Bauke Jans op
Nittema, mar hja hālde it ek net fol
en moatte de boel
ferkeapje oan de siktaris fan Eastdongeradiel, de
hear
Petrus Bergsma. Dizze kin
mei rjocht grutgrūnbesitter
neamd wurde: syn namme (en dy fan
syn soan Wilhelmus)
komt by ferskate pleatsen as eigner foar.
De soan fan
Bauke Jans , in Jan Baukes, hat noch
wol wat lān
fan
Nittema yn besit en hy wurdt letter ek de
hierder fan de
pleats.
1760. Jan Baukes nimt yn 1760 de pleats wer
oer fan Syds
Oebeles dy't nei Teard giet. De
hierpriis bedraacht dan
278 gūne foar it yn haadsaak as greidpleats
brūkte be-
driuw : 10 kij en 4 hynders en in 25 pm
bestimd ta boulān
As Jan Baukes yn 1770 komt
te ferstjerren, wurdt
der
boelguod holden op Nittema. It wurdt in
wat frjemd jier
om't de nije hierder, Lieuwe Folkerts fan
Ljussens, mar 7
pm lān ynsiedde hat as boulān. Wźr't hy de
9 hynders dat
jier foar brūkt hat, wurdt net dśdlik. Yn
1771 is
alles
wer gewoan en hat Lieuwe wer 31 pm boulān
yn gebrūk en ha
de 9 hynders wer genōch wurk.
1805. Reitse Uilkes komt yn 1778 as
hierder op Nittema.
Hy hāldt it in moai skoft fol en it
skynt goed te
gean
want ek al moat hy elk jier foar de 94 pm
lān dy't by de
pleats hearre in 1188 gūne oan hier jaan, dochs
slagget
syn soan der yn om de pleats yn eigendom te
krijen. Dizze
Jacob Reitses krijt syn kāns as de famylje
Bergsma har
grūnbesit ferkeapet om't de stimmen nei
de Frānske Tiid
dochs neat mear wurdich wiene. Jacob
Reitses nimt yn 1811
as famyljenamme "Reitsma" oan,
it sil
wol dśdlik wźze
wźrom! Dochter Martha Reitsma is de lźste
fan de famylje
dy't de pleats yn besit hat en nei har
komme de famyljes
Wiersma en Beintema elk foar de helte yn
it besit fan
Nittema.
1890. Albert Douwes Beintema en Anne Klazes
Wiersma litte
yn 1890 in nije pleats bouwe, in pleats
wźr't de Beinte-
ma's op buorkje.
Bewenners:
1880
Douwe Alberts Beintema
1904
Jan Berends Hannema
1909
Douwe Alberts Beintema
1916
Gerrit Stallinga
1941
Bokke Boersma
1970
Jan Boersma
Om't de Wiersma's besibbe wiene oan de
Meinsma's en Han-
nema's fan Nes (sjoch nr. 53) wennen op
dizze pleats om
1900 hinne ek Hannema's. It besit waard
lykwols letter
ūnderbrocht yn it "Moeder Wiersma Leen".
Fan dit lien
kinne stśdzjebeurzen en sa betelle wurde
foar bern waans
famylje net by steat is om sels de
stśdzjekosten te dra-
gen. Nittema is oant hjoeddedei ta yn
it besit
fan dit
Lien.
1948. De lźste heale ieu hat er in lid fan
de Boersma-
famylje op de pleats wenne. Bokke Boersma
hat meimeitsje
moatten dat yn 1947 by in grutte brān de
pleats foar in
grut part ōfbaarnd is. De oarsaak fan
de brān
wie hea-
broei en ek al hiene de manlju de hiele dei
dwaande west
om it hea te splitten, dochs fleach de
boel noch yn'e
brān. Allinne de "kop" bleau
stean, wylst de "hals" en de
"romp" alhielendal wer opboud
wurde moasten. Sūnt
1970
buorket syn soan Jan Boersma op Nittema.
6.
BEWENNERS: L.K. van Dijk
F. van Dijk-Veltman
ADRES: Healbeamswei 12
WENPLAK: Eanjum
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMER: 21
GRUTTE YN 1640: 46 pm
GRUTTE YN 1988: 34 HA
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: Kop-hals-romp 1806
EIGNER: L.K. van Dijk
Yn de Floreenkohieren stiet dizze pleats
altiten fermeld
as lizzende "Op Stiem" en
"In het Vogellandt". Hoewol't
der leafst fiif pleatsen op Stiem leine,
wie dizze pleats
de iennichste mei de fermelding In het
Vogelland. Hjir
sil it būtendyks lān mei bedoeld wźze efter
dizze pleats.
De Guozzepolder bygelyks waard ek wol
Vogelland neamd.
Op ālde kaarten en yn guon boeken wurdt
dizze pleats noch
wolris betize mei it ālde Jeppema. Dit moat
in fersin wź-
ze want Jeppema lei tusken dizze pleats en
Eanjum yn (it
heechje dat fan Jepma oerbleau, is noch wol
yn it lān te
sjen).
1640. Mooglik hat dizze pleats yn it skiere
ferline it
eigendom west fan it kleaster Weert ūnder
Moarre. In re-
gister fan it kleasterguod śt 1640 seit
nammentlik fan de
pleats fan Freerck Clasen, grut 46 pm, dat
dy ōfkomstich
wie fan it kleaster Weert. It Stimkohier
fan itselde jier
lit sjen dat dizze Freerck Clasen buorke op
dizze pleats
op Stiem en yndied 46 pm lān hie. Hjir
moat dus
deselde
pleats mei bedoeld wźze en dan hat
Freerck dizze ālde
kleasterpleats fan de Steaten fan Fryslān
oerkocht.
In foargonger fan Freerck wie Dirck
Johannes dy't yn 1618
as hierboer op de pleats siet. Yn
1592 wurdt Tijaerdt
Roeleffs neamd. Hy moat foar elk fan de 46
pm dy't hy yn
gebrūk hat, 12 stuorren betelje en de
Steaten bepale dat
hy yn 1593 in ferheging tastean moat ta 14
stuorren foar
elke pūnsmjit.
Dit lān fan kleaster Weert soe weromgean
kinne op de 130
pm dy't Popke Monick yn 1511 fan it
kleaster hiert. Ek in
pear lytse stikjes yn ferskate oare pleatsen
binne dan
fan Weert. Folslein wissichheid is net te
krijen al soe
de pleats "Monnikhuis" ūnder
Iesumsyl (dizze pleats
is
wat der oerbleau fan Popke Monick syn
pleats) in oanwi-
zing jaan kinne: dy pleats leit net sa fier
ōf.
1714. Ek dizze pleats rekket nei 1700
yn hannen fan de
famylje Bergsma. It measte lān wurdt dan
oan oare eigners
trochferkocht en sa moat hierboer Johannes
Alberts syn
hier oan seis ferskillende lānhearren betelje.
Meiinoar
is hy 292 gūne kwyt foar de 50 pm lān dy't
by de
pleats
hearre.
1760. Pytter Pytters kin mei de helte
minder ta: 155 gū-
ne. Hy hat 8 kij op de pleats en 4 hynders.
Syn boulān
makket dat jier 33 pm śt en dat is jierren
lang wakker
gelyk. De measte hierboeren buorkje mar in
tsiental jier-
ren op de pleats en meitsje dan wer plak
foar in oar. Wat
krekt de reden west hat, is net mear śt te
finen mar it
soe best ris te meitsjen ha kinne mei
in te
hege hier-
priis dy't mear wie as de pleats opbringe
koe.
1805. Dat feroaret om 1800 hinne. As Claes
Jacobs yn 1805
fan de pleats giet, komt Yme Uilkes nei
Stiem. Hy lit yn
1806 in nije pleats bouwe en syn soan mei
de earste stien
lizze: "1806/ Den 17 april/ heeft
Uilke Ymes/ den eersten
steen/ gelegt aan dit gebouw", stiet
op de stien yn de
foargevel.
As Yme Uilkes yn 1811 in famyljenamme kieze
moat, is syn
kar wol dśdlik: Stiemsma! Sa'n fyftich jier
hat de famyl-
je Stiemsma doe noch op dizze pleats buorke
foar't de Van
Eysinga's it eigendom oernaam ha.
Doe kaam der ek wer in hierboer op de
pleats en ferskyn-
den der wer yndruk meitsjende nammen ūnder
de lānhearren,
lykas Baron Mr. Wilco Julius van Welderen
Rengers. Dizze
hat yn 1904 de boel nochris fernijd.
Nei de
soan Johan
Edzart kaam de pleats yn hannen fan in
bernsbern: Aletta
Catharina.
Bewenners:
1805
Uilke Ymes Stiemsma
1818
Yme Uilkes Stiemsma
1828
Wikjen Stiemsma
1858
Doede Jacobs van Eizinga
1880
Thomas Gerrits Bouma (gie nei Amearika)
1881
Jacob Holwerda
1886
Emme Reinders Fokkema
1891
Douwe Johannes Leegstra
1892
Pieter Otto's de Vries
1902
Bote Atzes Koudenburg
Fetje Botes Koudenburg kaam nei de dea fan
har heit op de
pleats (1912). Fetsje wie troud mei
Minne Lieuwes van
Dijk en sa kaam de earste boer mei de namme
Van Dijk
op
Stiem terjochte, in famylje dy't oant
hjoeddedei ta hjir
buorket.
Yn 1954 kaam Lieuwe Klazes van Dijk (in
omkesizzer fan
Minne Lieuwes)op de pleats en hy hat dizze
ālde pleats op
Stiem yn
1976 oerkocht fan
de famylje Van
Welderen
Rengers.
7. BEWENNER: R. Ganzinga
ADRES: Alddyk 4
WENPLAK: Eanjum
PLEATSNAMME: Rodmersma
FLOREENNUMER: 32
GRUTTE YN 1640: 44 pm
GRUTTE YN 1988: 36 HA
YN GEBRUK AS: Mingd bedriuw
HUZING: Kop-hals-romp 1877
EIGNER: Old Burger Weeshuis te Ljouwert
It Old Burger Weeshuis yn Ljouwert hat
troch de
jierren
hinne twa pleatsen yn besit
hān yn Eanjum.
De iene,
Luitema sate, is yn 1935 ferkocht
wurden, mar de
oare,
Rodmersma sate, is noch altiten yn it besit
fan it Ljou-
werter Weeshūs. Ek de famylje Ganzinga is
al mear as hūn-
dert jier lang bewenner fan dizze
pleats oan de
ālde
seedyk, in pleats dy't nei it oanlizzen fan
de Eanjumer-
en Ljussemer polder te berikken is troch in
weingat yn de
seedyk. Foarhinne rūn der in paad troch
de lannen nei
Eanjum.
1511. De earste gegevens oangeande
Rodmersma komme foar
yn it register fan oanbring. In Sywert
Rodmers is dan
boer op in pleats fan 28 pm lān binnen de
dyk en 9 pm bū-
ten de dyk. Hy is sels mar eigner fan 4 pm
en Wilke Hol-
lingen (Holdinga) en Smelger Houwerden ha
de oare 33 pm
yn besit. Sywert syn pleats wurdt skat
op in
hierwearde
fan 13 1/2 ggūne, dat is sawat 1 ggūne op 3
pm lān.
1542. Yn it Benefisiaalboek komt Rodmersma
sate net foar,
mar dochs is der in lytse oanwizing foar
it bestean fan
de pleats yn te finen. By de tsjerkelannen
stiet namment-
lik: "Item, die Patroon een pondemate
feenlandts, leggen-
de by Onghast, te Raudmersweg..."
Mei dizze Raudmersweg
sil de Popereed bedoeld wźze dy't ek op
ālde kaarten noch
wol te sjen is. Hjoeddedei is dy reed net
mear yn
wźzen
en giet alle ferkear oer de wei efter de
ālde seedyk.
Yn dizze opjefte śt 1542 falt ek noch op
dat er doe noch
in finne oan dizze wei lei, wylst tsjintwurdich
allinne
mar mear boulān te
bekennen is. Wźr't
it ek neamde
"Onghast" lein hat, is net mear
te efterheljen.
1640. In hūndert jier letter wennet
Jacob Douwes op de
pleats. Hy is ek wer hierboer op dizze
pleats dy't dan 44
pm grut is. Eigner is Jonkhear Julius
Unia van Mokkema.
Fan him stiet fermeld dat er
"Papist" wie, wat ynhold dat
er net stimme mocht ek
al hie er
dizze stimdragende
pleats
yn syn besit.
Yn dy tiid
mochten Roomsken
(Papisten) net stimme.
1662. De famylje Unia, yn de persoan fan
"Vrou Allegonda
van Unia", troud mei Jonkhear
Ulbe van
Sixma "kapitein
over een Compagnie soldaten te voet,
verblijf houdende te
Embden", ferkeapet yn maart 1662 de
pleats, dy't noch al-
titen bewenne waard troch Jacob Douwes en
45 pm grut wie,
oan de Weesfāden fan Ljouwert. Ut de keapakte docht bli-
ken dat śt de opbringst fan de pleats jierliks
4 cgūne
"eeuwige renthe" betelle wurde
moast oan de stźd
Ljou-
wert. Wźr't dizze rinte weikaam, wurdt net
dśdlik, mar
oant 1805 ta hat dizze rinte alle
jierren wer betelle
wurde moatten (en faaks noch wol langer).
De priis dy't foar de pleats betelle wurde
moat, is 4590
ggūne (102 gg de pūnsmjit). De Weesfāden ha
de sinten net
en moatte foarearst in skuldbekentenis
tekenje.
1760. Nei de hierders Wieger Pytters,
Freerck Jeppes, Ids
Uilkes en Claas Rinderts (hast allegear in
jier as tsien
hierder) komt der in famylje dy't wat langer
op Rodmersma
buorket. Yn 1748 komt nammentlik in Uilke
Jans foar en yn
1758 Jacob Uilkes. Dizze Jacob Uilkes hat
yn 1760 7 kij
op stāl, brūkt 7 hynders foar it lānwurk en
hat noch
86
pm boulān yn gebrūk. Hoewol't hy
op Rodmersma wennet,
brūkt hy syn measte lān fan oare
eigners as de
Wees-
fāden.
It skynt mar goed te gean mei Jacob
Uilkes want
tsien jier letter hat er leafst 122 pm
boulān yn gebrūk
en hat er 18 hynders op de pleats. Dit
grutte oantal hyn-
ders liket te grut te wźzen om allinne mar
brūkt te wur-
den foar it lānwurk; mooglik hat Jacob
Uilkes ek oan de
hynstefokkerij dien.
1805. De Dijkstra's brūke om 1800
hinne Rodmersma. Foar
de 42 pm dy't de pleats dan grut is, moat
Folkert Jans
Dijkstra (hat hy yn 1811 dy
famyljenamme keazen fanwege
de ālde seedyk?) oan de Weesfāden elk jier 507 gūne oan
hier jaan. Hy hāldt 11 kij op syn bedriuw,
hat 73 1/2 pm bou
yn gebrūk en 12 hynders op stāl. It is dśdlik
dat ek Fol-
kert Jans wer lān fan meardere eigners
hiere moat om syn
bedriuw draaiende te hālden.
1858. Nei Geert J. Eisinga komt yn 1858
as brūker fan
Rodmersma sate foar: Folkert Jans Postma.
Postma wie ek
al hierder fan Luitema sate, de oare pleats
fan de Ljou-
werter Weesfāden yn Eanjum (sjoch nr.
10). Hy brūkt dus
de beide pleatsen mar hoe't hy dat krekt
hān hat, om't de
pleatsen nochal fier śtinoar lizze, is net
mear te efter-
heljen. Faaks hie hy wol in setboer (as in
soan) op
ien
fan de pleatsen.
At it no oan Folkert Jans Postma lei as
oan de
gebouwen
sels, mar krekt neidat hy fan de pleatsen
rekke, waarden
dźr nije gebouwen set: yn 1866 in nij
Luitema en yn 1877
in nij Rodmersma.
1877. Op Rodmersma wenne doe al in
Ganzinga as hierboer
want op de tekening fan de nijbou dy't
bewarre bleaun is,
stiet as bewenner oanjūn: U.S. Ganzinga. It
is in
teke-
ning fan in moaie kop-hals-romp pleats mei
plak foar 22
kij yn it būthśs en 10 kij yn it lytshūs.
Der steane ek
noch trije gollen op de tekening.
Bewenners:
1818
Folkert Jans Dijkstra
1828
Geert Jans Eisinga
1877
Uilke Sieverts Ganzinga
1917
Sievert Ganzinga
1943
Willem Ganzinga
1973
Roel Ganzinga
Hjoeddedei wennet Roel Ganzinga noch
altiten op de pleats
mei syn mem, in pleats dy't ek noch altiten
as mingd be-
driuw brūkt wurdt. In 13 Ha wurdt brūkt as
greide en de
rest as boulān.
8. BEWENNERS: K. Hiddema
J. Hiddema-Wiersma
ADRES: Healbeamswei 6
WENPLAK: Eanjum
PLEATSNAMME: Junia, Abbewier
FLOREENNUMER: 9
GRUTTE YN 1640: 60 pm
GRUTTE YN 1988: 69 HA
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: Stjelp
1885
EIGNER: K. Hiddema
Hoewol't Junia sate op in hichte
leit, in soarte
fan
terpke, en dus op in hiel āld wenstee stean
moat, is
it
net slagge om fierder yn de skiednis
fan dizze pleats
werom te kommen as 1640. Mei in bytsje
goede wil soe it
"Jumgana" dat yn 1542 foarkomt
noch foar Junia trochgean
kinne, mar dat is net wis. It iennichste
dat yn 1511 op
Junia slaan kin is de pleats fan Take
Stestra, dy't sawol
60 pm lān hat as 18 floreen belesting
betelje moat, wat
ek foar Junia yn 1640 jildt. Dat is
dus in
mooglikheid,
mar om't ūnder de eigners fan de pleats fan
Take Stestra,
it kleaster Weert, de pastoar en de tsjerke
fan Eanjum en
Kempa Roper, net ien namme foarkomt dy't op
Junia liket,
is ek hjir gjin wissichheid te krijen.
1640. Gabe Wygers Botma is yn it Stimkohier
fan 1640
de
eigner fan Junia sate. Gabe Botma
wenne yn Moarre
op
Botma State en hy hie noch trije pleatsen
ūnder Eanjum yn
besit. Dan wie hy ek noch dykgreve fan
Eastdongeradiel,
in wichtich baantsje yn in tiid dat de
seediken noch net
sa sterk wiene.
Op Junia wenne doe Idske Rommertsma as
hierboer. Hier-
boeren hawwe der in protte west op dizze
pleats. Pas nei
1934 sil de earste eigner/bewenner op de
pleats ferskine.
1714. Minne Wytses hat krekt nei 1700
sa'n tritich jier
boer west op Junia. Hy moast foar de 53 pm
dy't de pleats
doe grut wie 268 cgūne oan hier jaan. It
hūs wie tak-
searre op 2500 cgūne, in grut bedrach yn dy
tiid. Hy hie,
om de pleats wer foar sān jier hiere
te meien, in
jier
ekstra hier betelje moatten. Dat
"geschenck", lyk as dat
neamd waard, kaam in hiele protte
foar. Yn dit gefal koe
Minne it bedrach oer de sān jier śtstrike.
1760. It falt op hoe trou as de hierders
oan dizze pleats
binne. Sawol Minne Wytses, Anne Tomas,
Rindert Clases as
Klaas R. van der Ploeg ha in tritichtal
jierren as mear
boer west op Junia. It skynt dat
hja goede lānhearren
hiene yn de famylje Van Burmania. Leden
fan dizze yn-
floedrike famylje ha de hiele 18de ieu yn
it besit
west
fan Junia en pas om 1835 hinne ha hja de
pleats troch-
ferkocht oan Jonkhear Edzard Tjarda van
Starkenborgh Sta-
chouwer, boargemaster fan Wehe yn Grinslān.
Rindert Cla-
ses moast as hierboer yn 1760 elk jier 382
gūne jaan. Hy
koe dźrfoar in achttal kij op stāl sette, 7
hynders brūke
foar it lānwurk en nochris 70 pm ynsiedzje
as boulān. Hy
hat dus nźst Junia noch mear lān hiere
moatten.
1789. In ynfintaris, opmakke by it
ferstjerren fan Gemme
Onuphrius van Burmania, jout wat ynsjoch yn
de wearde fan
Junia krekt foar 1800. De akte seit:
" Junia 44
pm nu
110, met hornlegers Autha en Jouwdema
", in skatte wearde
fan 8393 gūne. Ek śt dizze akte docht wer
bliken dat net
allinne lān fan Junia by de pleats brūkt
waard mar dat de
Van Burmania's śt oare pleatsen, ek yn
harren besit, lān
brocht hiene ūnder Junia.
1805. Klaas Rinderts (syn heit hie hjir
foar him buorke)
hat noch wer mear lān by de pleats yn gebrūk.
Hy brūkt
116 pm as boulān. Hy hat dan ek wat
mear hynders nedich
foar it wurk (9 hynders) en moat mear kij
hālde foar de
nedige dong (10 kij). Yn in tiid sūnder
keunstdong wiene
de kij yn dizze kontreien benammen bedoeld
foar de
dong
dy't hja opsmieten. Allinne wikselbou
en it
braaklizzen
fan lān wiene oare manieren om it lān
fruchtber te hālden
Klaas Rinderts (hy neamt him letter Van
der Ploeg) moat
ek gāns mear hier betelje as syn heit:
1128 gūne yn it
jier. Hy moat ek stean foar it ūnderhāld
fan de
pleats.
Dat
betsjut dat de pleats net mear, sa as om om 1700 hin-
ne, it besit wie fan de hierboer, mar de
lāneigner no ek
de pleats sels, yn eigendom hie.
1885. Jonkhear Alidius Warmoldus
Lambertus Tjarda van
Starkenborgh Stachouwer lit yn 1885 in nije
pleats del
sette. It hiele perseel wźr't de
pleats op stie,
waard
fergrutte fan 1340 oant 3810 kante
meter. Alde ferhalen
wolle ha dat de pleats doe krekt oars om
set is: yn stee
fan de foarein nei de wei kaam de foarein
no mei it śt-
sjoch de lannen oer. De kadasterkaart fan
1832 jout foar
Junia in kop-hals-romp pleats oan. De Stachauwers
wiene
belangrike minsken yn de stźd Grins. De
bouwer fan de
nije pleats wie notaris en syn soan
waard boargemaster
fan de stźd Grins.
1925. Hy ferkocht de pleats oan in oare
boargemaster, of
leaver, oan de heit fan in boargemaster:
Engbert Lieuwes
Sijtsma. Soan Sijds Sijtsma wie fan 1901
oant 1934 boar-
gemaster fan Eastdongeradiel.
Bewenners:
1858
Pieter Douwes Dijkstra
1859
Douwe Pieters Dijkstra
1895
Popke Minzes Bakker
1907
Minze Popkes Bakker
1920
Kornelis de Boer
1934
Sjoukje de Vries (widdo Terpstra)
1951
Wytze Terpstra
1969
Kornelis Hiddema
Yn dit rychje bewenners sit ek de
earste eigner/bewenner
fan Junia. Dat wie Kornelis Hiddema, de
earste yn in tiid
rek fan sa'n 350 jier, dy't as boer ek it
eigendom fan de
pleats hie. Foar him hie Kornelis Vogel
Junia oerkocht
fan de erfgenamten fan Engbert Sijtsma. By
de ferkeap fan
de pleats ūnder lieding fan notaris Aleva
śt Eanjum wurdt
de pleats beskreaun as: "Een bijzonder
hechte, sterke en
uitstekend onderhouden, in 1885 nieuw
gebouwde Stelphui-
zinge met bijschuur, wagenhuis, stookhok,
gierkolk van 90
m3, hovinge, hornleger en erf,
"Abbewier" genaamd..." Dit
is de earste kear dat yn'e papieren de
twadde namme fan
de pleats foarkomt. Kornelis Vogel en syn
soan Halbe ha
in 35 jier lang de pleats yn eigendom hān
foar't hja dy
oerdroegen oan de SBL. De bewenner fan
hjoeddedei, Korne-
lis Hiddema, hat doe de pleats wer fan de
SBL oankocht.
9. BEWENNERS: J. Hoogland
K.S. Hoogland-Botma
ADRES: Skānserwei 2
WENPLAK: Eanjum
PLEATSNAMME: Nij Wobma, Lyts Wobma
FLOREENNUMER: 54
GRUTTE YN 1640: 70 pm
GRUTTE YN 1988: 33 HA
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: Kop-hals-romp 1820, efterein 1921
EIGNER: Verenigde Stichtingen Van
Dooren-Blanken-
heym-Van Lede te Rotterdam
Der binne twa pleatsen mei de namme Wobbema
yn it doarps-
gebiet fan Eanjum: Grut Wobbema en Lyts
Wobbema (ek wol
Nij Wobbema). Om't dizze beide pleatsen
ticht byinoar oan
de ālde seedyk lizze, leit it yn'e reden om
te tinken dat
hja ienris ien pleats foarme ha. Dat moat
dan al foar
1640 west ha want dan is der al in
twadieling. It ferhaal
giet dat der rūzje west hat yn de famylje
dy't it feriene
Wobbema yn besit hie en dat der doe in
twadde pleats, Nij
Wobbema, byboud is. It kin ek samar in
ferhaaltsje wźze;
it is yn alle gefallen net mear nei te
gean.
1511. Gabbe Wobbema en syn suster Ael
Wobbema komme foar
yn 1511 as al it grūnbesit fan Fryslān
optekene wurdt.
Ael wennet yn in hierhūs mar har broer
buorket op in hie-
le grutte pleats: 65 pm lān būten de dyk en
62 pm binnen-
dykslān en noch 8 pm "op ter
Bant". Hy is sels eigner fan
24 pm yn dizze pleats, syn suster Ael hat
nochris 11 pm,
mar it grutste part
is fan Sywck
Kamminga en Sippa
Heemstra. Dizze pleats wurdt oanslein foar
36 ggūne, dat
makket sawat 4 pm foar 1 ggūne. Neist
dizze pleats ha
broer en sus tegearre noch 33 pm lān yn
in pleats fan
Syole ter Herne (Sjolle fan Oostmahorn?).
Ut al dizze be-
sittings fan Gabbe en Ael soene dan de beide Wobbema's
fan hjoeddedei ūntstien wźze.
1542. De "Wobma vuijterdycken"
(būtendykslān) wurde neamd
yn 1542 en de eigner fan Wobbema moat elk
jier 20 stuor-
ren rinte jaan oan de vicaris (de twadde
pryster) en 16
stuorren oan de prebende (in soarte fan
lien).
1580. Willem Wobma sit yn 1580 op de pleats
mar it is net
dśdlik at hy famylje is fan de Wobbema's
fan 1511 as dat
hy de hierder is dy't neamd wurdt nei de
pleats. Yn alle
gefallen moatte de 16 stuorkes oan de tsjerke
noch wol
betelle wurde.
1610. In hiel āld hierkontrakt dat fan
Wobbema bewarre
is, lit foar it earst de twadieling sjen.
Yn dat hierkon-
trakt wurdt praat fan Wobbema te Eanjum mei
in grutte fan
70 pm lān, wat krekt de grutte fan Nij Wobbema
yn 1640
is. Der moat lykwols by sein wurde dat Grut
Wobbema yn
1640 ek 70 pm grut is. Dat betsjut dat yn
1610 al sprake
is fan de twadieling oars hie it in
pleats wźze moatten
fan 140 pm. Om śt te meitsjen hokker
Wobbema hjir bedoeld
wurdt, kin
sjoen wurde nei de ferhierder
Watse van
Ockinga. Yn 1640 is Douwe van Ockinga as
besitter oanjūn
en hy sil de soan van Watse west ha. Watse
van Ockinga is
troud mei in Saepck van Burmania en dat
wiist der op dat
it ālde ferhaal fan de rūzje yn de famylje
ek noch wolris
wier wźze kin, om't Grut Wobma yn 1640 yn
hannen is fan
Rienk van Burmania!
Hierders fan Wobbema binne Jan Oedts
en syn
frou Ments
Bockeszdochter. Hja kinne de 70 pm fan de
pleats hiere
foar 136 ggūne yn it jier yn twa terminen
te beteljen.
Der wurdt net in bepaalde tiid ōfpraat dat
hja de pleats
hiere meie, mar dat sil wźze "...van
Jaer tot
Jaer soo
lange ons beiden contrahenten aen wederseijden
gelieven
zall..." Hja meie net greide ta bou
skuorre en der wurdt
noch ōfpraat dat as Jan en Ments fan de
pleats ōfgean, de
ferhierders 500 ggūne jaan sille foar de
gebouwen dy't
dus eigendom binne fan de hierders.
1640. Sa as hjir boppe al neamd, wie Douwe
van Ockinga yn
it Stimkohier fan 1640 de eigner fan Nij
Wobma wylst Ger-
rit Tjibbes de 70 pm lān doe bebuorke.
1714. De famylje Heerma is yn de earste
helte fan de 18de
ieu
de eigner fan Nij Wobma. Hja kinne elk jier 160 ggūne
barre fan Folkert Dirx (ek op nr. 11
komt hy
foar). De
wearde fan de gebouwen wurdt dan skat op
2500 ggūne. Dat
is hiel wat mear as hūndert jier earder en
dat soe
wize
kinne yn de rjochting fan
nijbou yn dy
snuorje. Nei
Folkert Dirx komt syn broer Meint Dirx op
de pleats en ek
Minse Dirxs koe wolris fan dy selde famylje
wźze.
1758. Minse Dirks hat te krijen mei in nije
lānhearre as
yn 1758 de Freulin lidmaat Lou fan Snits
it 5/6 part fan
de pleats oerkeapet fan Jonkhear Willem
Hendrik van Vos.
Minse hat dan noch sān hierjierren
te goede foar
155
cgūne yn't jier. De Freulin moat as
keappris 9000 cgūne
deltelle en dat betsjut dat hiel Nij Wobma
yn dy jierren
10.800 gūne wurdich west hat.
It beslach fee fan Minse bestiet śt 6 kij
en 6 hynders en
hy brūkt noch 55 pm as boulān. Op dit
bedriuw ha nea fol-
le kij west want ek letter wurde nea mear
as seis kij yn
de kohieren optekene.
1805. Sake Botma hiert yn de Frānske Tiid
de pleats fan
Johannes Casparus Bergsma en moat 840
gūne op
it kleed
lizze. Ek hy hat mar 4 kij en 3 rierren,
5 hynders foar
it lānwurk wylst ek it tal pūnsmjit boulān
wer lytser is:
43 1/2. Dat betsjut in efterśtgong
fergelike mei syn foar-
gongers.
1818. Nei 1800 komt der wer in Wobma op de
pleats. Doe't
Kornelis Reitses yn 1811 in famyljenamme
kieze moast, sil
hy syn pleatsnamme wol yn gedachten hān
ha: Kornelis
Reitses Wobma. Om't hy ek Grut Wobma yn
besit hie, wiene
doe de beide Wobbema's wer feriene. De
dochter fan Korne-
lis, in Hieke Kornelis, nimt letter Nij
Wobma oer. Hja is
troud mei Kornelis Idses van Eisinga en
dizze Van Eisinga
famylje hat oant 1961 ta op dizze pleats
buorke, al moat
der by sein wurde dat der gauris oantrouden
op wennen.
Bewenners:
1859
Ids Kornelis van Eisinga
1887
Sijke Engberts Botma (widdo Van Eisinga)
1893
Pieter Jacobs Botma
1926
Hille Pieters Botma
1963
Johannes Hoogland
Dat Pieter Jacobs Botma om 1900 hinne op de
pleats buork-
je koe, kaam om't hy troud wie mei de
dochter fan de eig-
ner: Cornelia Idses van Eisinga. Hja
hie de
pleats fan
har heit urven.
1921. Pieter Botma hat meimakke dat de
efterein fan syn
pleats by in grutte brān, feroarsake troch
heabroei, al-
hiel ferinnewearre waard. "Van de
inhoud van het achter-
ste gedeelte kon niets worden
gered", seit de
Dockumer
Krante. De foarein, neffens in jiertalanker
fan 1820, koe
bewarre bliuwe mar der moast in hiele nije
efterein boud
wurde.
De saak waard
goed oanpakt want
neffens it
kadaster waard de pleats twa kear sa grut:
fan 132
gūne
yn de belesting oer de beboude oerflakte
nei mar
leafst
267 gūne!
1961. Nei Pieter Botma wurdt syn dochter
Eelkje Botma,
troud mei Albert Rienks, de eignerske fan
de pleats. Al
yn
1966 ferkeapje hja de pleats wer troch oan de
"Stich-
ting Maria Catharina van
Dooren's Vrouwengesticht van
Weldadigheid" yn Rotterdam. Dan is der
al in nije boer op
dizze pleats yn de persoan fan Johannes
Hoogland, dy't
sūnt 1963 op Nij Wobma buorket.
10.
BEWENNERS: A. Witteveen
H. Witteveen-Hiddema
ADRES: Skānserwei 10
WENPLAK: Eanjum
PLEATSNAMME: Luitema
FLOREENNUMER: 40
GRUTTE YN 1640: 100 pm
GRUTTE YN 1988: 37 HA
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: Kop-hals-romp 1866
EIGNER: Nationale Nederlanden NV
Mear as trijehūndert jier lang hat de
skiednis fan dizze
pleats ferbūn west mei de skiednis
fan it Old
Burger
Weeshuis yn Ljouwert. Fan it testamint fan
Peter Hesop yn
1609 ōf, oant de ferkeap yn 1935 oan
de famylje Hiddema
ta, hat de lānhearre altiten deselde west.
1511. Yn it register fan oanbring komt
Luitema sate foar
it earst foar. In Tiepka Lyoetema is dan de
brūker fan 19
pm lān būtendyks- en 19 pm binnendykslān.Ek
brūkt hy noch
6 pm "op den bant". Syn hiele
pleats is skat op in hier-
wearde fan goed 18 ggūne. Hy is sels mar
eigner fan 12 pm
wylst Wilke Hollingen (Holdinga) mear as de
helte yn han-
nen hat. Ek de styfbern fan Tyepka ha noch
in 9 1/2
pm yn
besit, mar dat bleau yn de famylje.
1542. Tritich jier letter sit Tyepka noch
op de pleats en
brūkt hy ek lān fan de tsjerke
fan Eanjum: "...drie
jerden up vuijterdycken, in Slyck in
Luytmafen..." Dat
lei dus būtendyks en sil net sa bźst west
ha, om't praat
wurdt fan "in Slyck". Hy hoecht
ek mar 11 1/2 stoer oan hier
te jaan.
It kin wźze dat in eardere bewenner fan
Luitema sate hjir
efkes om de hoeke sjocht. De pastoar
jout nammentlik op
dat dizze
trije jerden ōfkomstich
binne fan Rynthie
Luottema, Heer Hiddo Camminga en Fecko
Melcke zoon en
"...becleympt in Lyottema
landen..." lizze. De
trije
neamde mannen soene dus dit lān oan de
tsjerke skonken ha
en dan soe dy Rynthie Lyottema al foar 1511
op de pleats
wenne moatten ha.
1580. Jan Liottema is de folgjende
bewenner dy't bekend
is. Hy moat ek 12 stuorren oan de tsjerke
en 13 stuorren
oan de prebende jaan. Wichtiger is dat hy
yn 1582 komt te
ferstjerren en dat syn widdo Jouck Haye
dochter de boel
dan op'e buorden bringt. Yn dat boelguod
wurde tsien kij
ferkocht foar prizen tusken de 11 en 20
ggūne. De kleur
fan de measte kij is read en bleek; der is
mar ien swarte
ko by! In swarte inter bolle bringt 5 ggūne
op en fan de
trije hynders bringt in "bruijn
voele merye" it
measte
op: 20 daalders (sjoch fierder bylage A).
1609. "Noch legatere ende bespreecke
Ick testator het
weeshuijs binnen deeser steede Leeuwarden
seeckere mijne
Saete Landts met alle sijne gerechticheden
ende toebehoo-
ren geleegen Inden dorpe Aenium In
Dongerdeel Luetema Sa-
te genaemt by Epe Jans zn
gebruijckt wordende..." Dit
lytse stikje śt it testamint fan Peter
Hesop, datearre 9
maart 1609, hat fan grutte ynfloed west op
Luitema sate.
De Weesfāden koene beskikke oer de opbringst
fan dizze
grutte pleats fan 100 pm, mar hja moasten
dźr tsjinoer
seis "schamele weeskes" yn it
weeshūs opnimme. Wezen śt
de famylje fan Peter Hesop hiene dźrby
foarrang. De fa-
mylje fan Hesop hat noch besocht om de
pleats te behālden
mar dy rjochtsaak waard yn 1613 troch
de Weesfāden wūn:
de fāden krije it besit fan Luitema en de
famylje sil yn
it ferfolch de seis wezen oanwize dy't
neffens de winsk
fan Peter Hesop ūnderholden wurde moatte.
1662. It āldste hierkontrakt fan Luitema
sate dat bewarre
bleaun is, is fan 1662. Folkert Dircks, al
yn 1640 hier-
der fan de pleats, is ferstoarn, soan Cornelis
Folkerts
ek al, mar de erfgenamten wolle de pleats
wol graach oan-
hālde foar de famylje: Nittert Cornelis doe
de nije hier-
der wurde moatte. Dźrom moat der wer in
nij hierkontrakt
opmakke wurde en dat betsjutte hiel wat,
teminsten wat it
jild oangiet.
Yn't foarste plak sil de sate opnij
opmetten wurde en
moat de nije hierder foar elk pūnsmjit 2
ggūne oan hier
jaan. Hy mei twa kear sān jier op de pleats
buorkje, mar
dan moat hy wol, nei de earste sān jier, in
jier ekstra
hier jaan. Fierder moat hy as
"propijn" ek nochris 1200
ggūne op it kleed lizze. Dit
"propijn" betsjut safolle as
in geskink om 14 jier op de pleats buorkje
te meien. Dy
propijn wie yn dit gefal dus 12 ggūne de
pūnsmjit.
As Nittert Cornelis yn maaie 1663 as nije
hierder op de
pleats komt, docht bliken dat hy 1000 ggūne
as propijn en
182 ggūne as hier betellet. Dat it bedrach
no minder is,
komt omdat by it opmjitten bliken die dat
de pleats mar
91 pm grut wie en net 100. Dit sil
ferklearre wurde kinne
troch it weifallen fan in part fan it
būtendykslān (faaks
by in trochbraak fan de kaaidyk).
1728. De famylje fan Nittert Cornelis
bliuwt al mar oan
as hierder fan de pleats fan de Weesfāden
en yn it argyf
komme tal fan gegevens foar. Sa wurdt
de wearde fan de
gebouwen fan Luitema, eigendom fan de hierder,
yn 1684
skat op 2500 ggūne wat foar dy tiid in
heech bedrach is.
Noch nijsgjirriger is lykwols it ferslach
fan in taksaas-
je śt 1728. Claas Rinnerts, troud
mei in dochter
fan
Dirck Cornelis (wer deselde famylje) lit
de pleats tak-
searje; hy moat de gebouwen ommers
oerkeapje. Hy komt ta
it folgjende rychje:
T binnenhuis met de voorgevel en de
achtergevel
mitsgaders de stins 1029 - 14 - 0
De schuir en de puiskoken (koken wźr't
ek 1259 - 13 - 0
tsjerne waard)
De hovinge naa de eerste plantingh 76 - 5 - 0
T paalwerk tot de oude dijk voor 1/3 171 -
1 - 12
T paalwerk van de poldersdijk voor 1/5 74 -
6 - 0
T aardwerck van de nieuwe dijk voor
1/5 200 - 0 - 0
In pear dingen oan dizze taksaasje
falle tige op. Sa
wurdt der praat fan in stins, yn de
midsieuwen in stien-
nen gebou, bedoeld om jin better
ferdigenje te kinnen
tsjin de oanfallen fan in fijān. Sa'n stins
wie eins hast
altiten yn hannen fan eallju. Soe Luitema
dan ek sa'n
"State" west ha?
Dan wurdt it stik dyk dat troch de
bewenners fan Luitema
Sate ūnderholden wurde moat (hiel lang
ha de
grūnbesit-
ters sels de seediken opmeitsje
moatten: hoe mear
grūn
hoe mear roeden seedyk!), ek ta it
besit fan de
pleats
rekkene. Eins is dat ek wol te
begripen want der moast
gauris oan de diken wurke wurde. As
alle besittings op-
teld wurde, komt men foar de pleats sels ta
2280 ggūne en
foar de diken ta 1885 ggūne. Dat
betsjut dat de
wearde
fan de seediken dy't ta dizze pleats
hearden, hast like
grut
wie as de wearde fan de pleats sels! Wźrom't
yn de
taksaasje praat wurdt oer tredde en fyfde
parten fan de
dyk, is net rjocht dśdlik mar der kin tocht
wurde oan it
tal erfgenamten.
1760. De soan fan Claas Rinnerts, Dirck
Clases, is yn it
midden fan de 18de ieu boer op Luitema
sate. Hy hat 4 kij
en ien rier op stāl, brūkt 68 pm lān om
syn fruchten op
te ferbouwen en hat 6 hynders foar it
swiere wurk.
1805. Jelle Luitjens is, nei 160 jier, de
earste bewenner
fan Luitema dy't net śt famylje komt
fan Folkert Dirks.
Jelle hat wat mear fee op it bedriuw: 8 kij
en 4 rierren.
Hy hiert net allinne de 95 pm fan it Weeshūs,
wźr't hy
jierliks 478 gūne foar jaan moat, mar hy
hiert noch mear
lān fan oare eigners. Sa kriget hy nźst de
greide dy't hy
nedich hat foar syn 12 kij en 10 hynders,
nochris 101 pm
boulān ta syn beskikking. It is dśdlik
dat de Frānske
tiid foar de boer op Luitema sate in
opgeande tiid wie.
1866. De Weesfāden komme ta it beslśt dat
er in nije hu-
zing set wurde moast op Luitema. De
hierder, al sūnt 1818
Thomas Jans Postma, sil der wol tige
wiis mei
west ha,
krekt as syn opfolgers.
Bewenners:
1880
Eeltje Harmens Jansma
1882
Pieter Klazes Dijkstra (gie 1884 nei Amearika)
1884
Pieter Berends Klazinga
1889
Haije Ypes Viersen
1926
Douwe Haijes Viersen
1934
Abe Lieuwes Hiddema
1963
Anne Witteveen
Nei 350 jier yn it besit west te hawwen fan
Luitema, fer-
keapje de Weesfāden yn 1934 de pleats oan
Lieuwe Oeges
Hiddema fan Holwert. (By de provisjonele
ferkeap waard de
huzing op FL. 4071 ynset en de hiele pleats fan 33
HA kaam
op'e buorden foar FL. 55.816,-). Abe Lieuwes Hiddema wurdt
de nije bewenner fan Luitema. De famylje
Hiddema docht de
pleats yn 1956 al wer oer oan de fersekeringsmaatskippij
Nationale Nederlanden.
De hear A. Witteveen hat syn skoanheit yn
1963 opfolge as
boer fan Luitema sate.
11.
BEWENNERS: G. van der Zee
L. van der Zee-Zondervan
ADRES: Bantswei 3
WENPLAK: Eanjum
PLEATSNAMME: Adson, Oud Fenne Sate
FLOREENNUMER: 55
GRUTTE YN 1640: 106 pm
GRUTTE YN 1988: 40 HA
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: 1988
EIGNER: AEGON Fersekeringsmaatskippij
In grutte brān op 11 novimber 1987 makke in
ein oan
ien
fan de steatlikste pleatsen yn
dizze kontreien: Adson
sate. Yn stee fan dizze echte Fryske pleats
stiet der no
in modern bedriuwsgebou mei in kreaze
wente.
It is eins wat frjemd gien mei de namme
Adson. Hjoeddedei
stiet de pleats bekend as Adson (ek wol
Adsen) , mar eins
is dat in ferskriuwing fan it wurd Adfen.
Yn āld
skrift
liket de "f" in protte op de
"s" en sa sil dat ūntstien
wźze. Adfen is dan wer itselde as Ald Fen
en dan wurdt de
betsjutting fan de namme dśdlik:
pleats by/mei de
ālde
finne. In finne is in stik greide dat net
brūkt wurdt om
gers fan te heljen, mar wźr't de
kij yn rinne,
meast
tichteby de pleats.
1511. Jelmer biden olden fen (ek wol
"in den olde fen")
sil de earste bewenner west ha dy't bekend
bleaun is. Hy
wie sūnder mis in ryk man want hy buorket
net allinne op
in pleats fan 109 pm, mar hy hat ek noch
lānbesit yn oare
pleatsen: 9 pm lān yn Fokkema en 48 pm yn
Rypkema.
Fan syn eigen pleats leit 60 pm lān binnen
en 47 pm būten
de seedyk. Ek hat er noch 2 pm op
de Bant yn
gebrūk.
Jelle is eigner fan sawat de helte fan syn
pleats, 50 pm.
Sywert Aebingen hat noch wat mear yn besit
en de Abt fan
Dokkum, Sippa Jennama en Barnt wever ha ek
noch in
pear
pūnsmit yn hannen. De pleats
bringt jierliks goed
33
ggūne op en dat is dan sawat 3 1/2 pm foar
1 ggūne.
1640. Nei 1511 ferdwynt dizze pleats in
hiel skoft yn de
mist, pas yn it Stimkohier fan 1640 komt
de Oud Fenne
Saete wer wat nei foaren. Eigner is dan de
baas fan Ropta
State yn Mitselwier: Jonkhear Carel
van Sternsee. Van
Sternsee wie Papist en mocht dus net
de stim
fan dizze
sate brūke. De pleats is 106 pm grut en
wurdt bebuorke
troch Tjeerd Uilkes.
1714. Reitse Bantman, in tapaslike namme
foar immen dy't
sa tichteby de Bant wenne, is nei de ieuwiksel
hierboer
op Adson. Hy moat 500 gūne oan hier jaan
oan syn lān-
hearren Jonkhear Uijterwyck en
Jonkhear Johan de
Wolff
(dizze lźste wenne ek op Ropta). De eallju
sloegen doe
foar master op en dat is sa bleau oant 1800
ta. De huzing
wie fan Reitse sels en hie in skatte wearde
fan leafst
3000 ggūne, de heechste yn hiel Eanjum.
1760. Paulus Popes hoecht safolle net te
beteljen; syn
254 gūne is hast de helte fan de 500 fan
Reitse Bantman.
De ferklearring fan dit weromrinnen fan de
hierpriis koe
wolris lizze yn it oanlizzen fan
Eanjumer- en Ljussemer
polder. De besitters fan grūn yn dy
polder ha doe de
Steaten fan Fryslān frege om ferleging fan
belesting.
Paulus buorket mei 8 kij en 8 hynders en
brūkt 80 pm fan
syn lān foar bou. De widdo fan Paulus hat
it muoilik yn
de tiid fan de feestjerte (1770). Hja
hāldt noch mar 3
kij oer en ek it folgjende jier binne der
mar 4 kij mear.
As gefolch fan de feestjerte nimt it tal
pūnsmjit boulān
ta: 88 pm yn 1771. It tal hynders op de
pleats giet om-
heech nei 12 stiks.
1805. As nei de feepest de saak wer wat
normaal wurdt,
sjocht men dat de situaasje op Adson wer
sawat gelyk wur-
den is as foar dy tiid. Cornelis Reitses,
dy't foar 1550
gūne yn it jier op de pleats buorket, hat
wer 7 kij en 8
hynders en brūkt 75 pm as boulān.
Dizze ferhālding tus-
ken fee en boulān sil foar Adson it bźste
west ha.
Nei 1800 wurdt it de tiid fan de Botma's
op Adson
sate.
Earst is Grietje Harmens Botma eignerske en
is Ype
Eng-
berts Botma de bewenner, mar sa om
1840 hinne is
alles
fan Ype Botma. De neiteam fan dizze Ype
Botma sil mear as
hūndert jier Adson sate yn besit hālde. Pas
yn 1947 wurdt
de pleats oerdien oan
de "Groot Noord-Hollansche van
1845". De AGO en no de AEGON wurde de
opfolgers as eig-
ners.
Bewenners:
1849
Ype Engberts Botma
1891
Jan Ypes Botma
1909
Jan Jans Botma
1918
Sieds Binnema (troud mei Jantje Botma)
1936
Folkert van der Zee
1969
Gerlof van der Zee
Neffens in tinkstien dy't yn de muorre
fan de
ōfbaarnde
pleats siet, is der yn 1878 in nije pleats
boud. Spitich
genōch is dy stien by de brān ek ferlern
gien. It kadas-
ter jout oan dat de nije pleats doe folle
grutter wurden
is as de pleats dy't der stie: de belesting
oer de bebou-
de oerflakte waard hast fjouwer kear sa
grut!
1960. Nei de Botma's hat, sūnt de
tritiger jierren, de
famylje Van der Zee op dizze pleats buorke.
De earste Van
der Zee, Folkert Gerlofs, hat in protte
dien oan de fee-
fokkerij. Hy hie in twatal bisten meinaam
fan syn heite'
beslach en is dźr mei oan it fokken set.
Dat hat, nei
meardere tsjinslaggen, resultearre yn de
kampioensbolle
Jelsumer Gerard Wouter 3, dy't yn 1960
śtroppen waard ta
kampioen fan hiel Fryslān.
Hie heit, nźst de ierdappels, in
protte niget oan de
feefokkerij, soan Gerlof van der Zee
hat him
in protte
dwaande holden mei it oansetten fan nije
ierdappelrassen.
Nei't de kij yn 1976 fuortdien wiene, koe
hy him al hie-
lendal ynsette foar it kweken en selektearjen
fan nije
ierdappelrassen. De grutte brān hat
hjir gjin goed
oan
dien, al kin sein wurde dat de helte fan it
plantguod al
by in broer yn Grinslān wie,dat alhiel
ferlern is it wurk
net.
HIERPRIZEN EN
SEEDIKEN YN EANJUM.
Yn Eanjum docht him in frjemd
ferskynsel foar mei de
hierprizen yn de 18de ieu. Is it yn alle
oare doarpen sa
dat de hierprizen stadichoan omheech
rinne, yn Eanjum
giet it krekt de oare kant śt!
Omtrint 1754 rinne de hierprizen
neffens it Reėelkohier
hiel bot werom: fan 450 nei 322 gūne, fan
450 ta 254 gūne
ensfh. Yn 1756 is it sa slim dat fan
de hierpriis fan
Adson, yn 1750 wie dy 450 gūne, noch mar
45 gūne oer-
bleaun is! Pas nei 1770 rinne de
hierprizen wer omheech
krekt as yn de oare doarpen ek it gefal is.
De ferklearring moat socht wurde yn in
fersyk fan Eanju-
mer lāneigners oan Deputearre Steaten fan
Fryslān om de
Floreenbelesting oer in perioade fan 20
jier net betelje
te hoegen. Dat soe dan allinne jilde moatte
foar it
lān
yn de Eanjumer polder: "...houdende omstandige
aanwij-
zinge van de overgrote kosten die ten
behoudenis der pol-
derdijken moeten werden gedaan en de onmogelijkheid van
deselve in den haren te vinden..." Hja
fersykje om in be-
drach as stipe yn iens, as it net hoege
te beteljen fan
de floreenbelesting foar 20 jier
"gelijk voormaal". Hja
ha soks dus al earder oanfrege. It fersyk
wurdt tastien.
Mooglik ha de eigners de boeren ek wat ūntsjoen
mei de
hierprizen. It kin ek wźze dat de boeren
oan de diken
wurke ha en dźrom minder hier hoegden te
jaan. Ommers,
sūnder de help fan de boeren soe de polder
der wer ūnder-
strūpe en dan hiene de eigners ek gjin lān
mear!
Oersjoch:
1750 1752
1754 1768
Junia
hier: 450
322 291
Nittema 370 278 278
Stiem 260 171 89
Nij Wobma 148 137 176
Adson 450 254 45
12.
BEWENNERS: J.F. Botma
A. Botma-Norder
ADRES: Langgrousterwei 61
WENPLAK: Easternijtsjerk
PLEATSNAMME: Van Tiara State, Heemstra
FLOREENNUMER: 29
GRUTTE YN 1640: 80 pm
GRUTTE YN 1988: 136 pm
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: Stjelp
1913
EIGNER:
Diakonije Ned. Herf. Gem. te Frjentsjer
(Huzing en it measte lān)
De namme fan dizze pleats, Van Tiara State,
is mei rjocht
en reden in jier as wat lyn op de homeie
fan dizze pleats
slein. Ommers, it testamint fan Ibella Ida
van Tiara hat
fan grutte ynfloed west op de skiednis fan
dizze pleats.
Yn 1689 makke hja in testamint wźrby't
hja "...de wesen
tot
Franequer gealimenteert wordende
in het Stads
Weeshuys..." al har besittings
tamakke. Nźst in 4000 gūne
oan sinten en wat huzen yn Frjentsjer waard
ek "een saete
lands tot Nieukerk in Oostdongeradeel"
oan de
wezen yn
Frjentsjer
skonken. De Weesfāden
mochten sels witte
hoe't hja mei de sinten omgiene mar fan de
pleats sei hja
"...als willende deselve altoos voor
de weeskinderen in
het voorschreven huis onderholden wordende,
sal worden
bewaert..." De pleats mocht (en mei)
dus net ferkocht
wurde.
1511. Neffens it register fan oanbring is
Beynthie Heest-
ma yn 1511 de eigner fan dizze pleats.
Mooglik is dat
"Heestma" ek in ferskriuwing fan
"Heemstra" want neitiid
binne de Heemstra's eigners fan dizze
pleats. Alef Het-
tesz wurdt opjūn as brūker fan de 68 pm
dy't by de pleats
hearre, foar in hier fan 16 ggūne yn it
jier.
1640. Mear as hūndert jier ferdwynt de
pleats no yn it
tsjuster foar't it Stimkohier (1640) wer
foar wat ljocht
soarget. Ittie van Heemstra wurdt as eigner
neamd en dźr
sil Ydt van Heemstra mei bedoeld wurde. Ydt
is troud mei
in Johannes van Tiara en tegearre
ha se ien
dochter:
Ibella Ida van Tiara. As har mem yn 1650
begroeven wurdt
yn de tsjerke fan Kimswert is Ibella de
iennichste erfge-
namt.
Hierboer op Heemstra sate wie Wilke Sippes
en de
grutte
fan de pleats is yntusken oprūn ta 80 pm.
1694. As yn jannewaris 1694 Ibella Ida van
Tiara komt te
ferstjerren, ferskynt Heemstra sate yn de
boeken fan de
diakonije fan Frjentsjer. Om't hast alles
bewarre bleaun
is, komme der dźrnei in protte gegevens
beskikber oar de
skiednis fan de pleats. Sa stiet beskreaun
dat de
hier-
der, Pytter Martens, yn't jier 223 gūne oan
hier betelje
moat en om't it yn dy tiid wenst wie
dat de
hierder de
huzing sels yn besit hie, moat de
wearde fan de
huzing
skat wurde. De wearde wurdt dan fźststeld
op 1500 ggūne.
1749. As yn Fryslān nije belestingkohieren
opmakke wurde
yn 1749 stiet der by Marten Pyters,
hierboer op Heemstra
en soan fan
Pytter Martens, "een
tamelijk welgesteld
boer". Dat soe der op wize kinne dat
it wol buorkje woe
op de pleats fan de Frjentsjerter Weesfāden.
1760. De speciekohieren litte sjen hoe't
der op dizze
pleats buorke wurdt. Sawat de helte fan it
lān wurdt foar
bou brūkt en op de oare helte weidzje 7 kij
en 6 hynders.
Dit bliuwt lange jierren frijwol gelyk mar
tsjin 1800 oan
begjint it tal kij op te rinnen nei 10
stiks en komme der
8 hynders op it bedriuw. Dy hynders ha
genōch wurk om't
it tal pūnsmjit boulān dan sa'n 60 wurden
is. Claas Jans
hat dan ek it lān fan de pleats nźst
Heemstra yn gebrūk,
foar in part is dat ek syn eigendom.
1808. Dat it net allinne foar de boeren in
opgeande tiid
is, mar ek foar de lāneigners dy't hegere
hieren freegje
kinne, wurdt dśdlik śt it earste
hierkontrakt dat fan
Heemstra sate bewarre bleaun is (1808).
Klaas Jans Heem-
stra, hy sil syn namme ōflaat ha fan
Heemstra sate, moat
foar de 84 pm dy't by de pleats hearre,
dan 1029 gūne
betelje. Dat wie hiel wat mear as de 300
gūne dy't sawat
de hiele 18de ieu betelle wurde moast.
Yn it kontrakt steane noch in pear nijsgjirrige
dingen.
Sa jildt it nije kontrakt foar 10 jier en
moat Klaas yn
de hjerst fan it lźste jier 14 pm braak
lizze litte en de
oare lannen "in stoppel en herfstvalligen
laten liggen".
Fierder mei hy net fan bou wer greide
meitsje as oarsom
sūnder tastimming fan de Weesfāden, moat hy
alle dong
dy't syn pleats opsmyt oer it lān bringe
en mei
hy dźr
neat fan ferkeapje. In algemiene bepaling
seit noch: "Dat
de huurder verpligt is de landen naar zijn
beste vermogen
te cultiveren, dezelve te beslatten,
begreppelen, beaard-
rijden gelijk een eerlijk Meijer schuldig
is te doen"
(sjoch bylage G).
1826. Syn opfolger as hierder, Klaas
Sijmons Kloostra,
liket it net sa goed te dwaan as boer.
Yn it earstoan
giet it noch wol en bringt hy de hier wol
op, mar
sawat
om 1822 hinne komt de hier ūnregelmjittich
yn Frjentsjer,
op it lźst stiet it sels alhiel stil. Yn
1826 bringe de
boargen fan Kloostra de hier nei de Weesfāden:
Kloostra
sels hat it faaks oerjūn en de boargen
kinne der mar foar
opdraaie. Hy hat ek net sa goed foar
de huzing soarge
want
Pieter Arjens Kingma
krijt 500 gūne
koarting
"vanwege mindere waarde der huizinge
en schuure".
1855. Dat de gebouwen der min
foarstiene, blykt wol as
der yn 1855 in nije pleats boud wurde moat.
It kostet de
Weesfāden in protte sinten: "31 Jan 1855 - Aan J. Helder
als aannemer van het bouwen van de plaats
te Nijkerk de
somma van FL. 3400,-" en hja liene sinten
"...tot afdoening
eener schuld veroorzaakt door het
Bouwen eener Nieuwe
Stelphuizing op de plaats te Nijkerk, door
K. Venema be-
woond..."
Meiinoar hat dizze nijbou de Weesfāden FL.
6402,46 1/2 koste.
1913. In sechtich jier letter
wie der al
wer nijbou
nedich en doe is de pleats set dy't der no
noch stiet. In
tinkstien oan de foargevel seit:
"Hilda Ida/ Van
Tjara
State/ in 1913 vernieuwd onder/ bewind van
de voogden/
van
het Diaconie Weeshuis/
der Ned. Herv.
Gem. te
Franeker/
B.J. Roze. J.
Petraeus/ R.L. Wynia.
N.
Nammensma " Op it dakkapeltsje stiet
it jier 1913 ek noch
oanjūn.
Yn 1961 is der nochris foar in FL. 32.000,- ferboud.De wen-
keamer waard doe nei it westen ferpleatst,
der waard in
ierdappelberging yn'e golle makke en de
feestālen waarden
ynkoarte. Doe is it bedriuw ek alhiel
oergien op bou. De
bygebouwen op it hiem binne allegear fan
nei 1961.
1920.
De Weesfāden klage der oer dat troch de nijbou fan
"Ida van Tiara State" in protte
skulden makke binne. Se
treffe it dat der wer opgeande tiden komme
en dat se nei
Wallinga, dy't FL. 3050,- yn it jier joech, nei
1923 mar
leafst FL. 5150,- barre kinne fan de nije hierder
Rienks.
Se reitsje de skulden wer kwyt
en kinne ferbetterings
oanbringe. Yn de tritiger jierren is it
lykwols wer mis.
Troch de minne tiden kin Rienks de hier net
mear opbringe
en krijt hy 20% koarting. De hier rint sels werom ta in
FL.
2000,- (sjoch bylage D).
Troch de argiven fan de Weesfāden fan Frjentsjer
is it
mooglik om in folslein oersjoch te jaan
fan de
hierders
fan Heemstra sate:
1640
Wilke Sippes
1694
Pyter Martens
1741
Marten Pytters
1760
Pytter Hendriks widdo
1761
Wytse Pytters
1763
Claas Jans (Heemstra)
1818
Klaas Simons Kloostra
1827
Pieter Arjens Kingma
1837
Fetse Jacobs Elzinga
1854
Klaas Venema
1861
Anne Lieuwes Westra
1912
Willem Franzes Kienstra
1922
Pieter Rienk Rienks
1959
Hidde Norder
1982
Jaap Botma
Dat net alle hierders like goed mei de
pleats omgiene,
docht bliken śt in brief dy't de
Weesfāden oan in
boer
stjoere. Hja ha op besite west en binne oer
bepaalde per-
selen bźst tefreden, mar "...Dit
kunnen wij nog
niet
zeggen van de percelen aardappels
achter in de
plaats;
evenmin van de bieten die om het
koolzaad gezaaid zijn.
Het kweekgras "groede" zal U
deze zomer daar
nog veel
last kunnen bezorgen..."
13.
BEWENNER: A. Meirink-Veenland
ADRES: Langgrousterwei 57
WENPLAK: Easternijtsjerk
PLEATSNAMME: Foalsum
FLOREENNUMER: 9
GRUTTE YN 1640: 84 pm
GRUTTE YN 1988: 90 HA
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: Kop-hals-romp 1868
EIGNER: Huzing: A. Meirink-Veenland
Lān: Yn erfpacht fan it B.B.L.
Op de nije loads, dy't in pear jier lyn
nźst dizze pleats
boud is, hat de eigner "Foalsum
Sate" sette litten. Dizze
namme hat de pleats fan ālds net hān. Der
hat hjir wol in
pleats mei de namme Foalsum stien, mar dat
wie yn de lan-
nen efter dizze pleats. It stee fan dizze
pleats hat yn
it ferline meast "Op de Grouw"
hiten. It wurd "grou" is
ōflaat fan "groeie" en betsjut yn
dit gefal dat hjir yn
it fiere ferline lān oanslibbe (oangroeid)
is. Dat
moat
bard wźze nei't de earste diken hjir oanlein
binne. Dy
earste dyk moat efter de pleats lein ha; it
ālde reedsje
nei Ljussens soe hjir in oerbliuwsel
fan wźze. Yn
1738
stiet yn de kohieren dat de pleats "de
lange grouwen" as
neistlizzer hat en sa hyt de wei dźr't
de pleats oan-
leit noch altiten: Langgrousterwei.
1511. It kleaster Betlehem is de earst
bekende eigner fan
dizze pleats. Dit wie in
frouljuskleaster, stifte troch
Mariėngaarde fan Hallum. It kleaster hat
lein wźr't no it
bekende Bartlehiem leit. Yn de namme fan
dit plak is it
eardere "Betlehem" noch wol werom
te finen.
De pleats wie doe 101 pm grut en
"Jelle by den Wech ende
Melle op de fen" wiene de hierders.
Hja joegen net botte
hier: in kwartsje de pūnsmjit. Foar de
measte boeren yn
Nijtsjerk wie dat hast twa kear safolle!.
1592. Dat der echt twa hierders wiene,
wurdt dśdlik as yn
1592 bliken docht dat de pleats yn twaėn
gien is:
Dirck
Jans hiert no de 71 pm fan "Op de
Grouw" foar in gūne de
pūnsmjit en Bartholomeus Wopkes hiert 34 pm
foar deselde
priis. As neigien wurdt wźr't de lannen
fan it
kleaster
Betlehem krekt lein ha, is dit yn twaėn brekken
fan de
pleats wol te ferklearjen. Oan de Langgrousterwei lizze
71 pm en oan de oare kant fan it doarp
lizze de 34 pm oan
de Mūnewei. Sa besjoen liket it der sels op
dat der alti-
ten al twa pleatsen fan it kleaster
Betlehem west ha.
1639. Nei Jan Aetzes (1606) en Ruyrdt
Joukes (1618) komt
Schelte Taeckes op dizze pleats. It skynt
him as hierboer
fan kleasterlān goed te gean
want as de
Steaten fan
Fryslān yn 1639 de pleats Op de Grouw
ferkeapje, wurdt hy
fan hierder, eigner fan dizze pleats. Hy
moat der wol
4361 ggūne foar deltelle mar hy wurdt
sels baas en dat
kinne yn Nijtsjerk him net folle neisizze:
mar ien op de
seis boeren is ek eigner fan de pleats.
Der moat
bysein
wurde dat it sels buorkjen fan de eigner
wol in
kenmerk
is fan dizze pleats.
Nei Schelte Taeckes komt syn soan Johannes
Scheltes op de
pleats en dy docht krekt nei 1700 de pleats
oer oan
Ids
Jans. Dizze Ids Jans wie in hiele grutte
boer want hy hie
ek
Sjoarda yn besit.
Dizze beide pleatsen
oan de
Langgrousterwei wiene doe
meiinoar hast 200 pm grut
(sjoch foar him ek nr. 3).
1714. Nei 1700 komme der wat mear gegevens
beskikber oer
de wearde fan dizze pleats. Der hearde doe
in 100 pm lān
by en de hierwearde waard skat op 500
gūne jiers. Dit
moast wol skat wurde om't Ids Jans de
pleats sels yn ge-
brūk hie.
1775. Nei de soannen fan Ids Jans, Jan en
Johannes Idses,
komt der in oare famylje Op de Grouw te
wenjen. Roelof
Arjens wurdt de nije eigner en de wearde
fan de pleats is
omheech gien nei 620 gūne jiers. Roelof
keapet der noch
wat lān by en om 1800 hinne heart der al in
115 pm lān by
de pleats mei in jierlikse hierwearde fan
1243 gūne.
Yn de 18de ieu is de pleats in mingd
bedriuw sa as wenst
yn dy tiid. Sawat de helte wurdt brūkt as
boulān en op de
oare helte rinne de 10 kij en 7 hynders
dy't it
beslach
fee śtmeitsje.
1811. As yn de tiid fan Napoleon elk in
famyljenamme oan-
nimme moat, neamt Harmen Roelofs, dan boer
op de Grouwe,
him "De Lange". Dat kin fansels
west ha om't er sa lang
wie, mar wierskynliker is dat er tocht hat
oan "De Lange
Grouwe"!
Nei de dea fan Harmen Roelofs de
Lange, hy hie
allinne
mar dochters, stode de pleats śtinoar en
waard Grietje
Pieters Booitsma troch fererving de nije
eignerske fan de
huzing en it measte lān . Doe't har earste
man, Meindert
Gerrits van Eizinga stoar, waard der in
ynfintaris fan de
pleats makke. De wearde fan de huzing, it
hiem en it hōf
waard fźststeld op 7000 gūne wylst it replik
guod hast
3000 gūne wurdich wie. De "levende
have" bestie śt: "vijf
paarden FL. 445, elf zwartbonte melke en varekoeijen FL. 648,
vijf
zwartbonte jongbeesten FL. 106,
twee zwartbonte
kalveren FL. 10, vier varkens FL. 42 en vier lammeren FL. 10 ".
1866. De pleats moat yn dizze tiid tige min
west ha en de
nije eigner Pieter Meinderts van Eizenga,
soan śt it ear-
ste houlik fan Grietje Booitsma, lit in
hiele nije pleats
sette. Syn dochterke mei op har twadde
jierdei de earste
stien lizze: " Anno 1866/ den 28
maart is
door/ Jantje
Pieters/ van Eizinga/ op
haar tweede verjaardag/
den
eersten steen aan/ dit gebouw gelegd".
De pleats kaam op
itselde plak te stean, waard krekt as syn
foargonger wer
in kop-hals-romp pleats, allinne folle
grutter.
Bewenners:
1828
Harmen Roelofs de Lang
1839
Meindert Gerrits van Eizinga
1842
Grietje Pieters Booitsma (widdo Van Eizinga)
1843
Anne Abrahams Blom (twadde houlik fan Grietje)
1866
Pieter Meinderts van Eizinga
1885
Livius Sevenster
1892
Imius Livius Sevenster
1900
Sybe Imius Sevenster
1910
Ulbe Wijngaarden
1910
Livius Sevenster
1927
Willem Livius Sevenster
1941
Cornelis Jans Slim
1947
Jan Livius Slim
1966
Wessel Dijkstra
1968
Auke Meirink
1987
Anneke Meirink-Veenland
Foardat de famylje Sevenster op dizze pleats
komt, hat
der noch in jier in arbeider op de pleats
wenne. Dat wie
Pieter Kornelis Dijkstra dy't
mei de grutfaam
Jacoba
Geerts Vellema yn 1884 in jier lang op de
pleats hśsman-
net. Ek yn 1890 en 1891 steane
hja tegearre as
haad-
bewenners oanjūn. Fierder hat der altiten
in lid fan de
famylje Sevenster as fan de oan har besibbe
famylje Slim
op dizze pleats wenne.
1966. Bartel Meirink, bewenner fan
Holdinga State ūnder
Ie, wurdt yn 1966 eigner fan dizze pleats.
De earste twa
jier wurdt de pleats dan noch bewenne troch
in arbeider,
mar dan komt soan Auke Meirink nei
de Langgrousterwei.
Der komt dan wat langer wat mear lān by
dizze pleats en
men kin wol sizze dat "Foalsum
Sate" op't heden de grut-
ste pleats fan Easternijtsjerk is. De 70 HA
lān wurde al-
hiel brūkt as boulān.
14.
BEWENNER: D. Terpstra-Visser
ADRES: Berchhuzen 7
WENPLAK: Easternijtsjerk
PLEATSNAMME: Berghuistra, Paesenswal
FLOREENNUMER: 26
GRUTTE YN 1640: 36 pm
GRUTTE YN 1988: 40 HA
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Foarein 1962, bedriuwsgebou 1981
EIGNER: Huzing: D. Terpstra-Visser
Lān: AEGON (yn erfpacht)
De skiednis fan dizze pleats is de lźste
jierren behear-
ske troch grutte brannen. Yn 1962 wie it sa
slim dat
de
hiele pleats ōfbaarnde en alle 26 kij yn
it fjoer
omka-
men. Troch dy brān kaam der in ein
oan in monumintale
kop-hals-romp pleats. By de brān yn 1981
koe de
foarein
bewarre bliuwe (der wie yn
1962 wer in
kop-hals-romp
boud) mar der moast in hiel nij
bedriuwsgebou set wurde.
Om't de kij dit kear yn it lān rūnen, koene
dy oan it
fjoer ūntkomme.Beide kearen hie de brānwar
in protte lźst
fan nijsgjirrige minsken dy't op de
brān ōfkamen en de
trochgong op it smelle dearinnende dykje
behinderen.
1511. As earst bekende bewenner fan dizze
pleats kin Dowe
to Berc Huijsen beskōge wurde. Yn it
register fan it lān-
besit fan dy tiid stiet hy notearre mei 22
pm lān. Eigner
fan dat lān wie it kleaster Sion yn
Nijewier. Yn de argi-
ven fan dat kleaster komt dizze pleats noch
in pear kear
foar en ek de registers fan de kleasterlannen nei
1580
leverje wat gegevens op.
1560. Sa siet neffens it āldste rekkenboek
fan Sion yn it
jier 1560 in Sijmon Roelefs as hierder op
de pleats. Foar
de 22 pm lān fan it kleaster moast hy 14
ggūne betelje en
noch "twe foer torffs". Hy moast
dus in part fan syn hier
yn natura opbringe: twa weinen fol turf. Hy
sil dy
turf
wol śt de Dokkumer Wālden helje moatten ha.
1580. As de Steaten fan Fryslān yn 1580, as
hja it eigen-
dom
fan it kleasterguod oernimme, listen meitsje
fan de
hierders fan Sion, docht bliken dat
Sijmon Roelofs noch
altiten op dizze pleats buorket. Syn
buorman Frans Wopkes
"to berchhuisen" komt ek op de
list foar. Frans brūkt 14
pm lān fan it kleaster en dat is
nijsgjirrich om't yn de
folgjende opjefte, fan 1592, de nije
hierder Taecke Sip-
kes 36 pm lān yn gebrūk hat fan it
kleasterguod. Dat moat
hast wol de 22 pm fan Sijmon en de 14 pm
fan Frans west
ha. Yn letter tiid hat der altiten 36 pm
by dizze pleats
west, al ha de measte hierboeren der noch
mear lān by yn
hier krigen.
1618. Goffe Johannes komt yn 1618 foar
mei in
hierpriis
fan ien ggūne foar elke pūnsmjit dy't er
brūkt. Syn nei-
team hat oant 1760 ta dizze pleats
brūkt.Earst as hierder
en nei 1640 as de Steaten fan Fryslān, om
oan sinten te
kommen foar de striid tsjin
Spanje, de kleasterlannen
ferkeapje, as eigner fan dizze pleats. Nei
1700 giet de
famylje nei Dokkum te wenjen en ferhiere se
de pleats. Yn
dy tiid moat Pieter Tjeerds as hier foar de
41 pm dy't by
de pleats hearre, 237 gūne betelje. Dat is
hast seis kear
safolle as in ieu earder!
1749. Foar de hierboeren op de Pasenswal
sil it faaks net
in fetpot west ha. Hja bliuwe meast net
langer as tsien
jier op de pleats en fan Jan Pytters wurdt
yn 1749 sein:
"een gering boer".
1760. Dat feroaret as de pleats kocht wurdt
troch Anthony
D'Arnaud, de grytman fan
Eastdongeradiel. Hy keapet
de
pleats fan de bern fan Gerlof Johannes
Stinstra foar in
priis fan 10.000 cgūne. Douwe Minses wie
doe de
hierder
mar al yn 1761 komt Tjerk Opts op Pasenswal
telāne. Hy is
hjir boer bleaun oant yn 1797 as hy in
rinteniershūs bou-
we lit op Trijehuzen ūnder Nijtsjerk.
Tjerk liket it mar goed te dwaan op
Pasenswal. Hy begjint
mei 5 kij en 3 hynders en in besiedde
oerflakte fan in 28
pm, mar yn de rin fan de jierren wit hy dat
śt te wreid-
zjen ta in stik as 9 kij. Dan
komt lykwols de
grutte
klap: yn 1770 hat hy noch mar ien ko
mear! Om't dat jier
bekend stiet as it jier dat de feepest yn
Fryslān leafst
97.756 kij de dea koste hat, sil ek it beslach
fee fan
Tjerk Opts doe wol oantaast wźze.
Tjerk moat wer opnij begjinne mar it liket
der op dat hy
him wat mear taleit op it ynsiedzjen fan
boulān: yn 1795
hat hy op de 55 pm dy't dan by de pleats
hearre 5 kij en
5 hynders rinnen en brūkt hy noch 34 pm
as boulān. De
hier is yntusken oprūn ta in 400 gūne.
1810. Dy hier moat al dy tiid opbrocht
wurde oan minsken
dy't dizze pleats kocht ha om de stim dy't
oan de pleats
ferbūn is: Anthony D'Arnaud
(1760), Johannes Casparus
Bergsma (1791) en Age Looxma (1810). As
nei de Frānske
tiid de stimmen neat mear wurdich
binne, ferkeapje de
measte lāneigners dy't pleatsen kochten
fanwege de stim
dy't der oan ferbūn wiene, harren
pleatsen,mar de famylje
Looxma hāldt dizze pleats yn besit:
1810
Age Looxma
1838
Theodorus Maria Looxma
1878
Catharina Theresia Looxma (troud mei Van
Welderen
Rengers)
1912
Lānbou-ūndernimming "Stania" te Ljouwert
1925
Anna van Harinxcma thoe Slooten (troud mei Daniėl
van Welderen Rengers)
1937
Hector Baardt van Sminia
1952
Wilco Julius van Baardt van Sminia
1952
Groot Noordhollandsche van 1845 (letter de AEGON)
As de skiednis fan dizze pleats oersjoen
wurdt, wurdt wol
dśdlik dat op Pasenswal altiten hierboeren
buorke ha. Wie
it de eigners foar 1800 om de politike
macht fan de stim
te dwaan, nei dy tiid waard it mear in
jildbelizzing. Oer
it algemien kin steld wurde dat de measte
boeren op dizze
pleats der net folle muoite mei hān ha
sille, om't hja
hast allegear lang op de pleats bliuwe.
Bewenners:
1849
Kornelis Ypes Botma
1869
Wopke Ypes Botma
1879
Johannes Johannes Hoogland
1880
Jentje Johannes Hoogland
1886
Jacob Eelkes Holwerda
1905
Livius Imius Sevenster
1920
Imius Sevenster
1934
Fokke Ates Noordenbos
1942
Jacobus Martinus Noordenbos
1980
Boele Terpstra
1982
Djoke Terpstra-Visser
De famylje Sevenster komt ek foar op nr 13
wźr't nei har
de oan har besibbe famylje Slim de pleats
oernimt, wylst
op dizze pleats Fokke Noordenbos komt dy't
troud wie mei
in dochter fan Sevenster.
Oer de skiednis fan de huzing is oars neat
bekend as dat
er yn 1880 en 1920 grutte ferbouwings
plakfūn ha. Oer de
brannen is al ien en oar meidield.
Dizze pleats wurdt yn 1640 al
"Pasumwal" neamd, in namme
dy't maklik te ferklearjen is om't de
pleats sawat tsjin
de rivier de Peazens oanboud is en de lannen
oan beide
kanten fan dit wetter lizze. De oare kant
fan dit wetter
is te berikken oer it
"Nammenset", in namme dy't komt fan
Nammen Willems, hierder fan de oare pleats
op Berchhuzen.
De twade namme "Berghuistra"
stiet op de kaart fan Eekhof
śt 1855 en is ek hiel tapaslik om't fan de
earste boeren
dy't hjir buorken, al sein waard dat hja
"to Berchuysen"
wennen.
15.
BEWENNER: A. de Boer
ADRES: Mellemawei 4
WENPLAK: Eastrum
PLEATSNAMME: Tadema
FLOREENNUMER: 12
GRUTTE YN 1640: 15 pm
GRUTTE YN 1988: 39 HA
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Kop-hals-romp 1962, efterein 1975
EIGNER: Meindert Douma Leen
By in grutte brān op 19 oktober 1975
waard it
bedriuws-
gebou fan Tadema sate alhiel fan de flammen
ferneatige.
De foarein koe bewarre bliuwe, mar de hurde
wyn sloech de
flammen ek oer op de pleats dy't tichteby
stiet, Douma
sate. Fan dizze pleats gie de foarein yn
flammen op. Sa
hie it fjoer taslein op in hiel āld stee.
1511. Al yn it register fan oanbring wurdt
in bedriuw fan
Hessel Tadema neamd. Hessel sil de
namme-jouwer fan dizze
pleats wol west ha. Hy wie hierboer op
in grutte pleats
fan de Heemstra's, Take en Menke, fan 119 1/2 pm grut.
Goed
45 goudgūnen moast hy oan hier betelje; dat
betsjut in 3
ggūne de pm. Hessel hie 25 pm lān fan syn
pleats yn eigen
besit, wylst de pastoar fan Eastrum
jierliks noch njog-
gen stuorkes rinte barre koe.
1542. Dizze selde rinte komt ek foar
yn it
Benefisiaal-
boek fan 1542 by de ynkomsten fan de
pastoar fan Eastrum:
"In den eersten, een arents gulden
rente, ofte een ponde-
maet, vuyt Syvert Heemstra ende Johannes
Heemstra zaeten
toe Oestrum over die tille..." Dit sil
deselde pleats wol
west ha want de Heemstra's wurde wer
neamd. Nijsgjirrich
is ek dat hjir foar it earst de namme Tilbuorren
om de
hoeke komt,"it buorrentsje by de
tille". It joech de pas-
toar lykwols neat dat dizze rinte op papier
stie want de
rinte waard "hem nogtans geweyghert'
en de pastoar hie it
al "vyff ofte ses jaeren nyet van en
(...) gehadt".
Net sa lang nei dizze tiid ha de
Heemstra's de pleats
stikje foar stikje ferkocht. Sa is der in
oantekening yn
de rintmasterrekkens dat yn 1561 Jan
Cornelis en syn frou
Bauck Bonga in fjirde part fan Tadema kocht
ha fan Johan-
nes Heemstra foar 800 ggūne. It tal
pūnsmjitten wurdt net
neamd, mar dit koe wolris it begjin west ha
fan it śtin-
oar fallen fan Tadema.
1640. Hūndert jier letter is der in protte
feroare. Gerck
Sypts is no de eigner en brūker fan
Tadema, mar der is
net folle lān mear by: mar 15 pm. Gerck is
lykwols ek de
eigner/bewenner fan sate nūmer 11 mei in
grutte fan 50 pm
en hie sa genōch lān om fan te libjen. Fan
de widdo
fan
Gerck Sypts, in Ebeltje Reijfs, leit der in
grźfstien yn
de tsjerke; hja stoar yn 1676.
It liket der op dat de grutte pleats fan
de Heemstra's
nei 1511 yn twaėn splitst is . Omdat Tadema
en Douma eins
beide op itselde hoarnleger lizze, tusken
deselde grźft,
leit it yn'e reden te tinken dat
dizze beide pleatsen
ienris de grutte pleats fan de Heemstra's
śt 1511 foarme
ha. De namme Tadema is altiten bestean
bleaun, mar Douma
hat syn namme pas yn de lźste ieu krige; ek
dat is in re-
den temear om soks oan te nimmen (sjoch ek
nr. 16).
1714. Egle Minnes is no boer op Tadema mar
hy is de eig-
ner net. De widdo fan dr. Stania is
eignerske en hja kin
elk jier 274 gūne barre fan Egle foar de 78
pm dy't
dan
by de pleats hearre. Har man, dokter
Wiegerus Stania, sil
de pleats kocht ha fan Gerck Sypts (as syn
widdo) want hy
wie neffens in āld tsjerkeboek fan 1679
oant 1692 tsjerk-
fād fan Eastrum en bewenner fan Tadema.
In pear jier nei 1714 sil Anne Cornelis de
pleats keapje,
wźr't hy dan sels op buorkjen giet. Oant
1742 ta
bliuwt
hy eigner en dan bemuoit it
grutkapitaal him wer
mei
Tadema sate.
1742. Grytman Van Burmania en siktaris
Bergsma krije yn
dat jier tegearre it eigendom fan de
pleats, wylst de fa-
mylje Bergsma nei 1760 allinne it eigendom
kriget. Dizze
famylje sil oant 1838 ta yn it besit fan
Tadema bliuwe.
1760. Jan Pytters, de doarpsrjochter fan
Eastrum, is de
earste boer op Tadema sate wźrfan 't wat
bekend is oer de
bedriuwsfiering. Hy hiert de 78 pm foar in
300 gūne yn it
jier fan Bergsma en kin 14 kij en 4 hynders
op stāl hālde
Hy hat ek noch 26 pm lān yn gebrūk as
boulān.
Syn opfolger, Yde Ydes fan Stiens, hat
net in maklike
tiid hān op Tadema. It giet yn it begjin
foar wūnder mei
him: yn 1770 hie hy in 19 kij op stāl. Doe
kaam de
fee-
pest him oer't mad. Yn 1771 wie syn beslach
fee weromrūn
nei 4 kij! Yn 1773 giet hy fan de pleats en
ferhuzet nei
Sybrandahūs. Jan Abrahams dy't dan komt,
liket him mear
op boulān ta te lizzen. De 16 pm boulān fan
Yde wurde by
him yn 1776 al 86 pm en hy hat ek wer 11
kij op stāl. En
dochs rint it ek mei him ferkeard ōf. Hy
moat syn arbei-
ders dien jaan en leit in ferklearring ōf
oan de ūntfan-
ger fan de gemeente dat syn fermogen
ūnder de
600 gūne
sakke is en hy dźrom tenei allinne mar mear
heal-haadjild
betelje kin. Yn 1784 is it hielendal mei
him dien: de hu-
zing wurdt ōfbrutsen.
Claes Sybrens fan Eanjum hat de pleats wer
opbouwe litten
en sil tsien jier op Tadema buorkje.
1794. Dat froulju yn dy tiid net lang widdo
bliuwe koene,
lit de widdo fan Bote Pytters sjen. As har
man kom te
ferstjerren, buorket hja earst troch mei de
arbeider, mar
twa jier letter troud hja mei him (Pytter
Foekes). Hja
brūke de 78 pm fan Tadema en noch 12 pm los
lān foar
in
hierpriis fan 904 gūne; 11 kij, 4 hynders
en 21 pm bou is
harren bedriuw grut.
1838.
De earste kadastrale kaart fan 1832 jout foar Tade-
ma in kop-hals-romp pleats oan. Dat
moat dan
de pleats
wźze sa't dy yn 1784 wer opboud is. Dy
pleats hat lykwols
net sa lang stien want de nije eigner,
Minne Douwes Mel-
lema, lit yn 1838 in nij gebou
delsette mei in
dwers
foarhūs. Neffens de skoalmaster fan
Eastrum (1858) moat
by it ōfbrekken noch wat fūn wźze fan de
Tadema Stins. It
soe in stins west ha mei greften en in
poarte "...waarvan
de overblijfselen als ringmuren en steenen
pijp in
1838
zijn uitgegraven..." Hy jout ek op dat
de bewenners fan
de pleats elk jier noch 8 ggūne rinte oan
de tsjerke jaan
moatte. At dat deselde rinte wie as śt 1511
dan hat
dat
wol lang in lang libben hān!
Minne Douwes Mellema brūkt de pleats sels
en mei him komt
Tadema sate yn hannen fan de
Mellema-famylje, yn dy jier-
ren ōfgryslik ryk. Alle trije de
pleatsen op Tilbuorren
wiene fan dizze famylje (sjoch ek nr. 18).
Ype Minnes Mellema is de lźste fan dit
slachte en hy lit
de trije pleatsen nei oan syn omkesizzers
Meindert, Douwe
en Minne Douma. Ek dizze trije minsken litte
gjin bern
nei en as de lźste, Meindert, yn 1957 komt
te ferstjerren
wurde Tadema en Douma ūnderbrocht yn
it "Meindert Douma
Leen". Dit lien is bedoeld om bern śt
net sokke rike āl-
ders dochs studearje litte te kinnen.
Bewenners:
1873
Jan Engberts van der Heide
1904
Reinder Spriensma
1914
Gerrit Jensma
1949
Auke A. de Boer (troud mei Ieke Jensma)
1984
Andries de Boer
Yn de jierren 1962-1963 waard de hiele
pleats fernijd en
in wite tinkstien by de foardoar fertelt:
"Foar stśdzje-
stipe by it Douma lien/ Waerd
"Tadema" fiks ūnder hannen
naem/ forgreate en fornijd op it ālde st/
Kaem der
rom
plak foar minske en f/ 1962-1963".
Spitigernōch hat dit gebou it net lang
śtholden want de
brān wźr't de beskriuwing mei begūn, hat de
efterein fer-
woastge. Ek by de nijbou fan de efterein
heart in
tink-
stien: "Nei brān mei skea en
skeel/ Bleau Fryske
bou
be-hālden/ Hjir geane gear yn geef geheel/
It nije en it
ālde/ 19-10-1975 en 15-5-1977".
En it mei sein wurde, sa't Tadema
sate der hjoeddedei
hinneleit, in bytsje op in hichte, mei
greften en beammen
hat it yndied it oansjen fan in ālde Fryske
pleats.
16.
BEWENNERS: T. Boersma
R. Boersma-Lont
ADRES: Mellemawei 6
WENPLAK: Eastrum
PLEATSNAMME: Douma
FLOREENNUMER: 3
GRUTTE YN 1640: 50 pm
GRUTTE YN 1988: 135 pm
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Kop-hals-romp 1865
EIGNER: Meindert Douma Leen
Ek dizze twadde pleats op Tilbuorren is
it eigendom fan
it Meindert Douma Lien. Fanālds hie de
pleats gjin namme,
mar om't der jierren oanien Douma's op
dizze pleats buor-
ke ha, sil de pleats wol de namme Douma
State krigen ha.
1511. Mooglik hat yn it begjin fan de 16de
ieu in sekere
Bauke op dit stee wenne. Hy hie trije lānhearren:
Sywck
to Dresum (22 pm), Tyed Donije (11 pm)
en Wiger
Sijtsma
(11 pm). Bauke moast foar dizze 44 pm elk
jier 14
ggūne
oan hier jaan.
1640. Mear wissichheid jout it Stimkohier
fan 1640. Der
is dan 50 pm lān by de pleats, dy't
oanslein wurdt foar
15 florenen. Eigner is de grytman Douwe
van Aylva, dy't
noch twa pleatsen yn Eastrum yn eigendom
hie. De hierder
is Harke Minnes.
1714. Nei 1700 hat de siktaris fan Eastdongeradiel, Van
Bosman, dizze pleats yn besit en nei syn
dea syn
widdo.
Hierder is yn 1714 Jan Jacobs dy't elk jier
132 gūne jaan
moat foar de 50 pm lān dy't hy bebuorket.
1758. Yn dit jier sil der wol in grut
opskuor yn Eastrum
west ha: Frou Anna Dodonea van Burmania,
frou fan de nije
grytman Anthony D'Arnaud, keapet yn ien
kear seis stimmen
op yn Eastrum. Dźrmei wurdt hja (foar har
man fansels) yn
ien kear de baas yn dit doarp: hja hat de
measte stimmen
yn hannen. Dizze seis pleatsen plus
noch twa
ūnder Ie,
ien yn Eanjum en ien yn Ljussens kostje
har it
kapitale
bedrach fan in 90.000 cgūne! Fansels is
der strideraasje
en wolle guon der it near op lizze, mar yn
1759 stiet de
grytman wol as eigner oanjūn; hy moat dus
de rjochtsaken
dy't hjir oer spilen, wūn ha.
Nanne Bodes is de brūker fan de pleats en
jout elk
jier
in 160 gūne oan hier. Hy skynt in lyts
boerke west te
hawwen want yn de belesting wurdt hy
oanslein foar heal
haadjild en dat betsjut dat hy minder
dan 600
gūne oan
fermogen hān hat. De 6 kij en 2 hynders
dy't hy op stāl
hat, tsjutte dźr ek al op. Hy brūkt ek noch
21 pm boulān.
Nei Nanne Bodes komt Douwe Sybrens op dizze
pleats. Douwe
sil in machtich man wurde yn Eastrum want
de Mellema's
stamme fan him ōf. Yn dizze selde tiid
buorket syn heit
op Mellema State en hy sil syn heit dźr yn
1798 opfolgje.
Douwe hiert by dizze pleats noch 28 pm los
lān en moat de
famylje D'Arnaud dźrfoar 453 gūne betelje.
It bedriuw sil
troch him ek fierder śtwreide wurde want hy
hat al 11 kij
en 7 hynders en brūkt 32 pm as bou. It
skynt in tūke boer
west te hawwen.
1798. De famylje Bergsma is om 1800 hinne
yn it besit fan
dizze pleats en dat sil duorje oant hja yn
1838 de pleats
fan de hān dogge. Floris Jurjens is brūker
fan de 78 pm
dy't de pleats yn dy jierren grut is. De
hier is yntusken
omraak omheech gien en bedraacht al hast
900 gūne. Florus
syn beslach fee en it tal pūnsmjit boulān
dat hy brūkt is
sawat like grut as syn foargonger. Krekt
nei 1800 hat er
noch in Klaas Buwalda op dizze pleats
buorke.
1832. It kadasterkaartsje fan 1832 jout
noch gjin pleats
op dit stee. Wol stiet op it stikje lān
tusken Tadema en
Douma in lytser bedriuw. Dat moat de
foargonger fan Douma
west ha. Eekhof jout oan dit lytse
spultsje yn 1855
de
namme "Heemstra", mar dat moat in
fersin wźze. Foar
de
namme Heemstra komme yn Eastrum twa
pleatsen yn oanmer-
king: Mellema state, om't dat oant 1790
ta yn
it besit
west hat fan leden fan de famylje
Heemstra, en Tadema
sate, om't dy pleats yn de 16de ieu
Heemstra's as besit-
ters hān hat.
De kaart fan Eekhof lit ek sjen dat yn 1855
it stee
fan
Douma noch leech wie. De kaart fan
Schotanus (1708) hat
trije gebouwen: Tadema, dan in stimleaze
pleats, en noch
in pleats op it stee fan Douma.
De konklśzje kin wźze dat stim 3 (no Douma)
earst op
it
stikje lān tusken de beide pleatsen stien
hat en dat yn
1865 it stee fan Douma pas beboud wurden
is. Sawol Douma
as Tadema lizze wol op ien hoarnleger, tusken
de selde
grźft en mei deselde beamsingel. Dat soe
wize kinne op de
ferūnderstelling dat Tadema en Douma
yn 1511
de grutte
pleats fan de bruorren Heemstra foarme ha.
1838. Minne Douwes Mellema (soan fan de
niisneamde Douwe
Sybrens) is yn it besit kaam fan de pleats
en makket in
hierkontrakt op foar Jan Botes de Vries en
syn frou Maai-
ke Keimpes van der Kooi. Hja moatte
jierliks tūzen gūne
opbringe foar lān en pleats.
De Mellema's ha Douma sate noch jierren
lang yn eigendom
hān oant de lźste Mellema fan dit slachte,
in Ype, troch
syn dea yn 1896, de boel oerdroegen hat oan
syn omkesiz-
zers, de trije bruorren Douma.
1857. Dy famylje Douma wenne al fan 1857 ōf
op de pleats
en de earste wie Rienk Minnes Douma. Syn
heit wie
troud
mei Eelkje Mellema en sa rekken dizze
famyljes oan inoar
besibbe. Rienk kaam fan Hantumhuzen mei syn
frou dy't al
rillegau ferstoar. Rienk troude wer en
krige trije soan-
nen:Meindert, Douwe en Minne.Yn 1865 waard
de nije Douma-
pleats boud op it stee wźr't de pleats noch
stiet en
de
muorre-ankers yn de eftergevel tsjūgje hjir
fan.
1928. Nei de dea fan syn āldelju wennet
Meindert Douma op
de pleats. Hy is net troud en yn 1928 giet
hy mei syn
hśshāldster nei Ljouwert te wenjen. As hy
yn 1957 komt te
ferstjerren, wurdt by testamint it
"Meindert Douma Leen"
oprjochte.
Bewenners:
1928
Halbe Vogel
1934
Wiebe Keimpes de Vries
1956
Keimpe Wiebes de Vries
1958
Lieuwe Boersma (troud mei in dochter fan Keimpe)
1982
Tjisse Boersma
By de brān yn 1975 dy't de efterein fan
Tadema ferneatige
hat de foarein fan Douma ek yn brān stien,
mar mei in
protte wetterskea en it wer opnij opsetten
fan it dak, is
men der fan ōf kommen.
Op de rinstāl efter de pleats stiet noch de
folgjende sin
op in tinkstien: "Op dizze groun/ Fan't lien
har tabi-
troud/ Hat it Boersma's folk/ Dit
greate būthśs boud/
1974/ Bistjūr Meindert Doumalien/ Brūkers
Lieuwe Boersma
en soannen".
17.
BEWENNERS: W.K. Dijkstra
B.H. Dijkstra-Kooistra
ADRES: Terplaan 9
WENPLAK: Eastrum
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMER: 16
GRUTTE YN 1640: 33 pm
GRUTTE YN 1988: 108 pm
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Kop-hals-romp
EIGNER: W. Dijkstra
Op de noardeastlike rāne fan de ālde
Eastrumer terp (in
part fan dizze terp tusken de pleats en it
doarp is
ōf-
groeven) stiet dizze ālde kop-hals-romp
pleats. It krekte
boujier is net bekend, allinne in ferbou
yn 1919
en de
oanbou fan in Hollānske stāl binne
jiertallen fan bekend.
Moai wis dat de bou fan dizze huzing
al foar
it begjin
fan it kadaster plakfūn hat want
de earste kadastrale
kaart fan 1832 lit op dit plak al in
kop-hals-romp pleats
sjen.
1511. It hat eigenskip dat yn Peter Ysbrantz
de earste
bewenner fan dit stee, dy't bekend bleaun
is, sjoen wurde
moat. Hy wie hierboer foar Bauck
Jaerla fan de
Jaerla-
famylje dy't mear lān ūnder Eastrum
hie. Hja
sille wol
besibbe west ha oan de bekende Jaarla's
fan Wetsens. It
wie net in grutte pleats;der hearde mar in
371/2 pm lān by.
Peter moast dźr 131/2 gūne yn it jier foar opbringe, dat is
sawat 1 gūne foar 3 pm lān. De pryster en
de tsjerke fan
Eastrum hiene noch in 4 pm yn dizze pleats.
1640. In hūndert jier letter is de pleats
noch wer lytser
wurden, noch mar 33 pm, wylst de grutte fan
de pleats nei
1700 mar 27 pm mear bedraacht. De bewenners
wiene dan ek
twongen om mear lān te hieren, woene
hja it
wat rommer
ha. Yn 1640 buorke Pytter Eglis hjir en de
pleats wie doe
it eigendom fan de widdo fan Bouwe Gaukes.
Oan de
namme
te sjen sille sy en har man wol Eastrumers
west ha en
wennen hja sels earst op de pleats. It sil
in hiel skoft
duorje foar't der wer Eastrumers yn it besit
komme fan
dit spul.
1714. Nei 1700 rekket de pleats yn
hannen fan Cornelius
van Bosman,
siktaris fan Eastdongeradiel. Hy
hie in
protte ynfloed yn de gritenij troch
stimme-besit en nei
him syn frou faaks noch mear. Dizze Jaike
van Bosman, hja
kaam śt de famylje Van Wyckel, troude nei
de dea fan har
earste man mei in Vegelin van Claerbergen.
Jaike hie yn
it jier 1728 bygelyks 10 stimdragende
pleatsen yn Eastrum
yn har besit en omdat Eastrum 18 stimmen
hie, wie
Jaike
de baas yn Eastrum. Hja koe beslisse oer
wa't skoalmaster
as dūmny waard en hie in stim yn
gritenysaken.
Sipke Sijmens hierde yn 1714 de pleats fan
27 pm foar in
hier fan 150 gūne. De huzing fan Sipke
waard skat op in
wearde fan 1000 ggūne dat it sil net
sa'n grutte pleats
west ha. Dat de pleats hieltiten
lytser waard, kaam
ek
om't frou Van Bosman ek Bolta sate
yn har besit
hie.
Bolta lei doe noch op'e terp tichteby dizze
lytse pleats
en sa sil der wol stikken lān oergien wźze
nei it grutte-
re Bolta ta. Doe't de Eastrumer terp yn
1886 ōfgroeven
wurde soe, waard de huzing fan
Bolta ōfbrutsen en in
eintsje būten it doarp wer opboud. Bolta
wie doe in sa-
neamde "Rengers-pleats" (famylje
Van Welderen Rengers).
1760. Yn it midden fan de 18de ieu hearde
der noch mar 16
pm lān by de pleats en buorke Jan
Clases hjir. Foar
in
hierpriis fan 60 gūne hāldt hy 3 kij en
brūkt noch 2 pm
as boulān. Hynders hie er net dat dy sil
wol er wol fan
in oar brūkt ha. Anthony D'Arnaud is eigner
want ek dizze
pleats wie yn de keap besletten fan 1758
doe't de
gryt-
man (fia syn frou) yn ien kear seis
pleatsen yn Eastrum
opkocht foar 90.000 gūne. De hiele pleats
levere D'Arnaud
yn 1780 in 81 gūne yn it jier oan hier op.
1800 Gerben Ynzes brūkt no wer wat mear lān
by de pleats.
Op 30 pm lān hāldt hy 5 kij en 3 hynders en
13 pm
wurdt
brūkt as boulān. De hier is oprūn ta 356
gūne. Nije eig-
ners binne de bruorren Philippus en Minne
Jans.
Yn de Frānske tiid komt Pieter Dantuma yn
it besit fan de
pleats en nei him syn frou Atje Tietes. Sy
wenje ek sels
op de pleats en dat is foar it earst sūnt
200 jier dat de
eigner ek op de pleats wennet. Yn 1842
ferkeapet Atsje de
pleats wer troch oan de famylje Boersma:
earst Taede en
letter Tjiske Sjoerds Boersma wurde eigner.
De pleats giet no gauris yn oare hannen oer
en ek ferska-
te minsken ha de pleats bewenne:
Eigners: Bewenners:
1880
Douwe P. Zijlstra 1880 Bienze Boersma
Minne M. Douma 1882
Jan A. Bangma
1883 Durk Sijtsma
1885 Wytze R. de Swart
1886 Arjen Jeltema
1887 Jacob Tj.de Braak
1890 Anne van der Hoek
1893 Oeds van der Heide
1895 Sjoerd D. Zijlstra
1908 Jacob E. Krol
1910
Douwe K. Leystra 1911 Jan L. de Hoop
Tietje M. Douma 1912
Roelof Lettinga
1914 Klaas Westra
1915 Sake Banga
1920
Tietje M. Douma 1919 Wopke Meindertsma
Hijltsje Gerbrandy 1922 Pier
Cnossen
1930
Eelke v.d. Zwaag 1930 Pieter Zuidema
1933 Eelke van der Zwaag
1945 Antje van der Wagen
1953
Klaas W. Dijkstra 1948 Klaas W. Dijkstra
A. en E. Meindertsma
1977
Willem K. Dijkstra 1973 Willem
K. Dijkstra
Ut de lange rige fan bewenners (en dan
kinne der ek noch
wolris guon fergetten wźze) is te sjen dat
de measten it
net lang op dizze pleats śtholden ha. Hja
steane ek meast
te
boek as arbeider. Dat soe der op wize kinne dat
dizze
pleats in tiidlang yn gebrūk west hat as
arbeidershūs. De
ferbou fan 1919 soe dan bedoeld west ha om
de pleats wer
yn bedriuw nimme te kinnen, want pas om
1920 hinne komt
der wat mear fźstichheid.
Nei't de terp fan Eastrum ōfgroeven wie,
stie de
pleats
sa ticht by de rāne dat der mar twa meter
grūn mear foar
hūs lei en dan in djippe ōfgrūn. Klaas
Dijkstra hat dat
letter opheegje litten. De Hollānske stāl
dy't hy en syn
soan boud ha, is ek alhiel śt de ōfgroeven
terp wei
op-
boud: in fūnamint fan wol seis meter wie it
gefolch!
18.
BEWENNERS: M.A. Wienia
W. Wienia-Ros
ADRES: Mellemawei 1
WENPLAK: Eastrum
PLEATSNAMME: Mellema
FLOREENNUMER: 10
GRUTTE YN 1640: 120 pm
GRUTTE YN 1988: 78 HA
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: 1963
EIGNER: Huzing: Famylje Wienia
Lān: Famylje Wienia en de Avro
Noard fan Eastrum leit in nije pleats op in
eigen stins-
terpke. It is in āld stee wźr't foarhinne
it slot Mellema
stien hat. By in brān yn 1963 waard de
pleats alhiel fer-
neatige en de nije huzing hat in folle moderner
oansjen
krige as de ālde (echte Fryske)
kop-hals-romp pleats yn
it ferline hie. De wei derhinne hyt
"Mellemawei" en dat
is net foar neat om't sawol de
"ālde" as de "nije" Melle-
ma's hjir in protte besit hiene.
1423. Fan de earste Mellema, in Syrick,
wurdt skreaun dat
hy "eeheer" yn Dongeradiel wie(in
soarte fan rjochter) en
yn 1426 is hy grytman fan de gemeente. Hy
is in wichtich
man yn dy tiid want syn namme komt yn
ferskate ālde oar-
konden foar. Sa is hy ōffurdige fan de
Eastrumer syl by
it Pagstra Sylvest (1449) en tekent hy ek
in oerienkomst
oer de jiermerken yn Eastergoa(1453).It
falt dźrby op dat
hy oer in eigen segel beskikke kin.
1511.
Poppe Mellema wie yn de Saksyske
tiid de grutste
grūnbesitter fan Eastrum. Hy hie sels
1651/2 pm lān yn ge-
brūk en nochris 20 pm
"flioeslant". In part fan
syn lān
hie hy dat jier wer trochferhierd foar 22
ggūne. Flioes-
land rūn hast alle winters ūnder wetter,
dat dat lān sil
wol by it Mellema-marke lein ha dat yn
letter tiid droech
lein is.
Poppe Mellema is ek foar it grutste part
eigner; allinne
de Abt fan Dokkum en Amke Jaerla hiene elk
in 17 pm
fan
syn
lān yn eigendom.Al dit lān fan Poppe waard skat op in
jierlikse hierwearde fan 59 ggūne, noch
gjin trije gūne
de pūnsmjit.
Ek ferhierde hy noch 20 pm oan "lywe
in den buren" wźr 't
hy 7 ggūne foar barre koe. Fierder hie
hy besittings yn
oare doarpen yn Eastdongeradiel; sa wurdt
hy bygelyks yn
Moarre neamd as eigner fan 14 pm lān.
Poppe stiet wol hieltiten te boek as in
Mellema, mar hy
wie eins in Remmertsma. Syn mem moat de
lźste śt it ālde
Mellema-laach west ha en om't Poppe dochs
de Mellemastate
oerurven hie en oars de namme Mellema
ferlern gean soe,
hat hy as efternamme Mellema oannaam. Krekt
as de
echte
Mellema's waard ek hy ta grytman
beneamd. Dat barde
yn
1517 troch kening Karel V. Hy sil yn
1524 stoarn wźze
want doe waard syn opfolger beneamd.
Hoewol't Poppe Mellema sān bern hie, hat
allinne dochter
Luts Mellema foar neiteam soarge. Hja
troude mei Hessel
van Feitsma en doe kaam de state yn hannen
fan de famylje
Feitsma. De soannen Ofke en Jelger van
Feitsma wiene oant
harren dea ta, Ofke stoar yn 1612 en Jelger
yn 1620, eig-
ners fan de state.
1582. At se ek op Mellema wenne ha, is net
dśdlik, mar de
slotpleats wurdt yn alle gefallen ferhierd
oan Gerbrandt
Harkes dy't yn 1579 Gerbe Mellema
neamd wurdt. Dat
sil
wol kaam wźze om't er op Mellema wenne want
yn 1580 stiet
by Gerbrant Harkesz, "in Mellema
state", skreaun.
Gerbrandt Harkesz is yn 1582 ferstoarn
en de
twadde man
fan syn frou Tiets Saskers lit in
ynfintaris opmeitsje
fan alles wat er doe op Mellema oan fee
omrūn:
"23 melckekoijen ende drie gelde
koijen, drie enter rie-
ren ofte vaersen, een enter bolle, drie
calvers, twe olde
trekend moerpeerd, twe enter merijes met
den suichvoele,
vijff olde schaepen ende 12 lammers,
drie mestelverckens
ende zeven winterverckens".
It liket net sa'n grut oantal, dy 26 kij,
mar it
is it
heechste tal kij, dat (yn dy tiid) op ien
fan de pleatsen
yn dit boek oanwźzich wie.
Nei Jelger Feitsma giet Mellema ferskate
kearen yn oare
hannen oer:
1620
Haye Eelckema
1640
Gerbrandt Hayesz Eelckema
1641
Johannes Hayesz Eelckema
1645
Marten Hania van Eelckema
1651
Catharina van Scheltinga
Haye Eelckema moat sels wer op Mellema
buorke ha neffens
it Stimkohier fan 1640. Syn soannen en
harren omke Marten
Hania erve Mellema state, foardat it guod
oergiet nei de
Van Scheltinga's. Johannes van Scheltinga
erft nammentlik
fan Johannes Eelckema en sa komt Catharina
van Scheltinga
(dochter fan Johannes van Scheltinga) yn it
besit fan de
Eastrumer State.
Hja is troud mei Schelte van Heemstra en de
Heemstra's ha
de lźste eigners west fan it slot sa as dat
yn 1723 troch
Stellingwerf tekene wurdt: "Heemstra onder Oostrum, be-
hoort Feye van Heemstra", skriuwt hy
der ūnder.
1714. Schelte van Heemstra, sels wenne hy
yn Boalsert,
ferhierde de state yn dit jier oan Sippe
Jans dy't foar
de 120 pm lān in jierlikse hier fan 350
gūne jaan moast.
Sippe sil wol op de slotpleats wenne ha. It
slot sels sil
yn 1735 troch Feije van Heemstra ōfbrutsen
wurde, dy't it
boumateriaal brūkt om Heemstra State
yn Oentsjerk mei te
ferbouwen en te fergrutsjen. De poarte moat
noch in skoft
stean bleaun wźze.
Doe't yn 1856 op it hoarnleger groeven
waard, kaam ūnder
oaren in kelder foar it ljocht mei in
grutte fan 11 by 6
meter en in djipte fan 1.50 meter. Ek in
stik ringmuorre
en in stiennen piip fan it poartegebou
waarden fūn. Ek yn
yn 1882 by it graven fan in sleuf foar in
rioelbuis waard
in wichtige fynst dien: in gouden geuzepenning
fan om-
trint 1567.
1748. Mei Sybren Douwes komt der in famylje
op Mellema te
lāne dy't jierrenlang tahālde sil op dizze
pleats, earst
as hierder en letter as besitter. As yn
1811 famyljenam-
men keazen wurde moatte, leit it foar de
hān dat hja dan
"Mellema" as fan oannimme. Doe
wie it foar it earst sūnt
de 16de ieu dat der wer Mellema's op it āld
stee wennen.
1760. Sybren moast 470 gūne oan hier jaan
foar de 120 pm
lān by de pleats en hie dźrfoar 8 kij en 6
hynders yn syn
stāl.
In 60 pm lān waard brūkt foar bou. It tal kij
rint
stadichoan omheech oant Sybren yn 1769 al
15 kij op stāl
hat. De feepest fan 1770 gie ek net oan syn
pleats foarby
want yn dat jier jout hy mar 4 kij mear op
foar de beles-
ting. Hy hat dan 8 hynders en brūkt 87 pm
as boulān: ek
hy leit mear klam op it boulān! Yn 1773
is de
saak wer
stabilisearre mei 16 kij en 75 pm boulān.
1790. It moat Sybren fierder foar de wyn
gien wźze want
syn beslach fee bliuwt no jierren oanien
sawat gelyk. As
hy yn 1788 fan syn snoarske in bedrach fan
4000 gūne erft
liket it foar him tiid om it bedriuw mar
oan te keapjen.
Dat docht hy yn 1790 as hy Mellema
"...mitsgaders met een
zwaanejagt, gestoelte in de Kerk, grafkelder en
graaven
op't Kerkhof..." keapet fan
Jonkhear Schelte van
Heem-
tra, boargemaster fan Boalsert foar in priis
fan 20202
cgūne, in grut bedrach yn dy tiid. Sybren
is no de grutte
man yn Eastrum en yn syn hearebank en syn
neiteam sil dat
jierrenlang bliuwe.
1797. Itselde jier dat soan Douwe Sybrens
de pleats oer-
nimt, wurde de gebouwen ōfbrutsen.
Fan dizze gebouwen
seit de skoalmaster yn 1858: "In 1672
werd bij het slot
eene boereschuur aangebouwd - ter
vervanging van een hooi
berg. Deeze schuur met afzonderlijk
staande stalling en
woonhuizing, afkomstig van de Heeren
huizinge is in den
Jaare 1812 afgebroken en
alstoen vervangen door
eene
nieuwe schuur en woonhuizing..." Yn de
tiid dat der gjin
pleats stie op dit stee (1797-1812) hat
Douwe Sybrens op
in pleats ūnder Ie wenne. De nije kop-hals-romp
pleats,
mei yn ien fan de būtenmuorren in
sānstiennen liuwe-kop,
stie boppe de slotgrźft fan de ālde state.
Yn de gong
hong noch it ālde wapen fan de Mellema's
(de heale earn
en de ikenbeam). As de lźste fan dizze famylje
yn 1956
fan de pleats giet, wurdt dit wapen ek wei.
De hierwearde fan Mellema is om 1800 hinne
oprūn ta 1118
gūne. De pleats is dan 140 pm grut om't
noch mear lān
oankocht waard troch Sybren Douwes. Heit en
soan ha yn dy
tiid op syn meast 27 kij op stāl stean, 10
hynders yn ge-
brūk en 65 pm boulān.
1818. Nei de Frānske tiid buorket Minne
Douwes Mellema op
dizze pleats. Hy is assessor (in soarte
fan wethālder)
fan de gemeente en yn de koarte tiid dat
der in gemeente
Eanjum west hat, wie hy dźr maire
(boargemaster) fan. Syn
namme komt sa ek op alle akten foar wźrby't
minsken in
famyljenamme oannaam ha. De Mellema's wiene
ek tige war-
ber op it wetterskipsgebiet. Hja sieten
yn it
polderbe-
stjoer en Douwe Minnes Mellema wie ien fan
de foaroan-
mannen dy't der foar soarge ha dat it
Jouswierster Mar yn
it midden fan de foarige ieu droech lein
waard. Douwe wie
yn 1854 ek lid fan de Provinsjale Steaten
fan Fryslān. Hy
wie de driuwende krźft efter it plan om in
daam te lizzen
fan it Amelān nei de fźste wāl. It doel
wie om
it oan-
slibjen fan it Waad te befoarderjen. De
daam waard ek
oanlein mar is letter by in stoarm
ferneatige.
Minne hie trije bern: Ype, Douwe en Antje.
Dizze trije
bern erve nei syn dea alle trije
pleatsen op Tiltsje-
buorren dy't hy en syn heit yn de rin
fan de
tiid oan-
kocht ha: Mellema, Tadema en Douma. By de
taksaasje yn
1849 wurde dizze pleatsen yn de ynfintaris
skat op in
wearde fan fl. 100.800,-.
Ype Mellema buorket op Mellema state en hy
wurdt ōfgrys-
lik ryk. Fan him giet it ferhaal dat hy
safolle gouden
tsientsjes hie, dat hy se hast net telle
koe. At hy dat
alris besocht dan die hy dat by
kopfollen.Hy telde gewoan
it tal koppen dat hy oan'e rāne ta mei
gouden tsientsjes
fulle koe! Om't er bang wie dat syn jild
stellen wurde
soe, liet er yn it lźst fan syn libben
in jongkeardel by
him op de pleats sliepe, dy't sinten fan
him liend hie.
Dizze Klaas Gaasterland hoegde gjin rinte
te beteljen at
hy mar by Ype op'e pleats sliepe woe. Klaas wie noch mar
krekt troud dat hy sil dat net altiten moai
fūn ha!
1896. Ype Mellema bliuwt frijfeint en as hy
yn 1896 op 84
jierrige leeftyd komt te ferstjerren,
lit hy
alles nei
oan syn trije omke-sizzers Meindert, Douwe
en Minne Douma
(sjoch ek nr. 15 en 16). Nei 1880 buorke Rienk Meinderts
Douma al mei syn soan Minne op Mellema; de
āld man sil it
wurk wol net mear dwaan kinnen ha. Rienk
komt yn 1896 ek
te ferstjerren en dan wurdt Minne
Rienks Douma boer
op
Mellema en ek hy is net troud. Hy hat mear
as 70 jier op
Mellema wenne as hy yn 1953 op dizze
pleats stjert. Syn
hśshāldster, Doetje van der Lei, erft
de pleats en mei
har broer Johannes bebuorket hja oant 1956
ta noch op it
ālde Mellema. Albert Siebrens Wienia
wurdt dan de
nije
bewenner.
1963. In grutte brān, oarsaak heabroei,
leit de hiele ef-
terein fan Mellema yn'e jiske en ek de
foarein hat hiel
wat skea. Lokkich wiene de kij yn it lān
en koene
trije
fan de fjouwer bollen śt'e brān rźden
wurde. De foarein
wurdt ek ōfbrutsen en der komt in hiele
nije huzing op it
terpke te stean.
Yntusken is it eigendom oergien nei it
Coperatief Verze-
keringfonds yn Ljouwert, al hat dat net sa
lang duorre.
Yn 1982 komt de maatskip Albert Siebrens en
Meine Alberts
Wienia yn it besit fan de pleats wźr't de
Wienia's al fan
1956 ōf op buorke ha.
Bewenners:
1869
Ype Minnes Mellema
1896
Minne Rienks Douma
1953
Doetje en Johannes van der Lei
1956
Albert Siebrens Wienia
1988
Meine Alberts Wienia
19.
BEWENNERS: M.J. Boersma
R.B. Boersma-Meindersma
ADRES: Humaldawei 8
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1989: 70 HA
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: 1922
EIGNER: Maatskip M.J. en R.R. Boersma
It perseel wźr't de huzing op boud is, hiet
yn it ferli-
ne "de koarte bśn", in namme dy't
net sa maklik te fer-
klearjen is, al kin tocht wurde oan in
ōfkoarting fan "de
koarte bunder". Folle ljocht smyt dat
net op de saak om't
yn dizze omkriten eins nea bunders brūkt
waarden; it lān
waard altiten oanjūn yn pūnsmjitten. Yn
alle gefallen hat
dit perseel jierrenlang yn hannen west fan
de Meindersma-
famylje. No is dat net sa ferwūnderlik want
dizze famylje
hie yn it ferline in protte besit yn Ie en
omkriten. Dit
perseel hearde offisjeel by Bonia sate.
1922. Antje Eelkes Meindersma keapet dit
perseel yn 1922
fan Yttje Gerrits Moltmaker, widdo fan
Douwe Fetses Mein-
dersma. Hja lit hjir in hūs bouwe, mar hja
wennet dźr yn
it earstoan net yn. Har suster Tietje, widdo
fan Douwe
Johannes Beintema, is de earste bewenner
fan dit nije hūs
oan de rāne fan Ie. Tietje nimt yn 1924 it
hūs ek yn ei-
gendom oer. It ferhaal giet dat by de bou
fan dit hūs wat
oars boud is as op de tekening stie. De
souder soe folle
heger kaam wźze as de bedoeling. It gefolch
wie in hiele
hege souder ūnder yn de keamer en op de
sliepkeamers eins
in te lege fliering.
Yn 1926 komt Antje Meindersma dan
dochs yn
dit hūs te
wenjen en tegearre hālde de beide
susters hjir jierren-
lang ta. Krekt nei de oarloch, doe't der
krapte wie yn
huzen, hat master Luinenberg fan de CVO
skoalle yn Ie in
pear jier yn in part fan dit hūs wenne.
1950. Reinder Jacobs Boersma keapet yn dit
jier dit
hūs
en mei him kriget it in nije
bstimming. Hy brūkt
dizze
wente by in boupleats en lit dźrta yn
1957 efter op it
hiem in skuorre bouwe (yn 1986 sil der wer
in loads
by-
boud wurde). De famylje Boersma hat sūnt
1951 op dit stee
wenne en hjoeddedei wennet Melis
Boersma hjir. Mei soan
Reinder foarmet hy in maatskip dy't dit
bedriuw draaiende
hāldt. Hja brūke sūnt koart ek de huzing
en it
lān fan
Wiarda sate oan de Fjellingsreed en dźrtroch
kin dizze
maatskip beskikke oer in 70 HA boulān.
Boersma stiet al sūnt jierren bekend as
"de tulpe-boer".
Hy hat lang sawat de lźste west dy't noch
mei tulpen oan
de slach bleau, mar de lźste tiid kriget hy
wer wat nei-
folging. Dit bedriuw hat in pear
stikken lān yn
gebrūk
mei nijsgjirrige nammen:
De koarte bśn - it wenstee
De Blauhśster - stik lān tsjinoer it ālde stee fan Blau-
hūs of Eernsma (sjoch nr.
45)
De earn - in earn is in fūgel(adelaar), mar it
soe
ek ferwize kinne nei
Eernsma
Tsjinoer Holdinga- Holdinga wie ek in ālde
state op Mid-
huzen
De Goudberch - dit sil wol in goed stik lān wźze mei in
hege opbringst, al
wurdt it
ek wolris
(sarkastysk) brūkt foar
min lān
It oargellān - in stik lān dat yn 1806 oan de
tsjerke
skonken is ta it ūnderhāld
fan it oargel
Foar harsels sprekke noch "it
dobbe-lān" en "by de skiif-
sjittersbult".
Bewenners:
1922
Tietje Meindersma, widdo Douwe Johannes Beintema
1926
Antje Meindersma (wenne der by yn)
1951
Reinder Boersma
1978
Melis Jan Boersma
20.
BEWENNERS: A. Dam en soannen
ADRES: Sānewei 1
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1989: 27 pm
YN GEBRUK AS: Leanbedriuw en boupleats
HUZING: Stjelp 1870
EIGNER: Huzing: A. Dam
Lān: Meardere eigners
Oan it begjin fan de Sānewei, in smelle
lānwei fan Ie nei
Eastrum, op de hoeke fan de Humaldawei,
leit it
bedriuw
fan Alle Dam. In leanbedriuw makket it grutste
part śt
mar dochs is der altiten noch 27 pm bou by
dit bedriuw.
1870. It perseel lān wźr't dit bedriuw
op boud
is, hat
fan ālds altiten by Mockema heard. Yn 1822 keapet
Gosse
Jans Jilderda dit perseel boulān.
Hy buorket sels
op
Kennema sate oan de Foarwei yn Ie. Nei syn
dea wurde syn
frou en de bern eigners en yn 1870 syn
bernsbern Gosse en
Detje Jans Jilderda . It perseel wurdt dan
opdield yn in
stik boulān en in stik wźr't in hūs op
boud wurdt, it
eigentlike gebou sa't dat der no noch
stiet. Detje Jans
Jilderda wurdt nei in skieding mei har
broer eignerske
fan dit pleatske en hja lit yn 1878 noch in
skuorke by it
gehiel bouwe. Hja trout mei Koenraad
Link en tegearre
buorkje hja hjir oant 1886.
1890. Neidat Symen Renzes Tilstra yn
1886 it eigendom
oernaam hat, lit hy yn 1890 it hūs
opsplitse yn twaėn: de
eigentlike pleats sa't men dy hjoeddedei
fan foaren noch
sjen kin, en in lyts oanbousel, "it
lśsjefersdoaske" sa't
dat wol neamd waard. Dit lśsjefersdoaske bestie
śt in
keamer mei bedsteden, in pear stālen en
in skuorke. Dit
tige lytse hśske bestiet noch altiten en is
no it lytshūs
(ek wol trekkerhok) dat oan de kant
fan de Humaldawei
stiet. Oant 1950 ta ha der altiten minsken
yn wenne. De
lźste bewenner wie Sietse Kempenaar wa's
hiele hśshālding
yn dit lytse,winters tige kālde,krūpyntsje
tahālde moast.
Bewenners fan it lśsjefersdoaske:
1889
Sybe Berends Wouda
1891
Tjerk Douwes Douma
1892
Hendrik Dijkstra
1914
Gerben Jans Wouda
1934
Anne Klaver
1938
Wealtje Dijkstra
1940
Meindert van Assen
1941
Anne Sloot
1942
Klaas Ypma
1843
Hendrik Dijkstra
1945
Klaas Haaijema
1946-1949
Sytze Kempenaar
De measte bewenners steane te boek as
"dagloner" as "ar-
beider", faaks ha se wol op de pleats
wurke.
1909. Nei 1909 geane it lśsjefersdoaske en
de pleats elk
in kant śt. De pleats wurdt kocht
troch Bote Jans
de
Vries dy't gernier wurdt op dizze pleats.
Hy lit noch wat
bybouwe en syn soan Durk Botes ferkeapet yn
1936 de boel
oan de famylje Dam, in famylje dy't
hjir noch altiten
wennet. Ek Jan Dam stiet as gernier te
boek.
It lśsjefersdoaske waard ferkocht oan
Wieger Jans Hoek-
stra, timmerfeint yn Ie. Hy hat net lang
eigner west want
yn 1915 is Berend Sipkes Wouda al besitter
fan dit lytse
hśske. As Berend Wouda yn 1929 komt te
ferstjerren wurdt
syn frou eignerske fan it lśsjefersdoaske
en nei har de
dochter Elisabeth Wouda, widdo fan Mame
Banga. Elisabeth
wie "winkelierse te Ee". De
famylje Douma hat hjir
nea
wenne mar altiten hierders yn dit hśske
hān. Yn 1950 komt
it hiele pān wer yn ien hān as Jan Dam
ek it
lśsjefers-
doaske keapet. It ferliest no syn funksje
as wenhūs en as
de famylje Kempenaar dit hśske ferlit,
wurdt it yn gebrūk
naam as lytshūs.
1967. Alle Dam nimt yn 1967 it bedriuw fan
syn heit oer.
Oant hjoeddedei ta buorket hy hjir no. De
haadsaak fan
syn bedriuw is it leanbedriuw mar
dźrnźst spilet ek de
ikkerbou net swak by. Ien fan de perselen lān
dy't hy yn
gebrūk hat,it earste perseel būten Ie as
men nei Ingwier-
rum rydt (flak efter it ālde fuotbalfjild),
hat de nijs-
gjirrige namme "Brānburch",ek wol
Brandenburg. It ferhaal
giet dat hjir eartiids in protte fee
ferbaarnd is en doe
bedobbe. It moat fee west ha dat troch
miltfjoer oantaast
wie.
Bewenners fan de pleats:
1869
Trijntje Gerbens Dijkstra, widdo Jan Jilderda
1877
Koenraad Link, troud mei Detje Jans Jilderda
1886
Symen Renzes Tibstra
1909
Bote Jans de Vries
?
Durk Botes de Vries
1936
Jan Dam
1967
Alle Dam
21.
BEWENNERS: W. Dijkstra
A. Dijkstra-Lub
ADRES: Hoitensreed 3
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: Koaipleats
FLOREENNUMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1989: 52 HA
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Kop-hals-romp 1853
EIGNER: Huzing: W. Dijkstra
Measte lān: W. Dijkstra
Op de rāne fan de Iester Kolken, tsjin de Sśr
Ie oan,leit
de "Van Asperen Koai" mei
tichteby de koaipleats, bewenne
troch de famylje W. Dijkstra. Sūnt de
oarlochsjierren is
de koai net mear brūkt foar it fangen fan fūgels.
De oanlizzer fan de koai hat wol witten
wat er
die; in
koai moai tichteby de Lauwerssee en yn de
Kolken, in ge-
gebiet dat yn it ferline hjerstmis, as de
trekfūgels wer
diz' kant śtkamen, meast ūnder wetter stie
en dźrmei in
ideaal plakje foarme foar de wetterfūgels.Dyselde
oanliz-
zer fan de koai hat it lykwols de
skiednisskriuwer net
maklik makke om't de koai op it doarpsgebiet
fan trije
doarpen leit!
Nearne yn de floreen- en reėelkohieren komt
in koai foar
ūnder Ie. Der wurde lykwols yn de
tsjerkeboeken wol koai-
kers ūnder Ie neamd.De oplossing waard fūn
yn it Quotisa-
tiekohier fan 1749; Johannes Haijes wurdt dźryn "koyker"
fan Ie neamd, mar is yn it reėelkohier net ūnder
Ie, mar
ūnder Ingwierrum te finen.
It wurdt wat dśdliker as de earste
kadasterkaart fan 1832
fergelike wurdt mei it floreenkohier fan
1858. Der lizze
sa'n tsien stikken lān om de koai hinne
dy't ūnder Ie
thśshearre, mar ek in fiiftal dat ūnder
Ingwierrum heart.
Twa stikken lān wurde noch oanslein ūnder
Eanjum; de koai
leit dus mei rjocht op it grinsgebiet fan
trije doarpen.
Frjemd is ek dat de koai mei twa stikken lān ūnder
Ing-
wierrum heart, mar dat de bewenner fan it
koaihūs yn de
boeken ūnder Ie beskreaun wurdt.
1700. De earste besitter fan it stik lān wźr't
de koai yn
letter tiid op oanlein waard, is in
Taecama. Hy ferhierde
dy 8 pm oan Teede Sioerds. Yn 1714
is dūmny Theodorus
Crans eigner wurden, dy't Minne Lubberts
foar 40 gūne yn
it jier as hierder hat. Tsien jier
letter brūkt Folkert
Jans dizze stikken lān en hy krijt de helte
yn eigendom.
1738. As Johannes Hayes as brūker op dizze
8 pm lān komt,
begjint der wat te feroarjen want yn 1744
stiet yn it ko-
hier:"Huis, Kooij en 8 pm land".
Dit is de earste fermel-
ding fan de einekoai en it leit foar de hān
te tinken dat
doe de koai oanlein is, ek al om't de kaart
fan Schotanus
śt 1698 noch gjin koai oanjout. It is net
alhiel wis dat
de koai yn 1743/4 oanlein is om't yn dy
tiid de kohieren
net altiten sekuer byholden waarden.
Fan Johannes Hayes
is yn alle gefallen bekend dat hy in
koaiker wie. Der is
noch in reden om oan te nimmen dat de koai
doe oanlein
is, om't de hierpriis ynienen fan 40 nei
140 gūne omheech
giet, ek al is der dan 10 pm mear lān by.
1760. Albert Douwes, bysitter fan de
gemeente, wenjend yn
Mitselwier, is noch altiten mei de bern fan
Folkert Jans
eigner fan de einekoai ūnder Ie. Yntusken
is Harke Jacobs
as koaiker op it koaihūs telāne kaam. Hy is
ek boer want
der is noch in 43 pm lān by de koai. Harke
hat 5 kij en
in hynder op stāl en hat 2 pm ynsiedde as
boulān. Mear
kij ha der de hiele 18de ieu net op de koaipleats
west.
As Harke Jacobs yn 1766 komt te
ferstjerren, bliuwt syn
widdo Minke Pytters noch in tal jierren op
de koaipleats
wenjen mei har bern oant hja fan it
gerjocht sein wurdt
dat hja "...Petrij en Maij 1787 in
vrijdom (...) de hui-
singe en hovinge met de landerijen ende
kooij, die de
denuntieerde van de denuntianten
in bruikma heeft..."
ferlitte moat. Wźrom't soks fia it gerjocht
moast, is net
dśdlik. Yn alle gefallen sil no tsien
jier lang Boele
Tijmens (letter neamt er him Kooistra) de
koaipleats be-
wenje.
1805. Om 1800 hinne is it frijwat ūnrźstich
op de koai yn
de Kolken. Earst ruilje Boele Tijmens en
Gerrit Foppes
fan koai: Boele nei de koai ūnder Eanjum en
Foppe nei de
koai ūnder Ie. Dat liket in hiel ein, mar
dizze koaien
lizze net mear as hūndert meter fan inoar ōf!
Trije jier
letter giet Gerrit Foppes nei in
(weiwurden) koai ūnder
Ingwierrum en komt earst Geert Jacobs en
letter Claas Ja-
cobs op de koai ūnder Ie. De hierpriis fan
de einekoai en
29 pm lān is oprūn ta 232 gūne, in
hierpriis dy't betelle
wurde moat oan Tjepke Wierds,Minne Alberts
Douma en Jacob
Sjolles. Dizze trijekaart hat ek de koai ūnder
Moarre en
de weiwurden koai ūnder Ingwierrum yn
besit, dat dźr kin
it hieltiten feroarjen fan koaiker ek wol
yn sitte.Tjepke
Wierds fan Nijtsjerk stiet te boek as
keapman, dat faaks
hat hy foar de ferkeap soarge fan de fūgels
dy't yn dizze
trije koaien fongen waarden.
1827.Yn oktober 1827 komt "Eene
huizinge schuur en Vogel-
kooi" op de buorden. It liket in
erfeniskwestje te wźzen
want der wurde tsientallen minsken neamd
dy't in
stikje
yn eigendom ha, as fād binne oer
minderjierrige bern dy't
ek meipartsje moatte. Kornelis en Hartman
Dirks Hartmans,
boeren ūnder Nes en Wierum, nimme de
koai en
koaipleats
en njoggen perselen lān oer foar in
keappriis fan FL. 2362.
Ien fan de betingsten by dizze ferkeap
is:"...De koper
van de huizinge en Vogelkooij zal de
Vogels op tauxatie
moeten overnemen..." Mei dizze fūgels
wurdt "it veerspil"
bedoeld, de einen dy't by de koai hearre en
nedich binne
om de wylde einen yn de koai te lokjen.
Dizze fūgels wur-
de ek wol "de flecht" neamd.
Yn de tiid fan de bruorren Hartmans wurde
Kornelis Jelte-
ma, Jacob Hoekstra en Sjoerd Bijker as
koaikers neamd.
1841. Mei Popke van Asperen, poelier yn Ljouwert,
komt in
famylje yn it besit fan de koai dy't dat
krekt in ieu
lang bliuwe sil. As poeliers hiene hja
fansels ek belang
by it goed yn bedriuw bliuwen fan de
einekoai. Yn de ear-
ste jierren dat Popke van Asperen de koai
yn besit hat,is
Meindert Fokkes Kooistra de boer en koaiker
op de pleats
mar dat feroaret as soan Jan van Asperen
yn 1853
trouwe
sil mei Grietje Sijtsma fan Ie.
1853. Yn dat jier wurdt der nammentlik in
nije pleats op
it stee fan de koaipleats boud; it is dśdlik
dat Popke
van Asperen syn soan in goed hūs ta ha wol.
De koaipleats
wurdt dan ek hast twa kear sa grut as (it
koaihūs) foar-
hinne. In tinkstien yn de muorre seit:
"Op den 26-5-1853
heeft Grietje Sijtsma oud 20 jaar den
eersten steen aan
dit gebouw gelegd". As Jan en Grietje
yn augustus trouwe,
wennet foar it earst yn de skiednis fan de
koai de eigner
yn de koaipleats.
1870. Jan van Asperen stiet yn Ie bekend as
in wat eksin-
tryk man, in tūke boer moat hy ek net west
ha. Hy ferwik-
selt yn 1870 de koaipleats yn Ie mei in
pleats yn Wargea.
Hy bliuwt wol eigner, mar de nije koaiker
wurdt Cornelis
Hedzers Castelein, dy't śt in famylje stamt
wźryn't al
sūnt 1537 koaikers foarkomme. Yn syn earste
jier slagget
Castelein der yn om yn de moannen
augustus oant en mei
febrewaris (dat is de fangsttiid fan dizze
koai) sawat
alle dagen in tsiental einen te fangen en
dat telt oan yn
sa'n lange perioade. As de prizen goed
binne, yn guon
jierren tusken de 75 sint en in gūne, kin
de hier fan de
pleats wol śt de fangst fan de koai betelle
wurde.
Bewenners:
1853
Jan van Asperen
1870
Cornelis Hedzers Castelein
1892
Ruurd Cornelis Castelein
1905
Rinske Melles Castelein (skoansuster)
1912
Melle Arends Castelein
1934
Anne Arends Castelein
1946
Kornelis Thomas Boersma
1976
Thomas Kornelis Boersma
1980
Willem Andries Dijkstra
Ruurd Cornelis Castelein wie net troud en dźrom
nimt syn
skoansuster(hja wie ek syn nicht) Rinske
Melles Castelein
en de bern de koaipleats oer. Nei har dea
yn 1911
waard
har soan Melle Arends Castelein de koaiker
en hy hat op
de koai goede jierren makke. Hy hie in flecht
fan sa'n
2000 einen yn de koai en hie elk foarjier
mear as 150 ei-
nekuorren yn de koaibosk hingjen. Hy
slagget der geregeld
wei yn om de hier fan de koaipleats te
beteljen śt de op-
bringst fan de koai, in hier dy't noch
altiten betelle
wurde moat oan de famylje Van Asperen
fan Ljouwert. Elk
jier op 12 maaie komt Van Asperen
persoanlik nei Ie om de
hier op te heljen. Melle hie dan de lange Goudse
pipen al
klearlizzen yn de pronkkeamer. Lānhearre en
pachter koene
dan ūnder it geniet fan in piip
gegevens śtwikselje oer
it waar, it fūgeljen , it buorkjen en oer
de prizen dy't
de fūgels opbrochten. Dat hat Popke van
Asperen noch oant
op hege leeftyd dien.
Broer Anne Arends Castelein sil de lźste koaiker
op de
Iester einekoai wźze. Yn 1943 hāldt hy der
mei op,al wen-
net hy noch in pear jier op de koaipleats.
De koai
sels
is troch de lźste Van Asperen, wer in
Popke, yn 1942 by
syn dea fermakke oan It Fryske Gea. Dizze
natoerbesker-
mingsorganisaasje krige doe trije
koaien fan Popke
Van
Asperen: "de drie Eendenkooien
behoorende tot mijne Kooi-
plaatsen onder Suawoude, onder Ee en onder
Anjum". It is
wol spitich dat ien fan de betingsten wie
dat er net mear
yn de koaien fongen wurde mocht.
It falt jin op dat eins nearne in namme
foar de koai jūn
wurdt. Om't de Van Asperens sa'n grutte rol
spile ha, soe
as namme "de Van Asperen Koai"
net misstean. Yn 1858 komt
in stik lān foar dat "achter
Harkemakooi" leit. Yndied is
dat de namme fan it stik lān efter dizze
koai. Faaks kin
hjir tocht wurde oan Harke Jacobs as
nammejouwer. In feit
is dat dizze namme net bestean bleaun is.
Kornelis Boersma is de earste bewenner fan
de koaipleats
dy't eins neat mear śt te stean hat mei de
koai sels, om
't It Fryske Gea de koai alhiel yn eigen
behear hat. De
famylje Boersma buorket hjir
oant yn 1980
as Willem
Dijkstra de pleats yn eigendom oernimt. De
huzing is eins
noch krekt gelyk as doe't dy yn 1853 set
is op
in pear
wizigings yn de foarein nei. Sa is de
molkenkeamer yn de
"hals" der net mear en is de
giele fjūrharne, yn deselde
styl, ferpleatst nei in oar plak.
22.
BEWENNERS: L.J. Grijpstra
A. Grijpstra-De Boer
ADRES: Omgong 7
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: Unia
FLOREENNUMER: 31
GRUTTE YN 1640: 85 pm
GRUTTE YN 1989: 20 HA
YN GEBRUK AS: Mingd bedriuw
HUZING: Kop-hals-romp 1815
EIGNER: Huzing: L.J. Grijpstra
Lān: Meardere eigners
Yn it doarp Ie binne twa pleatsen mei de
namme Unia. Hja
steane ek noch sawat skean foarinoar oer
oan beide kanten
fan de trochgeande wei yn Ie. De āldste
pleats stiet op
de terp mei de efterein nei de wei ta en
hat yn moaie
krolletters "Unia Zathe" en it
jiertal 1815 op dy muorre
stean. Beide pleatsen ha te meitsjen
mei de
Meindersma-
famylje dy't hjir hast 200 jier taholden
hat.
1640. Om't de pleats yn it register fan
oanbring fan 1511
net werom te finen is (hy moat der wol west
ha, sjoen de
hege lizzing op de doarpsterp) binne de
earst beskikbere
gegevens pas fan 1640 yn it Stimkohier. Doe
wiene der twa
eigners: "Juffrou Sytsma van Hallum
voor de eene helfte
(papist) en Huibert Fransen tot Campen
voor de andere
helfte". Brūker fan de 85 pm by de pleats
wie doe
Claas
Jelles. Mear gegevens binne der foar 1700
eins net al kin
konstatearre wurde dat yn it lźst fan de
17de ieu in part
fan it lān by Unia wei rekket want yn
de floreenkohieren
hat dizze pleats letter altiten mar 45 pm
lān mear. Faaks
sil ien fan de beide eigners fan 1640 it
lān ferkocht ha
būten de hierder fan de rest fan de pleats
om en is
dat
lān doe by de losse lannen fersille.
1714. Yn de kohieren is nearne in namme
foar de pleats te
finen dy't dochs altiten as Unia bekend
stien hat. Dy
namme sil ōfkomstich wźze fan Jonkhear
Julius Jelto van
Unia dy't nei 1700 in fjirtich jier lang
eigner west hat.
Der is in mooglikheid dat al earder
Unia's op dit
stee
wenne ha want om 1500 hinne troude in Teth
van Unia
fan
Ie, mei Poppe Obbema , boer en hearskip fan
Obbema state
op it Ald terp ūnder Ie.
Take Clasen wie yn 1714 de brūker fan de
45 pm
lān fan
Unia wźr't noch 29 pm fan Bonia byfoege
wie. Hy moast elk
jier 310 gūne opbringe foar it gehiel. Hast
alle hierders
bleaune mar in jier as sān op de pleats en
giene dan wer
earne oars hinne. Yn 1728 hat Jonkhear
Unia de pleats
sels publyk ferhiere litten. Dat hat duorre
oant 1734 ta;
elk jier kaam de siktaris fan de gemeente
nei Ie om Unia
yn it publyk te ferhieren oan dyjinge dy't
er it
measte
foar deltelle woe.
1735. Nei dizze wat minnige tiid foar de
pleats komt der
in grutte feroaring ta stān. Earst keapet
de famylje Van
Burmania de pleats mar yn 1740
ferkeapje hja it
hoarn-
leger oan siktaris Bergsma en hālde sels de
helte fan it
lān yn besit. Mei de nije eigner Bergsma,
syn famylje hat
pas nei 1800 it hoarnleger (en dźrmei de
stim) ferkocht,
komt ek in nije hierder op de pleats: Sytse
Johannes. Mei
him komt in famylje op Unia dy't in grutte
rol spile hat
yn de skiednis fan dizze pleats, mar net
allinne yn dizze
pleats mar ek yn in protte oare pleatsen
yn Ie.
Doarps-
en tsjerkesaken, ja sels gritenijsaken hie
dizze famylje
in stim yn.
1760. Yn it lźste jier dat Sytse Johannes
op Unia buorke,
hie hy 13 kij en 5 hynders op stāl en
bebuorke hy 33 pm
boulān. Hy hie sa foar en nei sels ek al 54
pm lān kocht
dy't hy by de pleats brūkte. De hierwearde
waard skat op
307 gūne. It jier dźrop is soan Johannes
Sytses de baas
op Unia sate. Hy is troud mei
Eelkjen Reinders en dy
skynt śt in rike famylje te stammen want al
rillegau erft
hja in moai protte sinten: 1500 gūne,
twa huzen, 27 pm
lān en nochris 3900 oan obligaasjes.
Johannes sil in tūke
boer west ha want yn 1780 hat hy al 115 pm
lān yn gebrūk
by Unia; dat lān hie hy śt oare pleatsen
oankocht of as
los lān. Syn beslach fee rint dan ek
stadichoan op en yn
1790 hat hy al 21 kij en 8 hynders op de
pleats en brūkt
hy 51 pm foar bou. As yn 1791 in ein oan
syn libben komt,
lit hy in grut bedriuw efter op de rāne fan
de terp. Fan
syn eigendommen wurdt in ynfintaris opmakke
dy't as ein-
sifer fl. 62.213,- hat, in geweldich
kaptaal yn dy jierren.
De pleats mei 174 1/2 pm lān (wźrūnder 47 pm fan
syn frou
Eelkjen Reinders) stiet op 15.000 gūne,
"...de graanen op
de solder leggende en in de schuur sittende
2236 gulden,
de levendige haave, huismanne Reeuw en
beslag op 3083..."
De widdo fan Johannes Sytses bliuwt net
lang allinne en
trout mei Eelke Wiggers, letter neamt er
him Meindersma,
dy't wierskynlik net śt it
boere-libben ōfkomstich wie:
syn heit en broer wiene bakker. It bedriuw
wreidet him
lykwols almaroan śt en krekt foar 1800 is
der safolle lān
by Unia dat der in twadde bedriuw fan stifte
wurde kin.
Eelke Wiggers lit oan de wei nei Tibben in
grutte pleats
bouwe, krekt būten it doarp
(Tibsterwei 1-3). In
tink-
stien yn de gevel fermeldt: "In den
Jaare 18 hondert men/
Vier Laagen Douwe en Fetse/
Eelkes Den eersten
Steen
Alhier" en yn de top stiet it jiertal
1796. In pear jier
lyn is de efterein fan dizze pleats
ōfbaarnd. It ferhaal
giet dat de stien fan de pleats ōfkomstich
wie fan in
ōfbrutsen pleats śt it Bild (de stien en it oare materi-
aal soe op weinen nei Ie tabrocht wźze,
wylst oan de byn-
ten wie noch te sjen wie dat dy earder
brūkt wiene). Dat
de bouwers fan dizze pleats ryk west ha,
koe men sjen oan
de tegeltsjes yn dizze pleats dy't
sels op
de bedstee-
doarren en yn de keamer fan de tsjinstfaam
sieten! Eelke
Wiggers hat yntusken al in 218
pm lān by
dizze nije
pleats yn gebrūk mei in skatte hierwearde
fan fl. 2022,-.
De ālde pleats wurdt ferhierd oan Ype
Ruurds dy't 3 kij
hat, folge fan Jan Gerrits dy't 6 kij op
stāl hat. Dźr-
troch is it wol dśdlik dat de ālde pleats
yn ferfal is en
troch wat gernierkes brūkt wurdt. As de
jonges Fetse en
Douwe grutter wurde, moatte hja elk ek op
in pleats fan-
sels en sa sil it kaam wźze dat yn
1815 in
nije pleats
boud wurdt op it ālde stee fan Unia op de
terp. De efter-
ein kaam nei de wei en krige moaie
pilasters, krekt as de
pleats oan de Tibsterwei, de foarein kaam
oan de
Omgong
om de tsjerke. Nei heite' dea komt Douwe
Eelkes Meinder-
sma op Unia, wylst Fetse op de pleats
oan de
Tibsterwei
bliuwt. It lānoankeapjen, mar ek it ervjen
gie troch want
de beide jonges krije yn
letter tiid net
alline fan
harren
twadde mem, Eelkjen
Reinders en har famylje,
besittings, mar ek fan harren earste mem,
in Fetje Douwes
Vlieg, de nedige sinten (bygelyks 7800 gūne
doe't omke
stoar). Al mei al kamen der
hieltiten mear sinten
yn
dizze famylje en as heit Eelke Wiggers
yn 1821
komt te
ferstjerren, ervje de soannen elk in pleats
mei sa'n
30
stikken lān mei in skatte wearde fan
fl. 35.000,- elk en
dźrnźst nochris in fl. 44.000 oan sinten
en obligaasjes.
Hja holden 12.000 gūne ūnferdield wźrby't
ek noch parten
sieten fan fiskersskippen yn Peazens. As
men sokke grutte
bedragen yn it besit fan dizze mannen wit,
dan is it wol
te begripen dat hja mear en mear pleatsen
yn it besit
krigen (op syn heechst moatte de
Meindersma's 8 pleatsen
yn Ie hān ha). De Meindersma's binne yn dit
boek dan
ek
noch te finen op de nūmers 19, 24, 25, 28
en 29, mar der
wiene noch wol mear pleatsen en stikken lān
dy't hja
yn
besit hiene. Gjin wūnder dat by de measte
pleatsen net
mear it lān is dat dźr by ālds by hearde:
der waard wol
gauris wiksele, want, sa as in
bewenner fan Ie
my ris
skreau: " 't Was toch alles
Meindersma".
Troch harren besittings krigen hja ek in
stim yn tsjerke-
en doarpssaken (de kolleksje Meindersma yn
it argyf tsjū-
get dźrfan) en sa kin men op in stien yn de
pastorijmuor-
re lźze: "Twee Eelkes
hebben hier den
eersten steen
gelegd, de stam van Meindersma mogt
beiden 't aanzien
geven. Maak op den levensweg O Heer hun
paden regt en
schenk dees kerk gemeente een u getrouwen
knecht die haar
bestendig sticht door voorbeeld leer en
leven. 1834". Dat
mear as de helte fan de tekst op dizze
stien oer de twa
Eelkes giet, jout te tinken.
1883. As by it ferstjerren fan Douwe Eelkes
Meindersma in
ynfintaris opmakke wurdt fan Unia sate
docht bliken dat
er dan twa pleatsen binne; "de oude
plaats" en "de nieu-
we plaats" wurde se neamd. Dy nije
pleats is de
pleats
oan de oare kant fan de wei, in pleats dy't
sūnt 1965 ek
as namme "Unia Sate" draacht (net
alhiel terjochte). It
measte fee is oerbrocht nei de nije pleats:
"twee vare
koeijen (fl. 470) acht vette koeijen (fl.
1965) een kalfrier
(fl. 190) drie gelde koeijen (fl. 510) acht
hokkelingen(fl.690)
vijf paarden (fl. 1240) en veertien kippen
en een haan(fl.10)
..." wurdt der oan fee neamd. Op
de ālde
pleats bliuwe
ien ko, seis rierren en twa kokeallen. De
prizen wźr't it
replik guod op skat wurdt, binne net
te fergelykjen mei
hjoeddedei. Sa steane der yn it weinhūs
in kapwein foar
fl. 250, in sjeas foar fl. 75, in
twapersoans weintsje foar
fl.100 en in belslide mei alles der op en
der oan foar fl.30!
De hiele 19de ieu bliuwe de Meindersma's yn
it besit fan
Unia en pas yn it begjin fan dizze ieu komt
mei Meindert
Eelkes Meindersma de
lźste fan dizze
famylje op de
pleats. Sels hat hy oant 1918 ta noch op
Unia wenne.
1927. De grutte feroaring komt yn 1927.
Unia sate wurdt
ferkocht en falt yn twa parten śtien: Teake
Visser keapet
de skuorre, de hals en de helte fan de kop
en Meindert de
Haan kriget de oare helte fan de kop as
wente. Bewenners
fan de helte fan de kop:
1900
Meindert Eelkes Meindersma
(simmerwente)
1918
Jan Krol
1924
Widdo Wouda
1927
Meindert de Haan
1935
Roel Miedema
1955
Hendrik Grijpstra
1960
Jan Grijpstra
Mei de famylje Grijpstra komme hjir wer
minsken te wenjen
dy't de pleats sels ek yn hannen ha. Wie yn
1927 it berop
fan Teake Visser (de keaper fan de
efterein) noch reid-
dekker en brūkte Jan Krol,molkrider, it
lytshśs noch foar
syn molkauto, yn 1928 komt der wer in boer
op Unia.
1928. Jan Grijpstra set it boerebedriuw op
dit stee
wer
fuort. Yn it earstoan stiet hy noch te boek
as "voerman"
mar letter wurdt hy gernier. Syn famylje hat
sūnt dy tiid
altiten op de pleats buorke dy't hja yn
1932 yn eigendom
krigen. Yn 1960 hat Jan Grijpstra de
oare helte fan de
kop ek noch kocht en sūnt
besit de famylje
de hiele
pleats.
Lubbert en Hendrik ha earst tegearre it
bedriuw fan har
heit oernaam, mar letter is Hendrik nei
Ingwierrum rekke
(sjoch nr. 35). Dit bedriuw draait noch
altiten mei sawol
fee as mei boulān.
Bewenners fan de pleats:
1900
Meindert Eelkes Meindersma
1927
Teake Visser
1927
Sietse Meijer
1928
Jan Grijpstra
1960
Lubbert Grijpstra
24.
BEWENNERS: J. Hansma
Y. Hiemstra
ADRES: Humaldawei 39
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMER: 8
GRUTTE YN 1640: 40 pm
GRUTTE YN 1989: 24 pm
YN GEBRUK AS: Boupleats
HUZING: Kop-hals-romp 1841
EIGNER: Y. Hansma-Hiemstra
De pleatsen fan Jaap Hansma en Piet Meindersma
op Grut
Midhuzen ūnder Ie (nrs. 24 en 25) ha beide
op it ālde
hoarnleger fan Mockema stien as dźr ticht
tsjin oan. Tus-
ken dizze twa pleatsen en dy fan Zijlstra
yn, is it plak
noch te sjen wźr't Mockema yn it ferline
stien hat.
De ālde Mockema stins is fuort nei 1700
ōfbrutsen en de
pleats dy't der doe noch stie, moast it yn
1849 oerjaan.
De fierdere skiednis fan Mockema stiet
ūnder nr. 25 be-
skreaun om't dy pleats de namme Mockema
oerkrigen hat. De
eardere bewenners fan de pleats fan Hansma
ha fansels it-
selde meimakke as de stinsbewenners, yn
safier as it om
oarloch en gewelt gie.
1640. Omdat dizze pleats yn 1511 net werom
te finen is,as
it moast de pleats fan "Taka by
Mockema Huijs" wźze mei
50 pm lān foar in hierwearde fan 18 ggūne,
binne de ear-
ste gegevens fan 1640. Eigners binne dan
Jonkhear Gerrolt
van Feitsma foar de iene helte en Juffer
Popma en har
broer Hessel Popma tegearre foar de oare
helte. Dy skie-
ding fan de pleats yn twa helten wat de
eigners oangiet,
hat hiel lang duorre: oant 1768 ta. De
pleats wie yn de
17de ieu 40 pm grut en in Beern Minnes
wurdt opjūn as
brūker.
1714. Krekt foar 1700 kriget Gerryt Botma
fan Moarre de
helte fan dizze pleats yn eigendom en syn famylje
sil
oant 1788 ta as eigner te boek stean;
earst Gerryt, dan
Jantie en as lźste Nanne Botma. De oare
helte komt yn
hannen fan de widdo Verrucci en
de widdo Steenhuijsen
(hja sille erfgenamten west ha fan broer es
suster Popma)
Hierder fan de pleats is nei 1700
Bouwe Wytses. Hy hat
lange jierren op de pleats buorke en nei
him syn widdo ek
noch in skoftsje. Foar de 40 pm lān fan de
pleats moast hy
elk jier 80 gūne jaan, krekt
2 gūne de pūnsmjit. De
huzing waard taksearre op 600 ggūne en dat
is bepaald in
lyts bedrach foar dy tiid, dat de huzing
sil of lyts, of
yn ferfal west ha.
1760. Neidat Nanne Botma sels noch in pear
jier op dizze
pleats buorke hie, kaam der wer in
hierder dy't jierren
oanien hjir bleau. Dat wie Tjeerd Ydes
dy't, krekt as syn
foargonger Bouwe Wytses, ek sate nr.11
bebuorke (sjoch
nr.25). Hoewol't Tjeerd op beide pleatsen
as hierder oan-
jūn wurdt, wenne hy sels op nr.11 en op
dizze pleats in
Lieuwe Luitjens, faaks in arbeider of
lyts gernier dy't
ek op de oare pleats fan Tjeerd meihelpe
moast. Lieuwe
hie teminsten mar 5 kij en 2 hynders en brūkte
mar 1
pm
as boulān.
Tjeerd moat foar beide pleatsen mei hast 130 pm lān
elk
jier 450 gūne oan Nanne Botma jaan.
As Sjoerd Jelles yn 1765 op de pleats
komt, begjint der
stadichoan wat te feroarjen. Sjoerd bout
syn beslach fee
śt ta in 9 kij, mar brūkt ek hieltiten mear
boulān. Hy
begjint mei 9 pm en dat rint op ta in
30 pm yn
1780.
Sjoerd jout yn dat jier al 400 gūne oan
hier foar de 54
pm dy't hy dan by de pleats hiert.
1785. Jacob Rengers is de folgjende
bewenner en hy moat
hast wol famylje west ha fan Sjoerd Jelles;
se neame har
letter teminsten beide Boersma. Jacob
giet op deselde
foet fierder as syn foargonger en hat krekt
foar 1800 al
in 44 pm boulān ta syn foldwaan. Hy hiert
noch mear lān
by de pleats dy't dan al 65 pm grut is. De
hier moat be-
telle wurde oan Dr. Tjepke Osinga dy't de
hiele pleats
oerkocht hie fan de Botma's. Dat hat
lykwols net sa lang
duorre want nei de Frānske tiid keapet
Jacob Rengers de
pleats oer en dan hat foar it earst yn de
skiednis fan
dizze pleats de brūker ek it eigendom yn
hannen.
1828. Fetse Eelkes Meindersma wurdt de nije
besitter fan
floreennūmer 8. Fetse is dwaande om hiel
Grut Midhuzen op
te keapjen:dizze nūmer 8, nūmer 11 (sjoch
hjirnei), nūmer
10 (Zijlstra oan de wei), nūmer 12 (it ālde Mockema)
en
nūmer 37 (de Vlugt). Al mei al hat hy sa'n
278 pm lān yn
besit, dy't hy ferdielt oer trije pleatsen.
De Vlugt komt
yn 1840 mei al it lān by dizze pleats, de
Vlugt dy't doe
it eigendom wie fan Jelle Sjoerds
Boersma (soan fan de
Sjoerd Jelles dy't fan 1765-1785 op
dizze pleats buorke
hie). De Vlugt stie in eintsje it lān yn
efter dizze
pleats en hat noch lang tsjinne as arbeiderswente. Der
wennen twa hśshāldings yn en yn 1960 is
de boel
ōfbrut-
sen. It wie in kop-hals-romp pleats dy't op
in terp stie.
Dizze terp kin de namme ek oan de pleats jūn
ha, want yn
tiden fan heech wetter koe it fee dźr op
jage wurde en sa
flechtsje foar it wetter: de flecht-vlugt!
It hiem
moat
dus in saneamde "vluchtterp" west
ha.
In pear lānnammen bewarje it oantinken oan
de Vlugt:
De lytse Vlugt, De grutte Vlugt, De grutte
fjouwer efter
de Vlugt en soksoarte nammen.
1841.
As Fetse Eelkes Meindersma de Vlugt oerkocht hat,
lit hy de ālde pleats nūmer 8 ōfbrekke en
set dźrfoar yn
it plak in nije kop-hals-romp pleats, sa't
dy hjoeddedei
noch te sjen is. Dizze nije pleats kaam
tichter by de wei
as syn foargonger (sjoch kaartsje). Yn
de efterhśsmuorre
kaam it jiertalanker 1841 en yn de
foargevel in tinkstien
mei de folgjende tekst: "Den
3 April 1841
werd door
Pieter/en Douwe Fetses Meindersma/de eerste
steen gelegd/
De tijd vergrijst het licht verdwijnt/ Bewoon
dit huis
als vreemdeling". Boppe op de pleats
kaam sa as wenst in
ūleboerd, mar dat waard net
mei swannen mar
mei twa
hynders fersierd. Hjoeddedei is noch in
protte bewarre
bleaun fan it gebou sa't dat yn 1841 delset
is. De
ālde
tegeltsjes yn blau en wyt en mei bibelske
foarstellings
en weesbern, mei spinnekopmūntsjes en
oksekoppen binne
noch te sjen. De lange gong hat
noch houten poartsjes
wylst in "lykdoar" mei de
foarstelling fan in libbensbeam
yn it boppeljocht, it oantinken fźst hāldt
oan ālde tiden
doe't it byleauwe woe dat de deade troch
in aparte doar
it hūs śtdroegen wurde moast.
Sa'n aparte doar
moast
tefoaren
komme dat de
geast fan de
ferstoarne de
bewenners nei syn dea noch pleagje soe. Dy
ferstoarne koe
ommers allinne de gewoane doar, de lykdoar
waard oars net
brūkt as foar it śtdragen fan in lykkist.
It būthśs, mei noch stiennen drinkpotten
foar de hynders,
it terskhśs mei de typearjende terskhśsfinsters, meitsje
it karakteristike fan dizze pleats
folslein.
De bewenner fan dizze nije pleats
waard Tjalling Jans
Alberda, troud mei Eelkje Fetses
Meindersma. Syn heit
wenne op in pleats ūnder Ingwierrum (sjoch
nr.42), mar hy
folge syn heit net op en nimt de
nije pleats fan
syn
skoanheit op Midhuzen foar kar! Sūnt dy
tiid hat de fa-
mylje Alberda op dizze pleats taholden.
Bewenners:
1841
Tjalling Jans Alberda
1880
Fetse Tjallings Alberda
1918
Jan van Kuiken
1923
Jan Tjallings Alberda
1952
Sipke Hiemstra
1988
Jaap Hansma
Al dy tiid
ha de Alberda's
eigners/bewenners fan de
pleats west, allinne om 1920 hinne hat Jan
van Kuiken in
pear jier as hierder op de pleats
buorke. Foar't yn 1923
Jan Tjallings Alberda op de pleats kaam, is
de komuorre
der śtbrutsen en in eintsje nei būten
set. Sa
kaam der
romte om fan it būthśs mei ien rige stālen,
twa rigen mei
stālen te meitsjen(der mocht perfoarst neat
fan de skuor-
re ōf!)
1952. As Sipke Hiemstra op de pleats komt,
is it noch al-
titen in mingd bedriuw mei sa'n 35 HA lān wźrfan
't sawat
de helte foar it fee en de oare
helte as boulān brūkt
wurdt. Yn 1960 is de keuken wat oanpast mei
in grut rśt.
Oant yn 1968 ta ha der altiten noch houten
blinen foar de
ruten sitten. Doe waard ek in glźzen
poaterhok oan it
lytshśs boud. Sūnt 1983 wurdt al it lān brūkt
as boulān.
Oant 1987 ta wie der in 120 pm lān by de
pleats mar dy is
doe "śtinoar stood" sa't dat dan
neamd wurdt en der bleau
noch mar 24 pm lān mear by de huzing. Jaap
Hansma buorket
tsjintwurdich tegearre mei syn broer Ale,
dy't ek wat lān
op Tibben hat.
25.
BEWENNERS: P. Meindersma
M.M. Meindersma-Graafsma
ADRES: Humaldawei 35
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: Mockema State
FLOREENNUMER: 11
GRUTTE YN 1640: 88 pm
GRUTTE YN 1989: 48 HA
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Kop-hals-romp 1907
EIGNER: Huzing: Maatskip T. en P. Meindersma
Measte lān: Nationale Nederlanden
De buorskip Grut Midhuzen , tusken Ie en
Jouswier, hat yn
it ferline romrofte staten en stinzen in
plak jūn. Tige
bekend binne Holdinga State , wźr't in pear
jier lyn
de
efterein fan opbaarnd is en Eernsma State
dat krekt op it
grūngebiet fan Jouswier leit, mar de
bekendste fan alle-
gear wie de Mockema State. No is de Mockema
stins yn
it
foarige al ōfbrutsen, mar it plak wźr't de
stins stien
hat, is noch wol werom te finen: it stikje
lān tusken de
trije pleatsen yn, dy't hjir op dit stee
boud binne. De
efterste fan de trije wennet
hjoeddedei Piet Meindersma
op.
It krekte ferrin fan de skiednis fan dizze
pleats is net
mear nei te gean om't yn it begjin fan de
foarige ieu de
Meindersma's de nūmers 8, 11 en 12 fan it
floreenkohier
yn besit hiene dy't doe troch Fetse
Meindersma en syn twa
skoansoannen, Tjalling Jans Alberda
en Berend Willems
Terpstra, brūkt waarden. De lannen fan de
ferskate nūmers
binne doe troch inoar helle,om't se dochs
yn ien hān wie-
ne: wat it bźste by in pleats paste, waard
by dy
pleats
dien. Fan dy trije pleatsen binne der
twa oerbleaun: de
pleatsen fan P. Meindersma en J. Hansma. De pleats
fan
P. Meindersma kaam foaral śt 11 en 12 (12
= Mockema) en
omdat nūmer 12 ferdwūn is en nūmer 11
ek op
it Mockema
hoarnleger boud is, hat Jan Tjallings Alberda
yn dizze
ieu de pleats de namme "Mockema
State" jūn.
1470. De earste Mockema, wźr't fan bekend
is dat er hjir
wenne, wie Taecke Mockema en dat moat al foar 1470 west
ha. Syn widdo troude letter mei Taecke
van Helbada dy't
him doe ek "Mockema" neamde. Dizze
Taecke Mockema hat
faaks yn 1511 noch libbe,want dan komt yn
it register fan
oanbring in "Taka van Mockema"
foar.
1500. De soannen fan Taecke Mockema,
Popcke, Tjaerdt en
Gerbrandt, komme yn ferset tsjin de Saksers
at dy
krekt
foar 1500 Fryslān yn besit nimme wolle. Hja
geane op
de
flecht būten Fryslān, mar stjoere 12 mannen
nei harren
stins ūnder Ie om fan dźrśt de Saksers te
bestrunen. Hja
sizze ta dat se de mannen helpe sille as
de Saksers har
oanfalle wolle. Dy Saksers komme lykwols te
witten dat op
de Mockema stins wer tsjinstanders
wenje en
stjoere in
leger om Mockema oan
te fallen. Hoewol
"...dat huys
sterck was ende dick van mueren..."
kinne de
mannen de
stins net hālde, benammen net as der
swierder geskut yn-
set wurdt. Der komt ek net help opdagen en
as op in nacht
seis fan de mannen noch flechtsje kinne,
wachtet de oare
seis in skriklike dea op it Sjaerdemahūs yn
Frjentsjer.
De bruorren binne ūntkaam, mar yn 1512
wurdt Gerbrandt
dochs ūnthalzge en rekket Tjaerdt nei
Grinslān wźr't ek
Popcke ferbliuwt. Pas at de Saksers it lān śt
binne, kin-
ne hja werom nei de Mockema stins. Dy stins
wie troch de
Saksers
nei de striid mei de grūn gelyk makke
mar wurdt
wer opboud.
1511. Popcke Mockema wurdt yn it register
fan oanbring de
eigner neamd fan de Mockema State, doe 96
pm grut. Popcke
sels wenne op de stins en de slotpleats
waard hierd troch
"Grote Minne" foar in hierpriis
fan 33 ggūne.
Popcke
stiet noch by mear pleatsen as eigner
fermeld en by ien
dźrfan stiet "...Taka by Mockema
Huijs..." Dy pleats moat
dus tichteby Mockema stien ha en is faaks
werom te finen
as de pleats fan J. Hansma (sjoch nr.
24). Dat de Mocke-
ma's in grutte ynfloed hiene yn Ie mar eins
yn de
hiele
gemeente,ja sels yn hiel Fryslān, docht
bliken śt it feit
dat heit Taecke en syn trije soannen alle
fjouwer behear-
den ta de 40 minsken dy't it heechste
ynkommen śt grūn-
besit yn Fryslān hiene: Take 169 ggūne,
Gerbrandt 172,
Popcke 162 en Tjaerdt 149 ggūne! Dy ynfloed
ferklearret
ek it grytmanskip fan Tjaerd yn 1494 (hy
wenne meast yn
Dokkum) en dat fan Popcke dy't yn 1515
beneamd waard ta
Geldersk grytman. Om't de Geldersken it
ferlieze moasten
doe't Karel V hjir de baas waard, hat hy
net lang grytman
west.
1579. Popcke hat oan syn dea yn
1554 ta op
de opnij
opboude stins wenne; syn frou Tietcke van
Sjoerda hat him
trije jier oerlibbe. Yn in register fan
1579 wurdt Taecke
Mockema besitter fan de stins neamd, wylst
Kempa Mockema
faaks de slotpleats brūkt ha sil (ek hy sil
him wol neamd
ha nei de pleats dy't hy bebuorke). Yn alle
gefallen kri-
get in broer, Sieds van Mockema, letter de
State.
1640. Jonkhear Sicco van Grovestins is
yn it
Stimkohier
fan 1640 de eigner fan de State, tegearre
mei de bern fan
Jonkhear Idzart van Burmania. Pytter Annes
brūkt de 84 pm
dy't dan by de State hearre. Fan 1688 ōf brūkt
Jacob Mac-
kes de State en hy sil yn 1700 de nije
eigner wurde fan
"...seeckere Sathe en Landen met 't
oud stins en stathe
Mockema genaemt..." Hy keapet
alles foar in
priis fan
7476 ggūne fan Ernst Mockema van
Haringsma toe Sloten
dy't oan him hālde wol "...'t
gestoelte in de kercke der
Stadt Doccum, Mockema gestoelte
genaemt..."
De "oud stins" wurdt dan al
rillegau ōfbrutsen en yn 1849
ferdwynt ek de pleats dy't op it ālde stee
fan Mockema
stie. In jier as wat lyn binne der op it
plak fan it ālde
Mockema noch ālde Friezen (grouwe
stiennen), stiennen kū-
gels en knibbelskiven fan minsken fūn(soene
dy noch foch-
ten ha tsjin de bewenners fan Mockema?) .
Ek stikjes glźs
fan de āld stins śt omtrint 1580, en
tal fan
potskerven
śt it tiidrek fan 800-1900 kamen doe wer
foar it ljocht.
Wie de skiednis fan Mockema hjirmei ōfrūn,de
skiednis fan
de pleats dy't ek op it hoarnleger stie,
giet oant hjoed-
dedei ta troch.
Yn 1640 hierde Dirk Tierx dy pleats,88 pm
grut,fan desel-
eigners as fan de State.
1714. Gerryt Botma fan Moarre hat it
eigendom krigen en
hy lit Bouwe Wytses de pleats bebuorkje.
Bouwe jout elk
jier 250 oan hier en de huzing is yn dy
tiid 2200 ggūne
wurdich wat in behoarlike priis śtmakket.De
famylje Botma
hat oant 1788 ta dizze pleats yn besit hān
en hja moatte
goede lānhearren west ha want de measte
boeren hālde it
lang fol op dizze pleats: Bouwe Wytses en syn
widdo in
tritich jier en Tjeerd Ydes noch
langer(sjoch ek nr. 24).
1760. Tjeerd Ydes en syn foargonger brūke
by dizze pleats
ek sate nūmer 8 en kinne sa oer hast 130 pm
lān beskikke.
Tjeerd brūkt syn lān foar it grutste part
as boulān (70
pm) en hat in beslach fee fan 7 kij en
6 hynders. Troch
de feestjerte fan 1770 rint it tal kij
werom, mar dat
wurdt net, sa as by de measte pleatsen, wer
goedmakke yn
letter tiid. Dat komt om't Tjeerd en syn
opfolgers tenei
allinne mar mear beskikke kinne oer dizze
pleats mei't de
Botma's yn 1778 earst pleats 8 ferkeapje en
in pear jier
letter ek dizze pleats yn oare hannen
oergean litte.
Foar in lyts tal jierren wurdt boargemaster
L.R. Sinia
fan Dokkum de eigner en hy lit Hendrik Ages
foar 590 gūne
yn it jier de pleats bewenje. Hendrik
Ages makket bźste
jierren op dizze pleats want stadichoan
rint it tal kij
omheech fan 6 ta 11 stiks en it tal pūnsmjit boulān
fan
35 ta 50 pm.
1795.Dźr komt in ein oan as Claas Lolkes,
letter neamt er
him Venema,de pleats oerkeapet.Hy hat
lykwols mar de hel-
te mear yn besit en moat in 27 pm lān
oan Eelke Wiggers
litte, dy't him letter Meindersma neamt.Sa
komt de earste
eigner mei de namme Meindersma oan lān śt
dizze pleats en
dat is sa bleaun oant no ta.
Claas Lolkes moat der wat los lān byhiere
om libje te
kinnen.Dat sil him wol slagge wźze want pas
nei 1818 fer-
keapet hy de hiele pleats oan de
Meindersma's. Syn soan
Gerben Klazes Venema wennet letter
op floreennūmer 10
(sjoch kaartsje). Troch de opgeande tiden
wurdt de helte
fan dizze pleats op likefolle opbringst
skat as 20 jier
earder de hiele pleats!
1828. Eelke Wiggers Meindersma en nei
him syn soannen
Douwe en Fetse ha nei de Frānske tiid de
hiele pleats yn
hannen krigen (sjoch ek nr. 22). Wylst Douwe
Eelkes op
Unia wenne, kaam Fetse Eelkes op dizze
pleats telāne.
Eigners/Bewenners:
1828
Fetse Eelkes Meindersma
1847
Berend Willems Terpstra troud mei Teatske
Meindersma
1875
Willem Berends Terpstra
1908
Fetse Pieters Meindersma
1922
Pieter Fetses Meindersma
1952
Taekle Pieters Meindersma
1985
Pieter Taekles Meindersma
Doe't de famylje Terpstra de
pleats yn eigendom
hie,
waard de pleats fan
1896-1908 ferhierd oan
de widdo
Zijlstra en har soan Jacob Douwes, mar fierders
hat de
pleats altiten troch de eigners bewenne
west.
1907. "Ee. 20 Febr. Van de gewone
ongevalletjes, die de
storm Dinsdagnacht veroorzaakt heeft,
hebben we hier ons
gewone
aandeel gehad. Erg heeft
de wind het
echter
gemaakt
bij de boerenhuizinge bewoond
door de wed.
Zijlstra te Midhuizen, eigen aan den heer
F.P. Meindersma
te Engwierum. Het dak van huis en schuur
is weggeslagen,
de achtergevel van de schuur ingestort.
Binnenshuis zijn
vele balken verplaatst, gescheurd, sommige
lijken geheel
verwrongen, zelfs de muren zijn eenige ct.
meters verzet.
Een groot gedeelte van het graan, dat op
zolder zat, is
weggewaaid." Sa beskriuwt de Dockumer
krante it resultaat
fan de wynhoas yn 1907 dy't
alhiel nijbou needsaaklik
makke. De flier, guon muorren en bynten
koene wer brūkt
wurde, mar fierder waard alles
fernijd; ek de foarein
krige doe syn wat deftich uterlik. In
gevelstien fertelt:
"De eerste steen gelegd/ door P. Fetses Meindersma/
31
Julij 1907".
Yn de fyftiger jierren hearde der sa'n 85
pm lān
by de
pleats, sawol bou as greide en waarden in
22 kij molken.
Sūnt 1979 is der in ein kaam oan it gebrūk
fan boulān en
wurde alle 48 HA lān brūkt foar de 65
melkkij.
26.
BEWENNERS: J. Pafforaad
P. Pafforaad-Talsma
ADRES: Tibsterwei 11
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1989: 60 pm
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Stjelp 1926
EIGNER: F. Pafforaad
Op de krusing fan de Tibsterwei mei de Fjellingsreed
en
oan de rāne fan de Kolken leit de pleats
fan Jelle Paffo-
raad. De huzing leit der noch krekt sa
hinne as doe't
pake Jelle Pafforaad dy yn 1926 sette
litten hat.
1926. Jelle Pafforaad sr. wenne yn in hiel
lyts spultsje
op de Tibster terp doe't hy de stap naam
om in
gruttere
pleats
sette te litten.
De bruorren Booijenga
fan
Mitselwier krigen de opdracht om in bestek
(foar FL. 350,-)
te meitsjen en hja berekkenen de kosten op FL. 10.600,-. It
gie oan, de timmerlju koene har gong
mar gean
en Jelle
Pafforaad sr. krige in nij spul krekt būten
Tibben. Yn it
bestek stie wat in bysūndere betingst:
"...Indien het dek
van riet uit het Grootdiep of poelen uit
den omtrek ge-
maakt mag worden, dan wordt het n honderd
vijftig lager
aangeboden..." Dat tsjut op it
winnen fan reid śt
it
Dokkumerdjip, mar wiist ek op it
bestean fan alderhande
puollen yn de Kolken yn dy tiid. De namme
fan it stik lān
wźr't de pleats op boud is, sprekt hjir
faaks ek fan: De
Biesjager. Yn dizze namme soe in ferwizing
sitte kinne
nei de biezen dy't hjir foarhinne by de rūs stiene.(oare
betsjuttings fan bysjager binne grapmakker
en helper fan
it gerjocht).
It lān dat Pafforaad brūkte, wie los lān śt
de Kolken. It
lān yn de Kolken hearde net by in bepaalde
pleats, mar is
yn de kohieren beskreaun ūnder de losse
lannen. Sa ek de
biesjager.
Pafforaad kocht it yn 1921
fan de famylje
Andringa de Kempenaer, in famylje dy't it
troch fererving
śt de famylje Alberda van Ekenstein krigen
hie.
Pafforaad sr. koe tige goed opsjitte
mei de
ālde (Abe)
Meindersma en dat koene net safolle minsken
him neisizze.
Hy koe dan ek altiten wol lān fan
Meindersma hiere en dat
hiene syn heit en pake yn de foarige ieu ek
al dien.By de
jacht wurken hja ek wol tegearre.
1934. As soan Folkert Pafforaad de pleats
oernimt, stiet
hy te boek as feehālder en lānbouwer. Hy
hie 45 pm lān yn
gebrūk en in part dźrfan lei op de
Tibster terp en wie
gaadlik foar boulān. Mei de ruilferkaveling
is op dit lān
in foech boskje oanlein.
Yn de tiid dat Folkert op de pleats buorke,
is der trije
kear ferboud om wat mear romte te krijen,
mar dat hat
gjin ōfbreuk dien oan de būtenkant fan de
huzing. Neffens
de ālde boutekening soe der
allinne in rśtsje yn de
skuorre bykaam wźze. Fan binnen is der yn de rin fan de
tiid wol it ien en oare feroare om
te foldwaan oan de
meardere easken dy't yn dizze tiid steld
wurde oan de be-
wenberens fan in pleats.
1975. Jelle Pafforaad jr. is de tredde yn
de famylje dy't
op dit stee buorket. Mei troch de
ruilferkaveling hat hy
no sa'n 60 pm lān yn gebrūk dat alhiel brūkt wurdt
foar
it fee. Wiene der yn it ferline in 35
kij,troch de super-
heffing is dat weromrūn ta in 25
stiks. In bysūnderheid
is dat hy stadichoan oergien is op reabūnt
fee. In keppel
fan sa'n 60 skiep en wat fetweiders fulje
it beslach fee
oan.
Dat guon lānnammen it lang śthālde kinne, wurdt
hjir wer
ris dśdlik. Yn de papieren fan de
famylje Meindersma śt
it begjin fan de foarige ieu wurdt de namme
fan in
stik
lān as "ourememm-acht" beskreaun.
Dizze wat ūndśdlike
namme wurdt bekender yn in keapakte śt 1918
wźrby't Jelle
Pafforaad sr. in stik lān keapet mei de
namme "oarememme-
acht"! (De acht fan beppe, soe men no
sizze).
Bewenners:
1926
Jelle Pafforaad
1934
Folkert Pafforaad
1975
Jelle Pafforaad
27.
BEWENNERS: J. Rotteveel
J. Rotteveel-Lauter
ADRES: Skieppereed 25
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1989: 13 HA
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: 1973
EIGNER: J. Rotteveel
Op it uterste puntsje fan it doarpsgebiet
fan Ie, in goe-
de hūndert meter fan Eastrum ōf, leit de
pleats fan Jan
Rotteveel. De wente liket maklik te datearjen
troch de
jiertalankers yn de foargevel, dy't
it jiertal "1816"
foarmje, mar dat is lykwols net sa. Dy
jiertalankers bin-
ne ōfkomstich fan in āld spul yn Eastrum wźr't
de famylje
Rotteveel earst wenne hat. Doe't dy pleats,
bekend as "it
pleatske fan Koene", ōfbaarnd is, hat
de famylje Rotte-
veel de jiertalankers fan de efterhśsmuorre meinaam
nei
harren nije wente op dit stee. Ek fan de
oare gebouwen op
it hiem is net maklik te sizzen yn
hokker tiid dy
boud
binne; der steane ek leafst trije skuorren
op it hiem!
1832. Yn de ālde kohieren is dit stee net
werom te finen,
dat de earste gegevens binne fan 1832 as it
kadaster be-
gjint. Eigner is dan Theunis Lolles
Hoekstra, arbeider śt
Ie. De hiele 19de ieu ha der Hoekstra's op
dit stee wenne
en as de froulike Hoekstra's meirekkene
wurde sels oant
nei de oarloch ta!
1872. Sa om 1872 hinne moat, tsjin it
earste hūs oan,noch
in wente boud wźze, troch in broer fan
Theunis Lolles. Yn
de befolkingsregisters stiet dat Lolle Theunis
Hoekstra
yn it earste hūs wennet en dat Taeke Lolles
Hoekstra mei
syn frou it twadde hūs bewennet. As dizze
Taeke yn
1890
ferstoarn is, bliuwt syn widdo Baukje
Sjoordema noch in
jier as tsien yn dit hūs wenjen, mar dźrnei
stiet yn
it
befolkingsregister "afgebroken"
wylst it kadaster it hat
oer "stichting en slooping". Dat
sil wol betsjutte dat it
hūs net mear bewenne , mar by it bedriuw brūkt
waard (dat
sil dan de skuorre yn it uterste
puntsje fan it
hiem
wźze).
1896. Roelof Andries Dijkstra,
"gardenier", kaam yn maaie
fan it jier 1896 fan Aldwāld nei dit stee.
Hy wie
troud
mei Rixtje Hoekstra, dochter fan Lolle
Theunis Hoekstra.
It liket der op dat de āld man net goed
mear foar himsels
soargje koe (hy wie doe ek al 82 jier) en
dat syn bern by
him yn komme te wenjen om it bedriuw waar
te nimmen.As hy
yn 1899 komt te ferstjerren, wurdt
skoansoan Roelof Dijk-
stra de nije bewenner fan dit stee. Yn 1906
keapet hy fan
Baukje Sjoordema ek it twadde hūs wylst
Baukje dźrnei by
him yn komt te wenjen.De namme fan de ālde
Lolle Hoekstra
wurdt noch bewarre yn de namme fan it
stik lān
tichteby
de pleats: De Lolle' Fjouwer.
1926. Roelof bout yn 1926 noch in skuorre
op it hiem en
dan steane der al trije skuorren: ien
pleatske wźr't de
hśshālding yn wennet en twa skuorren dy't
foar it bedriuw
brūkt wurde. Jierrenlang hāldt Roel
Dijkstra op dit stee
ta,oant syn soan Taeke Roelofs yn 1963 it
bedriuw fan him
oernimt. Taeke wennet lykwols mar ien jier
as eigner op
de pleats want al yn 1964 nimt Jan Dijkstra
de boel oer.
1973. Op 22 september 1973 komt in nije
bewenner op dizze
pleats: Jan Rotteveel. Hy wenne yn it
doarp Eastrum mar
troch de boppe al neamde brān moast hy in
oar plak ha. Hy
hat earst noch in jier yn Ie wenne mar doe
koe hy yn it
ramt fan de ruilferkaveling hjir
komme. Hy hat in
nije
huzing set en doe de ālde muorankers, dy't
hy bewarre hie
fan syn eardere pleats mar oan de nije
huzing befźstige.
It pleatske wie yn dy tiid yn eigendom
oergien nei Hans
Joseph Roberz, keapman śt Castrop-Rauxel yn
West Dśtslān.
Rotteveel hat yn 1980 it bedriuw oernaam en
hy buorket op
it momint mei in 35 kij op sa'n 13 HA
greide.
Bewenners:
1832
Theunis Lolles Hoekstra
1839
Lolle Theunis Hoekstra
1896
Roelof Andries Dijkstra
1963
Taeke Roelofs Dijkstra
1964
Jan Dijkstra
1973
Jan Rotteveel
28.
BEWENNERS: W.G. Terpstra
B. Terpstra-Anema
ADRES: Humaldawei 28
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1989: 60 HA
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Kop-hals-romp 1856
EIGNER: Huzing: W.G. Terpstra
Lān: Fam. Stoop en W.G. Terpstra elk
in 30 HA
Oan de wei fan Mitselwier nei Ie, efkes
foarby Midhuzen,
leit oan de rjochterkant dizze pleats.
Hoewol't de pleats
it foarkommen hat fan in ālde Fryske pleats
fan it
kop-
hals-romp model, is dit net in āld stee. Yn
'e midden fan
de foarige ieu is foar it earst op dit
plak boud wurden
en yn de sāntiger jierren fan dizze ieu hat
de pleats de
foarm krigen dy't men hjoeddedei noch sjen
kin.
1856. It stik lān wźr't dizze pleats op
boud is, hat ear-
tiids altiten by Mockema State heard.
Doe't Mockema śt-
inoar stood is, kaam dit stik lān, sa as
safolle lān yn
de omkriten fan Ie, yn hannen fan de
famylje Meindersma.
Fetse Eelkes Meindersma wie op'e helte fan
de foarige ieu
de eigner fan Mockema en hy liet yn 1856 op
dit stik lān
in pleats bouwe foar syn soan Eelke Fetses.
Yn it
argyf
fan de famylje Meindersma is de oerienkomst
noch te finen
dy't sluten waard mei Hendrik Pieters
Keuning, de timmer-
man fan Ie: "...dat H.P. Keuning
voormeld het bouwen van
eene schuur en woning met de leverantie van
alle daartoe
benoodigde matrialen te Ee zal
verrigten, overeenkomstig
het daarvan bekende bestek..." De
kosten fan dizze nijbou
wiene FL. 6420,- en soene yn trije terminen betelle
wurde
(¬ part as de spanten stiene, ¬ as alles ūnderdak wie en
de rest in moanne nei de oplevering).
In tinkstien yn de efterhśsmuorre (eins net
mear te lźzen
mar troch de foarige bewenners op in stikje
papier set),
tsjūget op in echte Meindersma-manier fan
it lizzen fan
de earste stien:"De eerste steen
gelegd door/ Fetze Tjal-
lings Alberda 12 jaar oud/ Fetze Eelkes
Meindersma 6 jaar
oud/ in den jare 1856 den ...../ De tijd rolt
als een
bergstroom voort/ Maar eeuwig blijft des
Heeren woord".
1899. Doe't de ālde Fetse Eelkes Meindersma
stoar, waard
Eelke Fetses eigner fan de pleats, wźr't hy
fan it begjin
yn 1856 ōf, al bewenner fan west hie. Dat
hat net sa lang
duorre om't hy sels ek al rillegau
stoar,dat doe naam syn
widdo Trijntje Sijtsma mei de āldste soan
Fetse Eelkes it
bedriuw oer. Yn 1906, doe't mem ek
stoar, waarden Antje
en Fetse Eelkes Meindersma elk
foar de helte
eigner.
Fetse bleau op de pleats wenjen oant 1926
ta. Fetse bleau
frijfeint en doe't hy yn 1930 stoar, kaam
de pleats troch
fererving yn hannen fan de famylje Stoop:
Johan Stoop,
dokter yn Utert, Francois,
skipsboukundige yn Maasslśs,
en Sied, dūmny yn Taiz yn Frankryk. Dat
hat duorre oant
yn 1983 ta.
1926.As Fetse Eelkes Meindersma yn 1926 de
pleats ferlit,
komt Goffe Wytses Terpstra fan Ternaard nei
dizze pleats.
Sūnt dy tiid hat de famylje Terpstra
altiten op dizze
pleats buorke.Doe't Goffe Wytses yn 1954
ophold, hat soan
Wytse Goffes de pleats oernaam. Hy hat yn
1963 de foarein
ferboud.Yn 1983 is it eigendom fan de
pleats ek yn hannen
oergien fan de Terpstra's. Troch bybou fan
silo's en in
rinstāl yn 1966 en 1976 hat de pleats it
hjoeddeiske oan-
sjen krigen.
Bewenners:
1856
Eelke Fetses Meindersma
1899
Trijntje Siedses Sijtsma, widdo Meindersma
1904
Fetse Eelkes Meindersma
1926
Goffe Wytses Terpstra
1954
Wytse Goffes Terpstra
Der wurdt grute dat dizze pleats ūntstien wźze
soe śt it
ālde Haaima, dat krekt efter dizze
pleats,wat mear it lān
yn, noch as in heechje werom te finen is en
soks is hiel
wol mooglik. Doe't dizze pleats boud waard,
wie Haaima al
ōfbrutsen en it lān, ek yn hannen fan
de Meindersma's,
waard by de nije pleats brūkt. In perseel lān,
no yn ge-
brūk by Terpstra, "it Haaima hśsstee"
hāldt hjir it oan-
tinken oan fźst. De lannen efter Haaima śt,
ek yn hannen
fan de Meindersma's,stiene eartiids bekend ūnder
de namme
fan "Koose' lannen". Dy
"Koos" wie ek in Meindersma,
dat
sadwaande.
29.
BEWENNERS: P. Venema
B. Venema-Bol
ADRES: Tibsterwei 6
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: Papenhśsstee
FLOREENNUMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1989: 45 pm
YN GEBRUK AS: Greidpleats
HUZING: Stjelp 1925
EIGNER: Huzing: P. Venema
Measte lān: P. Venema
"It Papenhśsstee", sa waard it
stik lān wol neamd, wźr't
yn de tweintiger jierren dizze pleats op
boud waard.Ek de
pleats sels waard yn letter tiid wol sa
neamd, al is dat
wat yn it ferjitboek rekke. It stik lān
kaam yn 1920 oan
Abe Sybenga, āld-boargemaster fan
Eastdongeradiel. Hy hie
it
kocht fan de Meindersma's dy't it al mear
as hūndert
jier yn besit hiene. No wie Sybenga ek
troud mei in lid
fan de Meindersma-famylje dat fier fuort
rekke dit per-
seel net.
1925. Sybenga ferkeapet yn 1925 twa stikjes
grūn fan dit
perseel oan Geert van der Zweep en Lieuwe
Ferwerda. Dizze
beide mannen bouwe elk op har eigen stikje
in nije huzing
Van der Zweep boude it hūs oan de
Tibsterwei 6; hy wurdt
yn de stikken hieltiten gernier neamd. It
wie mar in lyts
spultsje mei in pear kij en in 12 pm lān
yn gebrūk. Dat
lān kaam hast allegear fan de yn 1796 boude
pleats oan de
Tibsterwei 1-3 (sjoch nr. 22). Doe't
dy pleats yn
1925
śtinoar stode, koene dit pleatske en dy
fan Meinsma oan
de oare kant fan de Iester feart, boud
wurde. Fan in part
fan dat lān koene dizze beide gerniersspultsjes yn stān
holden wurde.
1942. Soan Albert van der Zweep nimt yn
de oarloch it
spultsje fan syn heit oer. It bliuwt
in gerniersbedriuw.
Sa om 1950 hinne hat Van der Zweep in stik
by de
huzing
oanboud.
1961. Doe't Albert van der Zweep yn maaie
1961 nei Moarm-
wāld teach, kaam Pieter Venema as boer op
dit bedriuw. Hy
hat it beslach fee śtwreide fan de 8 kij
doe yn 1961, ta
in 30 kij no. Yn it begjin wie der ek noch
in hoekje bou
by. Venema buorket no op sawat 45 pm lān,
sawol eigen as
hierd lān. It bedriuw is troch de tiid
hinne altiten lyts
bleaun, al hat dat ek syn eigen sjarme.
In nijsgjirrige lānnamme is noch "de
bear", flak foar de
pleats oer en de Papenhśsstee is al neamd.
Fan beide nam-
men is gjin betsjutting bekend, hoewol't in
"bear" wol in
skuldeasker wźze kin en docht it papenhśsstee
jin tinken
oan it hśsstee fan de Papen (= Roomsken).
Mar dat is spe-
kulearjen en net mei wissichheid oan te
jaan.
Bewenners:
1925
Geert van der Zweep
1942
Albert van der Zweep
1961
Pieter Venema
30.
BEWENNERS: M. Wiersma
A. Wiersma-Krol
ADRES: Stienfeksterwei 57
WENPLAK: Ie
PLEATSNAMME: -
FLOREENNUMER: -
GRUTTE YN 1640: -
GRUTTE YN 1989: 100 pm
YN GEBRUK AS: Greidpleats